Navigaasje
Swingel Online Swingel 6,  2002
  Ferslach fan it Fuen-kongres yn Subotica
  




YEN-Peaskekongres 2002 yn Grou

Fan sneon 23 oant en mei freed 29 maart 2002 fŻn it jierlikse Peaskekongres fan de Europeeske koepelorganisaasje foar jongereinferienings ķt minderheidstalegebieten, Youth of European Nationalities (YEN), plak yn Grou, Frysl‚n. It kongres is te fergelykjen mei it FUEN-kongres, dat yn 2001 plak fŻn yn it Hearrefean, organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging. De organisaasje fan it YEN-Peaskekongres wie yn hannen fan jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK). In team besteande ķt tsien FYK-leden hie twa jier dwaande west om de 130 jongeren ķt 22 ferskate lytse taalgebieten ķt Europa goed opfange te kinnen. 
Op snein 24 maart waard it kongres offisjeel iepene troch boargemaster Ipe Dykstra fan de gemeente Boarnsterhim en de hear Dr. Rein fan it Dķtske ministearje fan Ynl‚nske Saken, neist de provinsje, gemeente Boarnsterhim en in tal Europeeske fŻnsen ien fan de wichtichste stipers fan it kongres.
It program fan de wike, mei as tema lykwicht, wie in miks tusken serieuze saken en fertier c.q. kultuerhoppe. Serieuze saken wiene Żnder oare de Central Commitee Meeting (CCM, tariedende gearkomste), de General Assembly (GA, Algemiene Ledegearkomste) en it s‚ntal wurkwinkels. Sa as in sportwurkwinkel, wÍrby't de klam benammen op it fysike lykwicht lei. Of in wurkwinkel wÍrby't dielnimmers, ķtgeande fan in fiktyf budget, sels plannen betinke mochten om dy dÍrnei, as wiere politisy, yn de Steateseal fan it provinsjehŻs yn Ljouwert ferdigenje te moatten. Yn de wurkwinkel Frysk is Fun hawwe de dielnimmers it lykwicht yn it taalbelied neier besjoen en boppedat ek noch wat Frysk leard.
Under de GA tsjinne it FYK fjouwer resolķsjes yn: ien oer it te realisearjen Fryske HŻs, ien oer it Europeeske ķtwikselprojekt foar basisskoallen ķt lytse taalgebieten Euroskoalle, ien oer de posysje fan it Frysk yn it foarsetŻnderwiis en ien as lÍste ien oer it Europeesk H‚nfest foar Minderheidstalen yn. De resolķsjes, dy't mei hŻndert prosint fan de stimmen oannaam waarden, binne yntusken opstjoerd nei ynst‚nsjes dy't har dwaande h‚lde mei de rjochten fan minderheden yn Europa, de Provinsjale Steaten, de media yn en bŻten Frysl‚n, ensfh. It earste sķkseske is hat al west: de posysje fan it fak Frysk yn it fuortset Żnderwiis is yntusken foar de earstkommende trije jier troch in subsydzje fan de provinsje feilich steld, ek mei troch de ynspannings fan de Ried fan de Fryske Beweging. De FYK-resolķsjes binne ek op ķs thķsside te finen, www.fyk.nl.
Op de General Assembly waard ek in nije YEN-bestjoer ferkeazen. Ald-pongh‚lder fan it FYK, Frank de Boer (26), is de nije pongh‚lder yn it YEN-bestjoer wurden. Jan Diedrichsen (26) fan de Dķtske minderheid ķt Denemarken is de nije foarsitter fan de YEN. Hy folge de Noardfriezinne Anne Hahn (23) op.
Fertier en kultuerhoppe fŻn plak yn de foarm fan in besite oan Aolus te Seisbierrum, in besite oan it Kazemattenmuseum by de Űfslķtdyk, de beklimming fan de Alde Hou en in besite oan it Frysk Museum. Earder yn 'e wike hie der al in foto-speurtocht plakfŻn troch Grou, mei fragen oer Frysl‚n en it Frysk, dy't eindige mei in fierljep-demonstraasje by sporthal De Twine. In tal dielnimmers weage sels ek in sprong; wiete klean hat dat lykwols net oplevere. Fansels wie der jŻns gelegenheid om Żnder genot fan in drankje en muzyk yn de bar fan jeugdherberch Oer it Hout nije kontakten te lizzen, plannen foar ķtwiksels te meitsjen, ‚lde freonen te moetsjen en te praten oer minderheidskwestjes. 
Sawol it organisaasjeteam as it YEN-bestjoer en de dielnimmers wiene tige te sprekken oer it ferrin fan it Peaskekongres. Wy hawwe in machtmoaie wike h‚n!

Elbrecht Claus
Foarsitter FYK

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl