Swingel Online   Swingel 2,  april 2000
  Ynhald
 
 

Stifting AAIPOP wol mear

Nijlân - Op peaskemoandei, 24 april fynt it fjirtsjinde Aaipop-festival plak. Nijlân hat dęr in namme mei opbout dy 't se heech hâlde wol. Foar it kommende festival hat de Stifting Aaipop hast tweintich groepen en solo-artysten boekt. Lykas wenst, hantearret de organisaasje ek dit jier it prinsipe dat elts foar muzyk yn it har/him bęstpassende sjenre kieze kin yn de Teneftertinte, it Rockhok of de Harksankje-seal. Aaipop soe Aaipop net węze as der net wat bysűnders barre soe. Sa is it fansels al hiel bysűnder dat al wer in tal renomearre groepen foar it earst acte-de-présence jaan: Dat giet dan om groepen as Roadhouse, Harpo en de Dochmarwatts, winners fan lytske Aaipop. In opmerklik projekt is dat fan dichter, poppublisist en taalkundige Beart Oosterhaven en syn kollega de anglist Anne Dykstra. Troch harren yn it frysk oersetten blues-klassikers sille op 'e planken brocht wurde troch de Fryske bluesband Chickens Go Mad.

De Stifting Aaipop sjocht it 14e Aaipopfestival as in opstapke nei it jubileumjier 2001. Yn dat neffens saakkundigen werklik earste jier fan de 21e ieu én fan it nije milennium, sil it jubileum op yndrukwekkende wize fiert wurde. Oer de krekte ynfolling dęrfan, wol de organisaasje him noch net útlitte. Wol komt de stifting al yn 'e oanrin nei de 15e edysje fan Aaipop mei nije aktiviteiten. Alle moannen sil de Stifting Aaipop, yn 'e mande mei De Herberch fan Nijlân in konsert organisearje fan Frysktalige groepen en artysten. Bekende en minder bekende nammen út de Fryske muzykwrâld sille dan optrede op it poadium fan it kafee yn Nijlân. Nijlân moat dęrtroch noch mear as no it gefal is, ít sintrum fan Frysktalige muzyk wurde. As dit oanslacht, is de organisaasje fan doel om dizze rige konserten ek nei it 15e Aaipop troch te setten. De Stifting Aaipop tinkt der oer om it foar regelmjittige besikers fan dy kafeekonserten ekstra oantreklik te meitsjen troch in soarte fan koartingssysteem.

Ta beslút it folsleine affysje fan Aaipop 2000: Doede Bleeker, Henk Hulzinga, Bauke van der Woude, Adri de Boer, De Vries & Ko, Andrys Kobus & Clara Rullman, Bricquebec, Chickens Go Mad, Roadhouse, Om 'e Noard, Harpo, Spikerhurd, Cajun Beano, Opskuor, Sebeare, Dochmarwatts, Zampa en Wartall. De earste toanen fleane om 14.00 oere de boksen út yn MFS De Mande.

Mear ynformaasje oer Aaipop is te finen op de thússide fan de stifting: http://huizen.dds.nl/~aaipop