Navigaasje
Swingel Online   Swingel 2, april 2000.
  Ynhald
  

Mear Frysk On-line?                   Bauke Nicolaļ


Yn Swingel 1/2000 haw ik ūnder it kopke www.swalkje.frl de ynternetsiden fan in tal willekeurige Fryske gemeenten hifke op de mooglikheden en benammen de ūnmooglikheden fan frije (Fryske) taalkar dźr op: Smellingerlān, Dongeradiel en Hearrenfean. Ik haw tasein harren reaksjes op de E-berjochten dy 't ik by harren efterlitten haw oan jimme bekend te meitsjen. By dizzen. 

Fan de gemeente Dongeradiel (noch) gjin lūd. Om 't de Eamel dy 't ik dźr hinne stjoerd haw, wat mear formeel fan toan en opset wie, moatte se dźr faaks wat langer oer in reaksje stinne. Smellingerlān lit witte dat se om pragmatyske redenen keazen hawwe foar in allinne hollānsktalige side. Myn suggestje om yn alle gefallen in tal ūnderdielen fan harren side ek yn it Frysk oan te bieden fersmite se net op foarhān. Letterlik skriuwt de hear Paul Lansen, haad fan de ōfdieling kommunikaasje: '........ Anders is dit met het Fries. Immers een groot deel van de Smallingerlanders spreekt Frysk. Het probleem is echter wel, dat lang niet iedereen die Frysk spreekt, dit ook leest. Niettemin achten wij uw suggestie om een Friestalige samenvatting van de site te maken zinvol. We denken daarbij (alweer vanuit pragmatische overwegingen) aan met name die onderdelen, die niet dagelijks worden geactualiseerd. Een en ander is overigens wel weer afhankelijk van de te maken extra kosten. ..................' 
In positive ynstek yn alle gefallen en hy slacht fierder de spiker op 'e kop as er skriuwt dat net alle Frysksprekkers ek Frysk lźze. Dat kin/sil allinne feroarje as jo Frysk oanbiede.
De gemeente Hearrenfean betanket koartwei foar de suggestje 'die zeker in overweging zal worden genomen.' Wat dat yn berie nimmen opsmite sil..., ik bin benijd.

Yn de ōfrūne moannen binne der wer in tal Frysktalige ynternetsiden bykommen dy 't it besjen lije kinne. Sa is it nije literźre tydskrift foar it tredde milennium, M3 te finen op de thśsside fan Eric Hoekstra. Op dy side steane ek Shakespeare-oersettingen fan de hān fan Douwe Kalma en mar leafst 1000 aforismen.

Ek it tydskrift 'foar Fryske striid en literatuer' Lyts Frisia fan de Jongfryske Mienskip ferskynt sūnt koart digitaal. Spesjaal foar leafhawwers fan Postma-kriptyk.

In absolute oanrieder is de nijsgroep Frysk. Ferskate aktualiteiten wurde dźr troch (in noch beheind tal) dielnimmers fan krūdich kommentaar foarsjoen. (news:alt.culture.friesland.frysk) Oanlogge en meidwaan blinder!