 |
Kolofon:
Swingel
2/2000 april 2000
Hjirûnder lyts ferskaat út nu. 2 fan Swingel
2/2000
Redaksjoneel:
Yn Swingel 1/2000 haw ik ûnder it kopke www.swalkje.frl
de ynternetsiden fan in tal willekeurige Fryske
gemeenten hifke op de mooglikheden en benammen de ûnmooglikheden
fan frije (Fryske) taalkar dêr op: Smellingerlân,
Dongeradiel en Hearrenfean. Ik haw tasein harren
reaksjes op de E-berjochten dy 't ik by harren
efterlitten haw oan jimme bekend te meitsjen. By dizzen.
Fan de gemeente Dongeradiel (noch) gjin lûd. Om 't de
Eamel dy 't ik dêr hinne stjoerd haw, wat mear formeel
fan toan en opset wie, moatte se dêr faaks wat langer
oer in reaksje stinne. Smellingerlân lit witte dat se
om pragmatyske redenen keazen hawwe foar in allinne hollânsktalige
side. Myn suggestje om yn alle gefallen in tal ûnderdielen
fan harren side ek yn it Frysk oan te bieden fersmite se
net op foarhân. Letterlik skriuwt de hear Paul Lansen,
haad fan de ôfdieling kommunikaasje: '........ Anders
is dit met het Fries. Immers een groot deel van de
Smallingerlanders spreekt Frysk. Het probleem is echter
wel, dat lang niet iedereen die Frysk spreekt, dit ook
leest. Niettemin achten wij uw suggestie om een
Friestalige samenvatting van de site te maken zinvol. We
denken daarbij (alweer vanuit pragmatische overwegingen)
aan met name die onderdelen, die niet dagelijks worden
geactualiseerd. Een en ander is overigens wel weer
afhankelijk van de te maken extra kosten.
..................'
In positive ynstek yn alle gefallen en hy slacht fierder
de spiker op 'e kop as er skriuwt dat net alle
Frysksprekkers ek Frysk lêze. Dat kin/sil allinne
feroarje as jo Frysk oanbiede.
De gemeente Hearrenfean betanket koartwei foar de
suggestje 'die zeker in overweging zal worden genomen.'
Wat dat yn berie nimmen opsmite sil..., ik bin benijd.
Yn de ôfrûne moannen binne der wer in tal Frysktalige
ynternetsiden bykommen dy 't it besjen lije kinne. Sa is
it nije literêre tydskrift foar it tredde milennium, M3
te finen op de thússide fan Eric Hoekstra. Op dy side
steane ek Shakespeare-oersettingen fan de hân fan Douwe
Kalma en mar leafst 1000 aforismen.
Ek it tydskrift 'foar Fryske striid en literatuer' Lyts
Frisia fan de Jongfryske Mienskip ferskynt sûnt koart
digitaal. Spesjaal foar leafhawwers fan Postma-kriptyk.
In absolute oanrieder is de nijsgroep Frysk. Ferskate
aktualiteiten wurde dêr troch (in noch beheind tal)
dielnimmers fan krûdich kommentaar foarsjoen. (news:alt.culture.friesland.frysk)
Oanlogge en meidwaan blinder!
Bauke Nicolaï
Kolofon
Swingel is útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging
en ferskynt 6x jiers.
Redaksje- en administraasjeadres
Ipe Brouwerssteech 8
8911 BZ Ljouwert
Email: swingel@fryskebeweging.nl en
administraasje@fryskebeweging.nl
telefoan en faks: 058-213 89 13
Meiwurkers oan dit nûmer
Hâns J. Weijer, Arjen Versloot, Hâns Noppert, Bernard
Smilde, Henk Kas, Aalsen Everts, Doutsen Dykstra Thom
Dijkstra, Clara de Boer, Sybren Posthumus, Bauke
Nicolaï.
Einredaksje
Bauke Nicolaï en Clara de Boer
Swingel ferskynt ek op ynternet
URL: www.fryskebeweging.nl/swingel
Foarmjouwing
Studio van Stralen BNO, Grins
Printer
Brouwer & Wielsma, It Hearrenfean
Advertinsjeprizen
op oanfraach
Lêsjild
ƒ 25,00 jiers
Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije Swingel
fergees yn'e bus:
Stipersjild: ƒ 45,00 jiers
Jongerein oant 25 jier ƒ 25,00 jiers
Losse nûmers: ƒ 4,50
Swingel wurdt útjûn mei stipe fan de provinsje
Fryslân.
Lêzers-reaksjes
Under it kopke Re-aktyf komt (as der bydragen by de
redaksje ynkomme) mei yngong fan Swingel 3/2000 in
rubryk dêr 't jo as lêzer op 'e tekst kinne. De
spulregels: op syn meast 200 wurden; stikken wurde ûnder
namme publisearre. Oanleverje: op skiif of fia Email (swingel@fryskebeweging.nl)
As it wier net oars kin: typt mei rigelôfstân twa. De
redaksje hat it lêste wurd oer it al as net pleatsen
fan lêzersbydragen.
Fan 't hjerst Commedia dell' Arte yn 'e notaristún
Jorwert - Foar it 46e iepenloftspul yn Jorwert is op 'e
nij keazen foar in Easteuropeesk stik. Fan 't hjerst
bringe de Jorwerters in bewurking fan 'La Vedova Scaltra'
fan Carlo Goldoni, oerset troch Jan Schotanus en mei
muzyk en lieten fan Peter Sijbenga.
Wie it yn 1999 madame Hortense mei oantinkens oan
fjouwer knappe admiraals, no mei Rosaura har ferlustigje
yn de oandacht fan ek fjouwer kreaze keardels. Hja is
widdo en dêrtroch min ofte mear frij yn har hanneljen.
Hjir is it net de famylje dy't it foar har bepaalt, se
kin sels de kar meitsje. Op in fernimstige wize stelt se
de fjouwer manlju op 'e proef. Jorwert-eigen wurdt it
stik brocht yn in kleurryk dekor fan dûns, akrobatyk,
maskerades, muzyk en spektakel. It liket derop dat it in
echt Venetiaansk Karnaval wurdt yn 'e notaristún.
It literêre lânskip fan Durk van der Ploeg
Ljouwert - Oant en mei 31 maaie is yn it FLMD te
Ljouwert in útstalling te besjen oer de Fryske skriuwer
Durk van der Ploeg. Oanlieding ta de útstalling is it
ferskinen fan syn 13de roman, It wurk fan 'e duvel, yn
febrewaris 2000. Dêrnjonken publisearre de auteur
novelles, ferhalen, dichtbondels, essays en skôgings.
Boppedat hopet Van der Ploeg yn septimber fan dit jier
syn 70ste jierdei te fieren.
Tsien jier lyn, doe't Durk van der Ploeg 60 waard, hat
it FLMD yn syn wenplak Feanwâlden in útstalling
ynrjochte ûnder de titel `Durk van der Ploeg - Libben
en Wurk', dizze kear hawwe de gearstallers it wurk noch
wat mear sintraal steld en benammen besocht in byld te
jaan fan Van der Ploeg syn wize fan wurkjen. De
ferbylding fan de werklikheid yn roman en ferhaal, dêr
giet it him om. Hy wol de werklikheid sjen litte troch
syn fertelling en sadwaande de ferbyldingskrêft fan de
lêzer oproppe, sadat dy aan krijt fan in bestean op in
oar nivo. De lêzer moat meifierd wurde yn in oar
fermidden, in oare tiid, oare libbensomstannichheden, in
oar libben. De suggestje moat sa sterk wêze, dat it
ferhaal as werklikheid op de lêzer oerkomt. Hoe kin in
skriuwer dat berikke? `Ik stribje dernei om fiktyf te
dokumintearjen,' hat Van der Ploeg alris sein yn in
fraachpetear. Hy skept op basis fan al dan net
histoaryske feiten in nije gearhing.It lânskip spilet
yn al it wurk fan Van der Ploeg in grutte rol, likegoed
as de klimatologyske omstannichheden. As gjin oar wit er
de kealens fan it iepen fjild op te roppen, de wredens
fan in hjerstbui oer it waad. Benammen yn syn saneamde `Dongeradielsyklus',
fjouwer romans dy't situearre binne yn de omkriten fan
Dokkum, drage de beskriuwingen fan lânskip en
waarsomstannichheden tige by oan de sfear fan útsichtleaze
ienlikens dy't gauris om syn personaazjes hinne hinget.
Yn de útstalling wurde oan de hân fan in tal
foarbylden feit en fiksje by elkoar brocht. Fierder jout
de eksposysje in byld fan it totale oeuvre fan dizze
warbere en - nei't it wol liket - hyltyd produktivere
auteur, dy't û.o. ek as tydskriftredakteur, sjuerylid,
foarsitter fan it Skriuwersboun, ûntwerper fan
boekomslaggen en gelegenheidsdichter tige syn
fertsjinste hat foar de Fryske skriuwerij yn de wiidste
omfieming.
By gelegenheid fan de iepening fan de útstalling hat it
FLMD in literêre poster útbrocht oer Durk van der
Ploeg. Dat is nûmer 25 yn de rige `Papieren útstallingen'.
boarne: FLMD
Op 12 maaie iepening Jabikspaad
Jirnsum - Sûnt de iepenstelling yn 'e simmer fan 1998
fan it earste part fan it Jabikspaad troch it Bildt, hat
de Stifting Jabikspaad Fryslân dwaande west mei it
trochlûken fan dit paad oant Noardwest-oerisel. It
Jabikspaad is it Fryske part fan de pylgerrûte nei
Santiago de Compostela yn noardwest Spanje. Santiago de
Compostela wie al foar de midsieuwen ien fan de
bekendste beafeartsoarden. Histoaryske rûtes lykas it
Jabikspaad komme de lêste tiid mear en mear yn 'e
belangstelling fan moderne 'pylgers'. De motiven om de rûtes
te folgjen, binne tsjintwurdich lykwols faker sportive
en rekreative as religieuze. Wol docht bliken dat sa'n
pylgerrûte gâns belangstelling foar it streek-eigene,
de histoarje en kultuer los makket.
It bestjoer fan de Stifting Jabikspaad Fryslân hat yn
gearwurking mei tal fan frijwilligers de rûte oant
Hasselt fêststeld. Dêr slút it trajekt oan op de
'Hanzestedenroute' . Yn East- en Súdnederlân binne
groepen dwaande oansluting te jaan op it Europeeske
netwurk. De ôfstân Sint Jabik - Hasselt is 131
kilometer, rûchwei in tweintichste part fan de ôfstân
Sint Jabik - Santiago de Compostela. De fytsrûte folget
safolle mooglik de histoaryske paden. Foar de kuierrûte
is besocht drokke ferkearsdiken te mijen.
Fan Sint Jabik nei Jirnsum kin der keazen wurde tusken
twa rûtes: in westlike fariant oer Frjentsjer en in
eastlike oer Swarte Hoarne en Ljouwert. Nei Jirnsum giet
de rûte oer Aldeboarn nei it Hearrenfean. Dêr geane de
fyts- en kuierrûte útinoar. Fytsers geane fia Aldskoat,
Wolvegea, De Blesse Stienwyk, Giethoarn en Swartslús
nei Hasselt. Te gean giet it paad oer Mildaam, Wolvegea,
Oldemarkt, Bloksyl en Genemuiden nei Hasselt.
Ta gelegenheid fan de iepening fan it Jabikspaad yn
Fryslân komt yn De Groate Kerk yn Sint Jabik in
foto-tentoanstelling fan de Frânske fotograaf Michiel
Wasilefski. Dy hat de rûte nei Santiago de Compostela
yn 148 prachtige kleurefoto's fêstlein. Yn Jorwert sil
Peter Vermaat in pylgerferhaal fertelle en op 'e grins
tusken Weststellingwerf en Ysselham by de Driewegsluis
sil in nije oerset yn gebrûk nommen wurde.
Krite Snits pakt út mei Iepenloftspektakel
Snits - It Frysk Selskip 'Krite Snits' fiert fan 7 o/m
14 july yn it ramt fan it 150 (!) jierrich bestean in
Iepenloftspektakel op dêr't neffens harren noch lang
oer neipraat wurde sil. De saken wurde grut oanpakt. Mar
leafst 150 minsken sille meidwaan oan it histoarysk
kostúmstik,
dat spilet yn 'e tiid fan de Frânske oerhearsking. It
stik, dat skreaun is troch Bertus Klazinga, hat as titel
'Goudsjeblom en Poddekrûd' meikrigen en hannelet oer de
striid tusken de Prinsgesinden (Goudsjeblommen) en de
Patriotten (Poddekrûd). Yn it hiele lân wie der
reboelje en opskuor doe't de Frânske soldaten hjir de
macht oernamen en Prins Willem nei Ingelân ta flechte:
boargemasters hiene neat mear te sizzen, sels yn Snits
net.....
It spektakel sil plakfine op en om de Wetterpoarte en it
wetter fan de Kolk, wêrby't publyk op pontons komt te
sitten.
Riedswurk
Op Priemmen
24 april Aaipop Nijlân
12 maaie Liet 2000 yn de Harmony te Ljouwert
12 maaie Iepening Jabikspaad
12 maaie Soasjûn Eftrije oer de relaasje
Europa-Fryslân. sprekker: Roel Falkena. Plak: kafee It Anker.
Oanfang:
19.30 oere
20 maaie Gala FFJ Bernlef y.f.m. 75-jierrich bestean
yn it Stêdsparkpaviljoen, Grins
26 maaie Riedsgearkomste, jûns om healwei achten op 'e
boppeseal fan Café Wouters te Ljouwert. (foar it NS
stasjon oer)
Sprekker: De hear Piet Vellinga, direkteur fan de
Stifting Doarp en Bedriuw.
2 juny Jûns om 20.00 oere: kursus dichtsjen yn it Frysk
en it Liwadders mei Anne Feddema yn Hotel Kafee it
Anker, Iewâl 73-77 te Ljouwert. Organisaasje: Eftrije (tagong:
foar net-leden ( 5,00)
1/22 july Simmer 2000
2/29 july Minority Course fan Deenske Folkshegeskoalle
Højskolen Østersøen.
