Swingel Online Swingel 6,  2002
  Ferslach fan it Fuen-kongres yn Subotica
  

FUEN-kongres 2002 yn Subotica

As ik dit ferslach skriuw, sit ik yn'e bus fan Subotica nei Belgrado. Ik reizgje tegearre mei Frank de Boer, ek lid fan it FYK, werom fan it FUEN-kongres yn Vovjodina, Servi. It wiene in pear tige yntinsive mar benammen ek moaie en learsume dagen....
As foarsitter fan it FYK fyn ik it tige wichtich om kontakten te lizzen en te hlden tusken de lde- en jongerein. Dy fyzje die my in pear wiken lyn besluten om kontakt op te nimmen mei foarsitter Jaap van der Bij fan de Rie, om te fernimmen oft ik ek mei koe mei harren delegaasje foar it FUEN-kongres. Sa sein, sa dien. 

Op woansdeitemoarns 8 maaie reizgen Frank de Boer (bestjoerslid fan de YEN, en drom ek tnoege troch it FUEN) en ik of nei Belgrado, dr't de dielnimmers oppikt wurde soene om har nei it hotel yn Subotica te bringen. We kamen twa oeren te betiid oan en dat joech s de gelegenheid om yn petear te gean mei Romedi Arquint, foarsitter fan de FUEN, en mei twa manlju fan de Gornishe minderheid t Ingeln. We stiene fersteld fan de ferhalen dy't dizze manlju s fertelden! Dan hiene wy it sa min noch net hjir yn Frysln! De jns giene Frank en ik op stap mei de foarsitter en de fice-foarsitter fan de Kroatyske jongereinferiening t Servi, wrfan't wy hiel wat oer de skiednis fan har ln en minderheid learden
Tongersdei te moarn wie it tiid foar de ledegearkomste fan de FUEN. Hiel wat organisaasjes fregen stipe fan de FUEN yn'e foarm fan it yntsjinjen fan resolsjes oangeande swierrichheden dr't sy yn har regio's mei te krijen hawwe..
De middeis moast ik, tegearre mei in Sorb t Dtslan, in Kroat t Eastenryk, in Deen t Dtslan en in Dtser t Denemarken nei de studio foar in radiopetear foar in Kroatysk jongereinprogramma. Under de tstjoering hawwe wy ferteld oer de YEN (Youth of European Nationalities, de Europeeske koepelorganisaasje foar jongereinferienings t minderheidstalegebieten), de FUEN en fansels ek oer s eigen minderheidstaal en -kultuer. Ik tink dat it foar it earst wie dat der Frysk yn Vovjodina te hearren wie!
De freedtemoarns waarden der in stikmannich minderheden dy't yn Vovjodina libje oan s foarsteld. Tige nijsgjirrich! Nei dy presintaasje bin ik tegearre mei de delegaasje fan de Rie t iten west. We hawwe in soad praat oer it Frysk, s identiteitsgefoel en oer de gearwurking tusken de Rie en it FYK. It itensskoft wie op dy wize wie sa foarby! Middeis wie der in gearkomste fan it YEN-bestjoer, dr't ik by wze moast. De jns hawwe wy tegearre mei it YEN-bestjoer op besite west by de Hongaarske jongereinorganisaasje fan Vovjodina. Mei elkoar hawwe wy dr in miel nuttige en binne wy yn petear mei har leden gien. Drnei op nei de kulturele jn dy't foar it FUEN-kongres organisearre wie. Foar my as Fries is it hast nbegryplik hoe fanatyk jongerein yn Servi dwaande binne mei folksdnsjen! Jo hearre der as folksdnser yn dit ln hielendal by! En dat folksdnsje ek hiel dynamysk wze kin, dat ha'k dr wol nderfn! Oan de ein fan 'e jn rekke ik noch yn petear mei Jrgen Hahn, in Noard-Fries. Altiid moai om mei jo famylje te praten!
Sneontemiddeis oant en mei in oere as fjouwer wie'k wer drok mei it YEN dwaande. Drnei ha'k my lykwols wer nder de FUEN-dielnimmers bejn. Nei in besite oan de mar by Palic, waarden wy (nder eskorte fan de plysje, om't der in hege pyf by s yn'e bus siet) nei in sfearfol restaurant brocht, dr't wy in tgebreid miel krigen. De sfear siet der goed yn en dat kaam net op syn minst troch de tradisjonele musyk dy't dr makke waard. In tige nijsgjirrich petear hie ik dy jns mei de foarsitter fan de jongereinferiening Junge Spitzen (Dtsers t Denemarken) oer it bedriuwen fan polityk yn ferbn mei minderheidskwestjes. Om't it de lste jn wie, hawwe in soad dielnimmers leau'k trochhelle oant en mei in oer as seis moarns. Want ja, it duorret altyd wer in skofke oant jo elkoar wer sjogge fansels.

Ik kin mei in tefreden gefoel werom sjen op it FUEN-kongres en ik bin fan miening dat mear jongerein t ferskate lytse taalgebieten it kongres bywenje moatte soe. Op dy wize kin de jongerein fan de lderein leare en visa versa. Boppe dat kinne jo je sa ienriedich sterk meitsje foar de rjochten dy't in minderheidstaal takomme. Ik haw it dan ek tige op priis steld dat de Rie it my mooglik makke oan it FUEN-kongres diel te nimmen

Elbrecht Claus
Foarsitter FYK

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl