thķs  |   help  |   kontakt
Frysk Publyks Tiidskrift 
     Skrift is een iepen tiidskrift foar al wa't skriuwt en it publisearje wol. It mei literair wÍze, aktueel of maatskiplik begien. Skrift is dus in breed publiekstiidskrift Żnder redaksje fan Frysk.com. Troch it mailen fan jo artikel en ilustraasjes jouwe jo de redaksje it folsleine fŻch ta publisearjen, korrigearjen, mar ek wegerjen.     Al wat ŻnfŻch, goar, Űffloddere etc. is wurdt net publisearre. Łteraard nimt de redaksje gjin ferantwurdelikheit oer fan de skriuwer foar oansprakelikheit foar de ynhald en strekking fan it artikel.      Ek meie de artikel troch de skriuwer sŻnder beperking of oerlis earne oars publisearre wurde.       wy bouwe jo no-nonsense webside, jo webidee            foar alle kompjŻters te hantearjen          troch eltsenien te betjsinjen        wij bouwe jo  shop-online            NIMM de fluchste ferbining tusken  tusken produsint en konsumint            NIMM de link tusken bestjoer en boarger          wij binne non-profit, opsetten as in learbedriuw foar en fan seis fryske susters      wij binne  de goedkeapste dus      mar wy kinne ek tige yngewikkelde siden meitsje      mei alles er op en der oan       'dreamwever',   flash4,   winkelkarkes,    databanken         alles kant en klear foar jo foarme.
Navigaasje
 

 

Meer Frysk Online   Swingel 3,  2000
  Ynhald en kolofon
 
 
 

Cymru/Wales: ynspiraasjeboarne foar Fryske Beweging

Sybren S. Posthumus

Begjin april hat in delegaasje fan 14 minsken nei it l6an mei de heechste kastieletichtens fan de wr‚ld ta west, nei Cymru (Wales). fertsjinwurdigers fan de gemeente Ljouwert, Ried fan de Fryske Beweging, Omrop Frysl‚n, it FYK, de FNP en Nieuw FoArum hawwe dielnommen oan de reis. De stķdzjereis wie organisearre troch EFTRIJE, de nije kulturele feriening yn de stÍd Ljouwert dy't 'mei fernijende inisjativen en aktiviteiten de Friezen en oaren bewustmeitsje wol fan de rykdom fan Frysl‚n en syn taal en kultuer'. EFTRIJE organisearret alle jierren sokke reizen en ķtstapkes nei stÍden en gebieten dy't ferlykber binne mei Ljouwert en /of Frysl‚n; ferline jier nei Brussel en Letl‚n/KasjŻbje en der is yn 'e trein tusken Londen en Brussel al wer praat oer mooglike stÍden of gebieten om takom' jier hinne te gean... Reden fan EFTRIJE om dit jier nei Wales ta wie om't dat l6an op it stuit hiel selsbewust de 21e ieu yngiet en dat it hiel nijsgjirrich foar de Friezen is wÍr't dat selsbewustwÍzen weikomt. In pear foarbylden: de nije Welshe Assembly (in soarte fan parlemint), de organisaasje fan de World Rugby Cup yn oktober ferline jier, it opknappen fan it fertutearze havengebiet yn ien fan Europa's meast ambisjeuze arsjitektoanyske projekten (Cardiff Bay), de geweldige opkomst fan de popmuzyk yn Wales en de revival fan de Welske taal.

Oars as de eardere reizen fan Friezen nei Wales stie it programma net allinnich yn it teken fan taal of taalbelied mar stie in folle breder spektrum fan de maatskippij no op it program: ek politike, ekonomyske, toeristyske en media/IT-saken kamen op it aljemint. Sa binne besites brocht oan Cardiff Bay, de Welsh Assembly, it stedhŻs fan Cardiff, de Welsktalige TV (S4C), de Wales Tourist Board en de Welsh Language Board (ynstitķt foar de befoardering fan de Welske taal). Dat alles hat der nei alle gedachten foar soarge dat de dielnimmers in goed oersjoch krigen hawwen fan it hjoeddeiske Wales en dat der boppedat tal fan ideeŽn meinaam binne dy't yn Frysl‚n ta te passen binne. In grut part fan de dielnimmers tinkt der sels oer om wer ris nei Wales ta te gean en dan ek kollega's of meibestjoersleden mei te nimmen.

De presintaasjes fan de Welske organisaasjes en ynstituten wiene meastentiids brŻzjend, profesjoneel en eigentiidsk mei moderne audiofisuele middels, hiel oars as de foarsichtige en somtiden ‚ldfrinzige wize dÍr't in protte Friezen harsels mei presintearje. Marketing-technysk dus noch hiel wat te dwaan en in foarbyld foar de Fryske Beweging! Wat ķs ek opfoel wie dat as je mei 10 minsken praten je hast 10 kear itselde ferhaal te hearren krigen oer hokker kant Wales ķt moat yn 'e takomst. It liket derop dat de Welske (taal-)beweging en de eigen nasjonale partij fan Wales de Plaid Cymru, dÍr in grutte ynfloed op h‚n hawwe. In helder fysje yn kombinaasje mei it goed en dķdlik ķtdragen fan dÍrfan hat blykber fertuten dien. Hiel oars as hjirre: de Fryske Beweging liket somtiden wol in kroade mei kikkerts, mei in grut ferskaat oan mieningen en ideeŽn. Dat sil him grif ek oan it yndividualistyske aard fan party Friezen lizze, ommers elk hat it rjocht om te sizzen wat er tinkt en wol en dÍr is fansels neat mis mei. Mar ķt de ferliking is wol op te meitsjen dat de Fryske beweging ferlet hat fan minsken lykas Cwynfor Evans, de earste parlemintariŽr foar de Plaid Cymru dy't syn libben lang foar Wales striden hat en dÍrby in tige konsistinte wize fan tinken en hanneljen oanholden hat.

De Welske Beweging hat it ek foarelkoar krigen dat der in 'Welsh Language Act' (1993) kommen is, in wet dÍr't yn stiet dat de oerheid har boargers yn beide talen fan it l‚n betsjinje kinne moat, dus it Welsk en it Ingelsk. Ien en oar hat grutte gefolgen h‚n: alle dokuminten binne yn prinsipe dŻbeltalich of yn beide talen te besetten. It Żnderwiis is fan pjutteboartersplakken oant universiteiten (op alle nivo's) yn it Welsk te folgjen en ek yn it strjitbyld fan in foar it grutste part Ingelsktalige haadstÍd Cardiff binne beide talen no dķdlik oanwÍzich. WÍrom is der noch gjin Fryske taalwet Űftwongen?

Alles mei alles hawwe sokke saken foar in grutte fersterking soarge fan it Welske selsbewustwÍzen en it identiteitsgefoel. It Welske toeristeburo (Wales Tourist Board) advertearret tsjinwurdich mei 'Cool Cymru' troch hiel Grut-Brittanje, de tige populÍre en trochbrutsen popgroep Catatonia sjongt yn de hast folslein Welsktalige titelsong fan har CD 'International Velvet' dat 'Everyday when I wake up I thank de Lord I'm Welsh' en yn Cardiff is in ynternet Żndernimming aktyf dy't in netwurk fan Welske saken op ynternet realisearre hat en dÍrby ek aktyf it Welsk brŻkt (NetCymraeg; www.netcymraeg.co.uk ). Fierder hawwe wy yn Cardiff in tige populÍre Welske jongereinklub (Clwb lfor Bach) besocht, dÍr't allinnich mar minsken lid wurde koenen dy't de Welske taal leare en stimulearje woenen (wy binne dus lid foar ien jŻn wurden).
Persoanlike konklķzje fan my is dat troch in sterk gefoel fan eigenwearde en besef fan eigen identiteit (lykas yn Wales) minsken ek mear Żndernimme wolle, dat dÍrtroch mear inisjativen en aktiviteiten fan de grŻn komme, wat ķteinlik dÍrtroch ek wer de ekonomy en de leefberens te goede komme. En fansels hat mear autonomy fia in eigen parlemint ek in tige positive ynfloed op it identiteitsgefoel en op de sosjaal-ekonomyske tast‚n fan in naasje....

Sybren S. Posthumus, bestjoerslid EFTRIJE Foto: panorama Wales (sŻnder Żnderskrift)


Email: redaksje@fryskebeweging.nl

 

 









[Fryske Beweging]
Thķs | kontakt | Help en disclaimer | Reaksje

At jo 'stiper' wurde wolle meije jo in bijdracht oermeitje op:
Giro 7466028 fan stifting NIMM, Britsum mei fermelding "stipe Skrift"

Als u donateur wilt worden maak dan een bijdrage over op giro:
Giro 7466028 van stichting NIMM, Britsum met vermelding "donatie Skrift".
Skrift kan dan steeds meer taal bevorderen en wij houden u op de hoogte.

 

 © Foundation NIMM. All rights reserved.

Gerben Poortinga Germ Poortinga, Germ, Poortinga, Gerben Poortinga Germ Poortinga, Germ, Poortinga,, literatuur, tijdschrift, Fries tijdschrift, Frysk tiidskrift, algemien Frysk tiidskrift, Friesian magazin, Frisian daily, Frisian Times,