Mear Frysk
On-line?
Bauke Nicolaļ
Yn Swingel 1/2000 haw ik ūnder it kopke www.swalkje.frl
de ynternetsiden fan in tal willekeurige Fryske
gemeenten hifke op de mooglikheden en benammen de ūnmooglikheden
fan frije (Fryske) taalkar dźr op: Smellingerlān,
Dongeradiel en Hearrenfean. Ik haw tasein harren
reaksjes op de E-berjochten dy 't ik by harren
efterlitten haw oan jimme bekend te meitsjen. By dizzen.
Fan de gemeente Dongeradiel (noch) gjin
lūd. Om 't de Eamel dy 't ik dźr hinne stjoerd haw,
wat mear formeel fan toan en opset wie, moatte se dźr
faaks wat langer oer in reaksje stinne. Smellingerlān
lit witte dat se om pragmatyske redenen keazen hawwe
foar in allinne hollānsktalige side. Myn suggestje om
yn alle gefallen in tal ūnderdielen fan harren side ek
yn it Frysk oan te bieden fersmite se net op foarhān.
Letterlik skriuwt de hear Paul Lansen, haad fan de ōfdieling
kommunikaasje: '........ Anders is dit met het Fries.
Immers een groot deel van de Smallingerlanders spreekt
Frysk. Het probleem is echter wel, dat lang niet
iedereen die Frysk spreekt, dit ook leest. Niettemin
achten wij uw suggestie om een Friestalige samenvatting
van de site te maken zinvol. We denken daarbij (alweer
vanuit pragmatische overwegingen) aan met name die
onderdelen, die niet dagelijks worden geactualiseerd.
Een en ander is overigens wel weer afhankelijk van de te
maken extra kosten. ..................'
In positive ynstek yn alle gefallen en hy slacht fierder
de spiker op 'e kop as er skriuwt dat net alle
Frysksprekkers ek Frysk lźze. Dat kin/sil allinne
feroarje as jo Frysk oanbiede.
De gemeente Hearrenfean betanket koartwei foar de
suggestje 'die zeker in overweging zal worden genomen.'
Wat dat yn berie nimmen opsmite sil..., ik bin benijd.
Yn de ōfrūne moannen binne der wer in
tal Frysktalige ynternetsiden bykommen dy 't it besjen
lije kinne. Sa is it nije literźre tydskrift foar it
tredde milennium, M3 te finen op de thśsside fan Eric
Hoekstra. Op dy side steane ek Shakespeare-oersettingen
fan de hān fan Douwe Kalma en mar leafst 1000
aforismen.
Ek it tydskrift 'foar Fryske striid en
literatuer' Lyts Frisia fan de Jongfryske Mienskip
ferskynt sūnt koart digitaal. Spesjaal foar leafhawwers
fan Postma-kriptyk.
In absolute oanrieder is de nijsgroep
Frysk. Ferskate aktualiteiten wurde dźr troch (in noch
beheind tal) dielnimmers fan krūdich kommentaar
foarsjoen. (news:alt.culture.friesland.frysk) Oanlogge
en meidwaan blinder!
|