Navigaasje
Swingel Online   Swingel 2,  april 2000.
  Ynhald
 
 

Sjongend Fryslân                      Dr. Bernard Smilde 

Wy belibje in tiid fan grutte feroarings. De ôfrûne ieu hat dat sjen litten en benammen de lêste 20 jier. Dat jildt net allinne op it mêd fan 'e kompjûter. 
Men kin rêstich sizze dat der hûndert jier lyn mear songen waard, grif thús en op it wurk, sa sûnder euvelmoed. Dat dogge no suver bern allinne noch mar. Alderen brûke de stimbannen praktysk allinne noch by it sjongen yn tsjerke (foar safier't se dêr komme) of yn in gjalp by it fuotbaljen. Fan datoangeande hawwe radio, grammofoan, CD-spylder en TV hiel wat selswurksumheid ynkoarte.
Yn organisearre ferbân spylje noch altyd de sjongkoaren in wichtige rol. Foar 1850 wiene dat inkeld mar ris besteande ferienings; meast waarden se doe foar bepaalde gelegenheden byinoar roppen. 1880-1920 is de tiid dat elk plak syn eigen sjongferiening krijt en dat koaren har yn provinsjale en lanlike organisaasjes sterk meitsje. Dy ûntjouwing duorret oant sawat 1950, 1960. Dêrnei ferlieze guon koaren leden (emigraasje!) of krije lêst fan fergrizing, navenant mear as muzykkorpsen; dy dogge trochstrings ek mear oan muzikale foarming fan har leden, teoretysk en praktysk. Likegoed leit it tal sjongkoaren yn Fryslân noch altyd tusken de 200 en 300.
Dêrby komt dat der no mear belangstelling is foar spesjalisaasje nei sjenre en/of kwaliteit. Lytsere selekte koaren dogge in berop op goede krêften, dy't wat mear mânsk binne en muzyk fan heger nivo bringe kinne. De ferfiersmooglikheden meitsje ek dat men net mear ta eigen plak of doarp beheind is. Der komme gospelkoaren, shantykoaren, spesiale jongerein- en ek âlderein koaren.

Plak fan it Frysk.
Men kin grif sizze dat yn 'e 20e ieu it plak fan it Frysk yn it sjongen grutter wurden is. Sûnt 1876 ferskynde it Frysk Lieteboek en sûnt 1886 it Nij Frysk Lieteboek mei yn haadsaak koarlieten. Yn hoefier dy boeken troch koaren oantúgd en brûkt binne, is min te achterheljen. Dat jildt fansels ek fan in boekje as 'Fryslân Sjongt', dat sûnt 1943 mar leafst tsien printingen belibbe hat. Net lyts is ek de oplaach fan it 'Lieteboek foar de tsjerken' dêr't sûnt 1977 mear as 20.000 eksimplaren fan ferkocht binne. Dêr komt noch by dat yn gemeenten dêr't ynsidinteel Fryske tsjinsten hâlden wurde, almeast stinsele of fotokopiearre sjongbledsjes makke wurde.
Ek op it mêd fan 'e lichtere muzyk begjint it Frysk stadichoan in wichtich plak yn te nimmen. Tetman de Vries hie al foar in trochbraak soarge, dêr't oaren fierder op trochgean koenen. Sûnder oaren te koart te dwaan, moat hjir de namme wol neamd wurde fan Roel Slofstra dy't net allinne troch persoanlik optreden, mar ek troch LP's en CD's as sjongende en himsels begelieden chansonnier grutte bekendheid krige. Yn 'e santiger jierren slacht it Frysk oan op it mêd fan folk en nei 1980 ek by de popsjongers. Mei rjocht en reden jout it yn 1996 ferskynde 'Muzyk yn Fryslân' yn in grut haadstik dêr rom omtinken oan.

Utjeften
Sil muzyk ûnder de minsken komme, dan moat dy him ek ûntwikkelje. Ik neamde al guon lieteboeken út 'e 19e en 20e ieu. De sjongersbûnen hawwe der harres ta dien om te soargjen dat de koaren Fryske muzyk ta har foldwaan hawwe. It Bûn fan Kristlike Sjongkoaren yn Fryslân hat benammen mei it each op it saneamde 'Priissjongen' (dat sûnt 1912 alle jierren en letter om it oare jier hâlden wurdt) hiel wat útjeften ferskine litten. Letter doe't dat bûn ôfdieling wurden wie fan 'e Koninklijke Christelijke Zangersbond, waarden dy útjeften út en troch fan 'Den Haag' fersoarge. Nammerste blider mei men wêze, dat de lêste tiid yn Fryslân sels mear Fryske koarmuzyk útjûn wurdt, û.o. troch de muzykútjefte Intrada op it Hearrenfean. Tagelyk mei it ferskinen fan dit artikel, komt ek it earste dieltsje út yn in nije rige ienfâldige koarsangen: 'Sjong mei'. al is der dus de lêste jierren wol hiel wat materiaal kommen, dat wol net sizze dat it ek altyd brûkt wurdt. It hinget der in bulte fan ôf oft diriginten en bestjoersleden der omtinken oan jouwe om de mooglikheden dy't it Frysk hat, te brûken. Noch fierstentemin wurdt ynsjoen, dat it sjongen in wichtige faktor is yn it behâld fan ús taal. Yn it sjongen is de minske tagelyk lichaamlik en geastlik warber. Sjongendewei eigenet er him wurden ta en wurde dy wurden utering fan syn eigen wêzen. Ek stedsjers en Bilkers kinne yn it Frysk wat meibelibje dat harren ferriking jout. Frysk sjongen jout boppe-al Friezen mear besef fan de rykdom fan ús taal. Dêr kin yn belibbe wurde wat Gerben Brouwer sa ûnder wurden brocht hat:

Gjin sjongend folk op ierde
wurdt warleas wei.
Gean Fryslân, ta dyn dieden
en ta dyn dei.

Dr. Bernard Smilde

Fan 't hjerst Commedia dell' Arte yn 'e notaristún

Jorwert - Foar it 46e iepenloftspul yn Jorwert is op 'e nij keazen foar in Easteuropeesk stik. Fan 't hjerst bringe de Jorwerters in bewurking fan 'La Vedova Scaltra' fan Carlo Goldoni, oerset troch Jan Schotanus en mei muzyk en lieten fan Peter Sijbenga. 

Wie it yn 1999 madame Hortense mei oantinkens oan fjouwer knappe admiraals, no mei Rosaura har ferlustigje yn de oandacht fan ek fjouwer kreaze keardels. Hja is widdo en dêrtroch min ofte mear frij yn har hanneljen. Hjir is it net de famylje dy't it foar har bepaalt, se kin sels de kar meitsje. Op in fernimstige wize stelt se de fjouwer manlju op 'e proef. Jorwert-eigen wurdt it stik brocht yn in kleurryk dekor fan dûns, akrobatyk, maskerades, muzyk en spektakel. It liket derop dat it in echt Venetiaansk Karnaval wurdt yn 'e notaristún.