Swingel Online   Swingel 3,  2000
  Ynhald
 
 

It Keltysk-Frysk Simmerkamp: in 'lijpe' wike

Ydwine Willemsma

Fan 21 oant 28 augustus wie it dan safier: it kamp soe begjinne. Nei in healjier fan hurd wurk, kreativiteit en sa no en dan frustraasjes koene we dochs fan start. De groep bestie śt 10 Friezen en 4 Ieren en noch 3 lieding (Doutsen Dykstra, Tialda Dykstra en ik). De Ieren krūpten wat nei elkoar ta yn it begjin mar dat luts hurd by.
De earste twa nachten sieten we op in skūtsje efter de jeugdherberch 'Oer 't Hout' yn Grou. Dit wie regele troch de jeugdherberch omdat se fol sieten. Wy hiene hjir gjin problemen mei; dan sitst gesellich byelkoar en it is fansels ek hiel spesjaal!
Tiisdei in dei nei Ljouwert. Nei in diskusje oer it takomstich Europa en śs rol deryn koene we lekker lunch yn de Prinsetśn. Dernei op nei de Aldehou om dy te beklimmen. Mei in foto-puzzeltocht koene de dielnimmers Ljouwert fierder ūntdekke. It ein wie by de Ierske pub sadat de Ieren ek it thśsgefoel krigen. Jūns de kroech yn en lekker dūnsje.
Woansdei op nei't Amelān mei in privee bus en de boat. De akkommodaasje op it Amelān wie wat minder as ferwachte. De eigner wie de grutste jutter fan it eilān en dat wie ek wol te sjen. Wyls de groep in aardich eintsje oant fytsen wie makken Doutsen en ik waarm iten klear. Foar guon fan 'e groep wie it ein fytsen noch net genōch; dy makken in rūntsje ekstra en krigen it iten dus ek wat letter (fierder yn 'e wike is dat 'ferdwinen' fan dy dielnimmers faker foarfallen dus dit wie gjin śtsūndering). Nei dat miel hiene we in nijsgjirrige diasearje oer it eilān en de walfiskfeart. 
Tongersdei alwer in drege fytsdei. Earst nei it Oerd wźr't we in talekursus krigen troch elkoar ferskes oan te learen. De Ierske dielnimmers learden śs it Ierske 'singing yn the rain' mei gebaren en al. Us ploegje koe in ferske oer fytsen. Hiel tapaslik omdat dat de oarsaak wie fan in soad kreten lykas "Oh, my ace" en dat soarte fan saken. Doe nei it oare ein fan it eilān om in kursus seefiskje op ālde wize te krijen. Allegear it wetter yn en mei stokken de fisken opjage. In hiele erfaring mei as resultaat ien fisk. Doe nei de kampearbuorkerij mei de wiete kont. Dit gie hiel wat hurder as hinnereis: foar de wyn is elts in hurdfytser! Nei in waarme douche en it drankspultsje 'kapitein Haak' de kroech yn en lekker dūnsje.
Freed wer op nei Grou. Middeis in kreative middei mei Doutsen en Ydwine (moat altyd goed komme) yn in skoallokaal. Elts koe har śtlibje mei allegear materiaal en makke har byld fan Fryslān. 
Sneon (alwer) fytse. In groepke gie nei boer Galama dy't in melkrobot hie. Ik gie mei in pear nei de architekt Rein Hofstra (slachtebrźge). Hjir krigen we in bakje kofje en krigen we in rūnlieding troch syn hūs. Middeis nei de Jouwer om it Nederlānsk kampioenskip Fierljeppen te sjen. Jūns gie de barbeque op de jeugdherberch der wol yn (nei 40 kilometer fytsen). Dernei efkes sliepe en dan feeste yn 'e Treemter.
Snein wie it waar net sa bźst (foar it earst dizze wike). Mei-elkoar binne we nei Frjentsjer west om it planetarium, de Bogt fen Guiné en it Sjūkelān te sjen. Yn 'e stromende rein binne werom gien en dweil troch wiet kamen we wer oan. Jūns de būnte jūn en feeste yn 'e Bierhalle. Om 4 oere waarden de Ieren ophelle troch Tialda mei in buske. Dy moasten om 7.30 oere fleane. Tialda gie sels in pear oeren letter fuort nei Australiė dat dźr moasten we ek direkt ōfskied fan nimme. In fijne tiid tawinske Tialda!
En moandei te moarn waarden de Fryske dielnimmers ien foar ien ophelle om lekker by te sliepen en te bekommen fan in drege wike mei fierstente min sliep. Oar jier in ferfolch yn Ierlān sa't it no stiet. It is altyd noch ōfwachtsjen mei dy Ieren........ Mar dit wie yn elts gefal in 'lijpe' wike sa't ien fan 'e (skaarske) mannelike dielnimmers sei. En dźr slśt ik my mar by oan.

Ydwine Willemsma



Email: redaksje@fryskebeweging.nl