Navigaasje
Swingel Online   Swingel 2, 2001
   ynhald
 

Wat moatte de bern op de basisskoallen yn Frysl‚n leare?

Thom Dykstra 

Thom Dykstra 

It antwurd op dizze fraach moat net dreech wÍze. De skoallen yn Frysl‚n sille op basis fan wetlike easken dochs wol witte wat de bern leare moatte ? Dochs wie dizze fraach it thema fan in mienskiplike gearkomste fan in tal Fryske organisaasjes dy 't harren dwaande h‚lde mei Żnderwiis. De seksje Frysk fan de Feriening fan Libbene Talen, de Feriening Frysk Underwiis en it Ped. Wurkferb‚n fan de Fryske Akademy beleinen op 21 febrewaris yn It Aljemint te Ljouwert in diskusjejŻn oer dit Żnderwerp. Omtinken dus foar de saneamde kultuer-pedagogyske diskusje oer de spesifike ynh‚lden fan basisskoalle en basisfoarming yn Frysl‚n.
Frou dr. Wilna Meijer fan de Grinzer universiteit soarge foar in ynlieding op it punt wat no sa'n pedagogyske diskusje ynh‚ldt en S.T. Hiemstra wurksum op de skoalle foar spesjaal Żnderwiis luts de line troch nei de situaasje yn it Fryske Żnderwiis.

Nij
In brede diskusje oer de algemiene foarming fan de bern yn Frysl‚n is frij nij , omdat it Żnderwiis yn ķs ienheidssteat fan 1800 Űf op alle skoallen Żnder deselde wetlike bepalings falt en it ryksbelied gjin rekken h‚ldt mei in gebiet mei in oare taal of kultuer. It Żnderwiis yn Frysl‚n is dÍrtroch Holl‚n-oriintearre en hat amper in eigen gesicht. Dat der op dit stuit - mei net al te folle sukses sa as it ynspeksjerapport fan 2001 oanjout - wat oan it Frysk dien wurdt feroaret neat oan it feit dat it Żnderwiis yn Frysl‚n eins ferfrjemdzjend wurket fan eigen taal en kultuer. 

Kultueroerdracht 
As wy it hawwe oer de funksje fan Żnderwiis dan komt in begryp as kultueroerdracht wierskynlik as ien fan de earsten by jo op. De ‚ldere generaasje jout oan de jongere generaasje troch wat sij wichtich fynt . Sa Żnstiet in tradysje , in learplan dat alhiel fanselssprekkend belibbe en ek as sadanich oerdroegen wurdt: lieten , ferhalen, feiten , feardichheden ensfh. 
Lju mei krityske lŻden neame dizze gong fan saken konservearjend en wolle fernije. . Yn in tiid fan maatskiplike feroarings wurdt dÍrom socht nei in bal‚ns tusken tradysje en fernijing. Yn ķs tiid is dit proses hiel sterk en bestiet der grutte twivel oer de pedagogyske oanpak fan de skoalle en klinke slogans as selsŻntplooiing en folgjen fan de eigen Żntjouwing fan de bern. 
De kultueroerdracht yn Frysl‚n kin typearre wurde as Holl‚n-oriintearre ek al troch it brŻken fan de fiertaal "het Nederlands". It fak Nederlandse taal is al ferplichte yn 1803; it Frysk pas yn 1980. De holl‚nsktalige tradysje is dan al set : Taal(les) is yn Frysl‚n "gewoan" Nederlandse taalles en dat hat neat mei de Fryske taal te krijen. As der oer taalefterst‚n by bern praat wurdt dan slacht dat op de mŻnlinge en skriftlike behearsking fan it Holl‚nsk . Dizze tradysje is sa sterk dat mooglik hege prestaasjes fan in frysktalich bern yn de memmetaal der op eins alle fryske skoallen net ta dogge as it giet om taalbehearsking.
Sa kinne wy trochgean by oare fakken sa as lÍzen , skiednis (wy krigen "vaderlandse geschiedenis " eartiids op skoalle ), biology en muzyk. Troch it brŻken fan de de holl‚nske boekjes wiene en binne de learynh‚lden yn it Holl‚nsk steld en ek ķt de r‚nestÍd wei tocht , omdat Holl‚n polityk en kultureel yn Nederl‚n foar master opslacht. As der yn Frysl‚n wat dien waard (wurdt) oan Frysk-oriintearre kultueroerdracht wie (is) dat faak in ynisjatyf fan (in pear) frysksinnige learkrÍft(en).Fan in systematyske kultueroerdracht op provinsjaal nivo is yn dit stik fan saken gjin sprake.

De kultuer-pedagogyske diskusje
Neffens Wilna Meijer giet it yn de kultuerpedagogyske diskusje oer wat yn it learplan stean moat. Oan de iene kant oanslute by it eigene (tradysje) en oan de oare kant moat dy tradysje kritysk besjoen wurde (fernijing). De folgjende partijen moatte neffens har in sit ha yn in maatskiplik platform foar dizze diskusje:
1. de kenners fan de kultuer (belang 1),
2. de kenners fan it bern (belang 2),
3. de pedagogen , dy't de belangen 1 en 2 byinoar bringe.

Op dizze manier wol Meijer besykje foar te kommen dat "de waan fan de dei" yn it Żnderwiis foar master opslacht. Jo sjogge dat hjoeddedei bygelyks as it ryksregear kwaliteit besiket te krijen troch it Żnderwiis Żnder ynfloed fan "marktwerking "te bringen .Net pedagogyske arguminten , mar ekonomyske wetten (konkurrinsje ) moatte soargje dat wy it bÍste Żnderwiis krije. (Itselde sjogge wy op dit stuit mei de tongblier-krisis: it libben fan it sŻne fee is yn it foarste plak Űfhinklik fan ekonomyske belangen; kulturele en etyske prinsipes meie gjin rol spylje ). 
In oar foarbyld is dat it Żnderwiis direkt in antwurd jaan moat op maatskiplike problemen sa as pestgedrach fan bern, fandalisme, ferlies oan noarmbesef, miljeu-fersmoarging. Foar it lÍste ferskynt dan in nij "fak"as miljeu-edukaasje op it roaster. De skoalle wurdt sa lykwols oerfrege en learkrÍften krije it gefoel dat se it hieltyd drokker krije en oan it 'eigentlike '' Żnderwiis hieltyd minder takomme. Maatskiplik ferwachtsje wy dan tefolle en de bal‚ns tusken tradysje en fernijing wurdt sa fersteurd. 
In goede kultuerpedagogyske diskusje moat dat sjen foar te kommen. It moat dan ek neffens har om "gevestigde kennis " gean . Kennis dy 't fÍststeld is op grŻn fan arguminten en net op wat in belangegroep der efkes trochkrije kin. 

Argumintaasjestruktuer 
Om hokker arguminten giet it ? Meijer Żnderskiedt 4 lagen yn de argumintaasje .
1. maatskiplik; it giet dan oer de maatskiplike funksje fan goed Żnderwiis.
2. kennistheoretysk; in lykwicht yn de soarten fan kennis , tinken en redenearjen.
3. fakynh‚ldlik ; de keazen ynh‚lden moatte rjocht dwaan oan in fakgebiet. 
4. lear- en Żntwikkelingspsychologysk; it moat foar bern ek te dwaan wÍze.

De Fryske situaasje
It is no sa dat it Frysk yn it Żnderwiis der altyd op ta is. Jo hearre it de skoaldireksjes al sizzen: "Der is sa'n bytsje tiid . Der binne gjin oeren genŰch en it soe skea dwaan oan de oare fakken ensf.". 
It sil dķdlik wÍze dat yn in kultuerpedagogyske diskusje yn Frysl‚n it Frysk, it eigene , in wÍzentlik, yntegrearre plak hawwe moat. It moat der net efkes by sleept wurde , mar it moat der in algemien Żnderdiel fan ķtmeitsje . It soe de basis wÍze moatte. .
Foar de takomst fan in Frysk Frysl‚n is it nedich dat hjir foar dizze kultuerpedagogyske diskusje in foarum , in platform komtt. In tradysje op dit mÍd hawwe wy net. In Ministearje fan Underwiis , learplanynstituten as de SLO (Stichting leerplanontwikeling) en ek de grutte edukative ķtjouwers wurkje op lannelike skaal en h‚lde ynearsten gjin rekken mei de kulturele belangen fan Frysl‚n. 

De Fryske beweging soe hjirfoar it ynisjatyf nimme kinne. De provinsje soe as earstferantwurdlike oerheid foar it Frysk de foarstap nimme kinne troch sa'n platform yn te stellen. It giet om in brede , iepen , mar ek wittenskiplike dikusje oer wat de bern yn Frysl‚n leare moatte om harsels bliuwe te kinnen en tagelyk leare te partisipearjen yn it feroarjende wr‚ld. 
It eksperimint mei de trijetalige skoalle kin it Holl‚n-oriintearre Żnderwiis op Fryske basisskoallen mooglik trochbrekke, mar gerÍst bin ik dÍr net op. De bewuste Żnderwiispolityk fan sosjaal-ekonomyske efterstelling troch (ryks)regear en ek mei troch de diskriminearre Friezen yn funksje as skoalbestjoerslid of learkrÍft wurdt noch net Űfskaft , ek net nei it tekenjen fan it Europeesk H‚nfÍst foar Regionale Minderheidstalen. Sa woe de provinsje bygelyks okkerdeis de kearndoelen Frysk mar wer wat nei Żnderen bystelle , omdat guon basisskoallen it ferpoften wat "oan it Frysk te dwaan'.De kultuerpedagogyske diskusje moat noch begjinne en is needsaaklik. 

Thom Dykstra 

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl