Swingel Online   Swingel 2,  april 2000
  Ynhald
  

Le Chat Mort, in Fryske dwerch yn ˙tjouwerslÔn. 
                                                                   Bauke Nicola´

Ketlik - Jos Boelhouwer is de man efter strip-˙tjouwerij Le Chat Mort yn Ketlik. Yn it deistich libben is er learaar ekonomy oan RSG 'Magister Alvinus' yn Snits. It ˙tjaan fan Fryske strips docht er der sűnt 1993 by. Syn nevenaktiviteiten binne yn 1997 beleanne mei de Kultuerpriis fan de gemeente Hearrenfean. 'Tanksij Jos Boelhouwer en Utjouwerij Le Chat Mort wurdt de Fryske taal op in tagonklike wize űnder de oandacht brocht', wie it kolleezje fan B&W fan betinken. Oarspronklike Fryske titels docht Boelhouwer net oan. Alle ˙tjeften binne oersettingen fan stripboeken fan kwizekwÔnsje: Olly B. Bommel, Suske en Wiske, Asterix, Kaptein Rob en Erik de Noarman. De oplagen sil mannich Fryske skriuwer him de fingers by ˘fslikje. Ien fan de lŕste ˙tjeften, de Goalgetter, in Suske en Wiske boek dat yn gearwurking mei de betelle fuotbalklubs It Hearrenfean en Cambuur ta stÔn kaam, is printe yn in oplaach fan mar leafst 13.000. Begjin maart is 'De unistÔn', njoggende in de rige fan Bommel-˙tjeften, op 'e merk brocht. Harke Bremer en Jarich Hoekstra tekenje foar de oersetting.

Hoe komt Jos Boelhouwer, yn 1952 berne yn Haarlem, der ta om Fryske strips ˙t te jaan?

'Op 7 jierrige leeftyd bin ik ferhuze nei Deventer. Dŕr bin ik opgroeid en letter ek trouwd. Nei de kweekskoalle wie in plak foar de klasse hjir yn NederlÔn lang net wis. Wy, myn frou en ik, hawwe der doe foar keazen in skoft yn 't bűtenlÔn te wurkjen. Earst twa jier yn Nigeria en yn 1984 haw ik foar 3 jier tekene foar in baan yn IndonesiŰ. Doe't myn frou swier wie fan ˙s earste binne we werom gien nei NederlÔn. Ik krige doe in baan op it Hearrenfean. Sa bleaunen we foar ˙s gefoel dochs noch in bytsje yn it bűtenlÔn. As ik soks foar de grap ris sei yn it bywŕzen fan Friezen waard my dat net altyd yn tank ˘fnommen.
Us earste bern wie swier handikapt, geastlik en fysyk. Wy hawwe doe in swiere tiid hÔn. Nei har ferstjerren wie ik bang om yn in gat te fallen, dat sadwaande socht ik wat dŕr't ik myn tiid mei folje koe. As Bommel-leafhawwer kaam ik doe op it idee om mei in Fryske ferzje te kommen. Yn 1993 haw ik Marten Toonder benadere en yn 1994 lei "De Oare WrÔld" yn 'e fitrine. De oplage fan 1000 stiks wie yn trije dagen skjin ˙tferkocht. It die wol bliken dat de Fryske strip in gat yn 'e merk wie. Fan it twadde boek, 'It kwea each' haw ik doe 2000 printsje litten. Ek dŕr giene flot 1700 eksimplaren fan oer de toanbank.'

De ˙tjeften fan Le Chat Mort binne in grut sukses. Ek saaklik? 
'It is in ˙t 'e hÔn rűne hobby. Der binne minsken dy't tinke dat ik der smoar ryk fan wurden bin, mar dat falt ˘f. Net dat der geregeld foar my yn Ketlik kollektearre wurdt, mar ik moat al oppasse mei wat ik doch. Guon projekten kostje gewoan jild. Mei 'Kaptein Rob' bin ik stoppe, en 'Erik Noarman' stiet op in leech pitsje. Nim no it 'Goalgetter-projekt'. In oplage fan 13.000 stiks sprekt fansels tige ta de ferbylding, mar oan no ta haw ik dŕr noch 'mar' 7.500 fan sliten. Op dat projekt moat ik de earste sint winst noch meitsje. Ik haw it gelok dat ik wat subsydzje fan de provinsje krij. Dŕrtroch bliuwe de ferkeapprizen op in akseptabel peil. In Bommel koste yn 1994 yn 'e boekhannel | 24,95 en dy priis jildt hjoed de dei noch. Dat fyn ik belangryk. Sa haw ik dwaande west mei 'Jan, Jans en de kinderen'. Om dat ˙t te jaan moat der safolle del teld wurde foar de rjochten, dat in sljochtwei stripboek yn 'e winkel komme soe te lizzen foar mear as | 15,00. Dat wol ik beslist net.'

