Swingel Online   Swingel 5, 2001
  ynhald
 
 

Fryslân en de 'Vaderlandsche geschiedenis'

Arjen Versloot

It Nederlânske skiednisűnderwiis is lęsten hifke. It die bliken dat de bern dy't fan skoalle kamen amper mear de grutte linen fan de skiednis op in rychje hienen. Dat moatst oars: tenei sil alles yn it ramt fan sa'n 10 tiidrekken set wurde.

Mei't de Friezen fanâlds allinnich as lilke heidenen foarkamen dy't Bonifatius en letter ek nochris 'Nederlânsk' iennichste Roomsk Kening deaslein hiene, is dit faaks in goed stuit om ris nei it plak fan Fryslân yn de Nederlânske skiednis te sjen. De marzjinale rolle fan de iere Friezen, en it beskieden plak fan Fryslân yn it Keninkryk, hat by guon nasjonale Friezen ta de opfetting laat dat Fryslân eins amper yn it Nederlânske steatsferbân thúsheart. Troch net mear as de tafallige oankeap fan de Habsbugers is it by eintsjebeslút by de Republyk fan de 7 Feriene Nederlannen bedarre. Jo kinne jo ôffreegje wat bard wie as it ferbân fan de Sân Fryske Seelannen wat minder frijbliuwend bleaun wie. Of as Albrecht fan Saksen, dy't eins hast alle Fryske lannen yn lien krige hie, dęr yndie in sterk sintraal gesach festigje kinnen hie en net him beheine moatten hie ta ús Fryslân dat er wer oan de Habsburgers trochferkocht?

Mar dat giet allegear oer Fryslân tusken Fly en Wezer, in gebiet dat oan Hollân grinzet. Geane wy noch wat fierder tebek yn de tiid, dan sjogge wy dat de iere skiednissen fan Fryslân en Hollân yninoar oerrinne. Yn de tiid nei de folksferhuzing wie der in noasje fan Fryslân as Frisia of Fresia, dat in gebiet fan Seelân oant de Wezer beflapte. De grinzen wurde oanjűn yn de Lex Frisionum fan Karel de Grutte. Willibrord waard biskop fan de Friezen, mei as haadsit Utert, dęr't wy in pear jier earder ek al de Fryske kening Aldgisl tsjinkomme. Liudger, de Fryske biskop fan Münster, komt oarspronklik fan de Utertske Fecht en Redbad hâldt him op yn wat wy no Hollân neame. De Hollânske greven neame har ynearsten dux frisonum en meitsje omreden dęrfan ek oanspraak op ús Fryslân. Mei oare wurden, grutte stikken fan it hjoeddeiske Nederlân - en wis de wichtichste gewesten fan de Republyk - falle binnen it gebiet dat yn dy tiid Frisia hyt.

Ek yn de taal sjogge wy dat werom. Alle dialekten fan Seelân, Hollân en fierderop Grinslân litte spoaren fan it Frysk sjen. Sels it űntstean fan it Nederlânske standerttaal is net te begripen sűnder út te gean fan taalkontakt tusken Frysk- en Frankysktaligen. En ek de saken dy't langer sjoen wurde as de kearn fan de Nederlânske naasje: in hannelsnaasje oan de műning fan de grutte rivieren, de frijheidssin en tollerânsje en de poldermentaliteit as gefolch fan de striid tsjin it wetter, al dy saken meitsje ek diel út fan de Fryske skiednis. It Fryske Dorestęd en de Fryske hannel as foaroprinners fan VOC en Rotterdam, de midsieuske Fryske Frijheid as foargonger fan de lettere tollerânsje en frijheidssin yn de Republyk en de bou fan terpen dy't al foar it jier 0 begűn.

Mei oare wurden: de identiteit fan Nederlân is bewoartele yn dat âlde grutte Frisia. Dat grutte Frisia waard splitst yn in westlik stik, it lettere Hollân, Seelân en Utert dy't har mear op it Frankyske efterlân rjochten en har Frysk komôf fergeaten, en in eastlik stik tusken Fly en Wezer, dat lykwols letter útinoar foel en him foar in part - Fryslân en Grinslân - wer by it westen oansleat.

Uteraard is dit allegear in hiel sterke ferienfâldiging. Mar it soe foar Friezen en Hollanners goed węze as har mienskiplike eftergűn Frisia, mei al syn nuanses as jo wolle, ta de algemiene kennis hearre soe en de Fryske woartels fan de Nederlânske naasje net langer weipoetst waarden.

Arjen Versloot

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl