Navigaasje
Swingel Online   Swingel 3,  2000
  Ynhald
 
 

It Frysk, de Nederlânske streektalen en it Nederlânsk

Arjen Versloot

Yn Fryslân wite wy dat Nederlân in meartalich lân is. Nêst it Frysk, it Nederlânsk en de talen fan
allochtoanen besteane ek de streektalen, dy't taalkundich soms al en soms net ta it Nederlânsk rekkene
wurde kinne. Nederlân hat yn it ramt fan it Europeesk Minderhedehânfêst nêst it Frysk ek it Nedersaksysk,
Limburchsk, Jiddysk en sigeunertalen erkend. Dy lêste twa binne net-regiobûne talen en lykje wat sosjale
struktuer oanbelanget mear op de moderne ymmigrantetalen. Yn dit stikje wol ik besykje in byld te jaan
fan de getalsmjittige ferhâldings tusken de -ûnderskate groepen.

Oer it oantal net-Nederlânsktaligen ûnder de allochtoanen binne gjin krekte sifers foarhannen. Jo moatte
rekkenje dat groepen as Surinamers en Yndyske Nederlanners faak Nederlânsk as hústaal hawwe. Fierders is
de groep Europeeske allochtoanen, lykas Britten en Dútsers mar ek Flamingen, like grut as it oantal net-
Europeanen. Ik hâld hjir no mar 1 miljoen net- nederlânsktalige allochtoanen oan. Dat is in foech 6% fan
de ynwenners fan Nederlân.

Oer it oantal Frysktaligen binne wy goed ynformearre troch ûndersiken fan de Fryske Akademy út 1980 en
1994. It frijwat konstante byld dat dêrút ûntstiet, wurdt befêstige troch oare enkêtes en dielûndersiken.
Mei sa'n 55% fan de ynwenners fan Fryslân dy't it Frysk as memmetaal hawwe, binne dat likernôch 340.000
minsken. Nim dêr noch ris wat Friezen-om-utens by, dan sitte wy op likernôch 2,5% fan de Nederlanners:
net echt in soad.

Oer de Nederlânske streektalen hearre wy minder opteine ferhalen. Mar hoe't it lân der no feitlik hinne
leit, is by net goed bekend. Dêrom fyn ik it tige nijsgjirrich doe't ik in artikel yn hannen krige dat
giet oer de fraach oft bern mei in streektaal of Frysk as memmetaal leger skoare op skoalle. In negative
ynfloed fan de net- Nederlƒnske memmetaal op skoalprestaasjes wurdt net oantoand. Mar wat my yn it artikel
benammen ynteressearre is it oersjoch fan oantallen sprekkers fan streektalen per provinsje.

It artikel jout gegevens oer hoefolle fan de bern fan groep 4 yn it jier fan -ûndersyk (1994/5, dus de
measte bern sille 1986 berne wêze) en har âlden (dy sille fan omtrint 1955 wêze) Frysk of in streektaal
prate. Ik ha de sifers yn in kaartsje werjûn. Earst it nasjonale sifer: it Frysk net meirekkene, praat
likernôch 16% fan de Nederlanners in streektaal, dêr't it Limburchsk hast de helte fan foar syn rekken
nimt.

Alles mei-inoar opteld is dus foar mear as 75% fan de ynwenners fan Nederlân it standert-Nederlânsk (of
wat dêr foar trochgean moat) de memmetaal. Dat is oan de iene kant in heech sifer, oan de oare kant tink
ik leger as party lju yn benammen de Rânestêd mûlk wol tinke. De lanlike aktive behearsking fan it
Nederlânsk sil op sa'n 97% lizze. Dy fan it Frysk op 3%.

Lit ús no ris neier sjen nei de sifers foar de streektalen (wêrûnder it Frysk). Wat opfalt, is dat by de
bern allinnich de provinsjes Fryslân en Limburch noch in foech part streektaligen kenne, al is dat by
beide ek ûnder de 50% sakke. Fierders hawwe allinnich de provinsjes Grinslân (12,1%), Drinte (19,4%) en
Seelân (14,9%) noch sifers dy't boppe de 10% útkomme. Yn alle provinsjes, útsein Fryslân en Limburch,
hawwe wy mei in grut ferfal tusken de twa generaasjes te krijen. It meast dramatysk is wat dat
oanbelanget faaks wol Drinte. Dêr leit it tal streektaligen by de âlder-generaasje op sawat itselde nivo
as by ús. Yn ien generaasje sjogge wy dêr in ferfal fan lykwols mear as 50%! Mar litte wy ússels neat wiis
meitsje. Sels yn Fryslân en Limburch hawwe wy mei in generaasjeferfal fan likernôch 20% te krijen. As
dat net op koarte termyn keard wurdt, komme ek dy streektalen yn gefaar.

Hoe sjocht de takomst der oer 25 jier út? De druk om te yntegrearjen sil meitsje dat in part fan de
allochtoanen de kommende generaasje oerskeakelje sil op Nederlânsk as hústaal. Tagelyk komme der ek
nije allochtoanen by. Al mei al sil dat persintaazje fan 6% net sa bot feroarje yn de kommende jierren. It
oantal Frysk- en streektaligen sil sakje. It Frysk giet de kommende jierren fan 2,5% nei 2%, it
Limburchsk sil op sa'n 6% útkomme. Foar de oare streektalen mei-inoar bliuwt dan noch sa'n 2% oer. Grutte
parten fan Nederlân sille dialektleas wurde. Ik tink dan oan provinsjes as Utert, Súd-Hollân en
Gelderlân. Mar ek de frije fal fan Grinslânsk of Sieusk sil min te kearen wêze. Ek dêr liket de sosjale
funksje fan de streektaal útspile. Opmerklik binne noch wol de sifers foar Noard-Hollân. Dêr skynt de
streektaal op in leech nivo wol aardich resistint mei in ferfal fan ek 'mar' 20%. Yn guon mienskippen,
lykas dy fan Marken en Volendam sil de streektalen (noch) trochlibje, mar der haw ik gjin sifers oer.

Meartalich Nederlân is in realiteit as it giet oer de memmetaal fan syn ynwenners. Mar de kommende 25
jier sil it plak fan it Nederlânsk as memmetaal allinnich mar tanimme. Ek foar it Frysk en it Limburchsk
sil de kommende generaasje de kniper op 'e skine komme.

Arjen Versloot

Email: redaksje@fryskebeweging.nl