|
 |

Oersop |

|
wylpen
yn it slyk
|
|
In
wiete balpinne skriuwt net. Yn it
fjild moast in potlead brûke."
ropt Bernhard altyd. Myn pinne is
gjin balpinne, mar in fynskriuwer.
Hij hat ek in milieufreonlike
folling op wetterbasis. Dy pinne
skriuwt, mar sifers wurde
stadichoan foarmleaze flekken. Hok
foar doel hat it om it gelyk fan
Bernhard noch tsjin te akseljen?
Myn potlead dan mar. Ik haw der
noch in moaie punt oan slipe.
Fruchtleas lûkt it spikerhurde
grafyt skuorkes yn it ferweakke
papier. Fansels, Bernhard soe it
normaal fine om it krekte soarte
potlead te keapjen. Hij hie sjoen
as der HB op stie, in graad foar
sêftens.
Hij fynt soks wol sa
fanselssprekkend, dat hij tinkt dêr
net oan om oaren dêr op te wizen.
HB, is wol sêft, skriuwt en flekt
net.
|
De
wylpen strike yn al mar grutter
tal op de mokselbanken del. De
wiete wyn taastende yn har sêfte
sturtfearren. Har iele fluitsjen
ferwaait yn de tinne rein op de
skiere flakte. Fan mij wurd
ferwachte, dat ik krekt bijhald
wat se
ite. Dat blykt muoiliker as tocht.
It iere moarnsljocht jout de
slikerige waadkant in ferskaat oan
tinten griis. Grize wetterferve,
alles rint troch. Juster liende ik
Bernhard syn fierrekiker en ta myn
ferassing krige alles tige skerpe
kontrasten. In goede kiker is
neffens him wichtich foar it
beoardielen fan it fearrenpatroan
fan fûgeltsjes. "Sûnder in
goede kiker is dit fjildûndersyk,"sei
Bernhard, "eins net te dwaan."
Mar myn goedkeape fierglês hat
net sok soarte kontrast. It makket
wûnderlike fleurige reinbôchjes
om alle details. Dertroch wurde se
oars allinnich mar minder te sjen.
Bernhard hat wat gnyske om myn
oankeap en mij goedmoedich in tal
fan krekte merken neamt, dy't net
alhiel yn myn studintenbudzjet
passe. Hjoed moast hij spiternôch
sels syn kiker brûke om strânljippen
te observearjen.
|
Krabben
ite de wylpen hjir foaral, wit
hoemannich. Net te leauwen hoe't
dy wylpen hân-grutte krabben
troch harren teare kielsek glydzje
litte. It stienhurd pânsere
krabbeliif hat gemiene skerpe
roannen en úttsyksels. Dêr giet
der wer ien. Skatten nei de lingte
fan de lange kromme snaffel, in
krab fan goed njoggen sentimeter
liif. De wylp hat de krab tusken
syn lange snaffel skept. Skoddet
ris flink. De poaten fleane alle
kanten op. Nei twa hikken is de
hurde hap ferdwûn. De poaten
folgje, pik, pik fuort. Myn
potleat krast wer wat kerfkes yn
it papier. Twa heale moanne
foarmige skuorkes dy't ik letter
as in noggen ûntsiferje moat.
|
Prefessor
|
Dat
waarnimme hawwe se as bern al
meikrigen. Else sneon it fjild yn
mei it kliemske bûsboekje, mei
oare bern fan it bûn. In brochje
en in appel mei fan mem. De heit
en mem kinne inoar der ek fan lyk
as de prefessors. Soks jout in
goede kroade. Ik kom út in oar nêst.
Ik wie gjin lid en sels de blommen
yn ús finsterbank stiene der om
te ferdroegjen.
Thús learden wij noch gjin mosk
fan in roek te ûnderskieden. Yn
it selskip fan fûgeltsjelju hâld
ik mij dêrom leaver stil. Ik soe
der leaver in foto fan nimme, tink
ik, en dan echt telle. De earste
dy't bij tellingen begjint te
roppen is Bernhard, selsfersekere
en mei oerjefte. In inkele kear
rop ik balstjurrich ek in rûsing,
mar net ien lústert. Ik wit net
of't it oan it stimfolume leit as
de twifelriedige toan, mar it is
net oars.
|
Hij
wurdt noch wolris prefessor, sei
slachter Boonstra altyd. De
slachter syn bern hienen gjin stúdjehollen.
Sij holpen harren heit mei grutte
kloeren it fleis út te bonkjen.
Fanôf har fyftjende stienen se
tusken de woarsten en it gehak.
Boonstra wie in fakman en hij en
syn húshâlding koe der spek fan
op bôle ite. Mear as dat. De
soannen hienen al in grutte
Kreidler doe't ik it ôftrape
fytske fan myn grutte broer krige.
Grutsk koe de slachter fan souder
komme mei in skoan omslein stik
pikelfleis, syn spesjaliteit, yn 'e
skoarstien rikke.
De heale dei stie hij mei in fluch
mes karkassen út te snijen dy't
as foltere lyken yn syn slachthûs
hongen. Ien kear gong it likernoch
mis. Pas doe't de slachter it wiet
yn de skuon fielde, seach hij nei
ûnderen. Der hong in stik term út
syn broek, en wol went oan de
oanblik fan terms op syn
slachtplak, duorre it in pear
tellen foar hij yn 'e rekken hie,
dat it syn eigen wie. In
fakkundich
skerpslipe mes snijt sûnder pine.
Letter doe't in tûk sjiruch
it guod wer oaninoar naait hie,
wie hij der grutsk op. Syn soannen
en skoansoannen hawwe no it
famyljebedriuw, al in grutte
slachtfabriek.
|
Sneins
gong slachter Boonstra wol mei de
hiele húshâlding nei Noordwijk
aan Zee. De ôfslútdyk oer mei in
swiere Mercedes fol grouwe jongens
en fammen. Dêr iet hij patat en
karbonaden oan it strân, wylst syn
boarsterige dochters een
borstcrawl in 'e brâning dienen
of har foarse readzjende rûningen
ynwriuden mei tsjokke oalje.
Om't Boanstra fûn, dat in
boekewjirm as ik seelucht noadich
hie, naam hij mij gauris mei. Dan
siet ik op de efterbank ynwrotten
tusken dy dampige heerlijkheden.
Guodlik warskôge hij syn fammen
om nea mei sa'n bleekskeet thús
te kommen. Jo sjogge ommers nooit
sa'n geleerd heerskip yn in
Mercedes. In Dafke, meer kin it
faaks net lije bij sokke stofnêsten.
Klearebarre earmoed. Trou mar ien
mei in saak.. In de slachterij
gooie jo de harsens ek bij it ôffal
foar de fetranerij.
Dy dochters sille fan é jûn,
wylst
ik myn ferslach útwurkje, grif
mei harren grouwe kearels nei de
bowlingbaan ride. Yn in
terreinauto,
in pak flappen yn de kontboesse
foar bier en ballen. Op kosten fan
'e saak. Ik wurkje myn statistyk
út, want ik wurd prefessor. Of
net soms, want in waarnimming fan
in fakature, sels de nederigste
funksje, is yn dit fak al jierren
net dien.
|
Fûgeltsjelju
|
Bernhard
liket it brek oan karièremogelikheden
neat te dwaan. It hat gjin doel om
bij him dit ûnderwurp oan te
snijen. Bernhard skowt it fansiden
as is it nea bij him opkommen en
begjint oer ien of oar suksesfol
ûndersyk of in nijsgjirrige
natuerreis fan him. Hij set him sûnder
sydpaden yn foar elts ûndersyk,
feitelik betinkt hij ek de ûnderwurpen
foar oaren. Hij wurdt dêrom op 'e
hannen droegen troch de
fakulteitsstêf. Salang hij syn ôfstudearskripsje
net ynleveret, hâldt hij syn
assistintebaantsje en hat hij wat
sinteraasje. Simmerdeis kin hij dêrfan
goedkeap mei ien fan syn
freondinnen, elts jier in oare,
nei de Hebriden om
foarbijswimmende walfisken en
papagaaidûkers te tellen. Nei de
simmer, at de lêste walfisk syn
fontein ejakulearre hat, binne se
útpraten of sa en wennet Bernhard
wer allinnich op syn lytse
studintekeamer..
|
In
pear wiken lyn hat Bernhard
lykwols fernommen, dat hij in
promoasjebeurs oan de universiteit
fan Cambridge krije sil op
foarspraak fan syn heechleraar.
Noch gjin prefessor, mar wol mei
status en finansjeel knap rom yn
it jaske. Hij soe in fjouwertal
jierren de wrâld fan noard nei súd
bereizgje kinne, mei de stoarmfûgels
de simmer efter nei, foarsjoen fan
de djoerste fjildkikers. Guod dat
op de Camel Trophey net misstean
soe. Yn it sok syn freondinnen, in
kroanprins op toernee.
|
Ik
sels kin noch gjin fatsoenlik ûnderwurp
foar in doktoraalskripsje betinke.
Jierren lang haw ik tentamens dien
oer ûntelber folle feiten. Net de
minste gearhing haw ik yn dat stúdzjepakket
fûn. Gjin inkele metoade ek om ta
fakmjittigens ta profesjonaliteit
te kommen. Oer ôfstudeerûnderwurpen,
dêrta ferge, docht de iene
heechleraar noch tiziger
suggestjes as de oare, ferheard
dat ik sels noch altyd neat
betocht of regele haw. Nea liket
it tinken yn har plasse op te
kommen, dat ik noch in learling
bin, dat ik in wiere learmaster
nedich haw om mij yn te wijden yn
de krekte techniken fan de tapaste
statistyk en de metoaden fan it
wittenskiplik ûndersyk. Wêr wurd
sok fakmanskip eins frege yn ús
maatskippij? Hie ik net better in
koarte kursus boekhâlden dwaan
kinnen en op kantoar bij de
Boonstra's wurkje sa at myn
kroechfreondinne Roelia
suggerearre?
Roelia
|
Roelia
stuts nei in pear gleskes bier
graach dy studint de gek oan.
Boekhâlders, dy binnen der
neffens har nooit genôch. It
bedriuwslibben raast om boekhâlders.
Nee, hja seach noch nea in
adfertinsje foar in '
wittenskiplik foarme biolooch'.
Neffens har waarden dy nei de stúdzje
direkt op sterk wetter setten yn
it natuermuseum. Sij soe ek net
witte, wat sa'n sokkebreider op
har kantoor dwaan koe. Sa'n fint
dy't allinnich mar prate koe oer
de blauwe mich op't plafond of it
blauwboarstke foar it finster.
Biologiske t ee sette tink. Ja
okkerdeis wie se ris op in iepen
dei fan it Biologysk Sintrum west.
Siet dêr san fûgel, prefester
dokter Dinges, de hiele dei yntym
oan tafel mei in blauwe mich,
festlime op in stokje. De mich
fansels. Foar de mich stie in
mikrofoan en de mich sei de hiele
dei fan brom brom, oars net. En dy
gelearde droegkloat makke der dan
op in apparaatsje steapels
grafykes en dêr wer statistykjes
fan. Dy alfabetisearre hij dan wer
ta publikaasje en sa rispe hij de
ferplichte punten foar de
fisitaasje kommisje. At der nachts
op syn frou lei sei der grif ek
allinich noch brom brom.
|
It
wie feitelik misdiedich fûn
Roelia, dat jonge minsken ferliede
waarden om in stúdzje te dwaan
wêr't
gjin doech brea mei te fertsjinjen
is. In inkele reis bijstân. Troch
herexamens nooit in wykein de tiid
om mei in faam te surfen. Sûnder
studinten gjin prefesters, dat
witte dy hearen och sa skerp. Sa'n
prefessor yn de biology is
feitelik sels in foech boasaardige
parasyt. Hij sûcht studinten
leech en koarret se nei fiif seis
jier út as in ôflebbere hoer.
At ik dan sa'n domkop wie?
"Nee, do kinst mei in koarte
kursus noch hiel wat oprêdde hear.
Moast dan wol op kantoar tusken
famkes fan santjin begjinne en de
hiele dei faktueren yntype. Immen
wurdt net samar baas yn it spul.
Kom drink noch ris ien fan mij en
dan moat ik ek fuort, want ik soe
moarn al betiid mei Karel te silen.
Hij hat in stive 22 kwadraat en ik
wit in smout plakje om oan leger wâl
te reitsjen, tabee!
Kjeld
|
Al
dy fûgels, stranljippen,
grienpoatrúters, wytgatsjes, se
pikke yn de blabs dat it in aard
hat. Foar in minske is der
allinnich mar in keale drekflakte
te sjen. Der moat oars dochs in
goed dekte tafel lyk ûnder it
oerflak sitte. Hie ik no mar in
lodde om ris flink yn dy drek om
te skeppen. Faaks kaam der wol wat
wittenskipliks út. Yn elts gefal
krigen jo it der waarm fan. Ik bin
hjir omtrint oan it ferstjerren
fan 'e kjeld. Ôfloskje liket der
hjoed net bij te wêzen. Wer
bliuwt Bernhard no? Ik stean hjir
al fanôf fjouwer oere moarns te
blaubekjen. Ea hearde ik nuvere
ferhalen oer ûnderkuollingsferskynselen.
Op skoalle hiene wij ris in maat,
Jan Koster, mei beferzen earen. De
knaap kaam út in dûmny's húshâlding
yn Ternaerd, gerifformeard in krap
traktemint dus en de bern fytsten
eltse dei it hiele ein nei
Ljouwert. Ek yn de iiskâlde wyn.
Dy earen, och, die waarden sa grut
as koalblêden. Dat wie dochs wol
hiel wat oars as dat kâld krompen
rûpke dat ik saniis fûn bij it
pisjen. Neat om in waarme frou mei
te plezieren.
|
Oan
wat waarms wol ik tinke, hûd oan
hûd, mar sels dy gedachte wurdt ûneindich
fertinne yn de waaddampen. De
flakte glinsteret as in fisk. In
wiete slimerige skylfiskhûd is kâld.
It aard fan it wetterich miljeu.
De sinne dy't as in bleke kladder
boppe de kimme hinget, slipet yn
dit ierdske in stielbauwe glâns
oan it nei swevel en blikjes krab
stjonkende waadslyk. Der is gjin
minske te sjen, sels net ien om oer
of tsjin te kankerjen. Wêr bliuwt
dy jongen no!
It kâlde wetter is al lang troch
de skuorren yn myn learzen kringe
en de noch waarme plakjes hûd
begjinne stadichoan terrein te
ferliezen. Fanôf in trochlekkend
skouder sil in lytse kille stream
de rêch ferkenne. It minime
streamke longeret nei de Grutte
Lisse der 't krekt al dy
reitguozzen weiferzen binne.
|
Fan
foaren plakt it tekstyl wiet oer
myn búk. "Moast absolút
wollen klean meinimme,"hie
Bernhard noch sein. "Wol hâldt
de waarmte fêst ek at it wiet is.
Skiep rinne ek net yn
katoen."
Ïn minske is in fize bleate moksel.
Fan syn natuer woldragend, mar myn
flues hat him op in pear pôlen
nei fan myn bleke Europeeske fel
tebek lutsen en is al te betiid
oan har lêste ôftocht.
Marije
|
Marije
hat feitelik wol in prachtige kop
mei swart hier. Wat boppe sit, sit
fansels ek ûnder. Soe it ek
wolwaarmte hawwe? Se rûkt einliks
in lyts bytsje nei swit, hm ja.
Juster prebearre se mij kear op
kear Bernhard syn statistyske
oanpak fan ús ûndersiik út te
lizzen. Har plúzige wollen trui
hie nijsgjirrige wulvingen en ik lústere
wat nei de lading, de eb en floed
yn har boppe en ûndertoanen.
Sadwaande folge ik har útlis net.
Neist har wurke Bernhard syn
oantekeningen út.
Klauend yn syn
tinne wite hier helle Bernhard
mei de tosken, en mei wiere
belangstelling, de fangst ûnde
syn neilen út. Seagen syn
freondinnen soks noait? Wiene se
der blyn foar? Woene se graach ris
húverje bij in tút? Faaks woene
se him letter ferbeterje, it
ferpleegstersyndroom. Winliken wie
it gewoan de meast kânsrike
partij. In jerk hat syn pracht
kleuren. De pearbalts fan Homo
Sapiens, de minske, is dochs tige
subtyl en wittenskiplik min te
ferklearjen.
|
God
fan de kriich
|
Trije
moannen lyn hie ik se oantroffen
op har keamerke yn 'e
studintenflat Myn freondinne Karin
en har stúdzjebegelieder Herman,
haaddosint maatskiplik wurk.
Beskamsum hie Herman syn
boesgroentsje wer oer syn
ballonfoarmige bûk lutsen. Net
beskamsum om it resultaat fan syn
kliemske oantrunen en fergjen bij
in him tafertroude leerling, mar
om it betrape wêzen troch sa'n
snotstudintsje. It liif hong ûnfoech
oer de râne fan syn broek. Hij
moast syn kul net iens sjen kinne
at hij op syn skuon wettere. It
wie dúdlik dat hjir net de
staazje of de takomst fan Karin
besprutsen waard of dat dit alles
no sa maatskiplik wie. Wol leersum
fansels, teminsten foar mij.
|
Herman,
wie dat net dy Teutoanske god fan
de kriich? De status fan
haaddosint mei fêste oanstelling
stiet kennelik simboal foar in grut
swurd, want oan syn ôfhingjende
skouders, dêrbij syn sneue hâlding
as soe hij no klappen krije, koe
it net lizze. Satus makket alles
wat lilk is wierlik ûnsichtber.
|
Om't ik de dêrop folgjende
dagen it fielen net fan mij ôfsette
koe, dat dy krokettebúk tusken ús
op 'e matras lei, wie ús
ferkearing in ôfrinnende saak.
Beleefd en beskaaft, moglik út
brek oan fermogen om ris flink rúzje
te meitsjen, haw ik de doar fan
har flat stil mar foargoed efter
mij sletten. Good clients don't
complain, they just fade away. It
fjûr wie dôve.
Slakjes
|
Sjoch
in slakje, in waadslakje fan amper
twa milimeter miniatuer. It hiele
dierke is wat glêzich
trochskinend. Fan mûle oant anus
is in lyts termke te sjen, dêr't
in bytsje grien-pearse algenbrij
ferwurke wurd ta nuttich aaiwyt.
In lyts barnstiennen húske mei in
faach swart streepke op it slymsêfte
rêchje. It lyfke, sacht as de
binnenkant fan in frou, skowt oer
it skerpe sân. Och ien, och in
hiele protte. Wêr komme dy
ynienen wei? It wetter is no
hielendal fuortrûn. Se sieten yn
it sân. Tûzenen en tûzenen op
in fjouwerkante meter. Tsien
miljard de fjouwerkante kilometer,
twa keer de wrâldbefolking. Sjoch
elts draait syn eigen rûntsje en
weidet syn alchjes en
purperbakteriën. Kokes yn it lyts.
|
Syn/har
eigen rûntsje moat ik sizze, want
se binne tagelik mantsje/wyfke.
Gjin ferfelende konkurrinsje
tusken manlju en froulju.
Emansipaasje at libitum. Se dogge
mei harren twa'tsjes in
kwartetsje, hiel gesellich fiif
miljard pearkes op syn Frânsk
elke hûndert hektare. Triljarden
spermatozoïden griemende oer
kilometer nei kilometer waad yn ûnbegyplike
oantallen. De waadsee as in troch
moksels opsûge oersop
fan spermatozoïden, frij
omswimmende yndividútsjes, dy't
yn wêzen en driuwfear neat
ferskele fan dy fan levermoassen
of minsken. Homo minusculus neamde
Antoni fan Leeuwenhoek se ieuwen
lyn, doe't hij syn eigen
selsbeflekking troch de mikroskoop
gûkere.
|
De
lytse bûnte griltsjes drave der
oerhinne. Minireuzen, dy't hastich
slakjes pikke sûnder effect op it
enoarme tal. De ûnripe
slakkeaaikes wurde ferwurke ta fûgelaaikes.
Tûzenden foar ien. De slakjes
witte it net. Se binne sels
hastich dwaande har bûkje fol te
iten foardat it wetter opkomt.
Pearkje sadre't it waar har
hormoanen opjaait. Op it earste
gesicht allegearre identyk en
dochs minuskúl sinnich yn de kar
fan harren partner.
Janny
|
De
earste wiken wie ek Janny mei,
spjochtich, sprútich en in earlik
sin. Doe't wij op middei frij
wiene, frege se mij om lâns it
strân mei te rinnen nei X-doarp,
dêr't wij in pilske drinke koene
en wat dûnsje. Bernhard en de
oaren sieten noch drok oan harren
oantekens te rekkenjen en woene
net mei.
It wie in âltwivesimmer en op it
brede strân waaide in sulverskjin
koeltsje. In wyt strân stode foar
ús út mei puollen en drûchwaarme
faskberne dúntsjes, maagdelijk
jong yn in einleaze bocht. In ûnferwacht
waarme hjerstsinne makke de
stemming fertroud en we praten wat
oer de ups en downs yn beider
ferkeringen. It petear rekke op en
wij sieten yn de ôfkuoljende
lette middei efkes tusken twa
dúntsjes yn jong fammesteat bij
een fikse pôle helmgers. Janny
har koperen sprúten liken ynienen
in bliere blommegreide op it wite
sân. Har gielgriene eagen in útnoegjende
twilling. Ik skode wat tichter
tsjin har oan en myn hân oeps wat
fjirder.
|
Janny
is in natuerlik famke sûnder
falske show. "O, ik moat
efkes," melde se, noch foar
dat ik der út wie at se te tútsjen
wie, "Mei in folle blaas kin
ik net." Noch gjin tijie
meter fjirder luts se hup har
broekje op de knibbels en sproeide
wiete flekken yn it stowende sân.
De tusken har hierkes ferwaaide
drippen blonken as peareltjses yn
de leech hingjende sinne. Se luts
mei-iens dat broekje mar hielendal
út en gong tútklear foar mij op
it san lizzen, Frysk as it strân
en liet mij de knoopkes fan har
bloeske telle. De wyn hie tusken
har skonken de wiete hierkes kâld
makke Tsjin safolle nochtere
spontaniteit wie myn eigen bleuëns
net opwoeksen. Janny seach
fersillige, der waard in frou
skepen.
|
De
sâlte wyn en de asem fan Jannie
fermongen har ta in herinnering út
in bettere wrâld. Janny wie
meager mei ribben fielber direkt
ûnder it fel en in wifkjende
bloei fan boarsten. Die sulveren
hierkes op Jannie har ôfkuoljende
fel begûnen rjocht oerein te
steanop hiele lytse heuveltjes. Se
lake, rûn nei de wetterkant en
griemde wat fan ús yn it oersop
fan de see, foar it filterjend
gedierte, kokkels, nontsjes, strângappers,
en fûkewjirmen. Om har sierlike
mei sewetter wiet wosken skonken
hong se kwiek wer har spikerbroek
en der wie neat bard.
|
Janny
kaam op it foarfal net wer werom,
al bleau de fertrouwelikheit
tusken ús hingjes. In wike letter
wie har ûndersyk dien en bea ik
oan har efterop de tjinstfyts nei
it feer te bringen. Se swaaide, as
altyd bliit entûsjast, fan efter
de reling: "Hoi maatsje!"
Núver sa in sympatyk famke. Mei
in famke as Janny soenen jins
problemen dochs libbenslang út de
wrâld wêze? Ik soe dochs bêst
mei har trouwe kinne? Wie it noch
altyd dy kriichsgod Hector dy't
myn mannemoed yn in lytse herne
triuwde?
|
De
ûnbedimbere
|
Foarige
wike stelde Bernhard út en gean
mei it rubberboatsje de see op te
farren. Dan koene wij sjen at de fûgels
ek tiid fergriemden boppe de
Noardsee of dat se har tiid op de
leechstreamende waadflakten sa
effisjint mogelik brûke. It
earste koe tsjutte op oerfloed, it
twadde op krapte. Iten as de
beheinende faktor. De fûgels dy't
útrûpele fan har flecht fan
Grienlân, Siberië of Spitsbergen
kamen en in dit tuskenstation yn
in pear wiken opfetsje moasten
foar de fjirdere reis nei Dodana,
Mauretanië of noch folle fjirder
Afrika yn. Ik woe der tjinyn
bringe, dat dy fûgels bij
oerfloed oan iten miskien gewoan
te lui wienen om samar wat boppe
see te fleanen of dat se oars gjin
toeritisk sin hienen, mar in
aventuerke mei de boat dat noaske
mij dochs wol. Wêr wat oars as om
beurten allinnich op it Waad
posten. En ik besefte wol, dat
Bernhard feitelik der op út wie
om flak únder de kust
passearjende jan fan genten waar
te nimmen.
|
Bernhard
smarde in goed pûdfol bôle mei
pindakaas en ik helle in tankje
benzine foar de bûtenboardmotor.
Der stie amper wyn en de wolken
waarden aloan tinner, dat it wie
in moaie dei om op it grutte
wetter te faren. It rubberboatsje
wie âld en ferwjirre mei tal fan
pleisters op de plakken wêr 't
hij lek west wie. Neffen Bernhard
wie it skip noch tige betrouber.
Rubberboaten wurde súver wat
taaier at se belein binne. Nei in
foech kertierke lûken oan de
starter hiene wij it swit op é rêch.
Mar nei de earste walmkes begûn
it moterke tefreden te protteljen
en setten wij fan wâl. It wetter
wie grut, it boatsje lyts. Sa like
it of kammen wij yn twa treie
oeren net folle fjirder. It
sil de floedstream wêze tocht ik.
It swit dat earst ús rêch
beklomme droege en de sinne skynde
waarm op it dekseil der't wij foar
in part ûnder krûpt wienen.
|
"We
moatte takommende wike ek ris
fjirder op it waad sjen, "sei
Bernhard, "Neffens mij sitte
hjir deun bij it eilân allinnich
de kniesde fûgels. Let mar ris
op, der sitte in protte kreupele
poatsjes bij, foaral bij de strânljippen.
De fette krabbenpopulaasjes sitte
fansels op de grutte platen neist
de floedslinken. Dêr streamt it
measte detritus, dea ôffal, fan
de Noardsee en de lege parten it
hege waad op en ôf. De meast
dominante fûgels skoppe de
krakkemikkige eksimplaren út de
groep. Dat is bij alle soarten sa.
Dochs ek bij ús!.
|
"Ik
haw oars wol lêzen, dat foar de
Maasflakte troch wylpen oars net
iten wurdt as Nerius, fûkewjirmen,"hie
ik noch tjinakselje, "Miskien
ite se wol gewoan wat har it meast
foar de bek leit. Teminsten at se
de koarsten kôgje kinne, wat bij
kokkels en foaral moksels lestich
is sunder sterke mage of snaffel.Mar
Bernhard redenearre al wer fjirder:
"At wij no it tal krabben de
fjouwerkante meter berekkenje, de
enerzjy en de biomassa dêrfan
ynskatte en de omsetting yn
wylpefleis en fet. Sa
rekkenje se ek bargefoer ien op
tsien om yn baarch. At wij út ús
tellingen opmeitsje hokker
persintaazje de wylpen op ite
hoege wij allinich noch de
statistyske ferdieling fan fûgels
en krabben op it waad te witten.
Sa kinne wij de maksimale draachkrêft
fan it waad, dat wol sizze it
maximale tal wylpen útrekkenje."
|
Op
dat stuit folge ik Bernhard syn
rjochlinige riddenearing krekt net
mear, want ik seach bij it omsjen,
dat wij al pratendewei op de
tanimmende ebstream wol in hiel
ein it seegat útspjild wienen as
wat jirpelkrommen yn it kolkje.
Boppedat hong efter ús rêch
boppe de eilannen in tige swarte
loft. Hjir en dêr lutsen lytse
sulveren triedsjes troch de inket.
Sûnder it rammeljen fan de moter
hienen wij it fiere rommeljen wol
earder heard. Mei dat ik
seach wienen ek de golven koarter
en heger, donkerder fan kleur ek.
Krekt as wie sels de lucht in de
boat in bytsje slopper.. "Kinne
wij no net better werom Bernhard?"
zei ik twivelriedich. Berhard soe
earst noch efkes troch syn kiker
sjen, mar it bûsboekje kaam net
mear út it jak. Stoarmfûgels
hjitte net sa om't se massaal yn
de stoarmen omfleane mar om't se
foar de dea skulplak sochten op
skippen yn razende orkaan.Neffens
mij kamen se yn dit part fan de wrâld
net foar, mar sels gjin see ein
wie der te sjen. "Die hawwe
it waer better foarsjoen as wij en
ek in better plak socht,"
tocht ik mei in sinkend gefoel yn
de mage. "litte wij gouw
werom gean," sei ik en goaide
it moterke om oant wij dwers op de
ebstream kamen rocht op it Noarsee
stân ôf.
|
De
weromreis woe net opsjitte De
wyn boaze al mar oan en it strân
skode sydlings oan ús foarbij. We
moasten der yn op en it boatsje
klotste fol wetter oant it swier
wie. It motorke op maksimale
toeren smûgde der oer. Bernhard
waard almaroan bleker en stiller.
Hij hifke stikem it tankje. Ik
tocht dat hij him op dat stuit
mear drok makke oer it enerzjy
ferbrûk fan bútenboardmotorkes
as it fetferbaarnen fan
steltrinners. De lêste hoarten
fan it moterke brochten ús oant
bij de branding. Nei wat foarse
slaggen mei de riemen sprong ik dêr
midden yn de branning út é boat
en sleepte him oan de lânfêst
nei it strân. "Die lûke wij
efkes nei it dún en dan helje wij
him straks wol mei de karre. Litte
wij earst mar ris wat droechs
helje en in waarme boarrel."
Bernhard haw ik oer dy tocht
net mear heard, mar in pear dagen
letter hie hij regele, dat wij
tegearre tsien dagen nei de
pealhut op de grutte plaat koenen.
|
Werom,
it oersop
|
In
fiskersboatsje brocht ús nei in
grutte pealhut op de sânplaat.
Moandei hawwe Bernhard en ik gau
boadskippen dien. Bernhard hat syn
rêchsek folproppe. Neist bôle en
pindakaas ek spek, beane en kofje.
Dat spek fyn ik nuver mei safolle
fleis ûnder hânberik. It slyk
sit dochs fol fleizige kokkels en
der binne mokselbanken wêr't wij
te kust en te keur kinne. Ik haw
bij de boadskippen noch wat
griente dien, mar ek twa flessen
sterke drank, want tsien dagen op
inoars lippe dan wol boaiemke
spraakwetter jin wolris oer in dea
punt helpe tocht mij.
|
No
hienen wij mei prate gjin muoite.
Bernhard fergeat oplêst sels syn
statistyk en ferhale fan eartiids
bij him thús. Hij kaam út in âld
deftich roomsk laach. It wie al yn
it foar regele dat hij preester
wurde soe, want hij koe goed leare.
Hij hie op it simenaarje gien. Sa
krigen jin letter noch ris in
sillige yn it laach. Mar ja, it
binne moderne tide. Syn suster
krige in bern fan har eigen
preester en troude der mei.
Bernhard leaude yn de evolúsje
ynstee fan de skepping. Hij hie
boppedat gjin langst nei it
selibaat en begûn derom mei wat
fertraging op syn NJN-maten oan de
biologystúdzje.
|
Sa
fertrouwelik pratend lei hij sa no
en dan de hân op myn knibbel. Nei
in tredde of fjirde buorrel kaam
Bernhard op it idee, dat der
nachts ek wol wat oan de fûgels
te sjen wêze moat. It wie dochs
moai ljochtmoanne waar en de fûgels
libje op it waad net op in dei/nacht-ritme,
mar op de wikseling fan leech en
heech wetter. In kiker
konsintrearret it ljocht troch dy
grutte foarste linzen, sadat der
nachts mear troch te sjen is as
mei it bleate each.
|
En
wrachtich, it wie suver in
iepenbiering wat wij te sjen
krigen. Sels Bernhard hie der noch
nea fan heart. De strânljippen,
typyske each-sikers, hawwe nachts
neat oan har skerpe blik. No
draafden se yn rjochte linen oan
alle kanten fan ús pealhut de
snaffel in eintsje yn it sân
stutsen. It like wol in wedstriid
tusken lytse wunderlike ploechjes,
dy't kris kras lytse fuorchjes
efterlieten. Stjitte sa'n ploechje
op in kokkel of sa, dan wie it ho
en waard de proai opdolle en útiten
troch de skerpe snaffel tusken de
sterke skelpen te stekken. It
makke dat de nacht in sfeer krige
fan wunderlike ûntdekkingen út
in oare wrâld. We fergeaten sels
om oantekeningen te meitsjen en
pas doe't de flesse hielendal
leech wie, kroepen wij tefreden yn
ús sliepsekken.
|
De
oare moarns, ik hie it al in
hoartsje ophâlden, learde
Bernhard mij, hoe't it mei it
gemak moast. Hij hong mei syn
swier liif oan it roastige izeren
ljedderke, de broek op de ankels
en it gat djip nei ûnderen. Sa
like hij fan bûten wierskynlik op
in folsûgde stekmich oan de hals
fan in reus op fjouwer poaten. Fan
binnen út, troch it kykrút, like
it mear oft de folle moanne wat
leech hong, oant der middenút wei
in stjonksigaar skode en omleech
yn it sop plûnzge. "De see
makket himsels skjin. It wurdt
fisk, Hollânske nije,"
grapte Bernhard. Bij leech wetter
foardat de plaat drûg foel, fertrêden
wij ús om beurten yn de ienichste
ljisklearsen dy't de hut ryk wie.
De fûgels sieten dan dochs op it
fêste lân.
|
Juster
namen wij it beslüt om bij it
betide leechwetter op twa plakken
opnamen te meitsjen. Bernhard soe
eerst om de hut hinne it iten fan
de wylpen trurve en ik bij de
mokselbanken op it oare ein fan de
grutte plaat. Noch foar dat it
locht wie gong ik troch it ûndjippe
wetter op paad. It wetter klotste
hast oer de rânen fan myn
ljisklearsen. Mar foardat ik in
oere letter op myn post kaam, rûn
it waad leech en kamen de fûgels
bij tüzenden opsetten, seefûgels
en steltrinners yn grut ferskaat.
It wie hjir wûndere moai, as hie
God dit stikje fan de skepping pas
juster ôfmakke. De pealhut is in
lyts grien pjukje oan de kime.
|
It
soe in lang en leech tij wurde mei
de eastewyn. Dus we hienen wol
acht oeren of mear de tiid.
Healwei soe Bernhard bij mij komme
mei in brochje en dan koe ik wer
nei de hut. Mar myn mage stiket,
de sinne sakket en it wetter komt
al omheech. Myn horloazje stiet al
dagen stil troch it sâlte wetter.
Dochs is it mij wol dúdlik,
Bernhard komt net. Grif hat er wer
wat nijsgjirrichs fûn. Soks wer't
hij om statistyske redenen net bij
wei kin.
|
Ik
set de sokken der yn en mar goed
ek, want it wetter rint al oer de
plaat no't ik yn de buert fan de
pealhut kom. Der liket al wat mei
de hut, mar ik kom der net
op wat. Fan disstânsje kin ik it
net goed waarnimme. Krekt of is de
foarm wat oars. Tichterbij kommen
sjoch ik it roastige izeren trepke
is fan boppen losskuort en it heal
ôfbrutsen gefal stekt no as in núvere
ereksje dwers tusken de poaten fan
dewiidskonkige reus. Underoan
liket in grutte bleke kwabze yn it
wetter te driuwen krekt of hat de
pealhut ek syn gefoech dien. Ik
draaf it lêste eintsje troch it
opkommende wetter. Platfiskjes
stowe foar myn fuotten út. It
hert slacht mij yn de kiel.
|
Och,
syn holle stiet mâl frjemd op het
liif. Bernhard hie grif krekt
moatten, doe't ik noch mei it lêste
ôfrinnende wetter de plaat op
paad gong. It trepke, ruostich en
oantaast troch it jirrenlang
bemiigjen troch studinten, wie
tjin dat hingjen net meer bestân.
Út syn mûle rint no in streamke
bloed, aaiwiten foar it filterjend
gedierte, moksels, kokkels en fûkewjirmen.
|
Neiwurd:
Dit foarbyld gong oer it skriuwen
fan in novelle. Literatuer skriuwe
liket minder planmjittich as in
rapportaazje. Mar is is net sa. In
ferhaal hat altyd in tema, in
opbouw en in styl. Tema's binne
faaks stereotyp. It tema is hjir
nommen út "Nooit meer
slapen" fan ús nei eigen
sizzen grutste skriuwer fan de
foarige ieuw, Willem Frederik
Hermans. Lyk as dêr is de in
antiheld, in haadpersoan dy't foar
syn ôfstudearproject alles bij de
hannen ôfbrekt. En dêr is in
tsjinspieler dy't o sa betûft is
yn it fak en yn de manierkes der
omhinne die de groep bine, mar de
haadpersoan útslút. Lyk as yn
"Nooit meer slapen"
twirje dy twa om inoar hinne,
wylst de haadpersoan wrakselt mei
syn eigenbyld en de natuer en
bliuwt hij allinning oer. In beide
ferhaelen is de styl licht yronisk
en de opbouw met tebek sjende
scenes en in protte
natuerbeskriuwingen (Hermans wie
geoloog.). |
|
|
|