Navigaasje
Oersop 
 

wylpen yn it slyk
 

In wiete balpinne skriuwt net. Yn it fjild moast in potlead brke." ropt Bernhard altyd. Myn pinne is gjin balpinne, mar in fynskriuwer. Hij hat ek in milieufreonlike folling op wetterbasis. Dy pinne skriuwt, mar sifers wurde stadichoan foarmleaze flekken. Hok foar doel hat it om it gelyk fan Bernhard noch tsjin te akseljen? Myn potlead dan mar. Ik haw der noch in moaie punt oan slipe. 
Fruchtleas lkt it spikerhurde grafyt skuorkes yn it ferweakke papier. Fansels, Bernhard soe it normaal fine om it krekte soarte potlead te keapjen. Hij hie sjoen as der HB op stie, in graad foar sftens. Hij fynt soks wol sa fanselssprekkend, dat hij tinkt dr net oan om oaren dr op te wizen. HB, is wol sft, skriuwt en flekt net. 
 
De wylpen strike yn al mar grutter tal op de mokselbanken del. De wiete wyn taastende yn har sfte sturtfearren. Har iele fluitsjen ferwaait yn de tinne rein op de skiere flakte. Fan mij wurd ferwachte, dat ik krekt bijhald wat se ite. Dat blykt muoiliker as tocht. It iere moarnsljocht jout de slikerige waadkant in ferskaat oan tinten griis. Grize wetterferve, alles rint troch. Juster liende ik Bernhard syn fierrekiker en ta myn ferassing krige alles tige skerpe kontrasten. In goede kiker is neffens him wichtich foar it beoardielen fan it fearrenpatroan fan fgeltsjes. "Snder in goede kiker is dit fjildndersyk,"sei Bernhard, "eins net te dwaan."
Mar myn goedkeape fiergls hat net sok soarte kontrast. It makket wnderlike fleurige reinbchjes om alle details. Dertroch wurde se oars allinnich mar minder te sjen. Bernhard hat wat gnyske om myn oankeap en mij goedmoedich in tal fan krekte merken neamt, dy't net alhiel yn myn studintenbudzjet passe. Hjoed moast hij spiternch sels syn kiker brke om strnljippen te observearjen.
 
Krabben ite de wylpen hjir foaral, wit hoemannich. Net te leauwen hoe't dy wylpen hn-grutte krabben troch harren teare kielsek glydzje litte. It stienhurd pnsere krabbeliif hat gemiene skerpe roannen en ttsyksels. Dr giet der wer ien. Skatten nei de lingte fan de lange kromme snaffel, in krab fan goed njoggen sentimeter liif. De wylp hat de krab tusken syn lange snaffel skept. Skoddet ris flink. De poaten fleane alle kanten op. Nei twa hikken is de hurde hap ferdwn. De poaten folgje, pik, pik fuort. Myn potleat krast wer wat kerfkes yn it papier. Twa heale moanne foarmige skuorkes dy't ik letter as in noggen ntsiferje moat. 

 

Prefessor

 

Dat waarnimme hawwe se as bern al meikrigen. Else sneon it fjild yn mei it kliemske bsboekje, mei oare bern fan it bn. In brochje en in appel mei fan mem. De heit en mem kinne inoar der ek fan lyk as de prefessors. Soks jout in goede kroade. Ik kom t in oar nst. Ik wie gjin lid en sels de blommen yn s finsterbank stiene der om te ferdroegjen.
Ths learden wij noch gjin mosk fan in roek te nderskieden. Yn it selskip fan fgeltsjelju hld ik mij drom leaver stil. Ik soe der leaver in foto fan nimme, tink ik, en dan echt telle. De earste dy't bij tellingen begjint te roppen is Bernhard, selsfersekere en mei oerjefte. In inkele kear rop ik balstjurrich ek in rsing, mar net ien lstert. Ik wit net of't it oan it stimfolume leit as de twifelriedige toan, mar it is net oars. 
 
Hij wurdt noch wolris prefessor, sei slachter Boonstra altyd. De slachter syn bern hienen gjin stdjehollen. Sij holpen harren heit mei grutte kloeren it fleis t te bonkjen. Fanf har fyftjende stienen se tusken de woarsten en it gehak. Boonstra wie in fakman en hij en syn hshlding koe der spek fan op ble ite. Mear as dat. De soannen hienen al in grutte Kreidler doe't ik it ftrape fytske fan myn grutte broer krige. 
Grutsk koe de slachter fan souder komme mei in skoan omslein stik pikelfleis, syn spesjaliteit, yn 'e skoarstien rikke. 
De heale dei stie hij mei in fluch mes karkassen t te snijen dy't as foltere lyken yn syn slachths hongen. Ien kear gong it likernoch mis. Pas doe't de slachter it wiet yn de skuon fielde, seach hij nei nderen. Der hong in stik term t syn broek, en wol went oan de oanblik fan terms op syn slachtplak, duorre it in pear tellen foar hij yn 'e rekken hie, dat it syn eigen wie. In fakkundich skerpslipe mes snijt snder pine. Letter doe't in tk sjiruch it guod wer oaninoar naait hie, wie hij der grutsk op. Syn soannen en skoansoannen hawwe no it famyljebedriuw, al in grutte slachtfabriek.
 
Sneins gong slachter Boonstra wol mei de hiele hshlding nei Noordwijk aan Zee. De fsltdyk oer mei in swiere Mercedes fol grouwe jongens en fammen. Dr iet hij patat en karbonaden oan it strn, wylst syn boarsterige dochters een borstcrawl in 'e brning dienen of har foarse readzjende rningen ynwriuden mei tsjokke oalje.
Om't Boanstra fn, dat in boekewjirm as ik seelucht noadich hie, naam hij mij gauris mei. Dan siet ik op de efterbank ynwrotten tusken dy dampige heerlijkheden. Guodlik warskge hij syn fammen om nea mei sa'n bleekskeet ths te kommen. Jo sjogge ommers nooit sa'n geleerd heerskip yn in Mercedes. In Dafke, meer kin it faaks net lije bij sokke stofnsten. Klearebarre earmoed. Trou mar ien mei in saak.. In de slachterij gooie jo de harsens ek bij it ffal foar de fetranerij.
Dy dochters sille fan jn, wylst ik myn ferslach twurkje, grif mei harren grouwe kearels nei de bowlingbaan ride. Yn in terreinauto, in pak flappen yn de kontboesse foar bier en ballen. Op kosten fan 'e saak. Ik wurkje myn statistyk t, want ik wurd prefessor. Of net soms, want in waarnimming fan in fakature, sels de nederigste funksje, is yn dit fak al jierren net dien. 
 
 

 Fgeltsjelju
 

Bernhard liket it brek oan kariremogelikheden neat te dwaan. It hat gjin doel om bij him dit nderwurp oan te snijen. Bernhard skowt it fansiden as is it nea bij him opkommen en begjint oer ien of oar suksesfol ndersyk of in nijsgjirrige natuerreis fan him. Hij set him snder sydpaden yn foar elts ndersyk, feitelik betinkt hij ek de nderwurpen foar oaren. Hij wurdt drom op 'e hannen droegen troch de fakulteitsstf. Salang hij syn fstudearskripsje net ynleveret, hldt hij syn assistintebaantsje en hat hij wat sinteraasje. Simmerdeis kin hij drfan goedkeap mei ien fan syn freondinnen, elts jier in oare, nei de Hebriden om foarbijswimmende walfisken en papagaaidkers te tellen. Nei de simmer, at de lste walfisk syn fontein ejakulearre hat, binne se tpraten of sa en wennet Bernhard wer allinnich op syn lytse studintekeamer..
 
In pear wiken lyn hat Bernhard lykwols fernommen, dat hij in promoasjebeurs oan de universiteit fan Cambridge krije sil op foarspraak fan syn heechleraar. Noch gjin prefessor, mar wol mei status en finansjeel knap rom yn it jaske. Hij soe in fjouwertal jierren de wrld fan noard nei sd bereizgje kinne, mei de stoarmfgels de simmer efter nei, foarsjoen fan de djoerste fjildkikers. Guod dat op de Camel Trophey net misstean soe. Yn it sok syn freondinnen, in kroanprins op toernee.
 
Ik sels kin noch gjin fatsoenlik nderwurp foar in doktoraalskripsje betinke. Jierren lang haw ik tentamens dien oer ntelber folle feiten. Net de minste gearhing haw ik yn dat stdzjepakket fn. Gjin inkele metoade ek om ta fakmjittigens ta profesjonaliteit te kommen. Oer fstudeernderwurpen, drta ferge, docht de iene heechleraar noch tiziger suggestjes as de oare, ferheard dat ik sels noch altyd neat betocht of regele haw. Nea liket it tinken yn har plasse op te kommen, dat ik noch in learling bin, dat ik in wiere learmaster nedich haw om mij yn te wijden yn de krekte techniken fan de tapaste statistyk en de metoaden fan it wittenskiplik ndersyk. Wr wurd sok fakmanskip eins frege yn s maatskippij? Hie ik net better in koarte kursus boekhlden dwaan kinnen en op kantoar bij de Boonstra's wurkje sa at myn kroechfreondinne Roelia suggerearre?
 
