 |
It Europeesk Minderhede-hânfêst neier
besjoen
Arjen Versloot
Hilaard - Op 1 maart 1998 is it Europeesk Hânfêst foar
regionale talen of talen fan minderheden yn wurking gien.
It Hânfêst is opsteld troch de Ried fan Europa (dus
net de Europeeske Uny), dêr 't de measte Europeeske
lannen by oansletten binne. It Hânfêst wurdt op basis
fan frijwilligens troch lidsteaten ûndertekene. It Hânfêst
is in soarte fan menukaart dêr 't in steat, neffens
bepaalde spulregels, sels de mjitte fan erkenning fan in
minderheidstaal mei bepale mei. It Hânfêst slacht op lânseigen
talen, dat wol sizze, talen dy 't dêr fanâlds al praat
wurde. Talen fan ynkommelingen binne útsletten. Turks
of Arabysk falle dus net ûnder it Hânfêst. Mar de âlde
ymmigrantetalen Jiddysk en de sigeuner-talen al. Hjir is
dus de tiid fan ymmigraasje beskiedend. Dialekten fan de
lânstaal binne ek útsletten. En dat jout yn Nederlân
nochal wat betizing. Wêrom it Nedersaksysk (de
streektalen fan Eastnederlân, lykas Twentsk en Grinslânsk)
al en it Sieusk net? En it Limburchsk dan?
It Hânfêst jout de mooglikheid fan twa triemen fan
erkenning. De 'diel 2'-erkenning is de leechste trieme,
de 'diel 3' de heechste (diel 1 fan it Hânfêst
befettet in algemiene ynlieding). Diel 2 befettet in
oantal algemienheden dêr 't de Koerden yn Turkije wiis
mei wêze soene, lykas it tastean fan de taal yn publike
en privee fermiddens. Mar yn de Nederlânske kontekst, dêr
t eltsenien in taal prate mei (al wurdt dat sosjaal
faaks net altyd op priis steld, sa't wy wol
wite), in kursus jaan mei of in
taalbefoarderingsferiening oprjochtsje kin, hat dy
erkenning net it measte om 'e hakken.
Foar diel 2 binne oanmelden it Nedersaksysk, it
Limburchsk, it Jiddysk en de sigeuner-talen. Allinnich
it Frysk hat in diel-3-status.
Yn dat diel 3 stiet in ferskaat oan praktyske maatregels
dy 't in lân nimme kin om in taal te beskermjen, lykas
it jaan fan ûnderwiis yn de taal, it stypjen fan de
taal yn de media en it takennen fan rjochten oan de taal
yn it kontakt mei de
oerheid. It regear hat dêrby wol sa slûchslim west en
kies allinnich dy maatregels út dy 't dochs al besteand
belied wiene. It Hânfêst jout wat dat oanbelanget dus
gjin ekstra rjochten oan it Frysk, mar wol in ekstra
ynternasjonale boarch.
It regear hat in pear útsûnderingen makke, al kinne jo
jin ôffreegje at dat mei sin dien is of by fersin? Sa
hat Nederlân ûndertekene dat in 'oanmerklik' oanpart
fan it leger ûnderwiis yn de minderheidstaal, it Frysk,
wêze sil. Hoefolle 'oanmerklik' is, is net krekt oan te
jaan, mar it is mear as wat no oan de measte
basisskoallen gebrûklik is. De diskusje hjiroer is dan
ek noch net útiten. In oar puntsje is dat Nederlân
famyljenammen yn de minderheidstaal tastiet. Dat kêst
soe betsjutte dat jo it rjocht hawwe en lit de namme 'Sijbesma'
feroarje yn 'Sybesma', 'Zuidema' yn 'Sudema' of
'Kuipers' yn 'Kupers'. Oant no ta binne feroarings fan
famyljenammen mar hiel beheind talitten yn Nederlân (de
ferneamde 'Poepjes' gefallen) en wurdt in ferfrysking
net as jildige reden oanfurdige. Neffens de ûndertekening
fan it Hânfêst troch Nederlân soe dat oars moatte.
Op 23 febrewaris wie yn Ljouwert in kommisje fan de Ried
fan Europa. Hja holden in harksitting dêr 't partijen
dy 't by de maatregels fan it Hânfêst behelle binne
har oppenearje koene. Der wie gelegenheid jin te uterjen
oer hoe 't Nederlân him hâldt oan de maatregels dy 't
foar it Frysk ûndertekene binne. De Ried fan de Fryske
Beweging hat dêr ek by west. De Feriening foar Frysk(er)
Underwiis, ek oansletten by de Ried, hat syn sechje dien
oer de ûnderwiissitewaasje fan it Frysk. Dat is in
wichtich tema, dêr`t Nederlân boppedat syn
ferplichtings net wiermakket.
Fierders hat noch in oantal oare tema's op it aljemint
west. Wy hawwe nochris wiisd op de muoite dy 't wy hawwe
om de Fryske nammen fan doarpen, wetters en provinsje ek
praktysk ynfierd te krijen (sjoch myn artikel yn it
foarige nûmer
fan Swingel). Ek hawwe wy omtinken frege foar it feit
dat it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank op papier
tsjinwurdich dan wol aardich regele is, mar dat it Frysk
yn de praktyk mar amper brûkt wurdt. Troch de
fertsjinwurdiger fan de
notarissen waard wiisd op it feit dat it karbrief fan in
feriening of stifting perfoarst yn it Nederlânsk wêze
moat. Ek op de regels foar it brûken fan it Frysk yn it
ferkear tusken boarger en oerheid wie noch al it ien en
oar oan te merken.
Fertsjinwurdigers fan de Fryske Rie, dy 't him ynset
foar kontakten fan ús Fryslân mei East- en Noard-Fryslân
hawwe de kommisje noch ferdútst dat Nederlân de
beskieden jildlike stipe oan de Fryske Rie ynlutsen hat
yn itselde jier dat it Hânfêst oannaam waard. In fraai
stikje minderhedebelied!
De kommisje hat it allegear mei niget oanheard. Wy
stelle ús net foar dat soks fuort de oare deis fertuten
docht. Oer it ginneraal sille wy it ha moatte fan de
oanhâldende diskusje mei de oerheid. Nederlân sil it
no ienkear ferfelend fine om op 'e fingers tikke te
wurden troch de Ried fan Europa. It is oanhâlden as
storein.
Arjen Versloot
|