Meer Frysk Online   Swingel 5,  2001
  Ynhald
 
 

Fuen kongres


De Ried fan de Fryske Beweging is der tige wiis mei dat it 46e Kongres fan de FUEN yn Frysl‚n h‚lden wurdt. Eins hie it ferline jier hjir plak fine moatten. Doe wie it krekt 50 jier lyn dat it FUEN foar it earst yn Frysl‚n by elkoar kaam. De direkteur fan de Fryske Akademy, Willem Kok, hat in rede h‚lden oer de rjochten fan de minderheidstalen. DÍr wie it doe net bÍst mei steld. Eins kinne jo wol sizze dat der hielendal noch gjin formele rjochten yn wetten fÍstlein wiene. DÍrom waard der yn in rťsolķsje fÍstlein dat: Every people has a right in principle to keep and fortify its own culture, and notably the most essential part of it: its language.

besocht de krÍften fan safolle mooglik organisaasjes te keppeljen dy't foarhinne wolris los neist elkoar wurken en dÍrtroch ek wolris by elkoar l‚ns wurken om mar net te sizzen dat se elkoar ek somtiden tsjin wurken. Dat foel net altyd ta want de Bewegers hiene al in skiednis fan sa'n lytse 150 jier efter har. En Bewegers binne net altyd de maklikste minsken, oars wiene se ommers ek gjin Beweger wurden. Hja hiene har sels de taak steld om mear rjochten foar de eigen taal en kultuer te beskreppen. Ek hjoed-de-dei spilet dat noch mei: Bewegers wurde sjoen as drammers, trochdriuwers en folje mar oan.

Dochs ha al dy drammers wol wat berikt. Yn 1950 hie der noch gjin Kneppelfreed west. Der wie noch gjin plak foar it Frysk by de rjochtbank. Yn skoalle waard fan jo ferwachte dat jo jo Fryske jaske ķtdiene en by de bestjoerders fan de provinsje en de gemeenten wie it Frysk noch amper yn tel. 

Dat is no wol oars: eltsenien kin no rÍstich Frysk prate by de rjochter. Wy ha dat allegearre kreas yn wetten fÍstlein. Wy ha in provinsjebestjoer dat safolle mooglik it brŻken fan it Frysk oanmoediget en yn de skoallen wurdt it Frysk gjin strie yn 'e wei lein. De hiele dei ha wy Fryske radio en de Fryske tillevyzje kriget stadichoan mear stjoertiid. 

Wy ha in Fryske Akademy dÍr't wy wiis mei binne. Der is in berie foar it Frysk, in Frysk Letterkundich Museum en in AFUK en gean sa mar troch. Dat de kranten skytende benauwd binne om wat mear Frysk te brŻken moatte wy ķs positive gefoel mar eefkes net troch bedjerre litte.


Der sille no minsken wÍze dy't tinke: dat is moai, no kin de Ried fan de Fryske Beweging himsels wol opdoeke. It doel is berikt: de lykberjochtiging fan it Frysk yn Frysl‚n is berikt. De foarsitter fan de Ried sil no wol oankundigje wannear't it opheffingsfeest wÍze sil. Oaren sille sizze: werom hat dy man him in moanne lyn noch ta foarsitter kieze litten? It wurk is ommers dien?

