Navigaasje
Swingel Online   Swingel 5,  2001
  Ynhald
  

Wat is der oan de hÔn mei de Bestjoers˘fspraak?

Jabik van der Bij


It hinget swier yn it kr˙s mei de nije Bestjoers˘fspraak. Yn 1989 is de earste ˘fspraak tusken it Ryk en de provinsje FryslÔn űndertekene. It wie in earste ˘frűning fan it rapport Fan Geunst nei Rjocht. Wat der fŕstlein waard wie noch o sa hoeden. It koste it Ryk net al te folle jild en yn Den Haach hiene se it gefoel dat se dŕrmei ˘fskiedingsgefoelens yn FryslÔn de kop yndrukt hiene. Yn 1993 kaam der in bystelling fan de ˘fspraak, mar tagelyk seach elts en ien oankommen dat yn it ramt fan it űndertekenjen fan it HÔnfŕst der in nije Bestjoers˘fspraak makke wurde moast. Doe't it HÔnfŕst yn 1998 yn wurking kaam moast de Ôlde Bestjoers˘fspraak op 'e nij oanpakt wurde, omdat dŕryn in tal bepalingen ˙t it HÔnfŕst foar FryslÔn jildingskrŕft krigen. Fan dat momint ˘f is der praat wurden tusken Ljouwert en Den Haach oer in nije bestjoers˘fspraak. Trije jier hat it no duorre en ˙t de ferhalen mei men opmeitsje dat hy no klear is foar űndertekening yn juny fan dit jier. 

Wat my opfalt en wat ik net fan dizze tiid fyn is de geheimsinnichheid dy't der no om dizze bestjoers˘fspraak hinget. Der is yn it ferline wolris mei organisaasjes praat oer winsken dy't der libje en dy't eins yn de nije bestjoers˘fspraak meinommen wurde moatte soene, mar wat der no krekt yn komt dat meie wy skynber net witte. Oan juny ta moat it geheim bliuwe. It skynt dat de űnderhannelings dreech west ha en it Kolleezje fan Deputearren docht it foarkommen dat se der hiel wat ˙tsleept ha. Ein maaie wurdt it resultaat yn in besletten gearkomste foarlein oan de Steaten. Ik freegje my ˘f wŕrom't it noch foarlein wurdt as der neat mear feroare wurde kin oan de tekst omdat oars it hiele űnderhannelings-sirkus wer op 'e nij begjint. Polityk sjoen sille de Deputearren wol soarge ha dat in mearderheid yn de Steaten in soarte fan mandaat oan it Kolleezje ferlient, mar wŕrom is dy poppekast nedich as de gewoane boarger der bűten litten wurdt en net witte mei wat der bepraat wurdt? As der yn de Steaten al minsken binne dy't wat feroare ha wolle dan kinne se mei har opmerkings gjin kant ˙t. It wurdt foar kundskip oannommen. Spitich no't dit Kolleezje krekt mikt op draachflakferbreding, sa as hja it sels neame. Wie der dan net wat foar te sizzen west om in soarte fan űnderhannelingsynset mei de Fryske organisaasjes oerien te kommen en dŕrmei op stap te gean?

Jo krije sterk it gefoel dat wy hjir yn FryslÔn wer op 'e knibbels nei Den Haach ta moatte en dat de meast normale dingen foar de helsdoarren weihelle wurde moatte. It Kolleezje wurket der op dizze manier oan mei dat dit soarte fan gefoelens oproppen wurde. Kinne wy hjir sels net bepale hoe't wy mei ˙s taal en kultuer omspringe wolle? Ik mei net witte wat der yn de nije bestjoers˘fspraak stiet, mar it stiet al hast fŕst dat as it om it jild giet, der wer tige knypt wurdt. Skoallen sille it Frysk mar ˙t de frije romte helje moatte en Omrop FryslÔn kin wol mei folle minder jild ta as lanlike stjoerders. Soksoarte opmerkings komme al gau by jo boppe as it gehiel mei safolle geheimsinnigens om en ta giet. Ik krij boppedat it gefoel dat de piid der wat ˙t is by de Steaten. Yn de tiid fan It Tuskenrapport en Fan Geunst nei Rjocht hiene jo it gefoel dat it de Steaten mienens wie mei it Frysk. It is krekt as wurde se wat wurch op it Provinsjehűs as it om it Frysk giet. Jo moatte ˙s regear net te bot lŕstich falle en foaral net te drammerich wŕze as it om it Frysk giet. Wy moatte it byld oerein hÔlde dat wy hjir hiel goedwollende boargers binne en ˙s skikke wolle yn it lÔnsbestel. It past ˙s net om mei de fűst op de tafel te slaan, wat meie de minsken yn HollÔn dan wol net fan ˙s tinke? Wy moatte se dŕr net te hurd falle want wy moatte ek noch in sweeftrein ha en de de Langmanjilden moatte net yn gefaar komme. Wat dat oanbelanget binne de minsken yn it Kolleezje dochs echte Friezen, ridlike minsken dy't wol om lyk wolle.

