Swingel Online   Swingel 2,  april 2000.
  Ynhald
 
 

Sjongend Frysln                      Dr. Bernard Smilde 

Wy belibje in tiid fan grutte feroarings. De frne ieu hat dat sjen litten en benammen de lste 20 jier. Dat jildt net allinne op it md fan 'e kompjter. 
Men kin rstich sizze dat der hndert jier lyn mear songen waard, grif ths en op it wurk, sa snder euvelmoed. Dat dogge no suver bern allinne noch mar. Alderen brke de stimbannen praktysk allinne noch by it sjongen yn tsjerke (foar safier't se dr komme) of yn in gjalp by it fuotbaljen. Fan datoangeande hawwe radio, grammofoan, CD-spylder en TV hiel wat selswurksumheid ynkoarte.
Yn organisearre ferbn spylje noch altyd de sjongkoaren in wichtige rol. Foar 1850 wiene dat inkeld mar ris besteande ferienings; meast waarden se doe foar bepaalde gelegenheden byinoar roppen. 1880-1920 is de tiid dat elk plak syn eigen sjongferiening krijt en dat koaren har yn provinsjale en lanlike organisaasjes sterk meitsje. Dy ntjouwing duorret oant sawat 1950, 1960. Drnei ferlieze guon koaren leden (emigraasje!) of krije lst fan fergrizing, navenant mear as muzykkorpsen; dy dogge trochstrings ek mear oan muzikale foarming fan har leden, teoretysk en praktysk. Likegoed leit it tal sjongkoaren yn Frysln noch altyd tusken de 200 en 300.
Drby komt dat der no mear belangstelling is foar spesjalisaasje nei sjenre en/of kwaliteit. Lytsere selekte koaren dogge in berop op goede krften, dy't wat mear mnsk binne en muzyk fan heger nivo bringe kinne. De ferfiersmooglikheden meitsje ek dat men net mear ta eigen plak of doarp beheind is. Der komme gospelkoaren, shantykoaren, spesiale jongerein- en ek lderein koaren.

Plak fan it Frysk.
Men kin grif sizze dat yn 'e 20e ieu it plak fan it Frysk yn it sjongen grutter wurden is. Snt 1876 ferskynde it Frysk Lieteboek en snt 1886 it Nij Frysk Lieteboek mei yn haadsaak koarlieten. Yn hoefier dy boeken troch koaren oantgd en brkt binne, is min te achterheljen. Dat jildt fansels ek fan in boekje as 'Frysln Sjongt', dat snt 1943 mar leafst tsien printingen belibbe hat. Net lyts is ek de oplaach fan it 'Lieteboek foar de tsjerken' dr't snt 1977 mear as 20.000 eksimplaren fan ferkocht binne. Dr komt noch by dat yn gemeenten dr't ynsidinteel Fryske tsjinsten hlden wurde, almeast stinsele of fotokopiearre sjongbledsjes makke wurde.
Ek op it md fan 'e lichtere muzyk begjint it Frysk stadichoan in wichtich plak yn te nimmen. Tetman de Vries hie al foar in trochbraak soarge, dr't oaren fierder op trochgean koenen. Snder oaren te koart te dwaan, moat hjir de namme wol neamd wurde fan Roel Slofstra dy't net allinne troch persoanlik optreden, mar ek troch LP's en CD's as sjongende en himsels begelieden chansonnier grutte bekendheid krige. Yn 'e santiger jierren slacht it Frysk oan op it md fan folk en nei 1980 ek by de popsjongers. Mei rjocht en reden jout it yn 1996 ferskynde 'Muzyk yn Frysln' yn in grut haadstik dr rom omtinken oan.

Utjeften
Sil muzyk nder de minsken komme, dan moat dy him ek ntwikkelje. Ik neamde al guon lieteboeken t 'e 19e en 20e ieu. De sjongersbnen hawwe der harres ta dien om te soargjen dat de koaren Fryske muzyk ta har foldwaan hawwe. It Bn fan Kristlike Sjongkoaren yn Frysln hat benammen mei it each op it saneamde 'Priissjongen' (dat snt 1912 alle jierren en letter om it oare jier hlden wurdt) hiel wat tjeften ferskine litten. Letter doe't dat bn fdieling wurden wie fan 'e Koninklijke Christelijke Zangersbond, waarden dy tjeften t en troch fan 'Den Haag' fersoarge. Nammerste blider mei men wze, dat de lste tiid yn Frysln sels mear Fryske koarmuzyk tjn wurdt, .o. troch de muzyktjefte Intrada op it Hearrenfean. Tagelyk mei it ferskinen fan dit artikel, komt ek it earste dieltsje t yn in nije rige ienfldige koarsangen: 'Sjong mei'. al is der dus de lste jierren wol hiel wat materiaal kommen, dat wol net sizze dat it ek altyd brkt wurdt. It hinget der in bulte fan f oft diriginten en bestjoersleden der omtinken oan jouwe om de mooglikheden dy't it Frysk hat, te brken. Noch fierstentemin wurdt ynsjoen, dat it sjongen in wichtige faktor is yn it behld fan s taal. Yn it sjongen is de minske tagelyk lichaamlik en geastlik warber. Sjongendewei eigenet er him wurden ta en wurde dy wurden utering fan syn eigen wzen. Ek stedsjers en Bilkers kinne yn it Frysk wat meibelibje dat harren ferriking jout. Frysk sjongen jout boppe-al Friezen mear besef fan de rykdom fan s taal. Dr kin yn belibbe wurde wat Gerben Brouwer sa nder wurden brocht hat:

Gjin sjongend folk op ierde
wurdt warleas wei.
Gean Frysln, ta dyn dieden
en ta dyn dei.

Dr. Bernard Smilde

Fan 't hjerst Commedia dell' Arte yn 'e notaristn

Jorwert - Foar it 46e iepenloftspul yn Jorwert is op 'e nij keazen foar in Easteuropeesk stik. Fan 't hjerst bringe de Jorwerters in bewurking fan 'La Vedova Scaltra' fan Carlo Goldoni, oerset troch Jan Schotanus en mei muzyk en lieten fan Peter Sijbenga. 

Wie it yn 1999 madame Hortense mei oantinkens oan fjouwer knappe admiraals, no mei Rosaura har ferlustigje yn de oandacht fan ek fjouwer kreaze keardels. Hja is widdo en drtroch min ofte mear frij yn har hanneljen. Hjir is it net de famylje dy't it foar har bepaalt, se kin sels de kar meitsje. Op in fernimstige wize stelt se de fjouwer manlju op 'e proef. Jorwert-eigen wurdt it stik brocht yn in kleurryk dekor fan dns, akrobatyk, maskerades, muzyk en spektakel. It liket derop dat it in echt Venetiaansk Karnaval wurdt yn 'e notaristn.