 
Roelia
 
Roelia stuts nei in pear gleskes bier graach dy studint de gek oan. Boekhlders, dy binnen der neffens har nooit gench. It bedriuwslibben raast om boekhlders. Nee, hja seach noch nea in adfertinsje foar in ' wittenskiplik foarme biolooch'. Neffens har waarden dy nei de stdzje direkt op sterk wetter setten yn it natuermuseum. Sij soe ek net witte, wat sa'n sokkebreider op har kantoor dwaan koe. Sa'n fint dy't allinnich mar prate koe oer de blauwe mich op't plafond of it blauwboarstke foar it finster. Biologiske t ee sette tink. Ja okkerdeis wie se ris op in iepen dei fan it Biologysk Sintrum west. Siet dr san fgel, prefester dokter Dinges, de hiele dei yntym oan tafel mei in blauwe mich, festlime op in stokje. De mich fansels. Foar de mich stie in mikrofoan en de mich sei de hiele dei fan brom brom, oars net. En dy gelearde droegkloat makke der dan op in apparaatsje steapels grafykes en dr wer statistykjes fan. Dy alfabetisearre hij dan wer ta publikaasje en sa rispe hij de ferplichte punten foar de fisitaasje kommisje. At der nachts op syn frou lei sei der grif ek allinich noch brom brom.
  
It wie feitelik misdiedich fn Roelia, dat jonge minsken ferliede waarden om in stdzje te dwaan wr't gjin doech brea mei te fertsjinjen is. In inkele reis bijstn. Troch herexamens nooit in wykein de tiid om mei in faam te surfen. Snder studinten gjin prefesters, dat witte dy hearen och sa skerp. Sa'n prefessor yn de biology is feitelik sels in foech boasaardige parasyt. Hij scht studinten leech en koarret se nei fiif seis jier t as in flebbere hoer.
At ik dan sa'n domkop wie? "Nee, do kinst mei in koarte kursus noch hiel wat oprdde hear. Moast dan wol op kantoar tusken famkes fan santjin begjinne en de hiele dei faktueren yntype. Immen wurdt net samar baas yn it spul. Kom drink noch ris ien fan mij en dan moat ik ek fuort, want ik soe moarn al betiid mei Karel te silen. Hij hat in stive 22 kwadraat en ik wit in smout plakje om oan leger wl te reitsjen, tabee!
 
 
Kjeld
 
Al dy fgels, stranljippen, grienpoatrters, wytgatsjes, se pikke yn de blabs dat it in aard hat. Foar in minske is der allinnich mar in keale drekflakte te sjen. Der moat oars dochs in goed dekte tafel lyk nder it oerflak sitte. Hie ik no mar in lodde om ris flink yn dy drek om te skeppen. Faaks kaam der wol wat wittenskipliks t. Yn elts gefal krigen jo it der waarm fan. Ik bin hjir omtrint oan it ferstjerren fan 'e kjeld. floskje liket der hjoed net bij te wzen. Wer bliuwt Bernhard no? Ik stean hjir al fanf fjouwer oere moarns te blaubekjen. Ea hearde ik nuvere ferhalen oer nderkuollingsferskynselen. Op skoalle hiene wij ris in maat, Jan Koster, mei beferzen earen. De knaap kaam t in dmny's hshlding yn Ternaerd, gerifformeard in krap traktemint dus en de bern fytsten eltse dei it hiele ein nei Ljouwert. Ek yn de iisklde wyn.  Dy earen, och, die waarden sa grut as koalblden. Dat wie dochs wol hiel wat oars as dat kld krompen rpke dat ik saniis fn bij it pisjen. Neat om in waarme frou mei te plezieren. 
 
Oan wat waarms wol ik tinke, hd oan hd, mar sels dy gedachte wurdt neindich fertinne yn de waaddampen. De flakte glinsteret as in fisk. In wiete slimerige skylfiskhd is kld. It aard fan it wetterich miljeu. De sinne dy't as in bleke kladder boppe de kimme hinget, slipet yn dit ierdske in stielbauwe glns oan it nei swevel en blikjes krab stjonkende waadslyk. Der is gjin minske te sjen, sels net ien om oer of tsjin te kankerjen. Wr bliuwt dy jongen no!
It klde wetter is al lang troch de skuorren yn myn learzen kringe en de noch waarme plakjes hd begjinne stadichoan terrein te ferliezen. Fanf in trochlekkend  skouder sil in lytse kille stream de rch ferkenne. It minime streamke longeret nei de Grutte Lisse der 't krekt al dy reitguozzen  weiferzen binne.
  
Fan foaren plakt it tekstyl wiet oer myn bk. "Moast absolt wollen klean meinimme,"hie Bernhard noch sein. "Wol hldt de waarmte fst ek at it wiet is. Skiep rinne ek net yn katoen."
n minske is in fize bleate moksel. Fan syn natuer woldragend, mar myn flues hat him op in pear plen nei fan myn bleke Europeeske fel tebek lutsen en is al te betiid oan har lste ftocht.
 
 
Marije
 
Marije hat feitelik wol in prachtige kop mei swart hier. Wat boppe sit, sit fansels ek nder. Soe it ek wolwaarmte hawwe? Se rkt einliks in lyts bytsje nei swit, hm ja. Juster prebearre se mij kear op kear Bernhard syn statistyske oanpak fan s ndersiik t te lizzen. Har plzige wollen trui hie nijsgjirrige wulvingen en ik lstere wat nei de lading, de eb en floed yn har boppe en ndertoanen. Sadwaande folge ik har tlis net. Neist har wurke Bernhard syn oantekeningen t.
 

Klauend yn syn tinne wite hier helle Bernhard mei de tosken, en mei wiere belangstelling, de fangst nde syn neilen t. Seagen syn freondinnen soks noait? Wiene se der blyn foar? Woene se graach ris hverje bij in tt? Faaks woene se him  letter ferbeterje, it ferpleegstersyndroom. Winliken wie it gewoan de meast knsrike partij. In jerk hat syn pracht kleuren. De pearbalts fan Homo Sapiens, de minske, is dochs tige subtyl en wittenskiplik min te ferklearjen.

 


 
God fan de kriich
 
Trije moannen lyn hie ik se oantroffen op har keamerke yn 'e studintenflat Myn freondinne Karin en har stdzjebegelieder Herman, haaddosint maatskiplik wurk. Beskamsum hie Herman syn boesgroentsje wer oer syn ballonfoarmige bk lutsen. Net beskamsum om it resultaat fan syn kliemske oantrunen en fergjen bij in him tafertroude leerling, mar om it betrape wzen troch sa'n snotstudintsje. It liif hong nfoech oer de rne fan syn broek. Hij moast syn kul net iens sjen kinne at hij op syn skuon wettere. It wie ddlik dat hjir net de staazje of de takomst fan Karin besprutsen waard of dat dit alles no sa maatskiplik wie. Wol leersum fansels, teminsten foar mij.
 
Herman, wie dat net dy Teutoanske god fan de kriich? De status fan haaddosint mei fste oanstelling stiet kennelik simboal foar in grut swurd, want oan syn fhingjende skouders, drbij syn sneue hlding as soe hij no klappen krije, koe it net lizze. Satus makket alles wat lilk is wierlik nsichtber.

Om't ik de drop folgjende dagen it fielen net fan mij fsette koe, dat dy krokettebk tusken s op 'e matras lei, wie s ferkearing in frinnende saak. Beleefd en beskaaft, moglik t brek oan fermogen om ris flink rzje te meitsjen, haw ik de doar fan har flat stil mar foargoed efter mij sletten. Good clients don't complain, they just fade away. It fjr wie dve.
 
