Swingel Online   Swingel 3,  2000
  Ynhald
 
 

stikjes ûnder kopke 'reaktyf'. Piter de Groot yn petear + ús folksliet

Tony Feitsma

Pieter de Groot yn petear

Pieter de Groot is it net iens mei Rindert Straatsma. Rindert hat der okkerdeis beswier tsjin makke dat De Groot him yn ferbân brocht hie mei de aventoeren fan FRSK. No, dat is fansels slim brutaal fan Rindert, ek al hie der dan net it measte mei dat hiele FRSK te krijen. Rindert wie der ek noch op tsjin dat in blêd dat ûnder it kopke Fryske taalbefoardering subsidiearre waard, foar 40% yn it Hollânsk ferskine moast. En it alderslimste is noch dat Rindert de striid foar lykberjochtiging fan it Frysk net opjûn hat. Syn 'opfolgers' ha dat al lang dien en út dy har namme - en ek noch út namme fan de politisy - sprekt draachflakkundige Pieter de Groot syn banflok út oer Rindert Straatsma. Rindert moat him stilhâlde, dan sil Pieter foar ús allegearre wol it wurd dwaan.

Mar miskien mei ik dochs nochris hiel tuike-tuike-oan besykje om ek wat yn it fermidden del te lizzen. Der hat noch nea in goed ûndersyk west nei de fraach hoefolle nije Frysklêzers ot de F-side yn de LC en FD opsmiten hat. Hie it yn dy sitewaasje dan wol doel om in soartgelikens blêd as FRSK op 'e merk te bringen? De provinsje neamde dat taalbefoardering en hie der wol jild foar oer, mar net foar Frysk en Frij, dat sprekkend liket op it tydskrift fan nivo dat Pieter de Groot (en Rindert Straatsma en Piter Terpstra en Tony Feitsma en folle net genôch) sa graach ha wolle. Se koene by de provinsje it jild wol gram wêze, soe ús muoike wol sizze. At wy noris ôfpraten om it wurd taalbefoardering net te beheinen ta Piet de Jager syn draachflakferbreding en ferdivedaasjelektuer mar gewoan te brûken foar wat it betsjut, nammentlik it befoarderjen fan it Frysk op alderhande nivo's. Dan stiet de opfolgers fan Piet de Jager neat mear yn 'e wei om provinsjaal subsydzje te jaan oan in algemien Frysk blêd op nivo.

Ik soe dat graach wolle. Ik wit noch mar al te goed hoe't ús politisy (Piet de Jager c.s.) in pear jier lyn in gewoan goed Frysktalich blêd as Frysk en Frij fuortstimd ha. Dat wie net omdat it net mooglik wie om sa'n blêd yn stân te hâlden, al waard dat wol hyltyd rûnkrante, en al waard it de kommisje Fokke van der Ploeg oplein om net mei in blêd à la Frysk en Frij te kommen, en al wurdt der nei de ûndergong fan FRSK no ek al wer grute dat bliken dien hat dat in blêd à la Frysk en Frij net mooglik wie. Mei 't dat dus hielendal net bliken dien hat, wurdt it stadichoan tiid dar der wer in goed Frysk blêd komt, mei in fariearre ynhâld en in profesjonele redaksje. Ek it begeliedend merkûndersyk soe wat profesjoneler kinne as by de F-side en FRSK kwa fraachstelling en doelstelling. Dy doelstelling soe yn Fryslân faaks dochs wat saakliker kinne as by Pieter de Groot, en dan soene wy út syn sabeare dwerse kolommen faaks wat bestekliker lûden en wat minder skril getrompetter te hearren krije.

Tony Feitsma

(foar in part earder publisearre yn LC as ynstjoerd stik)


 Email: redaksje@fryskebeweging.nl