Swingel Online   Swingel 6,  2002
  ┌trikking Fryske reklamepriis 2001
  

Utrikking Fryske Reklamepriis 2001 

De FIB-seal fan de Ljouwerter stedsskouboarch De Harmonie rűn moandei-te-jűn 4 maart 2002 moai fol mei sa'n 400 persoanen foar de jierlikse ˙trikking fan de Fryske Reklamepriis. De belangstelling wie grutter as ea. In sukses foar de kommisje , dy't ˙trwreide wie mei fertsjintwurdigers ˙t it Fryske bedriuwslibben. 

Eric. J. Jansen fan de Fryske Keamer fan Keaphannel hiet ˙t namme fan de Fryske Reklamepriiskommisje de minsken wolkom. Rients Gratama yn syn funksje as seremoanjemaster hie fierder de lieding op dizze feestlike jűn. Spesjaal ˙tnoege wie Hobbe Faber, bekend ˙t de reklamewrÔld, dy't mei in tal nijsgjirrige sketskes de mooglikheden fan reklame yn it Frysk nei foaren brocht. Kreatyf mei taal omgean en it Frysk doare te brűken wiene syn biedwurden. 

Sjueryfoarsitter Reitze Jonkman makke de nominearre radio- en tillefyzjespots bekend neidat er earst yngien wie op de hantearre kritearia: kwaliteit, orizjinaliteit en it gewoan brűken fan it Frysk. De oanwŕzigen krigen de selektearre 5 radio- en 5 tillefyzje-'spots'ek noch efkes te hearren en te sjen. 
Deputearre Bertus Mulder hie de taak de priiswinners te lokwinskjen en de prizen ˙t te rikken. De radiopriis wie foar CBD-FryslÔn (biblionet CBD) en de tillefyzjepriis foar Het Friese Land (Maaike). De advertearder krige in oarkonde mei in cheque fan 2500 euro en it reklamebedriuw dat de spot makke in perspeksfiguraasje. 
Njonken de sjuerypriis waard ek in publykspriis takend, organisearre troch Omrop FryslÔn. Dizze Essent-publykspriis foar tillefyzje wie ek foar "Maaike" fan Het Friese Land en de radiopublykspriis wie foar Simmertime fan Pro Acts. Ek de makkers waarden yn it sintsje set. 

It oanbod fan frysktalige reklameboadskippen is it ˘frűne jier frij gelyk bleaun. Meiinoar 48 radio- en 27 tillefyzjereklameboadskippen binne troch Omrop FryslÔn ˙tstjoerd. Hoewol't it oantal 'spots'no net folle grutter wurden is, kin de sjuery wol in ferbettering fan de kwaliteit fan benammmen de tillefyzje-kommersjals konstatearje. 
Dit is in goede saak, want de kommisje besiket net allinne de kwantiteit, mar ek it nivo fan frysktalige reklameboadskippen te ferbetterjen. It Frysk moat ˙t de Ôldfrinzige en stigmatisearjende hoeke. Sa hat it bekende tillefyzjespot "It kin net!" fan de Sonnema Berenburg it beswier dat it Frysk maklik lykskeakele wurdt mei minsken dy't in frjemd taaltsje prate. Gewoane hollÔnsktalige minsken (jongelju) kinne samar ferkearde konkl˙zjes lűke. 

Dit jier is foar de kommisje in jubileumjier. De Fryske Reklamepriis is nammentlik foar de fyfte kear ˙trikt. De earste kear yn 1995 en dŕrnei yn 1997, 1999 , 2001 en no yn 2002. Earst om it jier en sűnt koart alle jierren. Mei troch it ˙trikken fan de Fryske Reklamepriis moat it mooglik wŕze it persintaazje kwalitative reklame-kommersjals dŕr't it Frysk as gewoane taal yn brűkt wurdt omheech te bringen. Undersyk wiist ˙t dat hast 90% fan de Fryske befolking der ek gjin beswier tsjin hat dat it Frysk mear brűkt waard. No de advertearders noch! 

Th. Dykstra
lid reklamepriiskommisje

 Email: redaksje@fryskebeweging.nl