|
 |
Dokkum en it Heitelân
Yn myn stikje wol ik net fortelle hoefolle lêzers "It Heitelân" yn Dokkum hat, mar inkelde
opmerkingen meitsje oer Dokkum en it F ryske taellibben; de titel seit dus to folle. Ik kin dat dwaen yn
oansluting op myn lêzing op de Krystgearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip 1951. Doe ha 'k it
Fryske karakter fan Dokkum ek bisocht to hifkjen.
Hwannear't Dokkum ûntstien is, witte wy net.
y n 754 waerd Bonifaes by Dokkum deaslein. Pas ieuwen letter hat it doarp in stedsbistjûr
krige, is it stêd wurden. Oan likernôch 1500 ta is it Dokkumer libben Frysk. It Frysk wie de offisjele
tael, dat docht dúdlik bliken út de oarkonden, útjown troch dr Sipma.
Yn de 16e ieu sjogge wy de oergong nei in soarte fan Nederlânsk. Y n 1532 registrearret de siktaris
Leo A. Melle zoen in Frysk testamint, yn it Nederdútsk. Dat Dokkum ûntfryske yn syn tael, sil wol
krekt sa gien wêze as yn Ljouwert en oare stêdden. Dochs hie Mr Reyner Bogerman (1e helte 16e
ieu), dy't himsels doe't er Fries om utens wie, Dokkumer neamt, it Frysk fan syn Mem
leard; yn Dokkum?
Yn de 16e ieu ûntstiet it Dokkumer Stedfrysk en it libbet oant hjoed~de~dei, mar stjert nou hurd út.
Sa krige bihalve it originaire Frysk it stedfrysk en it "Nederdútsk" en sels it Latyn
ynfloed, mar altyd sa dat it Frysk der hiem west hat en troch de .boargerij forstien is. Dat kin ek net oars, hwant
al wie Dokkum dan in stedtsje, in eilân yn it lân, ôfskaet troch bolwurken, poarten en grêften, it
forbân mei de omkriten bleau, sosiael~economysk mar ek kultureel. De migraty en de kontakten mei
de kriten om utens (Dokkum wie sestêd!) ,ha it Frysk yn Dokkum tige skea dien. Dêr foaroer wie
net alle import ûn~Frysk. As moai foarbyld neam ik in conrector fan de Latynske skoalle, Joh.
Hilarides, yn it lêst oan fan de 17 e ieu, sels in Stedfries, mar mei tige niget oan de Fryske geaspra ken. Hy skreau syn hânskrift
Naamsporinge (it is nou yn de Stedsbibleteek fan Ljouwert) fan it Frysk wierskynlik foar it greatste part yn syn
Dokkumer periode. Fan him is dy moaije útspraek by de bihanneling fan it wurd Heit: "Soo dat wy
dan Friezen in Friesland sijnde, ons van niemand souden laaten verhinderen om het woord h e i t e
voor ons en onze kinderen te behouden ..." Hy rekkenet him by dyjingen "... die in ons eigen
rand onze moedertaal behouden en h e i t e Voorstaan en verdaadigen.. ." Sa komt er op foar it
rjocht fan de Fryske Memmetael
|
DE BOARGEMASTERSFROU FAN DE SYL.
It lette jounljocht falt noch troch de finsterbôge,
De ekenhouten wanden stean yn gouden bloei.
In wynrank by 't kezyn forweecht mei licht gedjoei,
Trochskynd fan sinnestrielen ta in poarpren lôge.
Oandachtich is har holle bûg,d oer it stramyn.
De blanke hân stjûrt wis de nuddel, dy't sa trinten
De stekken leit al wikseljend fan kleur en tinten.
~ Dan, op in amerij, hâldt hja de siken yn.
Dit wie net in forsin, hja hat it lok ûntfongen.
Nea waerd har in geheim, sa swiet en suver, sein.
~ Dêr sjongt in kopren sang troch hege, holle
gongen:
It is har eale man, hoe riist hja rêd oerein,
Dofsiden ploaijen falle om har ranke lea
~ Wiid~iepen 't hert fielt hja forsillige syn pea.
D a m J a a r s rn a.
|
lyk as yn in gedicht foar in freon: "Houd gij ons aan het
Friesch: en laat ons dat bewaaren" (Wumkes, Bodders, s. 305).
In echte Dokkumer fan komôf wie Ernst Willem Hight. Hy skreau ~ Fries om utens ~ in
fer.s foar yn de F r i e s c h e Rymlery fan Jan Althuysen (1755) mei de prachtige
rigel:
"Hy zwerve balling 's lands, die zyne Landtaal
blaamt."
Ek de Dokkumer printerij krige in Frys fûnske.
By Groenia byg. binne útjown De Burkery (1774) en It libben fan Aagtje Y sbrants (1779).
As min in prinsipiële skôging lêze wol oer de
posysje fan it Frysk yn de 1 e helte fan de 1ge
ieu, dan kin min dy fine by de âld~Dokkumer
Daam Fockema yn syn P r o e v e n v a n
T a a 1 e n G e s c h i e d k u n d e... (Leeuwarden 1836 ). Skerp sjocht er de gefaren foar it
fuortbistean fan it Frysk troch de ûntjowing fan it ûnderwiis en it fordwinen fan it
isolemint. "Zij wordt, om aangevoerde redenen, door de eenheid van het algemeen bestuur en het geliefkoosd
denkbeeld van Centraliseren nog meer verdrongen." Hy wol ek al Frysk ûnderwiis op 'e
skoalle!
|
it Heitelân maert 1952 30e jiergong nû 3 |
42 |
|
|
yn dy snuorje forskynt it wurk fan de Halbert~ sma's en dêryn paradeare ek Dokkumers mei har Dokkumer taeltsje 'en forhalen dêr't de Dokkumers bispotlik yn makke wurde. It is my noch noait dúdlik hwerom de Halbertsma's en ek oare fryske skriuwers frâl de Dokkumers bigekt ha. Der wiene ek oare Dokkumers: in foarbyld fan in Dokkumer út in echte Dokkumer femylje dy't him mei ynmoed jown hat oan de Fryske saek is: Douwe Hansma (sjoch it moaije opstel oer him fan Wumkes yn Paden fan Fryslân, dl 2).
Ta eare fan Frysk Dokkum neam ik yn 'e flecht noch in stikmannich nammen: ,de útjower
Schaafsma {dy't hiel hwat Frysk wurk útjoech), Prof. Godard Gosses, de útjower Kamminga en
master Wendelaer Bonga. Ik tink ek oan de Dokkumer kranten dy't it Frysk bifoarderen en bifoarderje. De Leeuwarder Courant fan 3 Jan. 1868 nimt in resinsje fan in Frysk boekje út de Dokkumer krante oer, dy't bislút mei: Het Friesch, eens zeker de taal der hoogst beschaafden, moet het weêr worden, en heeft daar toe al de vereischten in zich.
It kritelibben yn de 1ge en 20e ieu Iit ik bitsjeb, allyksa Winterjounenocht.
Wy komme mei de tael yn in krityk stadium. It stedfrysk stjert út; it giet der oan; it echte Dok~
kumersk wurdt net mear brûkt troch de jongerein. De tiid fan it isolemint, fan it smûke Dokkum bin~ nen syn bolwurken en grêften, fan it se suden en se wuden, mar se dusten niet, is foarby. It taeltsje skaeit yn ús tiid fan ûnderwiis op allerhanne
ge biet, fan radio, kranten, migraty, forkear, út nei in karakterleaze grienmank sûnder rook of smaek. Dêrom moat der in kar dien wurde. Soe it net dizze kant út moatte, dat de Dokkumers de kar dogge foar it Frysk? Ik leau dat dêr in histoaryske tradity foar pleitet; dat it forbân en de ienheit dy't Dokkum graech biwarje en bifestigje wol mei de omkriten, dêrtroch sterker wurdt; en dat it stedtsje sa in eigen karakter hâldt, gever as mei in karakterleas ôfeart fan skoalle~, krante~,
radio~ en boeke~Hollânsk.
In bigjin fan in krêftige nije Fryske opbloei is der op allerhanne gebiet, yn tsjerke, op skoalle, yn 'e krante, op 'e kriten, yn it officium, yn it deistich Iibben. Mei dat trochsette dat Dokkum it de âldDokkumer út de 16e ieu, Mr Reyner Bogerman, neisizze kin: et frisonicum idioma durobit per omnia
saecula saeculorum; en de Fryske tael sil bistean bliuwe troch alle ieuwen hinne.
S. v. T u i n e n.
Dokkum, 11 Febr.1952.
|
Barber
't Is al 'n fijfensestig jaa'r fe'leden; mar nuver! fe'skeidene feguren dy't doe myn levenspad
alte~ mets krústen, sta'ne mij dudeliker foar 'e geest as Iui dêr't ik in Ia'ter da'gen doch ok su da'geliksweg met
fe'kearde. En dêr binne inkelde bij, dêr't men wel gauris fan fraa'gt: binne sukke stille, beskei~
dene, in~goedelike mensen der noch?
Wij woanden doedestiids op 'e Diepswal tusken de beide steigjes en hadden 'n achterút op 't
Achterstraa'tsje. Dêr had Barber har affearen en wij, kynders, warren har klanten. Want fur bae'skes fan su'n jaar as seuven mag 'n koekje of 'n
krakeling wat lekkers weze, fûlder warren wij op 'n sint, dêr't wij nou krekt met doen mochten wat wij
wuden. En dêrmet fansels na' Barber. Konkurrinsje war der anders genoeg: bu'fer Griet, dat op na' de Gasthússtraa't, war Itke dicht bij, Frou Katsina of Lucas Heeringa in 'e Wargastraa't warren ok niet
feer. Mar Barber was rejaa'lder, in har snoepwinkeltsje mochten je útsoeke, ok wel weromlêge. Ja, dat winkeltsje kin 'k noch skoan foar mij
krije: op 'e bovenste plank flessen met súrbaltsjes en Maria~koekjes, dêr onder in paa'r
bladtsjes met staltsjes, fruchtsuker en suks, met russen, pysten en
koaningsbroad, feerder neffens it seizoen appels, peren, karsen, wichters, neuten; op 't end fan 'e tonbank in dekskaa'ltsje met farske
moster, "pas op, lieve, stoat it der niet aa'." "Wat mut de jongeheer
hewwe?" Der mutte sa'ken deen wurde. mar de jongeheer war futda'lik niet
klaa'r. Sukke jongkjes hewwe ok har kleine belangen,
dy't fur har niet klein binne; 't is wrachtig niet maklik om te kiezen tusken 'n alderiwichst Iekker
sukelae' dtsje dat sú mar fut is en 'n dreeg suur~ baltsje, 'n ekkeltsje
b.f., dat na' 'n ketier nog ach~ ter 'e kiezen sit. Barber is geduldig, dwingt har raa'd niet op: doen Ia'te wat se wille, baa's
Ia'te, fral niet opfoede. Op 't laa'st wurdt de sint in snobberijen omset ...Hou! hoe binne op 't heden de finansiele ferútsichten? N
ee, it dúrt te lang foardat der met de W oensdag~sint weer nij spli:1t komt. Dus twie fe'skillende súrtsjes fan fier fur
-
DER WAR RIS...
Der war ris in drankslije grenaa't op 'e Fetse; "It slukje is om't leed te
fe'geten," sei Jetse. Mar Jouke dy froeg: "W at hest dan fur Ieed?" "Hoe kin 'k dat nou sêge, a'k 't omme's
fe'geet? "Bist dronken, Jouke? ~ Nou, hoe kinst dan su kletse?" 0 u d~D 0 k k u m e r. |
|
|
it Heitelân maert 1952 30e jiergong nû 3 |
43 |
'n sint en 'n knotske werom. ~ W at fe' diende
Barber, sels in dy tiden, met su 'n leveransje nou einliks ...7 Mar Barber rekende ok met sukke kapta'len bij har húshoudlik búdget. "Fúrmakers fan 20 fur in grouw dubbeltsje om 'e kachel an te setten7" hoar ik har noch sêgen, "feulsen te dúr, ik blief bij ien of twie fan myn talhoutsjes fan seuven fur 'n sint."
Of ik har altyd like goed behandeld he as sij mij?
~ Nee! Barber had wat stive skouders, rimmetyk
dink 'k, en kon met har beide hannen krekt hoog
genoeg komme om har (altyd sukerskoan) mutske op te setten. Mar de lúsjefers stonnen in har win~ kel op 'n wat hoog plankje. Se must dan altiten 'n klein sprongkje nimme, gau-gau met de iene han
'n pakje der aa'slingere en met de ahdere han opheine. By dy nuvere maneuvel kon ik nooit it gni
zen la'te en maa'kte har dêrmet welris wat fe'legen. Se Iachte dan mar wat en sei: "As't niet kin su't mut, dan mut it mar su't kin." ~ Mar 'n ander
ding war nog helte skanda'liger. Groate neuten
fan fier fur 'n sint war wel gauris 'n fe'keerden
bij. Bedurven war niet it sIimste, dy p],úsden ;;y doch mar op, al smaa'kte er ok na' groene seep.
Mar 'n fê'droogden~ien7 Kwammen je by andere Ieveransiers werom, dan grauden se: ,.Kin ik it helpe, ik sit der d6' niet in." Mar bij Barber
kregen we 'n anderen. En al hadden we der doe gien euvelmoed in, it war doch mooi skanda'lig om it sIoof har fe' dienst fan in fraksje fan in halve sint ok nog deur de neus te boren. Mar an de andere kant, Barber het nooit Iast had fan ons, rakkers.
Bij koopman Lijn flapten we altiten met de opene
luken in syn pakhús naa'st it Roade Hart; Truike must ons geregeld fan har skoan-skrobde stoepe
aa'jage as't wy der met smerige klompen op om
bargden, en jeuzelde dan wat fan 'n minne opfoe~ ding; en ik hoor Freerk, de pakhúsknecht fan koopman Boersma, nog ra'zen: "Blief doch in 'e goedichheid fan dy karre aa', bliksems goed!", as't wij, met sin fansels, op syn karre an 't wippen
warren. Dat mocht allegar niet; mar bij Barber mocht ommes alles en dêrom deden wy niks.
Barber woande met 'n suster, Marijke, ok onge
trouwd. Dy ging met twie korven an't jûk it lan in. Har branche war in andere as Barber harres; mar wat, dat weet ik su lyk niet; want der leiden a],tyd twie swilkjes over har negoasje, ik loof hast fan gearen, ban, knoopkes en doekje-spul. Ik sien
se nog deur it Achterstraa'tsje weromkommen fan har moeisume reizen, de lompe skoenen griis fan 'e moude út 'e Dongeradelen of út 'e Wouden. Doadmoed fansels, want Marijke had wat, dat war slimmer as Barber har stive skouders, W at, dat weet ik ok niet, mar it sat in 't liif, En op 'n goeie
|
DER WAR RIS",
Der war ris in grenaa't by de Aa1sumer poa't; De skutterij kwam fe'bij;
ien, twie! lyk as 't hoa't. Hij sei: ,.dat geeft mij in feilig gefoel:
De fijan doad te skieten, dat is doch it doel."
It praa't war wat simpel; mar alle grena'ten bin
niet su snoad.
0 u d~g r e n a a ' t. |
44
~
of einliks op 'n minne dag, Marijke war doad, su mar. It stumper had fansels nooit har gerak had. Doe't ik wat groater en minsliker
wurde, hew ik ok welris over hogere dingen met Barber praten as over kenielstaltsjes en fe'kearde neuten. En dy't nou mient dat ik dit ,.,hogere dingen" ok mar met
'n sprútseltsje goedmoedige irony delskrief, dy
forsint him. Barber war rooms, wij niet. Mar 'n
inkelde kear must se doch wat an mij kwyt: menhear Pastoar had bij har
weest! Hy had seid: ,,20, juffrouw Flotman, hoe gaat het7 N og gezond?"
En ...dêr wú se einliks op út: h~ had met har bid
den! As't ik nou sêg, dat dat gebed fan 'e ienfou~ dige siel in froom gebed weest het, dan sêg ik niet alles. Ik mut in woo'd bruke met 'n warmer Iûd: it war in devoot gebed. '""'-- En nou had Barber 'n
ideaa'l dêr't se welris faker wat over J.osliet: skylk
~ se had de ja'ren nog niet ~ in p1akje in 't roomse gasthús op 't Kerkhof. 0! wat gesellig kinne 9P skimeravend de teelichtjes dêr brande
achter de ge' dyntsjes binnen 't hek! Dêr binnen
mut it smûk weze en feilig. ~ Mar derriist 'n an~ der beeld foar 't oog fan myn geest.
Sundagmor~
ren. ,De klok fan 'e Groate kerk smyt syn hoge toanen over de stad en roept 't kristenfolk op na' de Heilige Dienst. Dêr falt de roomse klok in met syn dreunender lûd. En dêr komme se over 't Kerkhof, su'n tien, twa'lef wyfkes út 't gasthús, kreas twie an
twie, de kyps over 't oorizer en alle~ gar met 'n ouderwetse bonte sjaa'l over 'e
skouders. Se draaie dat op na' de Hoogstraa't op weg na' har Godshús.
Alle fruchten wurde niet ryp an 'e boom fan 'e fe'wachting. Barber het nooit metlopen in 'e kleine optocht. Op 'n morren al weer in skoft la'ter lei se
doad in har bêd, wurde my fe'teld, overleden son~
der bijstan fan menhear Pastoor. Freeslik fur 'e ge~
lovige siel, as't se der weet fan had het, dat $e allienich de groate reis angaa'n must. ~ Mar, mar ... God is barmhartig; der stonnen niet te tellen creditpostjes in har levensboek en ston der einliks wel wat an 'e debet-side7
Seist, 26 Febr. 1952.
G. G 0 s s e s.
I
|
|
|
it Heitelân maert 1952 30e jiergong nû 3 |
44 |
|
|
|