Navigaasje
Swingel Online   Swingel 5, 2001
  Ynhald
 
 

In kwestje fan prioriteiten.

Jabik van der Bij

Okkerdeis hat de provinsje de nota "Verrassend Frysln" ferskine litten. It is de beliedsnota foar de rekreaasje en toerisme foar de kommende tsien jier. It stik is bst te lzen. Der wurdt efkes werom sjoen nei de frne tsien jier en in fysje jn op de takomst as it giet om it toerisme yn Frysln. Sa kinne jo gewaar wurde dat der 9000 arbeidsplakken binne yn de provinsje dy't streekrjocht te meitsjen ha mei toerisme en rekreaasje. As jo nei de kapasiteit fan de foarsjennings sjogge dan falle dr it tal bden nder fan de hotels, de steanplakken op de kampings, de hskes fan de bungalowparken, it tal lisplakken yn de jachthavens en de boatsjeferhierderij. It tal oernachtings yn hotels blykt de lste tsien jier omheech gien te wzen krekt sa as it tal deitoeristen, mar de besettingsgraad fan de bungalows en de jachthavens is krekt nei nderen gien. Der skine ek minder Dtsers mei faknsje nei Frysln te kommen. Dat der dochs in groei west hat fan it tal arbeidsplakken komt mei troch it "Strategisch groeibeleid van het provinciebestuur" stelle de makkers fan dizze beliedsnota. Ik freegje my dan altyd f hoe't hja dat neigean kinne. As hja no neat dien hiene soe de tslach dan oars west ha. It sil wol wze om de 40 miljoen dy't de oerheid dizze tsien jier hjir ynpompt hat te ferantwurdzjen. Want sa leit de saak derhinne: it bedriuwslibben hat 400 miljoen ynvestearre en de oerheid 40 miljoen. As jo allinne nei dat oerheidsjild sjogge dan komt dat del op rom 43.000 it arbeidsplak. As jo de ynfestearrings fan it bedriuwslibben der ek yn berekkenje dan komt der nochris in nul by. De plannen foar de kommende jierren draaie om kwaliteitsferbettering. De kapasiteit hoecht net twreide te wurden, mar it moat better. Der moatte 15% mear besikers komme en dy moatte mear jild besteegje. Om dat te berikken hat de provinsje foar de kommende tsien jier 18 miljoen eftertlein. Tagelyk rekkenje se der by de provinsje op dat in grut part fan de 250 miljoen dy't der foar it toerisme yn it Noarden is, nochris nei Frysln giet. Hoe't der nei tsien jier krekt fststeld wurde moat oft de kwaliteit ferbettere is moatte wy nei riede, want de opstellers skriuwe sels dat kwaliteit net sa goed te mjitten is. Wat de iene kwaliteit neamt wol in oar miskien gjin bek opsette. 

Wr't it my hjir om giet is net sa sear dat ik beswier ha tsjin toerisme. Minsken t oare streken op'e wrld binne hjir tige wolkom. Wy kinne alle dagen genietsje fan dizze provinsje, dat gunne wy oaren ek. It smyt boppedat ek noch wat op. Jo soene jo dan noch ffreegje kinne wat foar minsken as jo graach hjir hinne lke wolle. As dat minsken binne dy't each ha foar lnskip en kultuer fan Frysln, dan is dat poerbst. Oan minsken dy't hjir allinne mar komme om te feestfieren mei in protte drank der by, dan hawwe wy dr minder ferlet fan. Wol freegje ik my f hoe kritysk as der mei jild omsprongen wurdt. De grutte bedragen dr't oer praat wurdt stiet yn gjin ferhlding ta it jild dat der foar oare saken needsaaklik is. De problemen yn it nderwiis en de snenssoarch binne al lang bekind. Foar in hiele bulte oare saken dy't foar in protte minsken minder hurde gnen opsmite is der amper jild beskikber. De Fryske jongereinorkesten witte hast net hoe't se de eintsjes oan elkoar knoopje moatte troch de skiterige subsydzje dy't har troch de provinsje taskood wurdt. De Ried fan de Fryske Beweging moat it dwaan mei inkele tsientallen tzend gne. Yn it ferline hat der in skoftke foar in part fan de wike in betelle krft wurk op it buro dwaan kinnen. Dat is fourtbesunige en it wurk moat no dien wurde troch frijwilligers en ien dei yn de wike in betelle krft. It wurk lit der bot nder en tagelyk krije jo dan om de earen slingere dat der sa'n bytsje fan de Ried tgiet. Sadr't oer wegen en kanalen en yndustryterreinen giet of yn dit gefal oer it toerisme dan fljogge de tsientallen miljoenen jo om de earen. Faak freegje ik my f oft de bestjoerders wol benul ha fan dizze grutte getallen. Is it effekt wol evenredich oan de ynset? As jo sa'n nota lze dan krije jo it gefoel dat der jild gench is. No, as dat dan sa is dan kin der minstens in pear ton nei de Ried fan de Fryske Beweging. Dat sil tagelyk in stimulns en stipe betsjutte kinne foar it kultuertoerisme dat de provinsje propagearje wol om mear toeristen te lken. Sa slacht men twa miggen yn ien klap. It is mar wr't jo de prioriteiten lizze, seit men dan.

Jaap van der Bij

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl