Navigaasje
Swingel Online   Swingel 5, 2001
  Ynhald
 
 

"Bongo" 2001
In ferslach fan it frne Peaskekongres

Leo de Graaf, Doutsen Dijkstra en Tsjerk Bottema


Sa as alle jierren wie der ek yn 2001 wer in YEN-Peaskekongres (titel fan it kongres `Bongo`). Dizze kear soe dit bjusterbaarlik barren plakfine by de Dtske minderheid yn Slowakije en dan wol yn , no ja, tichtby de twadde std fan it ln, Koice. Foar s wie it kongres krekt noch in bytsje spesjaler as foar de dielnimmers fan de oare minderheden, om't wy, as FYK, it kommend jier sels it kongres stal jaan moatte sille. Sa koenen wy dit jier noch in bulte opstekke fan'e goeie en fansels ek de minder goeie dingen fan dit Peaskekongres en dy saken meinimme yn 'e opset fan s eigen kongres, oar jier yn Grou. 
Ynearsten moat ik de leden fan de FYK-delegaasje mar ris by jim yntrodusearje: as skriuwer fan it YEN bestjoer wie fansels s eigen Jan Bakker mei. Dan, fan it FYK-bestjoer t: ponghlder Frank de Boer, skriuwer Tsjerk Bottema, kommisje-kordinator Ydwine Willemsma en aktiFYKteiten-kordinator Doutsen Dykstra. Dan de minsken t 'e Stifting Kommisje Peaskekongres 2002: ponghlder Hyls Hiddema en de `PR` ferantwurdlike Leo de Graaf. As lsten, mar net as minsten, wienen dr noch Eva Herre (fan SeWi, de jongereinferiening fan de Sealterfryske minderheid t Dtsln), en Tjallien Kalsbeek. Dit bnte selskip hie fpraat om inoar de freedtemoarns, om njoggen oere by it Meeting Point op Skiphol te treffen. Fan Skiphol f soenen wy dan earst nei Praach fleane om dr dan oer te stappen op in lytser fleantchje nei Koice. In pear oeren letter kamen wy oan op it fleanfjild fan Koice. 
Wy hienen noch in hiele dei oer, it wie no freedtemiddei en it kongres soe net earder as de sneontejns begjinne, dat it wie noch efkes de tassen oppikke, nei it hotel en dan Koice yn, tochten wy. Mar.....ja hear, de bagaazje lei noch yn Praach. Der waard s sein dat der noch in flucht fan Praach nei Koice wie, letter op'e dei, en dy soe dan s guod wol meinimme. Alles soe dan wol nei s hotel brocht wurde, mar dat koe wol ris wat let wurde. 
De jns, wer yn it hotel, fnen wy tafallich t dat in heal literke bier net sa folle kostet yn Slowakije (omrekkene f 1,10) en om wat mear te yntegrearjen yn dizze kultuer fan goedkeap bier hawwe wy mar in bytsje foarpreaun. De oare deis wienen wy noch frij en hawwe fan de gelegenheid gebrk makke om de std te besjen (in moai ld sintrum mei fan dy typyske Eastblok-flats der omhinne). De jns, doe't sawat trije fjirde fan'e dielnimmers fan de 21 minderheden arrivearre wie, wie der de net-offisjele iepening fan it kongres, mei de gebrklike "yn'e kunde kommers"-spultsjes en drnei fansels wer it "priuwen" fan it goudgiele guod mei it moaie wite kraachje. 
De sneins reizgen wy wer f nei Koice en wol nei de technyske universiteit, dr't de offisjele iepening plakfn. De rest fan'e dei krigen wy in rnlieding troch de std.
IKeJa hie foar de dielnimmers in achttal workshops opsetten. Workshop 1, dy't ferdield wie yn ferskate nderdielen of fakgebieden, wie benammen organisearre om de YEN en alles wat dr mei gearhinget, fan nije ideen te foarsjen. De oare workshops hienen mear te krijen mei minderheidsproblematyk, keunst en de sitewaasje sa as dy der yn Slowakije hinne leit. 
Op de dagen dat der gjin workshops wienen (tiisdei en tongersdei) waarden wy meitge troch Slowakije, om ndermear in skoalle foar bern fan de Roma-sigeuners, in houten tsjerke (dr't it glpende kld wie; klder as bten) in lde bibleteek, dripstiengrotten en in smidse oan te dwaan. En it boppesteande is noch mar in diel fan allegearre tige nijsgjirrige plakken dy't wy besjoen hawwe.... Nei de ekskurzje op tongersdeitemoarn, stie de middeis it wichtichste fan'e wike op it program: de General Assembly. It YEN-bestjoer bestie it frne jier t de neikommende persoanen: presidint Anne Hahn (Rkefloose, Noardfryske minderheid yn Dtsln), skriuwer Jan Bakker (FYK), ponghldster Judith Walde (Pawk, Sorbyske minderheid yn Dtsln), fice-presidint Matej Sussi (MOSP, Sloveenske minderheid yn Itaalje) en fice-presidint Zoltn Szalonna (GJU, Dtske minderheid yn Hongarije). 
