Wat moatte de bern op de basisskoallen yn Fryslân leare? It antwurd op dizze fraach moat net dreech wêze. De skoallen yn Fryslân sille op basis fan wetlike easken dochs wol witte wat de bern leare moatte ? Dochs wie dizze fraach it thema fan in mienskiplike gearkomste fan in tal Fryske organisaasjes dy 't harren dwaande hâlde mei ûnderwiis. De seksje Frysk fan de Feriening fan Libbene Talen, de Feriening Frysk Underwiis en it Ped. Wurkferbân fan de Fryske Akademy beleinen op 21 febrewaris yn It Aljemint te Ljouwert in diskusjejûn oer dit ûnderwerp. Omtinken dus foar de saneamde kultuer-pedagogyske diskusje oer de spesifike ynhâlden fan basisskoalle en basisfoarming yn Fryslân. Frou dr. Wilna Meijer fan de Grinzer universiteit soarge foar in ynlieding op it punt wat no sa'n pedagogyske diskusje ynhâldt en S.T. Hiemstra wurksum op de skoalle foar spesjaal ûnderwiis luts de line troch nei de situaasje yn it Fryske ûnderwiis. Nij. In brede diskusje oer de algemiene foarming fan de bern yn Fryslân is frij nij , omdat it ûnderwiis yn ús ienheidssteat fan 1800 ôf op alle skoallen ûnder deselde wetlike bepalings falt en it ryksbelied gjin rekken hâldt mei in gebiet mei in oare taal of kultuer. It ûnderwiis yn Fryslân is dêrtroch Hollân-oriintearre en hat amper in eigen gesicht. Dat der op dit stuit - mei net al te folle sukses sa as it ynspeksjerapport fan 2001 oanjout - wat oan it Frysk dien wurdt feroaret neat oan it feit dat it ûnderwiis yn Fryslân eins ferfrjemdzjend wurket fan eigen taal en kultuer. Kultueroerdracht As wy it hawwe oer de funksje fan ûnderwiis dan komt in begryp as kultueroerdracht wierskynlik as ien fan de earsten by jo op. De âldere generaasje jout oan de jongere generaasje troch wat sij wichtich fynt . Sa ûnstiet in tradysje , in learplan dat alhiel fanselssprekkend belibbe en ek as sadanich oerdroegen wurdt: lieten , ferhalen, feiten , feardichheden ensfh. Lju mei krityske lûden neame dizze gong fan saken konservearjend en wolle fernije. . Yn in tiid fan maatskiplike feroarings wurdt dêrom socht nei in balâns tusken tradysje en fernijing. Yn ús tiid is dit proses hiel sterk en bestiet der grutte twivel oer de pedagogyske oanpak fan de skoalle en klinke slogans as selsûntplooiing en folgjen fan de eigen ûntjouwing fan de bern. De kultueroerdracht yn Fryslân kin typearre wurde as Hollân-oriintearre ek al troch it brûken fan de fiertaal "het Nederlands". It fak Nederlandse taal is al ferplichte yn 1803; it Frysk pas yn 1980. De hollânsktalige tradysje is dan al set : Taal(les) is yn Fryslân "gewoan" Nederlandse taalles en dat hat neat mei de Fryske taal te krijen. As der oer taalefterstân by bern praat wurdt dan slacht dat op de mûnlinge en skriftlike behearsking fan it Hollânsk . Dizze tradysje is sa sterk dat mooglik hege prestaasjes fan in frysktalich bern yn de memmetaal der op eins alle fryske skoallen net ta dogge as it giet om taalbehearsking. Sa kinne wy trochgean by oare fakken sa as lêzen , skiednis (wy krigen "vaderlandse geschiedenis " eartiids op skoalle ), biology en muzyk. Troch it brûken fan de de hollânske boekjes wiene en binne de learynhâlden yn it Hollânsk steld en ek út de rânestêd wei tocht , omdat Hollân polityk en kultureel yn Nederlân foar master opslacht. As der yn Fryslân wat dien waard (wurdt) oan Frysk-oriintearre kultueroerdracht wie (is) dat faak in ynisjatyf fan (in pear) frysksinnige learkrêft(en).Fan in systematyske kultueroerdracht op provinsjaal nivo is yn dit stik fan saken gjin sprake. De kultuer-pedagogyske diskusje Neffens Wilna Meijer giet it yn de kultuerpedagogyske diskusje oer wat yn it learplan stean moat. Oan de iene kant oanslute by it eigene (tradysje) en oan de oare kant moat dy tradysje kritysk besjoen wurde (fernijing). De folgjende partijen moatte neffens har in sit ha yn in maatskiplik platform foar dizze diskusje: 1. de kenners fan de kultuer (belang 1), 2. de kenners fan it bern (belang 2), 3. de pedagogen , dy't de belangen 1 en 2 byinoar bringe. Op dizze manier wol Meijer besykje foar te kommen dat "de waan fan de dei" yn it ûnderwiis foar master opslacht. Jo sjogge dat hjoeddedei bygelyks as it ryksregear kwaliteit besiket te krijen troch it ûnderwiis ûnder ynfloed fan "marktwerking "te bringen .Net pedagogyske arguminten , mar ekonomyske wetten (konkurrinsje ) moatte soargje dat wy it bêste ûnderwiis krije. (Itselde sjogge wy op dit stuit mei de tongblier-krisis: it libben fan it sûne fee is yn it foarste plak ôfhinklik fan ekonomyske belangen; kulturele en etyske prinsipes meie gjin rol spylje ). In oar foarbyld is dat it ûnderwiis direkt in antwurd jaan moat op maatskiplike problemen sa as pestgedrach fan bern, fandalisme, ferlies oan noarmbesef, miljeu-fersmoarging. Foar it lêste ferskynt dan in nij "fak"as miljeu-edukaasje op it roaster. De skoalle wurdt sa lykwols oerfrege en learkrêften krije it gefoel dat se it hieltyd drokker krije en oan it 'eigentlike '' ûnderwiis hieltyd minder takomme. Maatskiplik ferwachtsje wy dan tefolle en de balâns tusken tradysje en fernijing wurdt sa fersteurd. In goede kultuerpedagogyske diskusje moat dat sjen foar te kommen. It moat dan ek neffens har om "gevestigde kennis " gean . Kennis dy 't fêststeld is op grûn fan arguminten en net op wat in belangegroep der efkes trochkrije kin. Argumintaasjestruktuer Om hokker arguminten giet it ? Meijer ûnderskiedt 4 lagen yn de argumintaasje . 1. maatskiplik; it giet dan oer de maatskiplike funksje fan goed ûnderwiis. 2. kennistheoretysk; in lykwicht yn de soarten fan kennis , tinken en redenearjen. 3. fakynhâldlik ; de keazen ynhâlden moatte rjocht dwaan oan in fakgebiet. 4. lear- en ûntwikkelingspsychologysk; it moat foar bern ek te dwaan wêze. De Fryske situaasje It is no sa dat it Frysk yn it ûnderwiis der altyd op ta is. Jo hearre it de skoaldireksjes al sizzen: "Der is sa'n bytsje tiid . Der binne gjin oeren genôch en it soe skea dwaan oan de oare fakken ensf.". It sil dúdlik wêze dat yn in kultuerpedagogyske diskusje yn Fryslân it Frysk, it eigene , in wêzentlik, yntegrearre plak hawwe moat. It moat der net efkes by sleept wurde , mar it moat der in algemien ûnderdiel fan útmeitsje . It soe de basis wêze moatte. . Foar de takomst fan in Frysk Fryslân is it nedich dat hjir foar dizze kultuerpedagogyske diskusje in foarum , in platform komtt. In tradysje op dit mêd hawwe wy net. In Ministearje fan Underwiis , learplanynstituten as de SLO (Stichting leerplanontwikeling) en ek de grutte edukative útjouwers wurkje op lannelike skaal en hâlde ynearsten gjin rekken mei de kulturele belangen fan Fryslân. De Fryske beweging soe hjirfoar it ynisjatyf nimme kinne. De provinsje soe as earstferantwurdlike oerheid foar it Frysk de foarstap nimme kinne troch sa'n platform yn te stellen. It giet om in brede , iepen , mar ek wittenskiplike dikusje oer wat de bern yn Fryslân leare moatte om harsels bliuwe te kinnen en tagelyk leare te partisipearjen yn it feroarjende wrâld. It eksperimint mei de trijetalige skoalle kin it Hollân-oriintearre ûnderwiis op Fryske basisskoallen mooglik trochbrekke, mar gerêst bin ik dêr net op. De bewuste ûnderwiispolityk fan sosjaal-ekonomyske efterstelling troch (ryks)regear en ek mei troch de diskriminearre Friezen yn funksje as skoalbestjoerslid of learkrêft wurdt noch net ôfskaft , ek net nei it tekenjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale Minderheidstalen. Sa woe de provinsje bygelyks okkerdeis de kearndoelen Frysk mar wer wat nei ûnderen bystelle , omdat guon basisskoallen it ferpoften wat "oan it Frysk te dwaan'.De kultuerpedagogyske diskusje moat noch begjinne en is needsaaklik. Th. Dykstra