 |
Frysk Damjen: Oer reade bollen, swarte
en wite wolven.
Mei Simmer 2000 kaam in Fryske sport dêr 't we oars net
sa'n soad fan hearre yn it nijs. De twakamp tusken de 'gewoane'
dammer Harm Wiersma en mearfâldich kampioen yn it Frysk
spul en âld foarsitter fan it Dambûn Frysk Spul,
Marten Walinga, luts op mear as ien menier de oandacht.
In fynst fansels om in wrâldferneamd dammer as Wiersma
te skaken foar in potsje damjen Frysk spul. Troch de
partij te keppeljen oan de Slachte Marathon en te
spyljen op in alderferskuorrend grut 'boerd' mei
Keunstkij as houtsjes wiene Marten en Harm wis fan knap
wat publisiteit. De Samaranch fan de Slachte Marathon,
Peter Karstkarel, die der nochris in skepke boppe-op
troch in flok út te sprekken oer de reklame foar in
oppepdrankje dy 't by de partij makke waard.
Resumearjend: in grutte namme, in unyk toaniel en ek
noch in lyts skandaaltsje op 'e keap ta. Mear hie Marten
Walinga him net winskje kinnen. In lytse sport lykas it
Frysk Damjen kin ek wol in triuwke yn 'e rêch brûke.
Foar dammers dy 't der nocht oan hawwe om it Frysk spul
ris te probearjen folgje hjirûnder de spulrigels.
1 |
Lis it boerd sa, dat
it fjild loftsûnder donker is. Der wurdt op 'e
donkere fjilden spile. |
2 |
Wyt begjint. |
3 |
In houtsje mei 1
fjild skean foarút skood wurde. |
4 |
In houtsje mei foarút
likegoed as efterút slaan yn 8 rjochtings(dus ek
horizontaal en fertikaal). |
5 |
In houtsje dat op 'e
daamline komt wurdt in wolf (daam), op sa'n
houtsje wurdt in oar houtsje setten.(Tink derom:
as in houtsje by in slach oer de daamline komt,
dan bliuwt it in houtsje). |
6 |
In wolf mei skean
foarút en skean efterút skood wurde safier as
dat mooglik is. |
7 |
Mei in wolf mei mar
trije kear efterinoar skood wurde, dêrnei moat er
frij makke wurde troch in slach(eventúeel mei
deselde wolf) of in set fan in oare wolf of in
houtsje. Dizze beheining ferfalt wannear't ien
inkeld mar wolven hat. |
8 |
In wolf mei slaan yn
8 rjochtings (ek de wolf mei horizontaal en
fertikaal slaan). De wolf(daam) hoecht net lyk
efter in sleine stik delset te wurden. |
9 |
Slaan is ferplichte. |
10 |
Mearslach giet
foar. Twa houtsje hawwe mear wearde as ien wolf.
Ien houtsje hat minder wearde as ien wolf. |
11 |
Daamslach giet foar.
Kinne in wolf en in houtsje in like grutte wearde
slaan, dan giet de wolfslach foar, oars giet
mearslach foar. |
12 |
Pas nei de slach
wurde de sleine stikken fan it boerd krigen. |
13 |
By it slaan mei ien
wol faker as ien kear oer itselde fjild komme, mar
net faker as ien kear oer it selde stik. |
14 |
Oanreitsje is sette. |
15 |
As ien spiler 2
wolven hat en syn tsjinstanner hat 1 wolf, dan hat
de spiler mei 2 wolven 7 setten om de partij út
te meitsjen, oars is it kamp. |
16 |
As in spiler it net
mear winne kin is de partij kamp (elk ien wolf). |
17 |
De partij is wûn as
de tsjinstanner gjin stikken mear oer hat of fêst
stiet. |
In soad sukses!
Foto "Damboerd" (foto Hâns Noppert)
Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|