Hoe publisearje jo yn Skrift? 
1 Skriuw it artikel op de kompjûter
Sjoch goed stavering en grammatika nei, want wij dogge dat net.  tip: Staveringskontrôle Word
3 Sykje in pear kreaze foto's grafiken of yllustraasjes werfan jo sels it auteursrjocht hawwe of dy't sûnder rjocht beskikber binne.  
4 Set de yllustraasjes mei auteursfermelding op it goede plak yn it artikel. Meitsje fan de yllustraasjes at jo dat heal kinne jpg-bestânnen op krekt dat formaat dat jo hawwe wolle en net grutter as sa'n 300x300 piksels. Romte kostet ús wol jild.
5 Set jo auteursgegevens: namme tillefoan, adres, e-mailadres en webside eventueel mei in foto. En at jo leaver anonym publisearje wolle, set der dan bij, dat jo gegevens net op it web setten wurde. Wij sette der dan bij dat de auteur bij de redaksje bekend is.
6 Doch fjirder neat oan de kleur of opmaak fan de teksten. Wij moatte dy dochs fuorthelje.
7 Lês it artikel nochris oer en mail it as bylage (invoegen/attachement) bij in deamiel, wat meastentiids rjochtstreeks fan út WORD/office kin. De allerlêste flaterkes helje jo der dochs net út! Dat kostet ús op eigen siden ek tefolle tiid.
8 Troch it mailen ûnderskriuwe jo dat wij it artikel publisearje meie yn elke foarm, mar jo hâlde it folsleine rjocht om it sels earne oars te publisearjen. Dat lêste sille wij benammen oanrekommandearje at it hjir belangstelling blykt te hawwen.
 
en: Wa at plagiaat stjoert bliuwt sels ferantwurdlik, want soks kinne wij net kontroleare. At wij wol plagiaat konstatearje nimme wij passende aksje.