Navigaasje
Swingel nummer 3   Foto's noch net beskikber.
 

Swingel, 3/2000


Foto Duende

Yn dit nûmer û.o.

Side 2

Kolofon

Swingel is útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging en ferskynt 6x jiers.

Redaksje- en administraasjeadres
Ipe Brouwerssteech 8
8911 BZ Ljouwert
Email: swingel@fryskebeweging.nl en
administraasje@fryskebeweging.nl
telefoan en faks: 058-213 89 13

Meiwurkers oan dit nûmer
Hâns J. Weijer, Arjen Versloot, Hâns Noppert, Aldert Cuperus, Aalsen Everts, Doutsen Dykstra, Thom Dijkstra, Ydwine Willemsma, Tony Feitsma, Clara de Boer, Sybren Posthumus, Bauke Nicolaï, Sybren de Boer.

Foto foarside
Dûns- en muzykgroep Duende (foto Hâns Noppert)

Einredaksje
Bauke Nicolaï

Swingel ferskynt ek op ynternet
URL: www.fryskebeweging.nl/swingel

Foarmjouwing
Studio van Stralen BNO, Grins

Printer 
Brouwer & Wielsma, It Hearrenfean

Advertinsjeprizen
op oanfraach

Lêsjild
ƒ 25,00 jiers (seis nûmers)
Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije Swingel fergees yn'e bus:
Stipersjild: ƒ 45,00 jiers
Jongerein oant 25 jier ƒ 25,00 jiers
Losse nûmers: ƒ 4,50

ISSN nûmer : 

Swingel wurdt útjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


Redaksjonele column side 2

Wurdt it noch wat mei it Frysk op internet?

Dizze fraach wurde lêstendeis oan de oarder steld yn de Fryske nijsgroep op internet. De posysje fan it Frysk yn dit medium, dat geandewei in wichtiger plak yn it deistich libben ynmint, is oan 't no ta beskieden. De goed hûndertfyftich Fryske siden falle fuort yn de fâlden fan al dy miljoenen Hollânske en Ingelske sites. It tal Fryske internetsiden mei in profesjonele útstrieling is op de fingers te tellen. Bedriuwen en ynstellingen yn Fryslân nimme de taal fan harsels en in grut part fan harren klanten net serieus soe de stelling wêze kinne. Der is yn alle gefallen sprake fan in ûnferskilligens dy't yn Fryslân suver gjin wjeraksel opropt. Yn de praktyk blykt dat, as men bedriuwen en ynstânsjes oansprekt op harren iensidich Hollânsk taalgebrûk, der gjin sprake is fan ûnwil. De gemeente Smellingerlân (www.smallingerland.nl) hat, nei't se dêr troch de Swingelredaksje attint op makke wie, yn koarte tiid in Fryske ferzje fan harren site ûntwikkele dy't besjen lije kin! Der falt dus oer te praten en der is op 't stuit rûnom in soad jild beskikber foar internetprojekten! As it wat mei it Frysk wurde sil op internet dan moat dat it no wêze, oars mist it Frysk de digitale trein. Elts dy't fynt dat it wat wurde moat mei it Frysk op internet soe dus sa út en troch dizze en jinge ris in triuwke yn de goede rjochting jaan kinne. Smyt ris in baltsje op! Dêr kin op koarte termyn mei skoart wurde!

Populêre media yn Fryslân lykas de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân kinne in wichtige rol spylje yn de ferbettering fan de posysje fan it Frysk op internet. Omrop Fryslân mei in folslein Frysktalige site yn 'e loft op www.omropfryslan.nl. As dizze site like populêr wurdt as de programma's fan de Omrop kin sa'n inisjatyf as foarbyld tsjinje. De LC is al langer aktyf op internet, mar it oanpart Frysk op harren site docht gjin rjocht oan de sympatike dingen dy't oer de Fryske taal yn it redaksjestatút fan de LC steane. Mei harren 'Typisch Fries' as lokaal marketing-lokkerke is sa'n bytsje alles sein oer (en benammen net yn) it Frysk op www.leeuwardercourant.nl. 

Yn it jier foarôfgeand oan it 50 jierrich 'jubileum' fan Kneppelfreed is it nijsgjirrich te ûntdekken dat op de site fan de Ljouwerter rjochtbank in wiidweidich ferhaal oer de posysje fan it Frysk yn it rjochtsferkear stiet. Yn it Frysk noch wol! Faaks moatte de Fryske Beweging en Ljouwerter Rjochtbank de lapen mar gearsmite by de betinking fan dit feit novimber takom jier. 

In aardich foarbyld fan in lokale Frysktalige side is dy fan Bitgum/Bitgummole. De site sjocht der goed út, de ynformaasje wurdt geregeld ferfarske en is foar hûndert prosint yn it Frysk. De digitale doarpen www.bitgum.nl en www.bitgummole.nl binne dêrmei faaks frysker as de doarpen sels. Wat my oanbelanget kinne de webmasters fan dizze sites nominearre wurde foar in Fear yn de Broek!

Bauke Nicolaï

(foto)

Werom at de Bilkerts gyn Frys prate.

"Die't syn aigen taal fersmyt, raakt syn diepste wezen kwyt."

't Is hest niet te begripen dat d'r op 't Bildt aigenlik gyn Frys praten wort. Soa'n klain gebied dat an drie kanten begrînsd wort deur Frys pratende mînsen. Friezen die't ok wete wille dat se Frys binne en hur taal (alheel terrecht) hoog houwe. Om d'r achter te kommen werom 't Frys op 't Bildt gyn ingang fonnen het motte wij 'n foege 500 jaar werom gaan. Doe het Albrecht van Saksen met syn baide seunen Hendrik en Georg in 1498 't Bildt an de Friezen ontnaderd. 't Bediken fan 't Bildt hewwe sij doe an ânderen, an Hollânders, útbesteed. De Frise wetten laaien sij in hur aigen foordeel út. Sij maakten 'n eand an de Frise Frijhyd. 'n Paar jaar leden (1998) meende 't bestuur fan Fryslân dat fait "fiere" te motten. D'r waar evenwel 'n soad ferset teugen dat "feest" wat tot útting kwam doe't 'n bommelding 'n " fiering" in 'e groate kerk fan Luwt in 'e bulten joeg. Ok waar d'r 'n koster die't op 'e grîns fan ' t Bildt soafeul kriig had dat hij de swarte rouflâg fan de Beetgumer toren waaie liet. Soks tot ongenoegen fan bestuurders die't de toenmalige kommisaris fan de koaningin Hermans "dankber" waren foor syn (dom) idee. 
't Begrip "âldfaars erf wij weitsje oer dij" worde: " âldfaars erf wij wâdzje oer dij". D'r waren doe ok bij de roes Bilkerts die't fan dut "feest" niks begrepen. Hoewel at 't bediken deur Hollânders annommen en útfoerd worde en derdeur 't Bildts ontstaan is, foele de meeste Bilkerts hur naast Bilkert ok Fries. Se prate âns, Bildts. En binne der wiis op .

Hoe't begonnen is
Thomas Beuckelaer en de drie broers Wijngaarden hadden op 22 febrewary 1505 de overeenkomst met de reginten fan hertog Georg van Saksen tekend om 't Bildt te bediken en in kultuur te bringen. Deur alle toestanden die't d'r doe in Frysland speulden worde 't groate werk niet deur Friezen, maar deur Hollanders annomen en útfoerd. Deuze mânly waren alle fier ôfkomstig út Súd-Holland. Der hadden se groate besittings en der oefenden se belangrike bestuursfunksys út. Ut deuze kontraaien nammen se hur aigen fertroude mînsen met om 't Bildt te bediken en in kultuur te bringen.

Kwammen de polderjongens nou alleen út Súd-Holland, út de Alblasserwaard, de Swijndrechtsewaard en út 't Lând fan Heusden en Altena? Ni, dat sou ok niet kinnen hewwe. D'r souwen 800 mânly an de bou fan de Bildtdyk werke en d'r worde over prakkeseerd om dat leger erbaaiers út te braiden ant 1500 mânly. Sien de tiid die't men kreeg, om binnen een jaar, de Ouwe-Bildtdyk an te lêgen 'n begryplike gedachte. 
At al deuze mânly út de Alblasserwaard, de Swijndrechtsewaard, en út 't Lând fan Heusden en Altena rekruteerd weze souwen, sou der de befolking soa ferminderd weze, dat weunen en werken der niet meer mooglik weest waar. Nag ôfsien fan 'e fraag at der metnander we 800 mînsen weunden.

De annimmers en foorwerkers binne der fast en seker wel wegkommen. De erbaaiers kwammen út 'n feul groater gebied. De groatste groep erbaaiers is út Holland, Seeland, Brabant en "diferse andere naciën" wegkommen. Onder die "diferse andere naciën" waren sonder twifel ok mânly út West-Frysland en fan 't ailand Wieringen. Ok sil dut, foor die tiid geweldig groate werk, Friezen út de omgeving fan 't Bildt antrokken hewwe. 

Hoe't de ferhouding tussen de tallen Friezen en Hollanders laai is niet met sekerhyd te sêgen. Ferskaidne ondersoekers hewwe hur met deuze kwessy doende houwen. Heel lang het men docht dat 't alleen Hollanders weest binne die't de (Ouwe) Bildtdyk anlaid hewwe. Krekt soa't d'r docht is dat de eerste boeren op 't Bildt sonder útsondering út Holland kommen binne. D'r motte soawel bij de dykbouwers as bij de eerste pachters ok Friezen weest hewwe. Al foor de bediking fan 't Bildt werkten d'r Friezen op 't búttendyks lând. Ans hadden se in 1506 niet ôfkocht worren.

De ondersoeken
Soa'n groat werk as de bou fan de Bildtdyk het sonder twifel ok an ferskaidne Friezen werk geven. Die kregen 't lykswel niet foornander om de Hollanders hur taal, 't Frys, prate te laten. Der binne nag al wat ondersoeken na deen hoe't dat kinnen het.

Johan Winkler skriift in syn "Algemeen Nederduits en Fries Dialecticon" út 1874, dat de nije en bra fruchtbere grônd deur Hollânse boeren 't eerst beweund en ontgonnen worde. De ôfstammelings fan deuze Hollanders binne der ant fandaag de dâg toe bleven. Deuze eerste beweuners fan 't Bildt nammen fanself hur "boers-Hollânse" spraak met en hur ôfstammelings hewwe die tongfal ant nou toe bewaard en brúkke die ondernander. Hierdeur onderskaide se hur skerp fan de "echte Friezen". 

Winkler noemt 't Bildts: "'n Volksplanting van Hollanders in Friesland". Hij skriift over de "edelloi" en de ontginning deur Hollânse boeren, die't folgens him fral ôfkomstig binne út de Hollânse Rijnstreek. Ut de kontraaien fan Leiden. Winkler beskoude 't Bildts dus as de taal fan de Hollânse bedikers die't deur Frise infloed ferformd is.

W. de Vries skriift in deel 44 fan 't tiidskrift "Nederlandse taal en letterkunde", dat 't waarskynlik is dat d'r taalovereenkomsten binne tussen 't Bildts en 't Súd-Hollâns, omdat Hollânse Bilkerts in meerderhyd ôfkomstig binne út de buurt fan Puttershoek en Oud-Beyerland. De Vries siet 'n dúdlik onderskaid tussen 't Bildts, 't Stadsfrys en 't Amelâns. 't Midslâns op Terskelling wort niet noemd. 

Perfesser doktor G. G. Kloeke het in syn werk "De Hollandse expansie in de 16e en 17e eeuw en haar afspiegeling in de tegenwoordige Nederlandse dialekten" út 1927 syn licht ok skine laten over de ôfkomst fan de Bilkerts en hur taal. Hij het nagal wat werk maakt fan de pachterslisten en rekens fan 1527 en 1528. Ut de namen die't op deuze listen foorkomme, blykt folgens perfesser Kloeke dat 40% fan alle lândbrúkkers op 't Bildt, neffens die rekens Frise namen hadden. 'n Farndel waar Hollâns en 35% kon soawel Frys as Hollâns weze. 

Hij meent dat bestudering fan deuze rekens tot de gefolgtrekking laide mot dat, in 't begin fan de 16e eeuw, de Friezen waarskynlik feer in de meerderhyd weest binne. De dikke boeren, de aristokraten, waren hest allegaar fan Hollânse komôf. Folgens Kloeke is de Bildtse taal sterk ferhollânsd. 't Bildts sou dus oorspronklik Frys weest hewwe. Hij foert derfoor gyn bewizen an. Alleen grôndt-y die stelling op 't fait dat in 't eerste farndels part fan de 16e eeuw, de Friezen (temînsen de namen) prosintueel feer in de meerderhyd waren. 

Perfesser Kloeke noemt 't Bildts: Hollâns in Frise mônd. Hij skriift, dat aristokraten of aristokratys doende Friezen perbere om Hollâns te praten...! Maar wat bewize namen nou helendal over de ôfkomst fan de dragers fan die namen? Dat froeg de debating klup fan St.-Anne hur op 20 septimber 1927 ok ôf, doe't se de ferhandeling fan prefesser Kloeke bepraatten. De debatingklup kinde niet soafeul bewiiskracht toe an dut name-ondersoek fan perfesser Kloeke. Ferskaidne sprekers saaien op die aven, dat d'r soafeul namen binne, der't moeilik fan said worre kin, dat 't spesifyk Frise of oorspronklik Hollânse namen binne. De debatingklup kwam dan ok tot de konklúzzy dat 't Bildts fan Hollânse en niet fan Frise oorsprong is !

Hotse S. Buwalda is 't met de noemde konklúzzys niet eens. 't Gaat him te feer om sonder meer te sêgen dat 't Bildts Hollâns in Frise mônd is, of dat 't Frys in Hollânse mônd weze sou. Hotse Buwalda meent, dat 't foor de hând lait, dat de twee befolkingsgroepen fan kolonisten, Friezen en Hollanders deur de noadsaak om nander te ferstaan tot 'n gemeenskaplike omgangstaal kommen binne: 't Bildts, 'n mingtaal fan 'n in oorsprong mingde befolking.
'n Mingtaal dus, gyn dialekt fan 't Frys of 'n Frys dialekt. Maar ok gyn dialekt fan 't Hollâns of 'n Hollâns dialekt. En wel omdat elk fan baide talen soa'n belangrike bijdrage leverd het an de opbou fan de aigen Bildtse taal.

Hartman Sannes is 't eens met De Vries, want, soa sait Sannes: De sterke Hollânse inslag formde de bovenlaag fan de befolking. De annimmers, de boeren, drukten hur stimpel ok op 'e taal fan de ânderen, de Friezen. Soa segefierde 't Hollâns en ferkrong 't 't Frys. Om 't Bildts Hollâns in Frise mônd te noemen gaat Sannes wat al te feer. 't Bildts is folgens Sannes 'n mingsel fan ferskillende Hollânse dialekten, met foor 'n part ok 'n sekere Frise inslag. 't Frys het op 't Bildt nooit gyn ingang fine kinnen. 'n Fries nimt op 't Bildt makliker 't Bildts over, dan dat 'n Bilkert op 't Oudlând 't Frys overnimt. Sannes syn eandkonklúzzy is, dat 't Bildts de taal fan Hollanders is, ferformd deur 'n sterke Frise infloed.

Maar wort d'r bij al deuze overwegings ok nag wat fergeten? Wij wete dat de aristokraten en de bestuurders Hollâns praatten en de dikke boeren, die't út Holland kwammen, deden dat ok. Ok 'n part fan de erbaaiers sil een of ânder Hollâns dialekt praat hewwe. Dos waren d'r 'n heel soad Friezen bij die eerste kolonisten. Die sille dos hur aigen taal, 't Frys, praat hewwe? In dat licht besien is 't dos op syn sachtst said freemd, dat 't Frys 't ôflêge motten het teugen 't Hollâns; 't Bildts?

't Sil wel soa weze soa't Hotse Buwalda 't sait: se mosten nander ferstaan. De Friezen sille hur doe ferbroken hewwe. Ok doe al. Want nou nag gaat de gemiddelde Fries drekt over op 't Hollâns at d'r ok maar 'n klain fermoeden bestaat dat de ânder gyn Frys ferstaan wil of kin. Hadden de Friezen doe in 't begin fan de 16e eeuw, hier op 't Bildt, 'n klain bitsy de sluug út had, dan hadden se dos dat handsyfol mînsen, niet eens 1500, binnen twee generasys Frys prate late kinnen? De Friezen gaan sleau met hur taal om. Op 'n paar gûnstige útsonderings na binne 'n heel soad Friezen hur d'r niet fan bewust dat se de oudste en mooiste taal fan Nederland prate.

Dieselde sleauwighyd gaat trouwens ok op foor 'n soad Bilkerts. Wat sou dat dos weze? Binne Bilkerts en Friezen benaud om foor dom of boers ansien te worren? Of twifele se an de intelligînsy fan de ânspratenden? Benaud dat die hur niet ferstaan wille of sille?

Dan binne d'r nag 'n paar aspekten die't niet fergeten worre mâge en die't in de ondersoeken niet noemd worre. 't Eerste argumint is dat de Saksise overheersers ( om maar niet te praten fan onderdrukkers) 't naar op 't Frys as bestuurstaal laaien en dat d'r op bestuurlik terrain, na de onderwerping fan de Friezen in 1498, alleen nag Nederdúts as bestuurstaal brúkt worde. 't Tweede is dat 't Bildt in 't begin nagal isoleerd waar fan de rest fan Frysland. De Bilkerts binne in 't begin deur de Oudlanders beskoud as freemde kolonisten der't se niet tefeul met te maken hewwe wouwen. Kolonisten die't op hurself anwezen waren en hur aigen gemeenskap inrichtten bútten de Oudlanders om, sorgden in meer as alleen de taal foor 'n aigen ontwikkeling.

Dan is d'r nag 't fait dat in 't begin fan de 16e eeuw de reformasy deurbrak. Luther sloeg in 1517 syn 95 stellings an de deur fan de slotkapel te Wittenberg. Ant dan toe waar in de kerken 't Latyn de taal fan de prysters weest. Maar doe worde in de hagepreken 't Nederdúts as kerktaal brúkt. In 1522 worde 't evangely fan Mattheüs onder de mînsen brocht. Een jaar later folgde 't hele Bibelboek. In 1560 worde de Heidelberger kattegismus as leerboek foor de kerken, die't doe allegaar Griffermeerd hytten, infoerd. Alles waar in 't Nederdúts skreven. Leraren (doomnys) leerden de mînsen, die't foor 't generaal niet leze of skrîve konnen de kattegismus út 't hoofd op te sêgen. 'n Beste oefening in 't leren fan 't Nederdúts. En 'n gewoante die't 400 jaar in gebrúk blive sou..!

Ok de wetten en rechten in Frysland worden fan 't Frys út in 't Nederdúts fertaald, omdat de heren 't Frys "niet konnende (willende) lezen...!" De ontfriezing sette de hele 16e eeuw deur. 't Frys worde de taal foor de gewoane mînsen, 'n boeretaal..! De bovenlaag fon 't deftiger om Hollâns te praten, al mosten de spellingsregels derfoor doe nag ontwurpen worre. De Statenbibel fan 1625-26 en 1657 het 'n belangrike bijdrage leverd an de spelling fan de Nederlândse taal. In ses fan de elf Frise stâden ontston 't Stadsfrys, Hollâns in Frise mônd. Ylst, Sloaten en Workum bleven Frystalig. Staveren en Hindelopen houden hur aigen fan 't Frys ôflaide taal.

De Friezen lieten hur, hier op 't Bildt, wat hur taal angaat, deur de Hollânstalige bestuurders en koalonisten in de ruften lêge. D'r bleef de Friezen lykswel op bestuurlik terrain gyn keus over. Deur de bestuurders worde tena gyn Frys meer praat. Maar ok in 't daagliks leven waren de Friezen sleau. Dat sleauwe fan de Friezen en foor 'n part 't isoleerde leven fan de eerste Bilkerts en de taal fan de bestuurders en de reformasy, hewwe d'r met foor sorgd dat d'r op 't Bildt nou al hest 500 jaar Bildts praat wort. Dat is 'n únike saak, want d'r is gyn foorbeeld te finen dat dut ergens âns ok gebeurd is. De toren fan Babel is niet ôfkommen omdat de mînsen nander niet meer ferstaan konnen. God ferbaalde hur werk. Maar Hollânders en Friezen leerden nander in 't Bildts te ferstaan en skrepten metnander om de Bildtdyk klaar te krijen.

Friezen en Bilkerts motte nou na hest 500 jaar nag altyd metnander striid levere teugen (meestal goedbetaalde) douhúddige Hollânstalige bestuurders en amtners. Maar ok teugen aigen mînsen die't met allegaar fooroordelen as argumint, waigere de waarde fan 't brúkken fan de aigen taal in te sien. Mînsen die't met "woorden" hoog opgeve fan de overtuging, die't se sêge te hewwen, dat de aigenhyd fan taal en kultuur foor hur fan groate waarde is. Maar die't in hur houwen en dragen d'r blyk fan geve dat die betrokkenhyd minder foorstelt dan de nul foor 't sifer. 

Aldert Cuperus. 

Foor 't groatste part overnommen út: "Raizen deur de Bildtse geskidenis", skreven deur Aldert Cuperus en útgeven deur de Stichting Ôns Bildt op 10 july 1998.

Foto's by dit stik: 
1. fan de skriuwer, ûnderskrift: Aldert Cuperus
2. Loftfoto bougrûn : byskrift: Luchtfoto fan de Ouwe-Bildtdyk fan de Westhoek naar't oasten toe.
3. Foto pleats: Foorbeeld fan in Bildtse Winkelhaakplaats (Ouwe-Dyk 487)
Foto's 2&3 Aldert Cuperus

2 stikjes ûnder kopke 'reaktyf'. Piter de Groot yn petear + ús folksliet

Pieter de Groot yn petear

Pieter de Groot is it net iens mei Rindert Straatsma. Rindert hat der okkerdeis beswier tsjin makke dat De Groot him yn ferbân brocht hie mei de aventoeren fan FRSK. No, dat is fansels slim brutaal fan Rindert, ek al hie der dan net it measte mei dat hiele FRSK te krijen. Rindert wie der ek noch op tsjin dat in blêd dat ûnder it kopke Fryske taalbefoardering subsidiearre waard, foar 40% yn it Hollânsk ferskine moast. En it alderslimste is noch dat Rindert de striid foar lykberjochtiging fan it Frysk net opjûn hat. Syn 'opfolgers' ha dat al lang dien en út dy har namme - en ek noch út namme fan de politisy - sprekt draachflakkundige Pieter de Groot syn banflok út oer Rindert Straatsma. Rindert moat him stilhâlde, dan sil Pieter foar ús allegearre wol it wurd dwaan.

Mar miskien mei ik dochs nochris hiel tuike-tuike-oan besykje om ek wat yn it fermidden del te lizzen. Der hat noch nea in goed ûndersyk west nei de fraach hoefolle nije Frysklêzers ot de F-side yn de LC en FD opsmiten hat. Hie it yn dy sitewaasje dan wol doel om in soartgelikens blêd as FRSK op 'e merk te bringen? De provinsje neamde dat taalbefoardering en hie der wol jild foar oer, mar net foar Frysk en Frij, dat sprekkend liket op it tydskrift fan nivo dat Pieter de Groot (en Rindert Straatsma en Piter Terpstra en Tony Feitsma en folle net genôch) sa graach ha wolle. Se koene by de provinsje it jild wol gram wêze, soe ús muoike wol sizze. At wy noris ôfpraten om it wurd taalbefoardering net te beheinen ta Piet de Jager syn draachflakferbreding en ferdivedaasjelektuer mar gewoan te brûken foar wat it betsjut, nammentlik it befoarderjen fan it Frysk op alderhande nivo's. Dan stiet de opfolgers fan Piet de Jager neat mear yn 'e wei om provinsjaal subsydzje te jaan oan in algemien Frysk blêd op nivo.

Ik soe dat graach wolle. Ik wit noch mar al te goed hoe't ús politisy (Piet de Jager c.s.) in pear jier lyn in gewoan goed Frysktalich blêd as Frysk en Frij fuortstimd ha. Dat wie net omdat it net mooglik wie om sa'n blêd yn stân te hâlden, al waard dat wol hyltyd rûnkrante, en al waard it de kommisje Fokke van der Ploeg oplein om net mei in blêd à la Frysk en Frij te kommen, en al wurdt der nei de ûndergong fan FRSK no ek al wer grute dat bliken dien hat dat in blêd à la Frysk en Frij net mooglik wie. Mei 't dat dus hielendal net bliken dien hat, wurdt it stadichoan tiid dar der wer in goed Frysk blêd komt, mei in fariearre ynhâld en in profesjonele redaksje. Ek it begeliedend merkûndersyk soe wat profesjoneler kinne as by de F-side en FRSK kwa fraachstelling en doelstelling. Dy doelstelling soe yn Fryslân faaks dochs wat saakliker kinne as by Pieter de Groot, en dan soene wy út syn sabeare dwerse kolommen faaks wat bestekliker lûden en wat minder skril getrompetter te hearren krije.

Tony Feitsma

(foar in part earder publisearre yn LC as ynstjoerd stik)

Us folksliet.

Elkenien - Friezen en net-Friezen - kin it sa stadichoan sjonge. Mar, leau it of leau it net, guon Friezen wolle de tekst fan ús folksliet feroarje!
It is fansels wier: it is in liet dat emoasjes opropt, men is oandien, it fibrearret yn jin en jout in grutsk gefoel.
En dat, achte lêzer, mei net. It soe te nasjonalistysk wêze. Der komme wurden yn foar as 'bloed' en 'grûn' . en soks kin fansels net. Want set dy wurden mar ris yn 't Dútsk oer. Krekt, dan wurdt dat 'Blut und Boden'!
Mar wy sette dat sa net oer; wêrom soene wy? Wy hawwe dy tinzen fan de tritiger en fjirtiger jierren der net by.
Wy tinke deagewoan oan Fryslân en sjonge fan dat Fryslân as it bêste lân fan ierde en meie wy soks tafallich ek nochris miene of dreame? Krekt wat jo wolle. In folksliet is no ienris in folksliet en gjin 'schlager'!
Dêrom feroarje? It moat net mâler!

Hâns J. Weijer

It Frysk, de Nederlânske streektalen en it Nederlânsk

Yn Fryslân wite wy dat Nederlân in meartalich lân is. Nêst it Frysk, it Nederlânsk en de talen fan
allochtoanen besteane ek de streektalen, dy't taalkundich soms al en soms net ta it Nederlânsk rekkene
wurde kinne. Nederlân hat yn it ramt fan it Europeesk Minderhedehânfêst nêst it Frysk ek it Nedersaksysk,
Limburchsk, Jiddysk en sigeunertalen erkend. Dy lêste twa binne net-regiobûne talen en lykje wat sosjale
struktuer oanbelanget mear op de moderne ymmigrantetalen. Yn dit stikje wol ik besykje in byld te jaan
fan de getalsmjittige ferhâldings tusken de -ûnderskate groepen.

Oer it oantal net-Nederlânsktaligen ûnder de allochtoanen binne gjin krekte sifers foarhannen. Jo moatte
rekkenje dat groepen as Surinamers en Yndyske Nederlanners faak Nederlânsk as hústaal hawwe. Fierders is
de groep Europeeske allochtoanen, lykas Britten en Dútsers mar ek Flamingen, like grut as it oantal net-
Europeanen. Ik hâld hjir no mar 1 miljoen net- nederlânsktalige allochtoanen oan. Dat is in foech 6% fan
de ynwenners fan Nederlân.

Oer it oantal Frysktaligen binne wy goed ynformearre troch ûndersiken fan de Fryske Akademy út 1980 en
1994. It frijwat konstante byld dat dêrút ûntstiet, wurdt befêstige troch oare enkêtes en dielûndersiken.
Mei sa'n 55% fan de ynwenners fan Fryslân dy't it Frysk as memmetaal hawwe, binne dat likernôch 340.000
minsken. Nim dêr noch ris wat Friezen-om-utens by, dan sitte wy op likernôch 2,5% fan de Nederlanners:
net echt in soad.

Oer de Nederlânske streektalen hearre wy minder opteine ferhalen. Mar hoe't it lân der no feitlik hinne
leit, is by net goed bekend. Dêrom fyn ik it tige nijsgjirrich doe't ik in artikel yn hannen krige dat
giet oer de fraach oft bern mei in streektaal of Frysk as memmetaal leger skoare op skoalle. In negative
ynfloed fan de net- Nederlƒnske memmetaal op skoalprestaasjes wurdt net oantoand. Mar wat my yn it artikel
benammen ynteressearre is it oersjoch fan oantallen sprekkers fan streektalen per provinsje.

It artikel jout gegevens oer hoefolle fan de bern fan groep 4 yn it jier fan -ûndersyk (1994/5, dus de
measte bern sille 1986 berne wêze) en har âlden (dy sille fan omtrint 1955 wêze) Frysk of in streektaal
prate. Ik ha de sifers yn in kaartsje werjûn. Earst it nasjonale sifer: it Frysk net meirekkene, praat
likernôch 16% fan de Nederlanners in streektaal, dêr't it Limburchsk hast de helte fan foar syn rekken
nimt.

Alles mei-inoar opteld is dus foar mear as 75% fan de ynwenners fan Nederlân it standert-Nederlânsk (of
wat dêr foar trochgean moat) de memmetaal. Dat is oan de iene kant in heech sifer, oan de oare kant tink
ik leger as party lju yn benammen de Rânestêd mûlk wol tinke. De lanlike aktive behearsking fan it
Nederlânsk sil op sa'n 97% lizze. Dy fan it Frysk op 3%.

Lit ús no ris neier sjen nei de sifers foar de streektalen (wêrûnder it Frysk). Wat opfalt, is dat by de
bern allinnich de provinsjes Fryslân en Limburch noch in foech part streektaligen kenne, al is dat by
beide ek ûnder de 50% sakke. Fierders hawwe allinnich de provinsjes Grinslân (12,1%), Drinte (19,4%) en
Seelân (14,9%) noch sifers dy't boppe de 10% útkomme. Yn alle provinsjes, útsein Fryslân en Limburch,
hawwe wy mei in grut ferfal tusken de twa generaasjes te krijen. It meast dramatysk is wat dat
oanbelanget faaks wol Drinte. Dêr leit it tal streektaligen by de âlder-generaasje op sawat itselde nivo
as by ús. Yn ien generaasje sjogge wy dêr in ferfal fan lykwols mear as 50%! Mar litte wy ússels neat wiis
meitsje. Sels yn Fryslân en Limburch hawwe wy mei in generaasjeferfal fan likernôch 20% te krijen. As
dat net op koarte termyn keard wurdt, komme ek dy streektalen yn gefaar.

Hoe sjocht de takomst der oer 25 jier út? De druk om te yntegrearjen sil meitsje dat in part fan de
allochtoanen de kommende generaasje oerskeakelje sil op Nederlânsk as hústaal. Tagelyk komme der ek
nije allochtoanen by. Al mei al sil dat persintaazje fan 6% net sa bot feroarje yn de kommende jierren. It
oantal Frysk- en streektaligen sil sakje. It Frysk giet de kommende jierren fan 2,5% nei 2%, it
Limburchsk sil op sa'n 6% útkomme. Foar de oare streektalen mei-inoar bliuwt dan noch sa'n 2% oer. Grutte
parten fan Nederlân sille dialektleas wurde. Ik tink dan oan provinsjes as Utert, Súd-Hollân en
Gelderlân. Mar ek de frije fal fan Grinslânsk of Sieusk sil min te kearen wêze. Ek dêr liket de sosjale
funksje fan de streektaal útspile. Opmerklik binne noch wol de sifers foar Noard-Hollân. Dêr skynt de
streektaal op in leech nivo wol aardich resistint mei in ferfal fan ek 'mar' 20%. Yn guon mienskippen,
lykas dy fan Marken en Volendam sil de streektalen (noch) trochlibje, mar der haw ik gjin sifers oer.

Meartalich Nederlân is in realiteit as it giet oer de memmetaal fan syn ynwenners. Mar de kommende 25
jier sil it plak fan it Nederlânsk as memmetaal allinnich mar tanimme. Ek foar it Frysk en it Limburchsk
sil de kommende generaasje de kniper op 'e skine komme.

Arjen Versloot

(foto fan Arjen Versloot Swingel 2)
+ kaartsje (folget)

Boarnen:
Driessen, G. en Withagen. V.: Taalvariatie en onderwijsprestaties van autochtone basisschoolleerlingen.
Taal en tongval, 50, (1), pp. 2-24.

Frysk Damjen: Oer reade bollen, swarte en wite wolven.

Mei Simmer 2000 kaam in Fryske sport dêr 't we oars net sa'n soad fan hearre yn it nijs. De twakamp tusken de 'gewoane' dammer Harm Wiersma en mearfâldich kampioen yn it Frysk spul en âld foarsitter fan it Dambûn Frysk Spul, Marten Walinga, luts op mear as ien menier de oandacht. In fynst fansels om in wrâldferneamd dammer as Wiersma te skaken foar in potsje damjen Frysk spul. Troch de partij te keppeljen oan de Slachte Marathon en te spyljen op in alderferskuorrend grut 'boerd' mei Keunstkij as houtsjes wiene Marten en Harm wis fan knap wat publisiteit. De Samaranch fan de Slachte Marathon, Peter Karstkarel, die der nochris in skepke boppe-op troch in flok út te sprekken oer de reklame foar in oppepdrankje dy 't by de partij makke waard. Resumearjend: in grutte namme, in unyk toaniel en ek noch in lyts skandaaltsje op 'e keap ta. Mear hie Marten Walinga him net winskje kinnen. In lytse sport lykas it Frysk Damjen kin ek wol in triuwke yn 'e rêch brûke.

Foar dammers dy 't der nocht oan hawwe om it Frysk spul ris te probearjen folgje hjirûnder de spulrigels.

1. Lis it boerd sa, dat it fjild loftsûnder donker is. Der wurdt op 'e donkere fjilden spile.
2. Wyt begjint.
3. In houtsje mei 1 fjild skean foarút skood wurde.
4. In houtsje mei foarút likegoed as efterút slaan yn 8 rjochtings(dus ek horizontaal en fertikaal).
5. In houtsje dat op 'e daamline komt wurdt in wolf (daam), op sa'n houtsje wurdt in oar houtsje setten.(Tink derom: as in houtsje by in slach oer de daamline komt, dan bliuwt it in houtsje).
6. In wolf mei skean foarút en skean efterút skood wurde safier as dat mooglik is.
7. Mei in wolf mei mar trije kear efterinoar skood wurde, dêrnei moat er frij makke wurde troch in slach(eventúeel mei deselde wolf) of in set fan in oare wolf of in houtsje. Dizze beheining ferfalt wannear't ien inkeld mar wolven hat.
8. In wolf mei slaan yn 8 rjochtings (ek de wolf mei horizontaal en fertikaal slaan). De wolf(daam) hoecht net lyk efter in sleine stik delset te wurden.
9. Slaan is ferplichte.
10. Mearslach giet foar. Twa houtsje hawwe mear wearde as ien wolf. Ien houtsje hat minder wearde as ien wolf.
11. Daamslach giet foar. Kinne in wolf en in houtsje in like grutte wearde slaan, dan giet de wolfslach foar, oars giet mearslach foar.
12. Pas nei de slach wurde de sleine stikken fan it boerd krigen.
13. By it slaan mei ien wol faker as ien kear oer itselde fjild komme, mar net faker as ien kear oer it selde stik.
14. Oanreitsje is sette.
15. As ien spiler 2 wolven hat en syn tsjinstanner hat 1 wolf, dan hat de spiler mei 2 wolven 7 setten om de partij út te meitsjen, oars is it kamp.
16. As in spiler it net mear winne kin is de partij kamp (elk ien wolf).
17. De partij is wûn as de tsjinstanner gjin stikken mear oer hat of fêst stiet.

In soad sukses!

Foto "Damboerd" (foto Hâns Noppert)


Kearndoelen Frysk yn it basisûnderwiis.

Op 14 maart 2000 hat de Feriening Frysk Underwiis (FFU) yn de mande mei it Pedagogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy in foarumdiskusje organisearre oer de funksje fan de kearndoelen Frysk yn it basisûnderwiis yn ús provinsje. It is bekend dat op de measte skoallen dizze wetlike kearndoelen yn de praktyk fan it ûnderwiis net helle wurde. Fraach is dan ek, hoe't soks kin en hokker ynstânsjes no eins ferantwurdlik binne foar it neistribjen fan dizze kearndoelen. Yn it foarumpetear docht bliken dat fersterking fan it ûnderwiis yn it Frysk as in goede saak sjoen wurdt , mar de mieningen binne ferdield oer hoe't dat krekt oanpakt wurde moat. Ek op dizze jûn wurde wy konfrontearre mei in maatskiplike situaasje, dy't lykberjochtiging fan it Frysk opkeart. 

Kearndoelen. 
Yn de jierren '90 is der op beliedsnivo in protte omtinken foar de kwaliteit fan it (basis)ûnderwiis. Op 1-8-1993 wurde by 'Algemene Maatregel van Bestuur' de kearndoelen ynfierd . Yn de wet op it basisûnderwiis wurdt oanjûn, dat kearndoelen in beskriuwing jouwe fan kwaliteiten fan learlingen op it mêd fan kennis, ynsjoch en feardichheden. Mei opset sin beheine de kearndoelen har ta dizze gebieten en falle nei te stribjen hâldingen by basisskoalbern der bûten. Der wurdt fan útgien dat dizze kearndoelen diel útmeitsje fan de doelstellings mei it ûnderwiis fan de eigen skoalle. De ryksoerheid wol mei de kearndoelen in mienskiplike basis neistribje : wat bern minimaal kenne en kinne moatte of oars sein: wat minimaal yn it skoalprogramma oan de oarder komme moat. 
De kearndoelen fan '93 binne benammen op it lêste rjochte . De skoalle hat de plicht om yn syn programma de kearndoelen nei te stribjen. Se jouwe rjochting oan it learplan. Dit wol net sizze dat alle bern de kearndoelen ek werklik berikke sille. 
De twadde generaasje kearndoelen, dy fan '98 , is der mear op rjochte dat de bern dizze doelen yn alle gefallen op 'e ein fan de basisskoalle ek behearskje sille. It giet der om de learlingen hifkje te kinnen. 
Fan it begjin ôf oan ha dizze beide opsjes de diskusje oer de kearndoelen ûndúdlik makke: skoaloanbod of behearsnivo. 

De kearndoelen Frysk
De kearndoelen Frysk binne spegele oan dy foar it Hollânsk. Dit betsjut dat de bern foar beide talen itselde minimum-nivo helje (kinne) moatte. By de kearndoelen wurdt dus útgien fan in twatalige situaasje, dêr't beide talen lykberjochtige yn binne. Alle fjouwer taaldomeinen komme dan ek oan bod: ferstean, prate, lêze en skriuwe. 
De Jong en Riemersma komme yn 1994 yn harren ûndersyk "Taalpeiling yn Fryslân" ta de konklúzje dat sawol de Frysk- as de Hollânsktalige learlingen yn Fryslân oan de ein fan de basisskoalle itselde nivo fan taalbehearsking yn de earste rykstaal berikke as de oare bern yn Nederlân. Wat de behearsking fan it Frysk oanbelanget helje de learlingen fan beide taalgroepen yn dat ûndersyk de kearndoelen lykwols net. 

Net helber
It foechhawwend gesach fan de de feriening foar Prot. Kristlik Underwiis yn Ljouwert/ Wurdum hat yn 1999 yn in brief dúdlik makke dat op har skoallen - benammen de stedsskoallen - de kearndoelen Frysk net te heljen binne . De folgjende arguminten wurde neamd:
1. Te min tiid ;
2. Foar in protte bern is it Frysk gjin memmetaal , mar in frjemde taal.
It Ljouwerter skoalbestjoer wol ta op in reduksje fan de kearndoelen Frysk nei it peil sa as dat jildt foar it Ingelsk op de basiskoalle: De bern wat fertroud meitsje mei it Ingelsk troch wat te dwaan oan ferstean en lêzen. Gjin twatalichheid fan lykweardigens en lykberjochtiging dus. In gefaarlike stelling omdat it bestjoer (bewust of net) it politike stânpunt ynnimt dat Ljouwert en Wurdum(!) net langer twatalige mienskippen binne: behearsking fan it Frysk is net langer nedich.
It Berie foar it Frysk hat Deputearre Steaten oer dizze kwestje advisearre. It Berie wol fêsthâlde oan de spegele kearndoelen Frysk as útgongspunt fan belied. Troch it jaan fan in tydlike ûntheffing kinne de skoallen besykje it ûnderwiis better yn oerienstimming te bringen mei de kearndoelen. Dus der net foar wei wine, mar emansipearje!
Dat soks dreech is hoecht hjir gjin útlis. Mar neffens my mei in grut tal net-frysktaligen (autochtoane en allochtoane) yn de klasse gjin argumint wêze om it Frysk mar falle te litten. Sa gau as de bern op skoalle komme wurkje oan it ferstean kinnen fan it Frysk en oan in positive hâlding foar it Frysk oer. 

It foarum
Wethâlder H.J. de Haan fan Ljouwert en formeel foechhawwend gesach fan it iepenbier ûnderwiis yn de gemeente jout op dizze jûn oan dat se mei respekt omgean wol mei de ferskillende stânpunten. Klachten fan âlden oer it minne Frysk hawwe har net berikt. De learkrêften wolle wol neffens har, mar wurde frustrearre troch de taalsituaasje yn de klassen. Neffens har keart de wâl it skip: gjin twang!
GCO-direkteur R.Boersma fynt de spegeling fan de kearndoelen moai, mar it is neffens him net te realisearjen. Hy bepleitet om skoallen foar it ûnderwiis yn it Frysk finansjeel te beleanjen as se 'wat' fan de kearndoelen yn harren skoalplan opnommen ha en ek yn praktyk bringe:
- 1 pompeblêd foar ferstean,
- 2 pompeblêden foar ferstean en lêzen,
- 3 pompeblêden foar ferstean , lêzen en praten en 
- 4 pompeblêden foar ferstean, lêzen, praten en skriuwen.
It útstel hâldt dus yn dat foar dit fak de ferantwurdlikheid folslein oerdroegen wurdt oan de skoalle. Demokratyske kontrôle wurdt ferfongen troch sponsoring fan eigen inisjatyf. 
Ynspekteur basisûnderwiis S. de Jong fynt dat it skoaloanbod foldwaan moat oan de kearndoelen. Hy wol dat de skoallen in differinsjearre taalbelied en taaldidaktyk ûntwikkelje: De doelen hoege net foar alle learlingen gelyk te wêzen.

Wa is ferantwurdlik?
Yn it Nederlânske skoalsysteem binne de skoalbestjoeren (iepenbier en bysûnder) yn it foarste plak juridysk ferantwurdlik foar it ûnderwiis. It ryk jout wetlike regels foar maatskiplik ferantwurde ûnderwiis. Ek de bysûndere skoallen falle ûnder de wetlike easken fan it ryk as se subsydzje krije. De ynspekteur moat dat kontrolearje foar de minister en de Twadde Keamer hat it lêste wurd. 
De provinsje hat gjin ynhâldlik foech op it mêd fan it ûnderwiis. Wat it ûnderwiis yn it Frysk oanbelanget binne D.S. allinne ferantwurdlik foar it ûntheffingsbelied.

Moreel binne wy as ynwenners fan dizze rjochtssteat lykwols allegear ferantwurdlik: âlden, learkrêften, skoalbestjoeren, ûnderwiisorganisaasjes, oerheid, tsjerken, bedriuwen............. . Allinne nimt eltsenien syn/har ferantwurdlikheid foar it ûnderwiis yn it Frysk of litte wy de (kulturele) diskriminaasje stikem syn gong gean; wetlike kearndoelen of net? 
De FFU sil besykje de earstferantwurdliken hjirop oan te sprekken. 

Th. Dykstra
Foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.

N.B. As jo noch gjin lid binne ? Skriuwerskip FFU, Pasteurwei 42, 8921 VR Ljouwert, til 058-2139235 

Foto: Thom Dykstra

Ympresje Stinzefeest 2000

Foto 1: Bertus Mulder, ûnderskrift: Deputearre Bertus Mulder jout yn syn ferhaal oan dat it Haachske ûnbegryp oangeande it stribjen nei mear rjochten foar ús Fryske kultuer somtiden frustrearjend is.

Foto 2: In feestlike outfit heart by it Stinzefeest

Foto 3: Ald foarsitter fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings Rommert Tjeerdsma nimt in oantinken oan it 70 jierrich bestean fan de Federaasje yn ûntfangst. 

Cymru/Wales: ynspiraasjeboarne foar Fryske Beweging

Begjin april hat in delegaasje fan 14 minsken nei it l6an mei de heechste kastieletichtens fan de wrâld ta west, nei Cymru (Wales). fertsjinwurdigers fan de gemeente Ljouwert, Ried fan de Fryske Beweging, Omrop Fryslân, it FYK, de FNP en Nieuw FoArum hawwe dielnommen oan de reis. De stúdzjereis wie organisearre troch EFTRIJE, de nije kulturele feriening yn de stêd Ljouwert dy't 'mei fernijende inisjativen en aktiviteiten de Friezen en oaren bewustmeitsje wol fan de rykdom fan Fryslân en syn taal en kultuer'. EFTRIJE organisearret alle jierren sokke reizen en útstapkes nei stêden en gebieten dy't ferlykber binne mei Ljouwert en /of Fryslân; ferline jier nei Brussel en Letlân/Kasjûbje en der is yn 'e trein tusken Londen en Brussel al wer praat oer mooglike stêden of gebieten om takom' jier hinne te gean... Reden fan EFTRIJE om dit jier nei Wales ta wie om't dat l6an op it stuit hiel selsbewust de 21e ieu yngiet en dat it hiel nijsgjirrich foar de Friezen is wêr't dat selsbewustwêzen weikomt. In pear foarbylden: de nije Welshe Assembly (in soarte fan parlemint), de organisaasje fan de World Rugby Cup yn oktober ferline jier, it opknappen fan it fertutearze havengebiet yn ien fan Europa's meast ambisjeuze arsjitektoanyske projekten (Cardiff Bay), de geweldige opkomst fan de popmuzyk yn Wales en de revival fan de Welske taal.

Oars as de eardere reizen fan Friezen nei Wales stie it programma net allinnich yn it teken fan taal of taalbelied mar stie in folle breder spektrum fan de maatskippij no op it program: ek politike, ekonomyske, toeristyske en media/IT-saken kamen op it aljemint. Sa binne besites brocht oan Cardiff Bay, de Welsh Assembly, it stedhûs fan Cardiff, de Welsktalige TV (S4C), de Wales Tourist Board en de Welsh Language Board (ynstitút foar de befoardering fan de Welske taal). Dat alles hat der nei alle gedachten foar soarge dat de dielnimmers in goed oersjoch krigen hawwen fan it hjoeddeiske Wales en dat der boppedat tal fan ideeën meinaam binne dy't yn Fryslân ta te passen binne. In grut part fan de dielnimmers tinkt der sels oer om wer ris nei Wales ta te gean en dan ek kollega's of meibestjoersleden mei te nimmen.

De presintaasjes fan de Welske organisaasjes en ynstituten wiene meastentiids brûzjend, profesjoneel en eigentiidsk mei moderne audiofisuele middels, hiel oars as de foarsichtige en somtiden âldfrinzige wize dêr't in protte Friezen harsels mei presintearje. Marketing-technysk dus noch hiel wat te dwaan en in foarbyld foar de Fryske Beweging! Wat ús ek opfoel wie dat as je mei 10 minsken praten je hast 10 kear itselde ferhaal te hearren krigen oer hokker kant Wales út moat yn 'e takomst. It liket derop dat de Welske (taal-)beweging en de eigen nasjonale partij fan Wales de Plaid Cymru, dêr in grutte ynfloed op hân hawwe. In helder fysje yn kombinaasje mei it goed en dúdlik útdragen fan dêrfan hat blykber fertuten dien. Hiel oars as hjirre: de Fryske Beweging liket somtiden wol in kroade mei kikkerts, mei in grut ferskaat oan mieningen en ideeën. Dat sil him grif ek oan it yndividualistyske aard fan party Friezen lizze, ommers elk hat it rjocht om te sizzen wat er tinkt en wol en dêr is fansels neat mis mei. Mar út de ferliking is wol op te meitsjen dat de Fryske beweging ferlet hat fan minsken lykas Cwynfor Evans, de earste parlemintariër foar de Plaid Cymru dy't syn libben lang foar Wales striden hat en dêrby in tige konsistinte wize fan tinken en hanneljen oanholden hat.

De Welske Beweging hat it ek foarelkoar krigen dat der in 'Welsh Language Act' (1993) kommen is, in wet dêr't yn stiet dat de oerheid har boargers yn beide talen fan it lân betsjinje kinne moat, dus it Welsk en it Ingelsk. Ien en oar hat grutte gefolgen hân: alle dokuminten binne yn prinsipe dûbeltalich of yn beide talen te besetten. It ûnderwiis is fan pjutteboartersplakken oant universiteiten (op alle nivo's) yn it Welsk te folgjen en ek yn it strjitbyld fan in foar it grutste part Ingelsktalige haadstêd Cardiff binne beide talen no dúdlik oanwêzich. Wêrom is der noch gjin Fryske taalwet ôftwongen?

Alles mei alles hawwe sokke saken foar in grutte fersterking soarge fan it Welske selsbewustwêzen en it identiteitsgefoel. It Welske toeristeburo (Wales Tourist Board) advertearret tsjinwurdich mei 'Cool Cymru' troch hiel Grut-Brittanje, de tige populêre en trochbrutsen popgroep Catatonia sjongt yn de hast folslein Welsktalige titelsong fan har CD 'International Velvet' dat 'Everyday when I wake up I thank de Lord I'm Welsh' en yn Cardiff is in ynternet ûndernimming aktyf dy't in netwurk fan Welske saken op ynternet realisearre hat en dêrby ek aktyf it Welsk brûkt (NetCymraeg; www.netcymraeg.co.uk ). Fierder hawwe wy yn Cardiff in tige populêre Welske jongereinklub (Clwb lfor Bach) besocht, dêr't allinnich mar minsken lid wurde koenen dy't de Welske taal leare en stimulearje woenen (wy binne dus lid foar ien jûn wurden).
Persoanlike konklúzje fan my is dat troch in sterk gefoel fan eigenwearde en besef fan eigen identiteit (lykas yn Wales) minsken ek mear ûndernimme wolle, dat dêrtroch mear inisjativen en aktiviteiten fan de grûn komme, wat úteinlik dêrtroch ek wer de ekonomy en de leefberens te goede komme. En fansels hat mear autonomy fia in eigen parlemint ek in tige positive ynfloed op it identiteitsgefoel en op de sosjaal-ekonomyske tastân fan in naasje....

Sybren S. Posthumus, bestjoerslid EFTRIJE Foto: panorama Wales (sûnder ûnderskrift)

It Keltysk-Frysk Simmerkamp: in 'lijpe' wike

Fan 21 oant 28 augustus wie it dan safier: it kamp soe begjinne. Nei in healjier fan hurd wurk, kreativiteit en sa no en dan frustraasjes koene we dochs fan start. De groep bestie út 10 Friezen en 4 Ieren en noch 3 lieding (Doutsen Dykstra, Tialda Dykstra en ik). De Ieren krûpten wat nei elkoar ta yn it begjin mar dat luts hurd by.
De earste twa nachten sieten we op in skûtsje efter de jeugdherberch 'Oer 't Hout' yn Grou. Dit wie regele troch de jeugdherberch omdat se fol sieten. Wy hiene hjir gjin problemen mei; dan sitst gesellich byelkoar en it is fansels ek hiel spesjaal!
Tiisdei in dei nei Ljouwert. Nei in diskusje oer it takomstich Europa en ús rol deryn koene we lekker lunch yn de Prinsetún. Dernei op nei de Aldehou om dy te beklimmen. Mei in foto-puzzeltocht koene de dielnimmers Ljouwert fierder ûntdekke. It ein wie by de Ierske pub sadat de Ieren ek it thúsgefoel krigen. Jûns de kroech yn en lekker dûnsje.
Woansdei op nei't Amelân mei in privee bus en de boat. De akkommodaasje op it Amelân wie wat minder as ferwachte. De eigner wie de grutste jutter fan it eilân en dat wie ek wol te sjen. Wyls de groep in aardich eintsje oant fytsen wie makken Doutsen en ik waarm iten klear. Foar guon fan 'e groep wie it ein fytsen noch net genôch; dy makken in rûntsje ekstra en krigen it iten dus ek wat letter (fierder yn 'e wike is dat 'ferdwinen' fan dy dielnimmers faker foarfallen dus dit wie gjin útsûndering). Nei dat miel hiene we in nijsgjirrige diasearje oer it eilân en de walfiskfeart. 
Tongersdei alwer in drege fytsdei. Earst nei it Oerd wêr't we in talekursus krigen troch elkoar ferskes oan te learen. De Ierske dielnimmers learden ús it Ierske 'singing yn the rain' mei gebaren en al. Us ploegje koe in ferske oer fytsen. Hiel tapaslik omdat dat de oarsaak wie fan in soad kreten lykas "Oh, my ace" en dat soarte fan saken. Doe nei it oare ein fan it eilân om in kursus seefiskje op âlde wize te krijen. Allegear it wetter yn en mei stokken de fisken opjage. In hiele erfaring mei as resultaat ien fisk. Doe nei de kampearbuorkerij mei de wiete kont. Dit gie hiel wat hurder as hinnereis: foar de wyn is elts in hurdfytser! Nei in waarme douche en it drankspultsje 'kapitein Haak' de kroech yn en lekker dûnsje.
Freed wer op nei Grou. Middeis in kreative middei mei Doutsen en Ydwine (moat altyd goed komme) yn in skoallokaal. Elts koe har útlibje mei allegear materiaal en makke har byld fan Fryslân. 
Sneon (alwer) fytse. In groepke gie nei boer Galama dy't in melkrobot hie. Ik gie mei in pear nei de architekt Rein Hofstra (slachtebrêge). Hjir krigen we in bakje kofje en krigen we in rûnlieding troch syn hûs. Middeis nei de Jouwer om it Nederlânsk kampioenskip Fierljeppen te sjen. Jûns gie de barbeque op de jeugdherberch der wol yn (nei 40 kilometer fytsen). Dernei efkes sliepe en dan feeste yn 'e Treemter.
Snein wie it waar net sa bêst (foar it earst dizze wike). Mei-elkoar binne we nei Frjentsjer west om it planetarium, de Bogt fen Guiné en it Sjûkelân te sjen. Yn 'e stromende rein binne werom gien en dweil troch wiet kamen we wer oan. Jûns de bûnte jûn en feeste yn 'e Bierhalle. Om 4 oere waarden de Ieren ophelle troch Tialda mei in buske. Dy moasten om 7.30 oere fleane. Tialda gie sels in pear oeren letter fuort nei Australië dat dêr moasten we ek direkt ôfskied fan nimme. In fijne tiid tawinske Tialda!
En moandei te moarn waarden de Fryske dielnimmers ien foar ien ophelle om lekker by te sliepen en te bekommen fan in drege wike mei fierstente min sliep. Oar jier in ferfolch yn Ierlân sa't it no stiet. It is altyd noch ôfwachtsjen mei dy Ieren........ Mar dit wie yn elts gefal in 'lijpe' wike sa't ien fan 'e (skaarske) mannelike dielnimmers sei. En dêr slút ik my mar by oan.

Ydwine Willemsma

Fernijde ynternetside

It FYK hat ek in fernijde ynternetside. De pagina kin no yn it Sealterfrysk, Noardfrysk, Dútsk, Ingelsk en Frysk lêzen wurde. Op dizze pagina stiet ynformaasje oer it FYK, de kommende aktyFYKteiten en links foar oare ynternet pagina's fan jongereinferienegings yn Europa. It adres is http://www.fykside.com In moaie manier om ris wat mear oer it FYK te lêzen. 

+ it fêste ynfo-stikje FYK, FYK logo + ien as twa foto's (sûnder ûnderskrift)

Riedswurk

Op priemmen

Komt noch!

Culture Festival 2001
Wannear : 13 - 16 september 2001
Wêr : by de Baltyske See by Flensburg
Wat : In kultureel festival mei muzyk, dûns, literatuer, keunst, teater, film en nije media.
It doel is de kultueren fan de ferskate minderheden te presintearjen. It aksint sil hjirby lizze op aktuele inisjativen, om sa de gearwurking en de kommunikaasje tusken minderheden te stimulearjen.
Opjaan/Ynformaasje : Doutsen Dijkstra, tel. 058-2163099. email: doutsen@fykside.com

Nijjierssûpke

Komt noch!

Nije Riedsleden

? Lizze de Fryske taal en kultuer jo nei oan it hert?
? Wolle jo graach praktysk wat oan it behâld en fersterkjen dêrfan bydrage
? Hawwe jo gjin sin oan ferfeelsume gearkomsten?

Dan is it faaks wat en wurdt lid fan it bestjoer fan de Fryske Beweging.

Ein fan dit jier geane neffens it karbrief wer in oantal riedsleden ôf. De stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging meie har kandidaatstelle of kinne kandidaten foardrage. De karkommisje sil dy minsken dan freegje at se yndie kandidaat wêze wolle.

Wat wurdt fan jo ferwachte?

? De Riedsleden kinne meiwurkje yn ien fan de wurkgroepen fan de Ried. Wy hawwe op it stuit û.o. wurkgroepen dy't har dwaande hâlde mei:
? Frysk yn de reklame
? Sosjaal-ekonomyske ferhâldings en de Fryske kultuer
? Topografyske nammen
? Underwiis
? Kontakten mei oare minderheidsgroepen yn Europa
? ... en fierders kin elkenien dy't in goed idee hat mei in wukrgroep úteinsette.

? In pear kear yn it jier wol it deistich bestjoer wurkwinkels hâlde om oan konkrete putsjes te wurkjen
? Fansels moatte wy ien kear yn it jier de húshâldlike saken belâns.....
? En leden kinne har ek altiten oppenearje as lid fan it deistich bestjoer.

Jo fine by dit nûmer fan Swingel in list mei nammen fan alle stipers, oardere op namme en wenplak. Wy binne benijd nei jimme reaksjes.



FUEN kongres yn Ljouwert

23 oant 27 maaie 2000 wurdt yn Ljouwert it kongres holden fan de FUEN: Federal Union of European Nations, in ferbûn fan ferskate minderheidsbewegings yn Europa. De FUEN set him yn foar de fersterking fan de posysje fan de minderheidsgroepen binnen it ramt fan de demokrayske ferhâdings yn Europa. Sa'n 200 ôffurdigen út West- en East-Europa sille dy dagen yn Ljouwert yn it FEC byinoar komme om har posysje te bepraten en mienskiplike inisjativen op priemmen te setten.

De Ried stipet de FUEN by de organisaasje fan it kongres. Wy ûndersykje op it stuit de mooglikheden op yn de oanrin nei it eigentlike kongres in byienkomst fan de OSVE (Organisaasje foar Gearwurking en Feilichheid yn Europa) mei de FUEN-ôffurdigen te organisearjen.


Fear yn 'e broek...

De Ried rikt elk jier op it nijjierssûpke de 'Fear yn 'e broek' út oan ien dy't him bot ynsetten hat foar of him ûnderskieden hat op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Priiswinners fan de ôfrûne jierren binne wethâlder Arno Brok fan Ljouwert, eardere minister fan ûnderwiis Tineke Netelenbos, lid fan ús wurkgroep Topografyske Nammen Cor Jousma, plysjekommesaris Bangma, Volkskrantesjoernalist Wio Joustra.

Hawwe jo ien op it each, dy't neffens jo wol in fear yn 'e broek fertsjinnet fan de Fryske Beweging, meld dat dan efkes oan it bestjoer. Dat kin skriftlik, mar ek fia e-mail: Wa't de priis úteinlik kriget bliuwt sa lang mooglik geheim. It deistich bestjoer sil syn bêst dwaan in goede kar te meitsjen.

(Fotootsje fan 'de Fear'.)

Staveringshifker foar Word 97/200 te besetten fia ynternet
Al wat langer wie de staveringshifker foar Word 97/2000 yn 'e boekhannel en by de Fryske Akademy te keap. Dy priis bestie foar in grut part út de kosten om it programma op diskette te krijen en te fersprieden. De Fryske Akademy hat besletten om it programma ek fia harren webside oan te bieden: http://fa.knaw.nl/ftp . Oan it downloaden binne gjin kosten ferbûn. It giet om in ynpakte ferzje dy 't bestiet út in hantlieding en it staveringsprogramma setupFrysk.exe.
Pinkant detail oer de staveringshifker : it wurd 'staveringshifker' is net yn de wurdelist opnommen. 

Efterside:
Lyk as Swingel 1&2