Navigaasje
Swingel Online   Swingel 3,  2000
  Ynhald
 
 

Frysk Damjen: Oer reade bollen, swarte en wite wolven.

Mei Simmer 2000 kaam in Fryske sport dr 't we oars net sa'n soad fan hearre yn it nijs. De twakamp tusken de 'gewoane' dammer Harm Wiersma en mearfldich kampioen yn it Frysk spul en ld foarsitter fan it Dambn Frysk Spul, Marten Walinga, luts op mear as ien menier de oandacht. In fynst fansels om in wrldferneamd dammer as Wiersma te skaken foar in potsje damjen Frysk spul. Troch de partij te keppeljen oan de Slachte Marathon en te spyljen op in alderferskuorrend grut 'boerd' mei Keunstkij as houtsjes wiene Marten en Harm wis fan knap wat publisiteit. De Samaranch fan de Slachte Marathon, Peter Karstkarel, die der nochris in skepke boppe-op troch in flok t te sprekken oer de reklame foar in oppepdrankje dy 't by de partij makke waard. Resumearjend: in grutte namme, in unyk toaniel en ek noch in lyts skandaaltsje op 'e keap ta. Mear hie Marten Walinga him net winskje kinnen. In lytse sport lykas it Frysk Damjen kin ek wol in triuwke yn 'e rch brke.

Foar dammers dy 't der nocht oan hawwe om it Frysk spul ris te probearjen folgje hjirnder de spulrigels.

1 Lis it boerd sa, dat it fjild loftsnder donker is. Der wurdt op 'e donkere fjilden spile.
2 Wyt begjint.
3 In houtsje mei 1 fjild skean foart skood wurde.
4 In houtsje mei foart likegoed as eftert slaan yn 8 rjochtings(dus ek horizontaal en fertikaal).
5 In houtsje dat op 'e daamline komt wurdt in wolf (daam), op sa'n houtsje wurdt in oar houtsje setten.(Tink derom: as in houtsje by in slach oer de daamline komt, dan bliuwt it in houtsje).
6 In wolf mei skean foart en skean eftert skood wurde safier as dat mooglik is.
7 Mei in wolf mei mar trije kear efterinoar skood wurde, drnei moat er frij makke wurde troch in slach(eventeel mei deselde wolf) of in set fan in oare wolf of in houtsje. Dizze beheining ferfalt wannear't ien inkeld mar wolven hat.
8 In wolf mei slaan yn 8 rjochtings (ek de wolf mei horizontaal en fertikaal slaan). De wolf(daam) hoecht net lyk efter in sleine stik delset te wurden.
9 Slaan is ferplichte.
10  Mearslach giet foar. Twa houtsje hawwe mear wearde as ien wolf. Ien houtsje hat minder wearde as ien wolf.
11 Daamslach giet foar. Kinne in wolf en in houtsje in like grutte wearde slaan, dan giet de wolfslach foar, oars giet mearslach foar.
12 Pas nei de slach wurde de sleine stikken fan it boerd krigen.
13 By it slaan mei ien wol faker as ien kear oer itselde fjild komme, mar net faker as ien kear oer it selde stik.
14 Oanreitsje is sette.
15 As ien spiler 2 wolven hat en syn tsjinstanner hat 1 wolf, dan hat de spiler mei 2 wolven 7 setten om de partij t te meitsjen, oars is it kamp.
16 As in spiler it net mear winne kin is de partij kamp (elk ien wolf).
17 De partij is wn as de tsjinstanner gjin stikken mear oer hat of fst stiet.



In soad sukses!

Foto "Damboerd" (foto Hns Noppert)

Email: redaksje@fryskebeweging.nl