Swingel Online  Swingel 4,  2000
  Ynhald
 
 

Frysk yn gearkomsten

Arjen Versloot

In setsje lyn ûntstie wat opskuor yn de gemeente Dongeradiel, doe't wethâlder Oosterhof net yngean woe op in fersyk om op it Nederlânsk oer te skeakeljen yn in gearkomste. Dêr is yntusken genôch oer sein. Troch dat foarfal waard noch al ris dúdlik makke dat yn in twatalige provinsje de taalkar in punt fan diskusje wêze kin. En dat is op himsels winst. It is blykber langer net fanselssprekkend dat Frysktaligen har yn publike gearkomsten altyd ferbrekke moatte. Oosterhof waard letter al op 'e fingers tikke troch in gemeentlike klachtekommisje, mar dat gie net sasear oer it brûken fan it Frysk as wol oer syn presintaasje.

Foar de Ried rekket dit ien fan de kearnpunten fan ús taak en doelstelling, nammentlik de lykberjochtiging fan Frysk en Nederlânsk yn ús provinsje. Fan de Wurkgroep Topografyske Nammen út - dy't yn dit gefal efkes in Wurkgroep Frysk yn Gearkomsten wurden is - binne prikken yn it wurk setten om dit struktureel oan te pakken. It like ús handich as eltsenien yn Fryslân sa'n bytsje wite soe wat jins rjochten binne. En dat minsken dy't geregeldwei gearkomsten foarsitte soks goed foar it ferstân hawwe en wite hoe't se, as de taalkar as probleem steld wurdt, dêrmei omgean moatte, mei respekt foar elk syn rjochten en winsken en sûnder ûnnedige emoasjes op te roppen.

Wy wurkje dêrom oan in lytse brosjuere, dêr't dy saken yn it koart op in rychje set wurde. It befettet aansen in koart oersjoch fan de útgongspunten, rjochten en prinsipes dêr't wy hjir yn Fryslân sa'n bytsje fan útgean kinne. Faaks noch wichtiger is it twadde part fan it struiblêd dêr't konkrete oanrekommandaasjes yn steane foar as ien de fraach stelt "kan dit ook in het Nederlands?" Wat moat in foarsitter dan, hoe heine jo soks op? Sintraal sille stean it respekt foar inoars persoan, it rjocht om Frysk te praten, likegoed as Nederlânsk en de wil om te kommunisearjen.

Sa'n struiblêd moat uteraard ferspraat wurde. In earder produkt fan ús wurkgroep, de Standertlist fan plaknammen yn Fryslân, hat syn paad aardich fûn en wurdt op in soad redaksjes en siktariaten wol brûkt fernimme wy al. Sa moat it hjirmei ek wurde. Wy binne yn kontakt mei in oare organisaasje yn Fryslân om dit goed publikelik bekend te meitsjen en dêr omtinken foar te freegjen. Dat sil nei alle gedachten likernôch ein april/begjin maaie wurde. Wy hâlde jo op 'e hichte. As it goed is hat tenei elke foarsitter ús struiblêd yn syn festjebûse.

Arjen Versloot
wurkgroep topografyske nammen.

Email: redaksje@fryskebeweging.nl