7 july Première iepenloftspektakel 'Goudsjeblom en
Poddekrûd' troch de Krite Snits.
30 augustus Première Iepenloftspul Jorwert
3 septimber Stinzefeest yn de Koperen Tún te Ljouwert
mei diner
en reuny fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings.
13 oktober Riedsgearkomste, jûns om healwei achten op
'e boppeseal fan Café Wouters te Ljouwert. (foar it NS
stasjon oer)
De spyllist fan de by it Boun fan Fryske
Toanielselskippen oansletten ferieningen is te finen op
www.fryskebeweging.nl
Dêr fine jo ek de measte aktiviteiten fan de Fryske
Kriten om Utens. (kopke: Op Priemmen)
Undersyk ûnder Fryske emigranten fier om utens
Ljouwert - Sûnt ein ferline jier hâlde de Fryske
Akademy en de Ryksuniversiteit Grins (fakgroep
Psychology) in grutskalich wittenskiplik ûndersyk ûnder
Fryske emigranten fier om utens. It ûndersyk wurdt útfierd
yn it kader fan de yn july te hâlden manifestaasje
Simmer 2000. De Ljouwerter Krante hat foar dit ûndersyk
har adressebestân beskikber steld. Tusken Kryst en Ald
en Nij 1999 binne krap 6.500 fragelisten tastjoerd oan lânferhuzers
in 65 lannen.
Undersiker frou G.E.Bakker dy't as wittenskiplik
assistint oan de Fryske Akademy ferbûn is leit út wat
it doel is fan it ûndersyk: 'De fragelist wurdt ynfolle
troch Fryske emigranten dy't selsstannich of as bern mei
harren âlders út Fryslân wei gien binne en harren
neiteam. Ek Friezen dy't nei oare oarden gien binne mei
it idee om oer net al te lange tiid werom te gean nei
Fryslân wolle wy graach yn it ûndersyk belûke.'
Healwei maart wiene der sa'n 1000 ynfolle
frageformulieren weromstjoerd. De ûndersikers hoopje
tidens Simmer 2000 foarriedige resultaten fan it ûndersyk
bekend te meitsjen.
Histoarje Frysk yn it offisjeel ferkear no op it
ynternet.
De ynternetside fan de Ried fan de Fryske Beweging is op
'e nij útwreide, diskear mei in oersjoch fan de
histoarje fan it plak fan it Frysk yn it offisjele
ferkear. It stik is skreaun troch Rindert Straatsma. It
stik in weardefolle oanfolling op besteande
dokumintaasje en ynformaasje oer it ûnderwerp. Beskikke
jo net oer ynternet, mar binne jo wol nijsgjirrich nei
de ynhâld, stjoer dan in brievekaart nei it
kantoaradres of sprek eefkes yn op it antwurd-apparaat,
dan krije jo dy thússtjoerd.
Nij adres Eftrije
Eftrije hat in nij korrespondinsje-adres: Ibisstrjitte
35, 8916 BH Ljouwert. It nije adres jildt ek foar de
Stifting Fryske Klub Ljouwert. It telefoannûmer is net
wizige:
058-2884700.
Fan it bestjoer
* Wy binne bliid dat wy de hearen Gerben Poortinga en
Arjen Versloot ree fûn hawwe in sit yn it bestjoer te
nimmen. Arjen Versloot nimt it skriuwerskip op him.
* Wy binne, yn oparbeidzjen mei FYK, yn petear mei it
bestjoer fan Doarpsbelang Winsum oer de organisaasje fan
in Fryske Dei yn dat doarp. As foarriedige datum dêrfoar
stiet 4 novimber.
It program foar dy dei stiet noch net fêst, mar it sil
yn alle gefallen swinge dat it in aard hat.
* Foar de Ragnarockkommisje sykje wy ien (f/m) dy't de
karre lûke wol. Siebren Marten de Boer dy't it projekt
jierrenlang foar it grutste part foar syn rekken nommen
hat, is dêr net mear beskikber foar. Dus, asto sin hast
oan it organisearjen fan in spetterjend popspektakel,
nim dan kontakt op mei it bestjoer. It draaiboek leit
klear, it budzjet ek en ferskate Fryske groepen wolle
harren graach op Ragnarock manifestearje!
* Swingel slacht knap oan. De reaksjes op it earste nûmer
binne oer it generaal posityf. Ek is der al in moai
espeltsje nije lêzers bykommen. Asto sa út en troch in
bydrage leverje wolst, nim dan eefkes kontakt op mei
Bauke Nicolaï, telefoan 0566-602 197, Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|