Is dat ek de reden dat jo gjin oarspronklike Fryske titels ˙tjouwe?

'It spilet wol mei. Al moat ik earlik sizze dat it my wol spyt dat de Koperative Utjouwerij my krekt in slach foar wie mei 'De Lytse Prins'. Dŕr komt noch by dat ik my by de start fan 'Le Chat Mort' foarnommen haw om benammen wat yn myn eagen klassike NederlÔnske strips binne, yn it Frysk ˙t te jaan.'

Jo jouwe Fryske stripboeken ˙t mar jo sels sprekke gjin Frysk?

'Nee, Ketlik is in poer Frysk doarp. Eltsenien praat hjir Frysk. Ik kin it lŕze en skriuwe, al haw ik muoite mei de Bommels, mei al dy troch Harke en Jarich optochte wurden. Ek de essinsje fan in mop yn it Frysk űntgiet my faak. Sadree't der in twadde of tredde betsjutting fan in wurd yn 't spul komt, moat ik ˘fheakje. As ik sels Frysk praat fyn ik it net klinken. Dŕrom.'

Jo wurkje mei in fŕste ploech oersetters?

'Ja, Jan van Houten docht de oersettingen fan Erik de Noarman en Suske en Wiske. Jarich Hoekstra en Harke Bremer nimme Bommel foar har rekken. Sy leverje ek it wichtichste part fan it wurk. Dat der fan de acht titels dy't troch de Fryske jeugdboekesjuery nominearre binne 6 fan Le Chat Mort binne is foar it meastepart harren fertsjinste, in komplimint oan harren adres. Ik bin allinne mar de regelneef, de spin yn it reach.
Bern hawwe tsjintwurdich muoite mei lŕzen. Fierder as de űndertitels op televyzje en wat koarte teksten op ynternet komme de measten net. Ik merk dat ek op skoalle. As jongeren middels stripboeken it lŕzen oppakke is my dat goed gen˘ch. It kin as opstapke tsjinje om ek ris in oar boek te pakken. Wy wolle dat as lyts ˙tjouwerijke stimulearje.

Wat stiet der foar de kommende tiid op priemmen? 

'Op dit stuit bin ik dwaande mei 'De Bezige Bij', oer in twatalige Bommel. It Bommel projekt soe ˙t tsien dielen bestean. Dit wurdt yn dy rige de alfde. Mei Asterix rint it spitich gen˘ch net sa hurd. Uderzo is ˙t ein setten mei in nije ˙tjouwerij. Dat betsjut dat it hiele spul oer de rjochten wer op 'e nij begjint. Ik haw der in swiere holle yn dat der op koarte termyn skot yn komt, al stribje ik der nei om mei Simmer 2000 mei in nije Asterix foar it ljocht te kommen. De oersetting leit klear. Fierder soe ik ek graach in searje Lucky Lukes ˙tjaan, mar op myn fersiken om oer de rjochten om 'e tafel te gean, krij ik oan no ta gjin azem.'

Le Chat Mort hat takomst?

'Ik tink it wol. Wy binne sa'n bytsje de l˙s yn 'e pels yn it ˙tjouwerswrÔldsje yn FryslÔn. Idealiter moatte we inoar hjir oanfolje en mekoar gjin miggen ˘ffange. Ik fyn it fan belang dat it Frysk safolle mooglik stimulearre wurdt. Gearwurking mei oaren sl˙t ik dan ek net op foarhÔn ˙t.
Wy binne in lytsskalich bedriuwke. De stipe fan th˙s is űnmisber. De bern folje as dat nedich is ek wolris in bestelformulier yn. We dogge it mei´noar en dat fyn ik prachtich. It kostet in fracht tiid mar dat fyn ik net slim. In moai produkt stiet by my foarop. Dŕr set ik my 100% foar yn. Oan 'e oare kant, as it der op oan komt, giet it űnderwiis foar. Dŕr fertsjinje ik op 't lŕst myn brea mei, al moat ik sizze dat de RSG altyd tige ridlik is. As der troch myn hobby ris in roaster oanpast wurde moat, is dat nea in probleem. Jaan en nimme, dan komme je in hiel ein.'

In echt famyljebedriuwke dus?

'Ja, en dat hat it fan it begjin ˘f west, al moasten myn h˙sgenoaten der yn it begjin wol wat oan wenne. Doe't it earste boek ˙tkaam krige myn dochter in klant oan 'e telefoan dy't frege oft er ferbűn wie mei de strip-˙tjouwerij. Se snapte der neat fan en r˘p fertwivele de keamer oer: Uitgeverij, Uitgeverij, wie is hier in vredesnaam Uitgeverij?'

troch: Bauke Nicola´


Mear ynformaasje oer de ˙tjeften fan Le Chat Mort is te finen op http://www.knoop.nl/chatmort