 |
Le Chat Mort, in Fryske dwerch yn
útjouwerslân.
Bauke Nicolaï
Ketlik - Jos Boelhouwer is de man efter strip-útjouwerij
Le Chat Mort yn Ketlik. Yn it deistich libben is er
learaar ekonomy oan RSG 'Magister Alvinus' yn Snits. It
útjaan fan Fryske strips docht er der sûnt 1993 by.
Syn nevenaktiviteiten binne yn 1997 beleanne mei de
Kultuerpriis fan de gemeente Hearrenfean. 'Tanksij Jos
Boelhouwer en Utjouwerij Le Chat Mort wurdt de Fryske
taal op in tagonklike wize ûnder de oandacht brocht',
wie it kolleezje fan B&W fan betinken. Oarspronklike
Fryske titels docht Boelhouwer net oan. Alle útjeften
binne oersettingen fan stripboeken fan kwizekwânsje:
Olly B. Bommel, Suske en Wiske, Asterix, Kaptein Rob en
Erik de Noarman. De oplagen sil mannich Fryske skriuwer
him de fingers by ôfslikje. Ien fan de lêste útjeften,
de Goalgetter, in Suske en Wiske boek dat yn gearwurking
mei de betelle fuotbalklubs It Hearrenfean en Cambuur ta
stân kaam, is printe yn in oplaach fan mar leafst
13.000. Begjin maart is 'De unistân', njoggende in de
rige fan Bommel-útjeften, op 'e merk brocht. Harke
Bremer en Jarich Hoekstra tekenje foar de oersetting.
Hoe komt Jos Boelhouwer, yn 1952 berne yn Haarlem, der
ta om Fryske strips út te jaan?
'Op 7 jierrige leeftyd bin ik ferhuze nei Deventer. Dêr
bin ik opgroeid en letter ek trouwd. Nei de kweekskoalle
wie in plak foar de klasse hjir yn Nederlân lang net
wis. Wy, myn frou en ik, hawwe der doe foar keazen in
skoft yn 't bûtenlân te wurkjen. Earst twa jier yn
Nigeria en yn 1984 haw ik foar 3 jier tekene foar in
baan yn Indonesië. Doe't myn frou swier wie fan ús
earste binne we werom gien nei Nederlân. Ik krige doe
in baan op it Hearrenfean. Sa bleaunen we foar ús
gefoel dochs noch in bytsje yn it bûtenlân. As ik soks
foar de grap ris sei yn it bywêzen fan Friezen waard my
dat net altyd yn tank ôfnommen.
Us earste bern wie swier handikapt, geastlik en fysyk.
Wy hawwe doe in swiere tiid hân. Nei har ferstjerren
wie ik bang om yn in gat te fallen, dat sadwaande socht
ik wat dêr't ik myn tiid mei folje koe. As
Bommel-leafhawwer kaam ik doe op it idee om mei in
Fryske ferzje te kommen. Yn 1993 haw ik Marten Toonder
benadere en yn 1994 lei "De Oare Wrâld" yn 'e
fitrine. De oplage fan 1000 stiks wie yn trije dagen
skjin útferkocht. It die wol bliken dat de Fryske strip
in gat yn 'e merk wie. Fan it twadde boek, 'It kwea each'
haw ik doe 2000 printsje litten. Ek dêr giene flot 1700
eksimplaren fan oer de toanbank.'
De útjeften fan Le Chat Mort binne in grut sukses. Ek
saaklik?
'It is in út 'e hân rûne hobby. Der binne minsken
dy't tinke dat ik der smoar ryk fan wurden bin, mar dat
falt ôf. Net dat der geregeld foar my yn Ketlik
kollektearre wurdt, mar ik moat al oppasse mei wat ik
doch. Guon projekten kostje gewoan jild. Mei 'Kaptein
Rob' bin ik stoppe, en 'Erik Noarman' stiet op in leech
pitsje. Nim no it 'Goalgetter-projekt'. In oplage fan
13.000 stiks sprekt fansels tige ta de ferbylding, mar
oan no ta haw ik dêr noch 'mar' 7.500 fan sliten. Op
dat projekt moat ik de earste sint winst noch meitsje.
Ik haw it gelok dat ik wat subsydzje fan de provinsje
krij. Dêrtroch bliuwe de ferkeapprizen op in akseptabel
peil. In Bommel koste yn 1994 yn 'e boekhannel | 24,95
en dy priis jildt hjoed de dei noch. Dat fyn ik
belangryk. Sa haw ik dwaande west mei 'Jan, Jans en de
kinderen'. Om dat út te jaan moat der safolle del teld
wurde foar de rjochten, dat in sljochtwei stripboek yn
'e winkel komme soe te lizzen foar mear as | 15,00. Dat
wol ik beslist net.'
Is dat ek de reden dat jo gjin oarspronklike Fryske
titels útjouwe?
'It spilet wol mei. Al moat ik earlik sizze dat it my
wol spyt dat de Koperative Utjouwerij my krekt in slach
foar wie mei 'De Lytse Prins'. Dêr komt noch by dat ik
my by de start fan 'Le Chat Mort' foarnommen haw om
benammen wat yn myn eagen klassike Nederlânske strips
binne, yn it Frysk út te jaan.'
Jo jouwe Fryske stripboeken út mar jo sels sprekke gjin
Frysk?
'Nee, Ketlik is in poer Frysk doarp. Eltsenien praat
hjir Frysk. Ik kin it lêze en skriuwe, al haw ik muoite
mei de Bommels, mei al dy troch Harke en Jarich optochte
wurden. Ek de essinsje fan in mop yn it Frysk ûntgiet
my faak. Sadree't der in twadde of tredde betsjutting
fan in wurd yn 't spul komt, moat ik ôfheakje. As ik
sels Frysk praat fyn ik it net klinken. Dêrom.'
Jo wurkje mei in fêste ploech oersetters?
'Ja, Jan van Houten docht de oersettingen fan Erik de
Noarman en Suske en Wiske. Jarich Hoekstra en Harke
Bremer nimme Bommel foar har rekken. Sy leverje ek it
wichtichste part fan it wurk. Dat der fan de acht titels
dy't troch de Fryske jeugdboekesjuery nominearre binne 6
fan Le Chat Mort binne is foar it meastepart harren
fertsjinste, in komplimint oan harren adres. Ik bin
allinne mar de regelneef, de spin yn it reach.
Bern hawwe tsjintwurdich muoite mei lêzen. Fierder as
de ûndertitels op televyzje en wat koarte teksten op
ynternet komme de measten net. Ik merk dat ek op skoalle.
As jongeren middels stripboeken it lêzen oppakke is my
dat goed genôch. It kin as opstapke tsjinje om ek ris
in oar boek te pakken. Wy wolle dat as lyts útjouwerijke
stimulearje.
Wat stiet der foar de kommende tiid op priemmen?
'Op dit stuit bin ik dwaande mei 'De Bezige Bij', oer in
twatalige Bommel. It Bommel projekt soe út tsien dielen
bestean. Dit wurdt yn dy rige de alfde. Mei Asterix rint
it spitich genôch net sa hurd. Uderzo is út ein setten
mei in nije útjouwerij. Dat betsjut dat it hiele spul
oer de rjochten wer op 'e nij begjint. Ik haw der in
swiere holle yn dat der op koarte termyn skot yn komt,
al stribje ik der nei om mei Simmer 2000 mei in nije
Asterix foar it ljocht te kommen. De oersetting leit
klear. Fierder soe ik ek graach in searje Lucky Lukes
útjaan,
mar op myn fersiken om oer de rjochten om 'e tafel te
gean, krij ik oan no ta gjin azem.'
Le Chat Mort hat takomst?
'Ik tink it wol. Wy binne sa'n bytsje de lús yn 'e pels
yn it útjouwerswrâldsje yn Fryslân. Idealiter moatte
we inoar hjir oanfolje en mekoar gjin miggen ôffange.
Ik fyn it fan belang dat it Frysk safolle mooglik
stimulearre wurdt. Gearwurking mei oaren slút ik dan ek
net op foarhân út.
Wy binne in lytsskalich bedriuwke. De stipe fan thús is
ûnmisber. De bern folje as dat nedich is ek wolris in
bestelformulier yn. We dogge it meiïnoar en dat fyn ik
prachtich. It kostet in fracht tiid mar dat fyn ik net
slim. In moai produkt stiet by my foarop. Dêr set ik my
100% foar yn. Oan 'e oare kant, as it der op oan komt,
giet it ûnderwiis foar. Dêr fertsjinje ik op 't lêst
myn brea mei, al moat ik sizze dat de RSG altyd tige
ridlik is. As der troch myn hobby ris in roaster oanpast
wurde moat, is dat nea in probleem. Jaan en nimme, dan
komme je in hiel ein.'
In echt famyljebedriuwke dus?
'Ja, en dat hat it fan it begjin ôf west, al moasten
myn húsgenoaten der yn it begjin wol wat oan wenne.
Doe't it earste boek útkaam krige myn dochter in klant
oan 'e telefoan dy't frege oft er ferbûn wie mei de
strip-útjouwerij. Se snapte der neat fan en rôp
fertwivele de keamer oer: Uitgeverij, Uitgeverij, wie is
hier in vredesnaam Uitgeverij?'
troch: Bauke Nicolaï
Mear ynformaasje oer de útjeften fan Le Chat Mort is te
finen op http://www.knoop.nl/chatmort
|