Navigaasje
Swingel Online   Swingel 3,  2000
  Ynhald
 
 

Kearndoelen Frysk yn it basisŻnderwiis.

Thomas Dyksta

Op 14 maart 2000 hat de Feriening Frysk Underwiis (FFU) yn de mande mei it Pedagogysk Wurkferb‚n fan de Fryske Akademy in foarumdiskusje organisearre oer de funksje fan de kearndoelen Frysk yn it basisŻnderwiis yn ķs provinsje. It is bekend dat op de measte skoallen dizze wetlike kearndoelen yn de praktyk fan it Żnderwiis net helle wurde. Fraach is dan ek, hoe't soks kin en hokker ynst‚nsjes no eins ferantwurdlik binne foar it neistribjen fan dizze kearndoelen. Yn it foarumpetear docht bliken dat fersterking fan it Żnderwiis yn it Frysk as in goede saak sjoen wurdt , mar de mieningen binne ferdield oer hoe't dat krekt oanpakt wurde moat. Ek op dizze jŻn wurde wy konfrontearre mei in maatskiplike situaasje, dy't lykberjochtiging fan it Frysk opkeart. 

Kearndoelen. 
Yn de jierren '90 is der op beliedsnivo in protte omtinken foar de kwaliteit fan it (basis)Żnderwiis. Op 1-8-1993 wurde by 'Algemene Maatregel van Bestuur' de kearndoelen ynfierd . Yn de wet op it basisŻnderwiis wurdt oanjŻn, dat kearndoelen in beskriuwing jouwe fan kwaliteiten fan learlingen op it mÍd fan kennis, ynsjoch en feardichheden. Mei opset sin beheine de kearndoelen har ta dizze gebieten en falle nei te stribjen h‚ldingen by basisskoalbern der bŻten. Der wurdt fan ķtgien dat dizze kearndoelen diel ķtmeitsje fan de doelstellings mei it Żnderwiis fan de eigen skoalle. De ryksoerheid wol mei de kearndoelen in mienskiplike basis neistribje : wat bern minimaal kenne en kinne moatte of oars sein: wat minimaal yn it skoalprogramma oan de oarder komme moat. 
De kearndoelen fan '93 binne benammen op it lÍste rjochte . De skoalle hat de plicht om yn syn programma de kearndoelen nei te stribjen. Se jouwe rjochting oan it learplan. Dit wol net sizze dat alle bern de kearndoelen ek werklik berikke sille. 
De twadde generaasje kearndoelen, dy fan '98 , is der mear op rjochte dat de bern dizze doelen yn alle gefallen op 'e ein fan de basisskoalle ek behearskje sille. It giet der om de learlingen hifkje te kinnen. 
Fan it begjin Űf oan ha dizze beide opsjes de diskusje oer de kearndoelen Żndķdlik makke: skoaloanbod of behearsnivo. 

De kearndoelen Frysk
De kearndoelen Frysk binne spegele oan dy foar it Holl‚nsk. Dit betsjut dat de bern foar beide talen itselde minimum-nivo helje (kinne) moatte. By de kearndoelen wurdt dus ķtgien fan in twatalige situaasje, dÍr't beide talen lykberjochtige yn binne. Alle fjouwer taaldomeinen komme dan ek oan bod: ferstean, prate, lÍze en skriuwe. 
De Jong en Riemersma komme yn 1994 yn harren Żndersyk "Taalpeiling yn Frysl‚n" ta de konklķzje dat sawol de Frysk- as de Holl‚nsktalige learlingen yn Frysl‚n oan de ein fan de basisskoalle itselde nivo fan taalbehearsking yn de earste rykstaal berikke as de oare bern yn Nederl‚n. Wat de behearsking fan it Frysk oanbelanget helje de learlingen fan beide taalgroepen yn dat Żndersyk de kearndoelen lykwols net. 

Net helber
It foechhawwend gesach fan de de feriening foar Prot. Kristlik Underwiis yn Ljouwert/ Wurdum hat yn 1999 yn in brief dķdlik makke dat op har skoallen - benammen de stedsskoallen - de kearndoelen Frysk net te heljen binne . De folgjende arguminten wurde neamd:
1. Te min tiid ;
2. Foar in protte bern is it Frysk gjin memmetaal , mar in frjemde taal.
It Ljouwerter skoalbestjoer wol ta op in reduksje fan de kearndoelen Frysk nei it peil sa as dat jildt foar it Ingelsk op de basiskoalle: De bern wat fertroud meitsje mei it Ingelsk troch wat te dwaan oan ferstean en lÍzen. Gjin twatalichheid fan lykweardigens en lykberjochtiging dus. In gefaarlike stelling omdat it bestjoer (bewust of net) it politike st‚npunt ynnimt dat Ljouwert en Wurdum(!) net langer twatalige mienskippen binne: behearsking fan it Frysk is net langer nedich.
It Berie foar it Frysk hat Deputearre Steaten oer dizze kwestje advisearre. It Berie wol fÍsth‚lde oan de spegele kearndoelen Frysk as ķtgongspunt fan belied. Troch it jaan fan in tydlike Żntheffing kinne de skoallen besykje it Żnderwiis better yn oerienstimming te bringen mei de kearndoelen. Dus der net foar wei wine, mar emansipearje!
Dat soks dreech is hoecht hjir gjin ķtlis. Mar neffens my mei in grut tal net-frysktaligen (autochtoane en allochtoane) yn de klasse gjin argumint wÍze om it Frysk mar falle te litten. Sa gau as de bern op skoalle komme wurkje oan it ferstean kinnen fan it Frysk en oan in positive h‚lding foar it Frysk oer. 

It foarum
Weth‚lder H.J. de Haan fan Ljouwert en formeel foechhawwend gesach fan it iepenbier Żnderwiis yn de gemeente jout op dizze jŻn oan dat se mei respekt omgean wol mei de ferskillende st‚npunten. Klachten fan ‚lden oer it minne Frysk hawwe har net berikt. De learkrÍften wolle wol neffens har, mar wurde frustrearre troch de taalsituaasje yn de klassen. Neffens har keart de w‚l it skip: gjin twang!
GCO-direkteur R.Boersma fynt de spegeling fan de kearndoelen moai, mar it is neffens him net te realisearjen. Hy bepleitet om skoallen foar it Żnderwiis yn it Frysk finansjeel te beleanjen as se 'wat' fan de kearndoelen yn harren skoalplan opnommen ha en ek yn praktyk bringe:
- 1 pompeblÍd foar ferstean,
- 2 pompeblÍden foar ferstean en lÍzen,
- 3 pompeblÍden foar ferstean , lÍzen en praten en 
- 4 pompeblÍden foar ferstean, lÍzen, praten en skriuwen.
It ķtstel h‚ldt dus yn dat foar dit fak de ferantwurdlikheid folslein oerdroegen wurdt oan de skoalle. Demokratyske kontrŰle wurdt ferfongen troch sponsoring fan eigen inisjatyf. 
Ynspekteur basisŻnderwiis S. de Jong fynt dat it skoaloanbod foldwaan moat oan de kearndoelen. Hy wol dat de skoallen in differinsjearre taalbelied en taaldidaktyk Żntwikkelje: De doelen hoege net foar alle learlingen gelyk te wÍzen.

Wa is ferantwurdlik?
Yn it Nederl‚nske skoalsysteem binne de skoalbestjoeren (iepenbier en bysŻnder) yn it foarste plak juridysk ferantwurdlik foar it Żnderwiis. It ryk jout wetlike regels foar maatskiplik ferantwurde Żnderwiis. Ek de bysŻndere skoallen falle Żnder de wetlike easken fan it ryk as se subsydzje krije. De ynspekteur moat dat kontrolearje foar de minister en de Twadde Keamer hat it lÍste wurd. 
De provinsje hat gjin ynh‚ldlik foech op it mÍd fan it Żnderwiis. Wat it Żnderwiis yn it Frysk oanbelanget binne D.S. allinne ferantwurdlik foar it Żntheffingsbelied.

Moreel binne wy as ynwenners fan dizze rjochtssteat lykwols allegear ferantwurdlik: ‚lden, learkrÍften, skoalbestjoeren, Żnderwiisorganisaasjes, oerheid, tsjerken, bedriuwen............. . Allinne nimt eltsenien syn/har ferantwurdlikheid foar it Żnderwiis yn it Frysk of litte wy de (kulturele) diskriminaasje stikem syn gong gean; wetlike kearndoelen of net? 
De FFU sil besykje de earstferantwurdliken hjirop oan te sprekken. 

Th. Dykstra
Foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.

N.B. As jo noch gjin lid binne ? Skriuwerskip FFU, Pasteurwei 42, 8921 VR Ljouwert, til 058-2139235 

Email: redaksje@fryskebeweging.nl