Swingel Online   Swingel 4,  2000
  Ynhald
 
 

Dūbeldjerre, in spektakulźr muzykteater.

Boarne: Frysk Museum

NIJLAN - It muzykteater 'Dūbeldjerre', dat fan 20 oant en mei 22 april dit jier śtfierd wurde sil yn Nijlān, hat fan de Provinsje Fryslān in subsydzje tasein krigen fan ƒ 20.000,--. Earder al hie ek de gemeente Wymbritseradiel ƒ 10.000,- subsydzje tasein foar dit bysūndere spektakel, dat ūnder de ferantwurdlikheid fan de Stifting AAIPOP holden wurde sil.
De begrutting fan Dūbeldjerre giet oer de ƒ 120.000,- hinne de dźrfan nimt AAIPOP sels ek in grut part foar syn rekken. Foar it oare sil de begrutting rūn makke wurde mei de kaartferkeap, sponsoaren en subsydzjes fan oare fūnsen.

'Dūbeldjerre' is in spektakulźr muzykteater, dat betocht is troch Pieter Stellingwerf, ūnder oaren bekend fan SULT, en de Warkumer keunstner Henk de Boer fan de De Paupers.
It Frysktalige stik, wźryn't teater en muzyk, mar ek fideobylden ferwurke wurde sille, lit in mooglike takomst sjen. Stroom is op 'e bon, de enerzjyfoarsjenning yn hannen fan in de lytse groepke mei oan it haad de ūnberikbere Megawatt.
De kofjesetter is it ienige elektryske apparaat dat noch oer is en mar in pear oeren deis krije minsken stroom levere. It hiele libben is bot regulearre yn in soarte fa 'Big Brother-sfear' en dat wurdt yn ien gesin bot op 'e kop set as in omke 'fan būten' op besite komt.
In stik dus mei in knypeach, mar miskien ek wol mei in earnstige boaiem. Muzikaal wurdt dan ek noch in stikje skiednis fan AAIPOP deryn ferwurke. Ien fan de haadrollen yn 'Dūbeldjerre' is foar Jan Tekstra, de sjonger en komponist fan Heech.
De repetysjes binne śtein set en meikoarten sille ek de earste fideo-opnamen plakfine.

De stifting AAIPOP hat Pieter Stellingwerf en Henk de Boer de opdracht jūn dit muzykteater te 
Jacobus Sibrandi Macadan yn it Frysk Museum

Ljouwert - It Frysk Museum presintearret oan 't 8 april in seleksje fan de lānskippen fan Jacobus Sibrandi Mancadan (1602 - 1680). De wurken binne foar in part topstikken śt de eigen kolleksje en foar part liend fan ferskate musea śt binnen- en būtenlān. De yn Minnertsgea berne Mancadan wurdt beskōge as grutste Fryske lānskipsskilder śt de Gouden Ieu. Fan syn libben is net in soad bekend.

Jacobus Mancadan is benammen ferneamd fanwege syn berchlānskippen mei dźrop faak hoeders, rotspartijen, fee en ruļnes dy 't tinken dogge oan de Romeinske tiid..
Neist dizze Italianisearre lānskippen, skildere Mancadan ek Skandinavyske en Nederlānske lānskippen. Hy brūkte dźrby meast brune, grize en giele tinten, felle kleuren gie er śt 'e wei. De skilderijen fan Mancadan hawwe gjin hoarizon. Oangeande de kleurstelling en komposysje fertoand it wurk fan Mancadan in soad oerienkomsten mei dat fan in groep keunstners dy 't yn it begjin fan de 17e ieu yn en om Haarlim aktyf wiene. By dizze groep hearre ūnder oaren Jan van Goyen (1596-1656) en Salamon van Ryusdaal (1603-1670) 

It hat alle wierskyn dat Jacobus Sibrandi Mancadan sels nea yn Itaalje west hat. Hy helle syn kennis oer Itaalje dus earne oars wei. Nei alle gedachten hat er in soad wurk sjoen fan tiidgenoaten lykas Cornelis van Poelenburch en Bartholomeus Breenberg, dy 't beide in tal jierren yn Itaalje wenne hawwe. Fierder wiene der yn de 17e ieu in soad printen yn omgong mei ōfbyldingen fan klassike ruļnes. Wat Skandinaviė oanbelanget wie Mancadan beynfloede troch it wurk fan Allaert van Everdingen (1621-1675), de ienige Hollānske keunstner dy 't yn de 17e ieu in reis nei Sweden en Noarwegen makke. By de śtstalling yn it Frysk Museum binne tal fan printen te sjen dy 't it wurk fan Mancadan beynfloede hawwe.

Jacobus Sibrandi Mancadan wie in ryk man. Fan 1637 oan 't 1639 wie hy boargemaster fan Frjentsjer. Syn ynkomsten krige hy benammen śt ūnreplik guod. Ut syn testamint blykt dat Macadan rūnom yn Fryslān besittings hie.

Boarne: Frysk Museum

Email: redaksje@fryskebeweging.nl