It leit justjes oars. Mei syn allen ha wy yn Frysl‚n hiel wat beskrept foar it Frysk: formeel-juridysk is de saak goed regele, mar ... en dÍr sieten jimme al op te wachtsjen: de tafel is klear, it iten stiet klear mar net eltsenien wol ite. Wettelijke regeling is ien ding mar tapasse is wat oars. In h‚lding lit him net Űftwinge. Of sa as ik in kear lies: "Legislation cannot make mores". Jo meie hoed-de-dei by de rjochter Frysk prate mar de minsken dogge it net of moat ik sizze noch net. It Frysk hat wettelijk wol alle k‚nsen yn de skoallen mar de minsken yn de skoallen gripe dy k‚nsen net of noch net. Ut in Żndersyk dat wy dien ha op skoallen foar fuortset Żnderwiis blykt dat folle mear bern fan harsels sizze dat se Frysk lÍze en skriuwe kinne as it gemiddelde fan de Frsyke befolking. 74% seit dat er Frysk lÍze kin wylst dat by de hiele Fryske befolking mar 62% is en 37% seit dat er Frysk skriuwe kin dat is 20% mear as de Fryske befolking yn syn gehiel. As jo it sa besjogge dan kin deputearre Mulder him gelokkich fiele want it giet de goede kant op. Mar ķt it selde Żndersyk docht ek bliken dat mar 40% fan de bern op de troch ķs Żndersochte skoallen it Frysk fan heit en mem praten leare wylst dat dat foar de hiele Fryske befolking noch 52% wie. Tolve persint fan de (Frysktalige) jonge ‚lden miene dat se har bern tekoart dogge as se dy Frysk leare en stappe dÍrom mar oer op it Holl‚nsk. Ik meitsje my dÍr folle mear soargen oer as it feit dat der mar sa'n bytsje Friezen it Frysk skriuwe kinne. Neidat 500 jier lyn it Frysk as skriuwtaal min of te mear ferdwŻn koe it Frysk him handhavenje trochdat de ‚lden Frysk tsjin har bern praten bleaune. As de ‚lden it sitte litte dan siet it tige faai mei in taal. Ik soe graach wolle dat de Friezen wat better lettere wiene yn har eigen taal mar noch lezver soe ik ha dat it mŻnlinge brŻken fan it Frysk yn alle fermiddens en dus ek op de skoallen by alle lessen hiel gewoan wÍze soe. Friezen switsje noch hieltyd as se mar ien Holl‚nskprater yn de omjouwing rŻke. Dat sit djip yn it gemoed fan de Friezen. Guon psychologen sizze dat it komt omdat men der by hearre wol, in minsken wol net tefolle opfalle en net bŻten de groep stean.

It provinsjebestjoer hat keazen foar draagflakferbreding foar it Frysk. De Ried is it dÍrmei iens. Net omdat alle managementgoeroes dat tsjintwurdich preekje mar deagewoan omdat in h‚lding foar it Frysk
oer net oplein of Űftwongen wurde kin. Minsken moatte foar har sels oertsjŻge wÍze dat it goed is om safolle mooglik Frysk te brŻken. Der mei gjin diktatuer hearskje as it om Frysk giet. DÍrom nochris: Legislation cannot make mores. 


Foar de Ried fan de Fryske Beweging betsjut dit dat de Ried sykje moat nei mooglikheden om safolle mooglik minsken en organisaasjes te mobilisearjen dy't ree binne om mei te wurkjen oan dy daarchflakferbreding. DÍrmei sil de Ried him net rjochtsje moatte tsjin Frysktaligen dy't it yn har eagen net goed dogge, om har in warskŰgjend fingerke sjen te litten, mar dy lju oanmoedigjen dy't har foar it Frysk ynsette wolle. Itselde kin sein wurde foar de Holl‚nsktaligen. De Ried moat net in soarte fan fij‚nsbyld nei de Holl‚nsktaligen skeppe, mar krekt deselden dy't har ynteressearje foar it Frysk, stypje en helpe yn plak fan har ķt te laitsjen en te ferbetterjen as hja har foarsichtich oan it Frysk weagje. 

Foar de kommende jierren sil de Ried fan de Fryske Beweging wer mei klam it platfoarm of foarum wurde moatte foar it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk, dÍr't alle organisaasjes dy't har op dit mÍd dwaande h‚lde har belied op elkoar Űstimme kinne en mei elkoar plannen foar de takomst meitsje kinne. As dÍrta in werstruktuerearing fan de Ried needsaaklik is dan is dat wat it deistich bestjoer fan de Ried oanbelanget, besprekber.
Wy hoopje op dit kongres de nedige ynspiraasje en stipe te krijen foar ķs wurk en wy hoopje dat soks ek foar jimme jildt.

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl