1 |
Skriuw it artikel
op de kompjûter |
2 |
Sjoch goed
stavering en grammatika nei, want wij dogge
dat net. tip: Staveringskontrôle
Word |
3 |
Sykje in pear
kreaze foto's grafiken of yllustraasjes
werfan jo sels it auteursrjocht hawwe of
dy't sûnder rjocht beskikber binne. |
4 |
Set de
yllustraasjes mei auteursfermelding op it
goede plak yn it artikel. Meitsje fan de
yllustraasjes at jo dat heal kinne jpg-bestânnen
op krekt dat formaat dat jo hawwe wolle en
net grutter as sa'n 300x300 piksels. Romte
kostet ús wol jild. |
5 |
Set jo
auteursgegevens: namme tillefoan, adres,
e-mailadres en webside eventueel mei in
foto. En at jo leaver anonym publisearje
wolle, set der dan bij, dat jo gegevens net op
it web setten wurde. Wij sette der dan bij
dat de auteur bij de redaksje bekend is. |
6 |
Doch fjirder neat
oan de kleur of opmaak fan de teksten. Wij
moatte dy dochs fuorthelje. |
7 |
Lês it artikel
nochris oer en mail it as bylage (invoegen/attachement)
bij in deamiel, wat meastentiids
rjochtstreeks fan út WORD/office kin. De
allerlêste flaterkes helje jo der dochs net
út! Dat kostet ús op eigen siden ek
tefolle tiid. |
8 |
Troch it mailen
ûnderskriuwe jo dat wij it artikel
publisearje meie yn elke foarm, mar jo hâlde
it folsleine rjocht om it sels earne oars te
publisearjen. Dat lêste sille wij benammen
oanrekommandearje at it hjir belangstelling
blykt te hawwen. |
|
|
en: |
Wa at plagiaat
stjoert bliuwt sels ferantwurdlik, want soks
kinne wij net kontroleare. At wij wol
plagiaat konstatearje nimme wij passende
aksje. |