Swingel Online   Swingel 4,  2000
  Ynhald
 
 

Fan būten ōf besjoen

Hans Weijer


FNP wenst regels voor gebruik Fries 
In kop yn de Ljouwerter, dy't my tink net allinnich opfoel. Ik tocht: "Dy binne der dochs al?"
Hawar, dochs mar efkes lźze. In stikje, bźste minsken, om wier muoilik fan te wurden. 
Per gemeente fźstlizze wannear't nije ynkommelingen achte wurde it Frysk ferstean te kinnen.
De iene gemeente is ommers de oare net. Nee, dank je de koekoek en wat tochten jo fan in gemeente as Smellingerlān mei plakken as Drachten, Nyegea en Rottefalle om mar ris in sydpaad te neamen. En wat fan de iene en de oare minske?!
Koartsein, in 'flut' idee; gau ferjitte!! Of soe de FNP yn 'it jier fan Maxima' as doel hawwe om de wjerstān tsjin it Frysk te maksimalisearjen.

Jou better guon bestjoerders in kursus yn sosjale feardichheden. Wat oars is fansels, dat in net-Frysktalige ek sizze kin: "Ik heb dit niet begrepen, kunt u dat verduidelijken?". Dat komt wat better oer as: "Kan het ook in het Nederlands?". De 'Ates' en de 'Marloezen' mar mei-elkoar op kursus liket my en doch dan de 'Aalsens' der om my ek mar by.

Ien noardlike provinsje?
Kwisfraach: Neam trije provinsjes yn Nederlān mei in dśdlik eigen identiteit?
Wat in sleauwe fraach! Dat binne fansels: Groningen, Drenthe en Fryslān, sil elkenien sizze.
Doe wie der in Keamerlid, dy't doe't de dage oer de loft gie begūn te kraaien: In nije ieu, in nije dei, ien nije noardlike provinsje!.
De wrāld hold de siken, de dize luts op en it Noarden siet op de kast.
De Kommissaris dy't it tichts by syn pensjoen sit, in āld-minister fan definsje, gong daliks yn it definsyf. Foar Omrop Drinte sei er it in flutidee te finen om krekt fan dizze trije provinsjes, mei har eigenheden en elk in eigen taal, ien nije provinsje te meitsjen. Enerzjyfergriemen sei er. Gearwurkjen kin it mei ta.
De oare beide, wat jongere, Kommissarissen hawwe net sa bot reagearre, faaks rūke se harren kāns: Underkening fan it Noorden des Lands 
Der waard fansels wer skreaun en wreaun. Radio en televyzje heakken der op yn. Folle net genōch.
Soe it trouwens goed wźze foar it Frysk?
Perfoarst net, mar ek net foar it Drints en it Grinslanners.
En dat, Pieter de Groot, hat neat mei fijānsbylden te krijen, mar mei de praktyk. Nammentlik dat it Frysk dan śt it bestjoersdomein ferdwynt, wol ferdwine moat, of der moat mei tolken wurke wurde.
Faaks soene der ekonomysk foardielen te beheljen wźze. Ja, faaks al, mar it libben is mear as ekonomy allinnich!

Hāns J. Weijer

Email: redaksje@fryskebeweging.nl