 
Slakjes 
 

Sjoch in slakje, in waadslakje fan amper twa milimeter miniatuer. It hiele dierke is wat glzich trochskinend. Fan mle oant anus is in lyts termke te sjen, dr't in bytsje grien-pearse algenbrij ferwurke wurd ta nuttich aaiwyt. In lyts barnstiennen hske mei in faach swart streepke op it slymsfte rchje. It lyfke, sacht as de binnenkant fan in frou, skowt oer it skerpe sn. Och ien, och in hiele protte. Wr komme dy ynienen wei? It wetter is no hielendal fuortrn. Se sieten yn it sn. Tzenen en tzenen op in fjouwerkante meter. Tsien miljard de fjouwerkante kilometer, twa keer de wrldbefolking. Sjoch elts draait syn eigen rntsje en weidet syn alchjes en purperbakterin. Kokes yn it lyts. 
Syn/har eigen rntsje moat ik sizze, want se binne tagelik mantsje/wyfke. Gjin ferfelende konkurrinsje tusken manlju en froulju. Emansipaasje at libitum. Se dogge mei harren twa'tsjes in kwartetsje, hiel gesellich fiif miljard pearkes op syn Frnsk elke hndert hektare. Triljarden spermatozoden griemende oer kilometer nei kilometer waad yn nbegyplike oantallen. De waadsee as in troch moksels opsge oersop fan spermatozoden, frij omswimmende yndividtsjes, dy't yn wzen en driuwfear neat ferskele fan dy fan levermoassen of minsken. Homo minusculus neamde Antoni fan Leeuwenhoek se ieuwen lyn, doe't hij syn eigen selsbeflekking troch de mikroskoop gkere. 
 
De lytse bnte griltsjes drave der oerhinne. Minireuzen, dy't hastich slakjes pikke snder effect op it enoarme tal. De nripe slakkeaaikes wurde ferwurke ta fgelaaikes. Tzenden foar ien. De slakjes witte it net. Se binne sels hastich dwaande har bkje fol te iten foardat it wetter opkomt. Pearkje sadre't it waar har hormoanen opjaait. Op it earste gesicht allegearre identyk en dochs minuskl sinnich yn de kar fan harren partner.
 
 
Janny 
 
De earste wiken wie ek Janny mei, spjochtich, sprtich en in earlik sin. Doe't wij op middei frij wiene, frege se mij om lns it strn mei te rinnen nei X-doarp, dr't wij in pilske drinke koene en wat dnsje. Bernhard en de oaren sieten noch drok oan harren oantekens te rekkenjen en woene net mei.
It wie in ltwivesimmer en op it brede strn waaide in sulverskjin koeltsje. In wyt strn stode foar s t mei puollen en drchwaarme faskberne dntsjes, maagdelijk jong yn in einleaze bocht. In nferwacht waarme hjerstsinne makke de stemming fertroud en we praten wat oer de ups en downs yn beider ferkeringen. It petear rekke op en wij sieten yn de fkuoljende lette middei efkes tusken twa  dntsjes yn jong fammesteat bij een fikse ple helmgers. Janny har koperen sprten liken ynienen in bliere blommegreide op it wite sn. Har gielgriene eagen in tnoegjende twilling. Ik skode wat tichter tsjin har oan en myn hn oeps wat fjirder.
 
Janny is in natuerlik famke snder falske show. "O, ik moat efkes," melde se, noch foar dat ik der t wie at se te ttsjen wie, "Mei in folle blaas kin ik net." Noch gjin tijie meter fjirder luts se hup har broekje op de knibbels en sproeide wiete flekken yn it stowende sn. De tusken har hierkes ferwaaide drippen blonken as peareltjses yn de leech hingjende sinne. Se luts mei-iens dat broekje mar hielendal t en gong ttklear foar mij op it san lizzen, Frysk as it strn en liet mij de knoopkes fan har bloeske telle. De wyn hie tusken har skonken de wiete hierkes kld makke Tsjin safolle nochtere spontaniteit wie myn eigen bleuns net opwoeksen. Janny seach fersillige, der waard in frou skepen. 
 
De slte wyn en de asem fan Jannie fermongen har ta in herinnering t in bettere wrld.  Janny wie meager mei ribben fielber direkt nder it fel en in wifkjende bloei fan boarsten. Die sulveren hierkes op Jannie har fkuoljende fel begnen rjocht oerein te steanop hiele lytse heuveltjes. Se lake, rn nei de wetterkant en griemde wat fan s yn it oersop fan de see, foar it filterjend gedierte, kokkels, nontsjes, strngappers, en fkewjirmen. Om har sierlike mei sewetter wiet wosken skonken hong se kwiek wer har spikerbroek en der wie neat bard. 
 
Janny kaam op it foarfal net wer werom, al bleau de fertrouwelikheit tusken s hingjes. In wike letter wie har ndersyk dien en bea ik oan har efterop de tjinstfyts nei it feer te bringen. Se swaaide, as altyd bliit entsjast, fan efter de reling: "Hoi maatsje!"
Nver sa in sympatyk famke. Mei in famke as Janny soenen jins problemen dochs libbenslang t de wrld wze? Ik soe dochs bst mei har trouwe kinne? Wie it noch altyd dy kriichsgod Hector dy't myn mannemoed yn in lytse herne triuwde?

 

 
De nbedimbere
 
Foarige wike stelde Bernhard t en gean mei it rubberboatsje de see op te farren. Dan koene wij sjen at de fgels ek tiid fergriemden boppe de Noardsee of dat se har tiid op de leechstreamende waadflakten sa effisjint mogelik brke. It earste koe tsjutte op oerfloed, it twadde op krapte. Iten as de beheinende faktor. De fgels dy't trpele fan har flecht fan Grienln, Siberi of Spitsbergen kamen en in dit tuskenstation yn in pear wiken opfetsje moasten foar de fjirdere reis nei Dodana, Mauretani of noch folle fjirder Afrika yn. Ik woe der tjinyn bringe, dat dy fgels bij oerfloed oan iten miskien gewoan te lui wienen om samar wat boppe see te fleanen of dat se oars gjin toeritisk sin hienen, mar in aventuerke mei de boat dat noaske mij dochs wol. Wr wat oars as om beurten allinnich op it Waad posten. En ik besefte wol, dat Bernhard feitelik der op t wie om flak nder de kust passearjende jan fan genten waar te nimmen.
 
Bernhard smarde in goed pdfol ble mei pindakaas en ik helle in tankje benzine foar de btenboardmotor. Der stie amper wyn en de wolken waarden aloan tinner, dat it wie in moaie dei om op it grutte wetter te faren. It rubberboatsje wie ld en ferwjirre mei tal fan pleisters op de plakken wr 't hij lek west wie. Neffen Bernhard wie it skip noch tige betrouber. Rubberboaten wurde sver wat taaier at se belein binne. Nei in foech kertierke lken oan de starter hiene wij it swit op rch. Mar nei de earste walmkes begn it moterke tefreden te protteljen en setten wij fan wl. It wetter wie grut, it boatsje lyts. Sa like it of kammen wij yn twa treie oeren  net folle fjirder. It sil de floedstream wze tocht ik. It swit dat earst s rch beklomme droege en de sinne skynde waarm op it dekseil der't wij foar in part nder krpt wienen.
 
"We moatte takommende wike ek ris fjirder op it waad sjen, "sei Bernhard, "Neffens mij sitte hjir deun bij it eiln allinnich de kniesde fgels. Let mar ris op, der sitte in protte kreupele poatsjes bij, foaral bij de strnljippen. De fette krabbenpopulaasjes sitte fansels op de grutte platen neist de floedslinken. Dr streamt it measte detritus, dea ffal, fan de Noardsee en de lege parten it hege waad op en f. De meast dominante fgels skoppe de krakkemikkige eksimplaren t de groep. Dat is bij alle soarten sa. Dochs ek bij s!.
 
"Ik haw oars wol lzen, dat foar de Maasflakte troch wylpen oars net iten wurdt as Nerius, fkewjirmen,"hie ik noch tjinakselje, "Miskien ite se wol gewoan wat har it meast foar de bek leit. Teminsten at se de koarsten kgje kinne, wat bij kokkels en foaral moksels lestich is sunder sterke mage of snaffel.Mar Bernhard redenearre al wer fjirder: "At wij no it tal krabben de fjouwerkante meter berekkenje, de enerzjy en de biomassa drfan ynskatte en de omsetting yn wylpefleis en fet.  Sa rekkenje se ek bargefoer ien op tsien om yn baarch. At wij t s tellingen opmeitsje hokker persintaazje de wylpen op ite hoege wij allinich noch de statistyske ferdieling fan fgels en krabben op it waad te witten. Sa kinne wij de maksimale draachkrft fan it waad, dat wol sizze it maximale tal wylpen trekkenje."
 
Op dat stuit folge ik Bernhard syn rjochlinige riddenearing krekt net mear, want ik seach bij it omsjen, dat wij al pratendewei op de tanimmende ebstream wol in hiel ein it seegat tspjild wienen as wat jirpelkrommen yn it kolkje. Boppedat hong efter s rch boppe de eilannen in tige swarte loft. Hjir en dr lutsen lytse sulveren triedsjes troch de inket. Snder it rammeljen fan de moter hienen wij it fiere rommeljen wol earder heard.  Mei dat ik seach wienen ek de golven koarter en heger, donkerder fan kleur ek. Krekt as wie sels de lucht in de boat in bytsje slopper.. "Kinne wij no net better werom Bernhard?" zei ik twivelriedich. Berhard soe earst noch efkes troch syn kiker sjen, mar it bsboekje kaam net mear t it jak. Stoarmfgels hjitte net sa om't se massaal yn de stoarmen omfleane mar om't se foar de dea skulplak sochten op skippen yn razende orkaan.Neffens mij kamen se yn dit part fan de wrld net foar, mar sels gjin see ein wie der te sjen. "Die hawwe it waer better foarsjoen as wij en ek in better plak socht," tocht ik mei in sinkend gefoel yn de mage. "litte wij gouw werom gean," sei ik en goaide it moterke om oant wij dwers op de ebstream kamen rocht op it Noarsee stn f.
 
De weromreis woe net opsjitte De wyn boaze al mar oan en it strn skode sydlings oan s foarbij. We moasten der yn op en it boatsje klotste fol wetter oant it swier wie. It motorke op maksimale toeren smgde der oer. Bernhard waard almaroan bleker en stiller. Hij hifke stikem it tankje. Ik tocht dat hij him op dat stuit mear drok makke oer it enerzjy ferbrk fan btenboardmotorkes as it fetferbaarnen fan steltrinners. De lste hoarten fan it moterke brochten s oant bij de branding. Nei wat foarse slaggen mei de riemen sprong ik dr midden yn de branning t boat en sleepte him oan de lnfst nei it strn. "Die lke wij efkes nei it dn en dan helje wij him straks wol mei de karre. Litte wij earst mar ris wat droechs helje en in waarme boarrel."

Bernhard haw ik oer dy tocht net mear heard, mar in pear dagen letter hie hij regele, dat wij tegearre tsien dagen nei de pealhut op de grutte plaat koenen.
  
   

 
Werom,  it oersop
  
In fiskersboatsje brocht s nei in grutte pealhut op de snplaat. Moandei hawwe Bernhard en ik gau boadskippen dien. Bernhard hat syn rchsek folproppe. Neist ble en pindakaas ek spek, beane en kofje. Dat spek fyn ik nuver mei safolle fleis nder hnberik. It slyk sit dochs fol fleizige kokkels en der binne mokselbanken wr't wij te kust en te keur kinne. Ik haw bij de boadskippen noch wat griente dien, mar ek twa flessen sterke drank, want tsien dagen op inoars lippe dan wol boaiemke spraakwetter jin wolris oer in dea punt helpe tocht mij.
 
No hienen wij mei prate gjin muoite. Bernhard fergeat oplst sels syn statistyk en ferhale fan eartiids bij him ths. Hij kaam t in ld deftich roomsk laach. It wie al yn it foar regele dat hij preester wurde soe, want hij koe goed leare. Hij hie op it simenaarje gien. Sa krigen jin letter noch ris in sillige yn it laach. Mar ja, it binne moderne tide. Syn suster krige in bern fan har eigen preester en troude der mei. Bernhard leaude yn de evolsje ynstee fan de skepping. Hij hie boppedat gjin langst nei it selibaat en begn derom mei wat fertraging op syn NJN-maten oan de biologystdzje.
 
Sa fertrouwelik pratend lei hij sa no en dan de hn op myn knibbel. Nei in tredde of fjirde buorrel kaam Bernhard op it idee, dat der nachts ek wol wat oan de fgels te sjen wze moat. It wie dochs moai ljochtmoanne waar en de fgels libje op it waad net op in dei/nacht-ritme, mar op de wikseling fan leech en heech wetter. In kiker konsintrearret it ljocht troch dy grutte foarste linzen, sadat der nachts mear troch te sjen is as mei it bleate each. 
 
En wrachtich, it wie suver in iepenbiering wat wij te sjen krigen. Sels Bernhard hie der noch nea fan heart. De strnljippen, typyske each-sikers, hawwe nachts neat oan har skerpe blik. No draafden se yn rjochte linen oan alle kanten fan s pealhut de snaffel in eintsje yn it sn stutsen. It like wol in wedstriid tusken lytse wunderlike ploechjes, dy't kris kras lytse fuorchjes efterlieten. Stjitte sa'n ploechje op in kokkel of sa, dan wie it ho en waard de proai opdolle en titen troch de skerpe snaffel tusken de sterke skelpen te stekken. It makke dat de nacht in sfeer krige fan wunderlike ntdekkingen t in oare wrld. We fergeaten sels om oantekeningen te meitsjen en pas doe't de flesse hielendal leech wie, kroepen wij tefreden yn s sliepsekken.
 
De oare moarns, ik hie it al in hoartsje ophlden, learde Bernhard mij, hoe't it mei it gemak moast. Hij hong mei syn swier liif oan it roastige izeren ljedderke, de broek op de ankels en it gat djip nei nderen. Sa like hij fan bten wierskynlik op in folsgde stekmich oan de hals fan in reus op fjouwer poaten. Fan binnen t, troch it kykrt, like it mear oft de folle moanne wat leech hong, oant der middent wei in stjonksigaar skode en omleech yn it sop plnzge. "De see makket himsels skjin. It wurdt fisk, Hollnske nije," grapte Bernhard. Bij leech wetter foardat de plaat drg foel, fertrden wij s om beurten yn de ienichste ljisklearsen dy't de hut ryk wie. De fgels sieten dan dochs op it fste ln.
 
Juster namen wij it beslt om bij it betide leechwetter op twa plakken opnamen te meitsjen. Bernhard soe eerst om de hut hinne it iten fan de wylpen trurve en ik bij de mokselbanken op it oare ein fan de grutte plaat. Noch foar dat it locht wie gong ik troch it ndjippe wetter op paad. It wetter klotste hast oer de rnen fan myn ljisklearsen. Mar foardat ik in oere letter op myn post kaam, rn it waad leech en kamen de fgels bij tzenden opsetten, seefgels en steltrinners yn grut ferskaat. It wie hjir wndere moai, as hie God dit stikje fan de skepping pas juster fmakke. De pealhut is in lyts grien pjukje oan de kime.
 
It soe in lang en leech tij wurde mei de eastewyn. Dus we hienen wol acht oeren of mear de tiid. Healwei soe Bernhard bij mij komme mei in brochje en dan koe ik wer nei de hut. Mar myn mage stiket, de sinne sakket en it wetter komt al omheech. Myn horloazje stiet al dagen stil troch it slte wetter. Dochs is it mij wol ddlik, Bernhard komt net. Grif hat er wer wat nijsgjirrichs fn. Soks wer't hij om statistyske redenen net bij wei kin.
 
Ik set de sokken der yn en mar goed ek, want it wetter rint al oer de plaat no't ik yn de buert fan de pealhut kom. Der liket al wat mei de hut, mar ik kom der net  op wat. Fan disstnsje kin ik it net goed waarnimme. Krekt of is de foarm wat oars. Tichterbij kommen sjoch ik it roastige izeren trepke is fan boppen losskuort en it heal fbrutsen gefal stekt no as in nvere ereksje dwers tusken de poaten fan dewiidskonkige reus. Underoan liket in grutte bleke kwabze yn it wetter te driuwen krekt of hat de pealhut ek syn gefoech dien. Ik draaf it lste eintsje troch it opkommende wetter. Platfiskjes stowe foar myn fuotten t. It hert slacht mij yn de kiel.
 
Och, syn holle stiet ml frjemd op het liif. Bernhard hie grif krekt moatten, doe't ik noch mei it lste frinnende wetter de plaat op paad gong. It trepke, ruostich en oantaast troch it jirrenlang bemiigjen troch studinten, wie tjin dat hingjen net meer bestn. t syn mle rint no in streamke bloed, aaiwiten foar it filterjend gedierte, moksels, kokkels en fkewjirmen. 
  
 
Neiwurd: Dit foarbyld gong oer it skriuwen fan in novelle. Literatuer skriuwe liket minder planmjittich as in rapportaazje. Mar is is net sa. In ferhaal hat altyd in tema, in opbouw en in styl. Tema's binne faaks stereotyp. It tema is hjir nommen t "Nooit meer slapen" fan s nei eigen sizzen grutste skriuwer fan de foarige ieuw, Willem Frederik Hermans. Lyk as dr is de in antiheld, in haadpersoan dy't foar syn fstudearproject alles bij de hannen fbrekt. En dr is in tsjinspieler dy't o sa betft is yn it fak en yn de manierkes der omhinne die de groep bine, mar de haadpersoan tslt. Lyk as yn "Nooit meer slapen" twirje dy twa om inoar hinne, wylst de haadpersoan wrakselt mei syn eigenbyld en de natuer en bliuwt hij allinning oer. In beide ferhaelen is de styl licht yronisk en de opbouw met tebek sjende scenes en in protte natuerbeskriuwingen (Hermans wie  geoloog.).

 

 




teback nei top