De Bestjoers˘fspraak: in earste yndruk.
Doe't ik myn stikje "Wat is der oan de hÔn mei de Bestjoers˘fspraak" skreaun hie, die bliken dat se by Omrop FryslÔn wiidweidich praten oer it jild by de Bestjoers˘fspraak. My tinkt dan mei ik der ek wol wat fan sizze. Dochs stjoert it provinsjebestjoer it stik nei de Steaten mei de opmerking dat der oant 5 juny noch in embargo op de tekst leit. It kolleezje fynt it lykwols fan belang dat foar de űndertekening de kommisje har advys jaan kin oer de tekst. Der wurdt net sein wat der dien wurde kin mei sa'n advys. No't ik it dochs op de ien of oare manier yn de hannen krigen ha wol ik net neilitte om in earste yndruk te jaan. It kin noch krekt.
Tige steurend is de gűlderige brief dy't de amtners der as oanbiedingsbrief by dien ha. O o wat ha se it dreech hÔn dŕr yn Den Haach. Gjinien hie ynteresse en se woene eins neat. En dan ek noch sykte yn de eigen gelederen wŕrtroch it allegearre noch stadiger gong. As provinsjebestjoer soe ik my deaskamje dat der sa'n brief bydien wurdt. As men mei sa'n ynstelling nei Den Haach giet dan ha jo yn elts gefal de earste slach al ferlern. Want de slach is neffens my ferlern. Ik kom der straks op werom as it om it jild giet.

By in earste kear trochlŕzen makket it stik net in ferkearde yndruk op jo. De taal is tige amtlik mar wa 't dat op 'e keap tanimt hat it gefoel dat de beide partijen it wol goed miene mei it Frysk en it fernuvert jo sels in bytsje dat se dŕr sa folle jierren foar nedich hiene. It is hjir en dŕr in lyts stapke fierder as eardere ˘fspraken en it binne gjin ierdferskowings. 
De "considerans" set de toan. Der sil in romhertich belied fierd wurde om de Fryske taal en kultuer yn stÔn te hÔlden en te befoarderjen. It Frysk moat yn fergeliking mei it HollÔnsk in gelikense kÔns krije om him te űntjaan. Ryk en provinsje binne harren bewust dat dŕrta de nedige betingsten skept wurde moatte en wolle dŕrta jild beskikber stelle. Dat wie yn de foarige ˘fspraak ek al it gefal. Hjir en dŕr binne der wat nije űnderwerpen by kommen. Sa is de foarskoalse bernetiid foar it earst opnommen en wurdt der wat mear sein oer it beropsűnderwiis en wurdt ek de űnderwiisűndersteuning neamd. Nij binne de paragrafen oer it "economisch en sociaal leven" en "grensoverschrijdende uitwisselingen". 

De toan is dus freonlik en o sa yn 'e mjitte kommend. Mar it giet ˙teinliks net om de moaie folsinnen, it papier is wol geduldich. Hoefolle jild komt der op it kleed om it Frysk in selde kÔns as it HollÔnsk te jaan? Dan falt it bot ˘f. De strukturele bijdrage fan it Ryk bliuwt op in heal miljoen hingjen en 3,5 ton is ynsidenteel. Dat kin dan letter sa gau mooglik wer fuortbesunige wurde. Yn ferhÔlding dŕrmei taast de provinsje dan noch djip yn 'e bűse mei har krapoan 2 miljoen. Mar dŕrmei kinne jo net wat feroarje yn it űnderwiis fan berne-opfang oant it heger űnderwiis en fan media oant de kulturele foarsjennings. 

In oare kear wol ik in berekkening jaan foar wat der allinne al foar it űnderwiis nedich wŕze soe. Ik kin my yntinke dat al dy djoere űndertekeners yn Den Haach (sÔn ministers en steatssekretarissen) har de bűsen ˙t skuorre doe't se de Friezen ˘fsÔlte hiene mei dit foaike.

Jaap van der Bij

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl