Skrift is jo 1e algemiene publykstiidskrift op it ynternet.
NIJ! Kearndoelen Frysk ûnderwiis

Skrift hat mar ien nummer, mar dat Skrift-nummer wol beslist ta 1.000.000 artikels groeie. Artikels fan jo foar de wrâld. Wij hawwe, foar jo gemak, dêrta rom ynfesteare. Publisearje no

Skrift klinkt as it krassen fan de skerpe griffel, de skerpte fan de wurden op de siele, it koarte skerpe lûd ek fan de tongerslach dy't neist jins fuotten ynslacht. Sa is it ek bedoeld. It is in tige anargistysk tiidskrift wêryn elke Fries syn geastelike wjerljocht yn spatte kin.

Elkenien dy't him skriuwendewei úterje wol, sûnder dy nuvere ballotaazje fan betterwiters, mei har yn Skrift úterje. Fansels wol neffens de nettikette, mar it mei bêst op it skerp fan literêr en kritysk.

De redaksje fan Skrift hat keazen foar in echt iepen foarm. Ommers ynternet is fan eltsenien, it is licht anargistysk en we moatte it mei-inoar foarm jaan,
De artikels yn Skrift sille setten wurde in de rubriken literatuer en maatskippij. At it ferskaat groeit sil wurdt it tal rubriken útwreide.

At jo in artikel ynstjoere nei Skrift meie jo in suggestje meijaan foar de rubryksyndieling. It mei anonym, mar at jo der in namme en foto bij hawwe wolle dan sette wij beide. Alles graach per email stjoere, want at wij it skanne litte kostet it in pear tientsjes. 

Jo artikel komt yn earsten gewoan sûnder seleksje boppenoan yn Skrift te stean, salang der gjin folgjend artikel opstjoerd is.
Echt literêre pinksterblommen yn Skrift of artikels fan skriuwers dy't earne oars in protte publisearje sille as sadanich in fleurich keurmerk krije. De redaksje fan Skrift sjurearret dêrút foar in jierlikse ûnderskieding, Dêr is fansels in jildpriis oan ferbûn. Oer de oare artikels is it oardiel dat de kwaliteit prima is, wat wa 't skriuwt, bliuwt.

Jo Redaksje