Het tweetalige vervolgverhaal:  OERSOP                                  afl. 3  
 
   
Schrijfcursus   Dit vervolgverhaal is opgedragen aan al degenen, die van mij in de cursus SDS slechts gortdroge zakelijke  teksten mogen maken.
 
Wat opvalt is, dat ik inderdaad geen 'n' meer zet in panne()koeken. Ik heb ondanks de algemene afspraak van deze dwaze regel afgezien sinds ik heb gemerkt, dat nieuwslezers en presentatoren deze 'n' zwaar gaan uitspreken. Hier blijkt dus dat de spreektaal de schrijftaal volgt. 

Dit was me al eens opgevallen door de vermakelijke manier waarop sommige filologen oudnederlandse teksten die slechts in spelling verschillen tongbrekend trachten uit te spreken.

 
 
Frysk

 

Nederlands
Oersop 3          Gerben Poortinga

 fûgeltsjelju
 

Oersoep 3

 vogeltjeslui
 

Bernhard liket it brek oan karièremogelikheden neat te dwaan. It hat gjin doel om bij him dit ûnderwurp oan te snijen. Bernhard skowt it fansiden as is it nea bij him opkommen en begjint oer ien of oar suksesfol ûndersyk of in nijsgjirrige natuerreis fan him. Hij set him sûnder sydpaden yn foar elts ûndersyk, feitelik betinkt hij ek de ûnderwurpen foar oaren. Hij wurdt dêrom op 'e hannen droegen troch de fakulteitsstêf. Salang hij syn ôfstudearskripsje net ynleveret, hâldt hij syn assistintebaantsje en hat hij wat sinteraasje. Simmers kin hij dêrfan goedkeap mei ien fan syn freondinnen, elts jier in oare, nei de Hebriden om foarbyswimmende walfisken en papegaaidûkers te tellen. Nei de simmer, at de lêste walfisk syn fontein ejakulearre hat, binne se útpraten of sa en wennet Bernhard wer allinnich op syn lytse studintekeamer..
 
Bernhard lijkt het gebrek aan carrièremogelijkheden niet te raken. Het heeft geen zin om het onderwerp bij hem aan te snijden. Bernhard schuift het terzijde alsof het nog nooit bij hem is opgekomen en begint over één ander succesvol onderzoek of een interessante natuurreis van hem. Hij zet zich zonder aarzeling in voor elk onderzoek, feitelijk bedenkt hij het voor anderen. Hij wordt daarvoor op handen gedragen door de faculteitsstaf. Zolang als hij zijn afstudeerscriptie niet inlevert, houdt hij zijn student- assistentschap en heeft hij voldoende geld om rond te komen. 's Zomers kan hij daar goedkoop van leven, met steeds een ander vriendinnetje op de Hebriden papegaaiduikers en voorbij zwemmende walvissen tellen. Na de zomer, als de laatste walvis zijn fontein heeft geëjaculeerd,  zijn ze uitgepraat of zo en leeft hij verder op zijn studentenkamertje.
 
In pear wiken lyn hat Bernhard lykwols fernommen, dat hij in promoasjebeurs oan de universiteit fan Cambridge krije sil op foarspraak fan syn heechlearaar. Noch gjin prefessor, mar wol mei status en finansjeel knap rom yn it jaske. Hij soe in fjouwertal jierren de wrâld fan noard nei súd bereizgje kinne, mei de stoarmfûgels de simmer efter nei, fersoen fan de djoerste fjildkikers. Guod dat op de Camel Trophey net misstean soe. Yn it sok syn freondinnen, in kroanprins op toernee. Een paar weken geleden heeft Bernhard via via gehoord, dat hij op voorspraak van zijn hoogleraar een promotiebeurs aan de universiteit van Cambridge zal krijgen. Dan is hij nog geen prof., maar wel met status en  de financiële jas voor zijn onderzoek naar stormvogels past dan erg ruim. Hij zal de wereld een aantal jaren van noord naar zuid en van oost naar west kunnen bereizen, met de stormvogels de zomer achterna en voorzien van de duurste veldkijkers en uitrustingen. Spullen die op de Camel-trophey niet zouden misstaan. Zijn vriendinnen in het kielzog, een kroonprins op tournee. 
 