De termyn fan YEN-bestjoersleden is twa jier. Fan it jier rn de termyn fan s eigen Jan Bakker en dy fan Matej Sussi f. Sy stelden har net noch in kear beskikber foar in funksje yn it YEN-bestjoer. Jan syn wurk yn it YEN-bestjoer waard tige wurdearre; hy krige in steande ovaasje op de gearkomste. Jan bliuwt foarlopich noch efkes yn tsjinst fan de YEN, as adviseur fan it nije bestjoer. Ek Zoltn Szalonna, yn YEN-rnten better bekind nder de namme Specky, hat besluten dat hy net mear troch woe as fice-presidint. Dat wie opmerklik, want hy is ferline jier keazen foar twa jier. 
Foar Jan syn funksje, skriuwer, stelde Alice Ratyis fan MISZSZ, de jongereinferiening fan de de Hongaarske minderheid yn Roemeni, har kandidaat. Op de General Assembly is sy mei in grutte mearderheid fan stimmen oannaam. Der wiene gjin oare kandidaten. Hugo Kristof fan de Sloveenske studinteklub t Eastenryk (KSD) stelde him kandidaat foar de funksje fan Specky. Ek hy waard oannaam. Hugo nimt eins it twadde jier fan Specky oer. Oar jier hldt hy der wer mei op. Jan Diedrichsen fan de Dtske minderheid t Denemarken (Junge Spitzen) is op de gearkomste foar twa jier oannaam as nije fice-presidint yn it YEN-bestjoer, de funksje fan Matej.
Fierder is op de gearkomste in permaninte, betelle skriuwer, Knurt Lippert fan de Dtske minderheid t Denemarken, oannaam. Soks om mear kontinuteit yn de takomst fan de YEN te garandearjen. De wichtichste taken fan dizze betelle skriuwer binne fundraising (benammen foar hjerst- en peaskekongressen) en it nderhlden en lizzen fan kontakten mei minderheden dy't noch net by de YEN oansletten binne. Noflik is dat de YEN no in fst postadres en in fst kantoar hat, nammentlik it kantoar fan de feriening fan Knurt Lippert.
As nije lid-organisaasjes fan de YEN binne fan it jier oannaam MISZSZ (dizze feriening wie ferline jier al as kandidaat-lid oannaam) en op 'e nij IKeJa (Internationale Kontakte und Jugendarbeit, Karpatendtske minderheid yn Slowakije). IKeJa wie al earder oannaam as lid, mar moast fan it jier op 'e nij ferkeazen wurde, om't de organisaasjestruktuer fan de feriening it frne jier yngripend feroare (IKeJa is no selstannich en is gjin jongereinfdieling mear fan de Karpatendeutschen Verein). 
De resolsjes giene fan it jier oer it konflikt tusken de etnyske Albanezen mei Macedoni, it neilibjen fan it Europeesk Ferdrach fan de Rjochten foar Minderheden troch Eastenryk oangeande de Kroatyske minderheid yn dat ln en it opheffen fan in Sorbyske skoalle (resolsje: moat net wze). Fansels binne alle resolsjes oannaam.
Fierder moast it FYK op de General Assembly in presintaasje jaan oer it kongres fan kommend jier, by s yn Grou. Tsjerk hat in praatsje hlden en wy hawwe in fideo-presintaasje fertoand, dy't wy spesjaal foar dit doel makke hiene. De presintaasje gie oer it FYK, oer de Frysln (kultuer, sport, lnskip) en Grou. Under de bylden siet in (Ingelske) voice-over en bypassende muzyk. Allegearre tige profesjoneel, en dat fnen de oanwzigen op de gearkomste ek. Doe wie it tiid foar de ferkiezing fan de organisatoaren fan it Peaskekongres yn 2003. De ferskillende ferieningen fan de Sloveenske minderheid yn Eastenryk (KDZ, KSD en Mlada El) hawwe oanbean it kongres yn 2003 yn Karinti te organisearjen.
De lste nachts hawwe wy, omt wy in dei langer bleaunen, yn in Slowaaks studintehs sliept en de oare deis wie it alwer sneon en tiid foar s om mei pine yn it hert fskie te nimmen fan Slowakije. Ik wol noch mar ris elkenien dy't mei west hat betankje foar in wike dy't foar s allegearre tige slagge west hat en dy't wy yn alle gefallen net gau ferjitte sille.

Leo de Graaf., Doutsen Dijkstra en Tsjerk Bottema

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl