Swingel Online   Swingel 4,  2000
  Ynhald
 
 

Ferskynd: Frieslands oudheid

Hans Weijer

Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang
fan Dr. He(rre) Halbertsma, besoarge fan prof. E.H.P. Cordfunke en drs. Herbert Sarfatij.

It mānske, moai bylkjende, boekwurk is in yngeande bewurking fan it proefskrift mei deselde namme dźr't Halbertsma yn 1982 op promovearre is. De ynhāld is by de tiid brocht troch tal fan feroarings oan te bringen, wylst Halbertsma guon parten, benammen dy oer de tsjerke-opgravings yn Grins, Bedum en Utert, op 'e nij skreaun hat. 
It wurk is foarsjoen fan in protte yllustraasjes en kaartsjes, in wiidweidige bibliografy en twa wiidweidige registers, ien op geografyske nammen en ien op persoansnammen.

No gaadlik foar in gruttere groep fan lźzers mei niget oan skiednis en dan benammen oan dy fan de earste 1000 jier fan it Fryske gebiet fan it Swin oant de Weser fan de prehistoarje ōf oant yn de midsieuwen. Foar wa't noch djipper dolle wol, sil yn de bibliografy en yn it grutte tal noaten efteryn it boek, it paad grif witte te finen.

Halbertsma, dy't yn 1920 yn Snits berne is, is yn 1949 yn Grins ōfstudearre yn midsieuske skiednis, mei as byfakken argeology en Aldfrysk. Om't er de loyaliteitsferklearring as studint net tekenje woe hat er yn 'e oarloch skoften ūnderdūkt west.
Nei syn pensjonearring yn 1985 as ūnderdirekteur fan de Rijksdienst voor Oudheidkundig Bodemonderzoek hat er de bewurking fan syn proefskrift folśt oppakt. De publikaasje fan dit boekwurk hat Halbertsma net mear meimeitsje mocht. Hy ferstoar op 3 desimber 1998.

It boek is ferdield yn trije dielen, folge troch in epilooch en in Ingelske gearfetting:
Diel I De Friezen in de vroeg-Romeinse tijd
Te begjinnen mei de Friezen en de Frisiavonen, komme wy fia de Germanen, it Castellum Flevum (Velsen), de lānseigen folken yn de delta, Drusus, de striid oan de rivier de Eems, Corbulo, by Veritus en Malorix en harren reis nei it Rome fan keizer Nero.
Diel II Friesland in de middeleeuwen: het deel aan deze zijde van de (Oude) Rijn (Frisia citerior)
Nei in beskriuwing fan de sitewaasje yn de sśdlike kuststreek mei Flamingen, Antwerpenaren, Friezen en Sieuwen, folget it keningstiidrek mei de keningen Aldgisl en Radbod, de striid mei de Franken om de macht, it ferliezen, weromwinnen en śteinlik dochs kwyt reitsjen fan dat gebiet oan de Franken en it evangelisearjen. Fierder in wiidweidige beskriuwing fan de ferhāldingen yn de oanswettende gebieten.
Diel III Aan de overzijde van de (Oude) Rijn, Fresia ulterior: Friesland
Fan de grinzen fan it Frankyske Ryk, Westergoa en Eastergoa, giet it fia Willibrord, kening Radboud, Bonifacius, Dokkum, Willehad, Taventeri(Dimter) en Liudger nei de bline Bernlef.
Epilooch
Dźr wurdt feitlik in gearfetsjend histoarysk oersjoch fan de beskreaune perioade jūn. 

Guon fan syn mienings binne tige nijsgjirrich, mei om't se net troch alle deskundigen dield wurde. Halbertsma giet der bygelyks fan śt:
* Dat Gerulf, de stamheit fan it Hollānske grevehūs, fan Westergoa komt.
* Dat Fryslān yn dy perioade ien oaniensletten keninkryk west hat, dat rūn fan it Swin op 'e grins mei Belgiė oant de Weser.
* Dat in net ūnderbrutsen tradysje de prehistoaryske 'Friezen' yn West-Fryslān en it Frysk - Grinslānske kustgebiet fia de Friezen fan Tacitus en dy fan Radboud ferbynt mei de Friezen fan no, in tradysje droegen fan ien trochgeande line fan - Fryske - slachten.
* Dat it beskreaune Fryske keninkryk eins as in begjin fan de Nederlānske steat beskōge wurde kin.

Al mei al in boek, dat tige de muoite fan it lźzen wurdich is, ynsjoch jout yn dy perioade fan de skiednis fan Fryslān en foar in grut part ek fan it gebiet fan it hjoeddeiske Nederlān.
Boppedat is it, mei troch alles wat de auteur der omhinne ferteld, goed lźsber. 
Fierder is it tige tagonklik makke en dźrom goed as neislachwurk te brūken. It boek is ynbūn en fan in prachtich omkaft foarsjoen. It formaat is 220 x 280. It tal siden 406.

It boek waard makke yn gearwurking mei SCHI, de Stichting Centrum Historische Instellingen mei stipe fan in grut tal ynstellings en is śtjūn by Uitgeverij Matrijs yn Utert. ISBN nūmer 90 5345 1676.
De priis is oant 1 july 2001 f. 69,90; dźrnei f. 79,90.

Hāns J. Weijer 


Email: redaksje@fryskebeweging.nl