Ik sels kin noch gjin fatsoenlik ûnderwurp foar in doktoraalskripsje betinke. Jierren lang haw ik tentamens dien oer ûntelber folle feiten. Net de minste gearhing haw ik yn dat stúdzjepakket fûn. Gjin inkele metoade ek om ta fakmjittigens ta profesjonaliteit te kommen. Oer ôfstudearûnderwurpen, dêrta ferge, docht de iene heechlearaar noch tiziger suggestjes as de oare, ferheard dat ik sels noch altyd neat betocht of regele haw. Nea liket it tinken yn har plasse op te kommen, dat ik noch in learling bin, dat ik in wiere learmaster nedich haw om mij yn te wijden yn de krekte techniken fan de tapaste statistyk en de metoaden fan it wittenskiplik ûndersyk. Wêr wurd sok fakmanskip eins frege yn ús maatskippij? Hie ik net better in koarte kursus boekhâlden dwaan kinnen en op kantoar bij de Boonstra's wurkje sa at myn kroechfreondinne Roelia suggerearre?
 
 
Roelia
 
Zelf kan ik nog geen fatsoenlijk onderwerp voor een doctoraalscriptie bedenken. Jarenlang heb ik tentamens gedaan over ontelbaar veel feiten. Niet de minste samenhang heb in het studiepakket kunnen vinden. Geen enkele methode om tot een zekere vakmatigheid te komen. Over afstudeeronderwerpen doet desgevraagd de ene hoogleraar na de andere nog verwarder suggesties dan de andere, verbaasd dat ik zelf nog geen een bedacht en geregeld heb. Nooit lijkt de gedachte onder hun schedeldak op te komen, dat ik nog een leerling ben, dat ik een echte leermeester nodig heb om mij in te wijden in de technieken van de toegepaste statistiek en de methodologie van het wetenschappelijk onderzoek. Maar waar wordt zulk vakmanschap overigens gevraagd in onze maatschappij? Had ik niet beter een korte cursus boekhouden kunnen doen en op kantoor bij de Boonstra's werken, zoals mijn kroegvriendin Roelia suggereerde. 
 
 
Roelia
 
Roelia stuts nei in pear gleskes bier graach dy studint de gek oan. Boekhâlders, dy binnen der neffens har noait genôch. It bedriuwslibben raast om boekhâlders. Nee, hja seach noch nea in advertinsje foar in ' wittenskiplik foarme biolooch'. Neffens har waarden dy nei de stúdzje direkt op sterk wetter setten yn it natuermuseum. Sij soe ek net witte, wat sa'n sokkebreider op har kantoar dwaan koe. Sa'n fint dy't allinnich mar prate koe oer de blauwe mich op't plafond of it blauboarstke foar it finster. Biologyske tee sette tink. Ja okkerdeis wie se ris op in iepen dei fan it Biologysk Sintrum west. Siet dêr san fûgel, prefester dokter Dinges, de hiele dei yntym oan tafel mei in blauwe mich, festlime op in stokje. De mich fansels. Foar de mich stie in mikrofoan en de mich sei de hiele dei fan brom brom, oars net. En dy gelearde droechkloat makke der dan op in apparaatsje steapels grafykes en dêr wer statistykjes fan. Dy alfabetisearre hij dan wer ta publikaasje en sa rispe hij de ferplichte punten foar de fisitaasje kommisje. At der nachts op syn frou lei sei der grif ek allinnich noch brom brom.
  
Roelia stak na een paar glazen bier graag de draak met die student. Boekhouders zijn er naar haar mening nooit genoeg. Het bedrijfsleven schreeuwt om boekhouders. Nee, zij had nog nooit een advertentie gezien waarin een ' wetenschappelijk gevormd ecoloog' werd gevraagd. Volgens haar werden die op sterk water gezet in het natuurmuseum. Zij zou ook niet weten wat zo'n sokkebreier op hun kantoor kon doen, behalve zeuren over de bromvlieg op het plafond of het blauwborstje voor het venster. Biologische thee zetten zeker.
Laatst was ze eens op het Biologisch Centrum geweest, op een open dag. Zit daar zo'n knakker, prof. Dokter Dinges de hele dag intiem aan tafel met een bromvlieg, vastgelijmd op een stokje. De vlieg natuurlijk. Voor de vlieg stond een microfoon en de vlieg zei de hele dag brom brom, omdat hij niet weg kon vliegen, meer zei het arme dier niet. En die geleerde droogkloot maakte daar dan op een ingewikkeld apparaat stapels grafiekjes van en daarvan freubelde hij dan weer dikke boeken, de scorepunten voor de visitatiecommissie. En daarom kreeg hij een dik salaris. Als hij 's nachts op zijn vrouw lag zei hij vast alleen nog brom brom.
  
It wie feitelik misdiedich fûn Roelia, dat jonge minsken ferliede waarden om in stúdzje te dwaan wêr't gjin droech brea mei te fertsjinjen is. In inkele reis bystân. Troch hereksamens nooit in wykein de tiid om mei in faam te surfen. Sûnder studinten gjin prefesters, dat witte dy hearen och sa skerp. Sa'n prefessor yn de biology is feitelik sels in foech boasaardige parasyt. Hij sûcht studinten leech en koarret se nei fiif seis jier út as in ôflebbere hoer.
At ik dan sa'n domkop wie? "Nee, do kinst mei in koarte kursus noch hiel wat oprêde hear. Moast dan wol op kantoar tusken famkes fan santjin begjinne en de hiele dei faktueren yntype. Immen wurdt net samar baas yn it spul. Kom drink noch ris ien fan mij en dan moat ik ek fuort, want ik soe moarn al betiid mei Karel te silen. Hij hat in stive 22 kwadraat en ik wit in smout plakje om oan leger wâl te reitsjen, tabee!
 
 
Kjelt
Het was feitelijk misdadig vond Roelia, dat jonge mensen verleid werden om jarenlang een studie te doen waar geen droog brood mee te verdienen was. Een enkele reis bijstand.. Door tentamens, examens en herexamens nooit een weekeinde vrij om met een meid te surfen. Zonder studenten geen professoren, dat is voor die heerschappen klip en klaar. Zo'n professor in de biologie is eigenlijk zelf een soort boosaardige parasiet. Vreet studenten en kotst ze na vijf zes jaar weer uit als een afgelebberde hoer.
Of ik dan zo'n domkop was? Welnee, jij kunt met een korte cursus boekhouden nog goed terecht komen. Dan moet je op kantoor wel tussen meisjes van zeventien jaar beginnen hoor en de hele dag giechelend facturen invoeren. Iemand wordt niet zomaar baas in het spel. "Kom drink nog één van mij en dan moet ik er vandoor, want ik zou morgen al vroeg met Karel te zeilen. Die heeft een stijve 22 kwadraat en ik weet een mooi plekje om aan lager wal te raken, tabee!
 
 
kou
 
Al dy fûgels, strânljippen, grienpoatrúters, wytgatsjes, se pikke yn de blabs dat it in aard hat. Foar in minsk is der allinnich mar in keale drekflakte te sjen. Der moat oars dochs in goed dekte tafel lyk ûnder it oerflak sitte. Hie ik no mar in lodde om ris flink yn dy drek om te skeppen. Faaks kaam der wol wat wittenskipliks út. Yn elts gefal krigen jo it der waarm fan. Ik bin hjir omtrint oan it ferstjerren fan 'e kjeld. Ôfloskje liket der hjoed net bij te wêzen. Wer bliuwt Bernhard no? Ik stean hjir al fanôf fjouwer oere moarns te blaubekjen. Ea hearde ik nuvere ferhalen oer ûnderkuollingsferskynselen. Op skoalle hiene wij ris in maat, Jan Koster, mei beferzen earen. De knaap kaam út in dûmny's húshâlding yn Ternaard, grifformeard in krap traktemint dus en de bern fytsten eltse dei it hiele ein nei Ljouwert. Ek yn de iiskâlde wyn.  Dy earen, och, die waarden sa grut as koalsblêden. Dat wie dochs wol hiel wat oars as dat kâld krompen rûpke dat ik saniis fûn bij it pisjen. Neat om in waarme frou mei te plezieren. Al die vogels, scholeksters, groenpoot ruiters, witgatjes, ze pikken in de blabs dat het een lust is. Voor een mens is er alleen maar een kale drekvlakte te zien. Er moet anders een goed gedekte tafel vlak onder het oppervlak zitten. Had ik nu maar een spa om eens flink in die drek om te scheppen. Wellicht kwam er nog iets wetenschappelijks uit. In elk geval kreeg je het er lekker warm van., want ik sterf hier omtrent van de kou. Aflossen lijkt er vandaag niet in te zitten. Waar blijft Bernhard nu. Ik sta hier al vanaf vier uur in de morgen te blauwbekken. Ooit hoorde ik wonderlijke verhalen over onderkoelingsverschijnselen. Op school hadden we eens een maat, Jan Koster, met bevroren oren. De knaap kwam uit een dominees gezin in Ternaard, gereformeerd een karig traktement. dus de kinderen fietsten elke dag het hele eind naar Leeuwarden. Ook in de vrieskoude wind. Die bevroren oren, o, die werden zo groot als koolbladeren. Dat was toch heel wat anders dan dat ijskoude wurmpje dat ik vond bij hier bij het pissen. Niks om een vrouw warm te maken.

 
Oan wat waarms wol ik tinke, hûd oan hûd, mar sels dy gedachte wurd ûneinich fertinne yn de waaddampen. De flakte glinsteret as in fisk. In wiete slimerige skylfiskhûd is kâld. It aard fan it wetterich miljeu. De sinne dy't as in bleke kladder boppe de kimme hinget, slipet yn dit ierdske in stielbauwe glâns oan it nei swevel en blikjes krab stjonkende waadslyk. Der is gjin minsk te sjen, sels net ien om oer of tsjin te kankerjen. Wêr bliuwt dy jongen no!
It kâlde wetter is al lang troch de skuorren yn myn learzen kringe en de noch waarme plakjes hûd begjinne stadichoan terrein te ferliezen. Fanôf in trochlekkende skouder sil in lytse kille stream de rêch ferkenne. It minime streamke longeret nei de Grutte Iissee wer at krekt al dy reidguozzen  weiferzen binne.
 
Aan wat warms wil ik denken, huid aan huid, maar zelfs de gedachte lijkt oneindig kil verdund in de waddampen. Het wad glinsterend kil als een vis, maar een natte slijmerige schelvishuid is koud. Dat is de aard van het waterige milieu. Vlak boven het water hangt de zon als een bleke klodder op de kim. Ze slijpt met het oplossen van de nevels een staalblauwe glans aan dit naar zwavel en blikjes krab stinkende wadslijk. Er is geen mens te zien, zelfs niet iemand om op of tegen te kankeren. Waar blijft die vent nu!
Het koude water is al lang door de scheuren van mijn laarzen gedrongen en de nog warme plekjes huid beginnen langzamerhand terrein te verliezen. Vanaf een doorlekkende schouder gaat een kleine kille stroom de rug verkennen. Het minieme stroompje verlangt naar de Grote IJszee waar nu net al die rietganzen weggevroren zijn.
 
Fan foaren plakt it tekstyl wiet oer myn búk. "Moast absolút wollen klean meinimme,"hie Bernhard noch sein. "Wol hâldt de waarmte fêst ek at it wiet is. Skiep rinne ek net yn katoen."
In minsk is in fize bleate moksel. Fan syn natuer woldragend, mar myn flues hat him op in pear pôlen nei fan myn bleke Europeeske fel tebek lutsen en is al te betiid oan har lêste ôftocht.
 
 
Marije
 
Van voren plakt het textiel nat aan mijn buik. "Je moet absoluut wollen kleren meenemen", had Bernhard geïnstrueerd, "Wol houdt de warmte vast ook als het nat is. Schapen lopen ook niet in katoen."
Een mens is een vieze blote mossel. Van nature woldragend, maar mijn vacht heeft zich op een paar pollen na van mijn bleke Europese vel teruggetrokken en is al te vroeg op haar laatste aftocht.
 
 
Marijke
 
Marije hat feitelik wol in prachtige kop mei swart hier. Wat boppe sit, sit fansels ek ûnder. Soe it ek wolwaarmte hawwe? Se rûkt einliks in lyts bytsje nei swit, hm ja. Juster probearre se mij kear op kear Bernhard syn statistyske oanpak fan ús ûndersiik út te lizzen. Har plúzige wollen trui hie nijsgjirrige wulvingen en ik lústere wat nei de lading, de eb en floed yn har boppe en ûndertoanen. Sadwaande folge ik har útlis net. Neist har wurke Bernhard syn oantekeningen út.


Klauwend yn syn tinne witte hier helle Bernhard mei de tosken, en mei wiere belangstelling, de fangst ûnder syn neilen út. Seagen syn freondinnen soks noait? Wiene se der blyn foar? Woene se graach ris húverje bij in tút? Faaks woene se him  letter ferbetterje, it ferpleegstersyndroom. Winliken wie it gewoan de meast kânsrike partij. In jerk hat syn pracht kleuren. De pearbalts fan Homo Sapiëns, de minsk, is dochs tige subtyl en wittenskiplik min te ferklearjen.

 

Marijke heeft feitelijk wel een prachtige kop met zwart haar. Wat boven zit, zit natuurlijk ook beneden. Zou het ook wolwarmte hebben. Het zwart komt overigens wel uit een potje, dus beneden is het misschien alleen flets. Ze ruikt eigenlijk een beetje naar zweet, hm ja. Laatst probeerde ze mij eens de statistische aanpak van Bernhard uit te leggen. Haar trui haar interessante rondingen en ik luisterde wat naar de lading in haar stem, de eb en vloed in haar boven- en ondertonen. Zo volgde ik haar uitleg niet. Naast haar werkte Bernhard in tempo zijn aantekeningen uit.
Krabbend in zijn dunne haar haalde Bernhard met de tanden, en met bijna wetenschappelijke belangstelling, de vangst onder zijn nagels vandaan. Jak, zien zijn vriendinnen dat nooit of zijn ze daar selectief blind voor? Wilden ze wellicht graag een huiveren bij een kus? Wellicht wilden ze hem verbeteren, het verpleegster syndroom of mogelijk zochten ze op de meest kansrijke partij. Een woerd heeft prachtige kleuren, maar de paardans van Homo Sapiëns, de mens, is toch wel heel subtiel en wetenschappelijk lastig te verklaren.
 

ôflevering 4

 

aflevering 4

Let op: Op deze pagina's kunnen links naar samenvattingen van de lesstof staan. Het is echter niet voldoende om alleen de site te lezen. Men wordt geacht zelf stug te oefenen. De stof die op deze site wordt behandeld is veelal de kern.  Heb je zelf suggesties voor links of tips en materiaal. email die dan naar deze site. Zo mogelijk zal de site daarmee verbeterd worden. copyright G. Poortinga

 

 

o

o

o

o

o


0

0

0

0

0

0

0

0

0