Meer Frysk Online   Swingel 5, 2001
  Ynhald
 
 

Fan būten ōf besjoen

Hāns J. Weijer

De namme 'Ried fan de Fryske Beweging'
"What's in a name", liet Shakespeare Julia tsjin Romeo sizze; no, lźs mar ris. Wźr't men ek komt, de namme Fryske Beweging ropt negative reäksjes en soms sels wjeraksel op. By de ien binne dat gedachten oan de hālding fan guon foarmannen fan de Fryske Beweging yn de Twadde Wrāldoarloch. By in oarenien binne it de plaknamme-aksjes of witwat foar aksjes. Giet men dan yn op wat de Ried no eins is en wat se docht, dan moatte fierwei de measten tajaan, dat se fan dat alles neat wisten.
Tagelyk jouwe se dan - al wat skytskoarjend - ta, dat in organisaasje as de Ried syn nut hat en in protte goede dingen ta stān brocht hat of yn gong set hat.
Lykwols de Ried leit no ienris op in minne namme en liket dy mar net kwytreitsje te kinnen.

Wat te dwaan? 
'Image' ferbetterje wurdt dan sein.
No, by myn witten is de Ried dźr al jierren mei dwaande, lykwols sūnder resultaat dat makket.
It tal stipers en tientsjeleden sit net folle foarśtgong yn; de beskikberheid foar wurk yn bestjoer, kommisjes en sa hāldt net oer. 
It is meast deselde lytse groep minsken, dy't al it wurk fersette moat.

Wat noch mear dan?
De namme, ik tink dat it net kin sūnder ek de namme te feroarjen. Fakernōch - ek troch my - is dy gedachte al utere. Mar yn Riedsfermidden is it ferwurdzjen fan sokke gedachten as flokken ūnder de preek fan in dūmny, alteast sa komt it by my oer. No sil in feroaring fan de namme allinnich, tink ek net alle problemen oplosse, mar it liket my yn alle gefallen in goed begjin ta.

Hokker namme dan al?!
Ik sil earst ris in omskriuwing jaan fan de Ried. De Ried fan de Fryske Beweging is in organisaasje, dźr't ūnderskate Fryske organisaasjes diel oan hawwe, yn dat ferbān by elkoar komme en dan oerlizze oer alle saken dy't my Fryslān en it Frysk te krijen hawwe. 
As ik dźr no de wurden 'oerlizze', 'organisaasjes' en 'Frysk' ris śthelje en eefkes apart set, dan haw ik neffens my de kearnwurden yn de omskriuwing te pakken. Wat te sizzen dan fan: 'Oerlis Fryske organisaasjes'. 
Koartsein it 'OFRO'.

Hāns J. Weijer


 Email: redaksje@fryskebeweging.nl