 |
Kearndoelen Frysk yn it basisûnderwiis.
Thomas Dyksta
Op 14 maart 2000 hat de Feriening Frysk Underwiis (FFU)
yn de mande mei it Pedagogysk Wurkferbân fan de Fryske
Akademy in foarumdiskusje organisearre oer de funksje
fan de kearndoelen Frysk yn it basisûnderwiis yn ús
provinsje. It is bekend dat op de measte skoallen dizze
wetlike kearndoelen yn de praktyk fan it ûnderwiis net
helle wurde. Fraach is dan ek, hoe't soks kin en hokker
ynstânsjes no eins ferantwurdlik binne foar it
neistribjen fan dizze kearndoelen. Yn it foarumpetear
docht bliken dat fersterking fan it ûnderwiis yn it
Frysk as in goede saak sjoen wurdt , mar de mieningen
binne ferdield oer hoe't dat krekt oanpakt wurde moat.
Ek op dizze jûn wurde wy konfrontearre mei in
maatskiplike situaasje, dy't lykberjochtiging fan it
Frysk opkeart.
Kearndoelen.
Yn de jierren '90 is der op beliedsnivo in protte
omtinken foar de kwaliteit fan it (basis)ûnderwiis. Op
1-8-1993 wurde by 'Algemene Maatregel van Bestuur' de
kearndoelen ynfierd . Yn de wet op it basisûnderwiis
wurdt oanjûn, dat kearndoelen in beskriuwing jouwe fan
kwaliteiten fan learlingen op it mêd fan kennis,
ynsjoch en feardichheden. Mei opset sin beheine de
kearndoelen har ta dizze gebieten en falle nei te
stribjen hâldingen by basisskoalbern der bûten. Der
wurdt fan útgien dat dizze kearndoelen diel útmeitsje
fan de doelstellings mei it ûnderwiis fan de eigen
skoalle. De ryksoerheid wol mei de kearndoelen in
mienskiplike basis neistribje : wat bern minimaal kenne
en kinne moatte of oars sein: wat minimaal yn it
skoalprogramma oan de oarder komme moat.
De kearndoelen fan '93 binne benammen op it lêste
rjochte . De skoalle hat de plicht om yn syn programma
de kearndoelen nei te stribjen. Se jouwe rjochting oan
it learplan. Dit wol net sizze dat alle bern de
kearndoelen ek werklik berikke sille.
De twadde generaasje kearndoelen, dy fan '98 , is der
mear op rjochte dat de bern dizze doelen yn alle
gefallen op 'e ein fan de basisskoalle ek behearskje
sille. It giet der om de learlingen hifkje te kinnen.
Fan it begjin ôf oan ha dizze beide opsjes de diskusje
oer de kearndoelen ûndúdlik makke: skoaloanbod of
behearsnivo.
De kearndoelen Frysk
De kearndoelen Frysk binne spegele oan dy foar it Hollânsk.
Dit betsjut dat de bern foar beide talen itselde
minimum-nivo helje (kinne) moatte. By de kearndoelen
wurdt dus útgien fan in twatalige situaasje, dêr't
beide talen lykberjochtige yn binne. Alle fjouwer
taaldomeinen komme dan ek oan bod: ferstean, prate, lêze
en skriuwe.
De Jong en Riemersma komme yn 1994 yn harren ûndersyk
"Taalpeiling yn Fryslân" ta de konklúzje dat
sawol de Frysk- as de Hollânsktalige learlingen yn
Fryslân oan de ein fan de basisskoalle itselde nivo fan
taalbehearsking yn de earste rykstaal berikke as de oare
bern yn Nederlân. Wat de behearsking fan it Frysk
oanbelanget helje de learlingen fan beide taalgroepen yn
dat ûndersyk de kearndoelen lykwols net.
Net helber
It foechhawwend gesach fan de de feriening foar Prot.
Kristlik Underwiis yn Ljouwert/ Wurdum hat yn 1999 yn in
brief dúdlik makke dat op har skoallen - benammen de
stedsskoallen - de kearndoelen Frysk net te heljen binne
. De folgjende arguminten wurde neamd:
1. Te min tiid ;
2. Foar in protte bern is it Frysk gjin memmetaal , mar
in frjemde taal.
It Ljouwerter skoalbestjoer wol ta op in reduksje fan de
kearndoelen Frysk nei it peil sa as dat jildt foar it
Ingelsk op de basiskoalle: De bern wat fertroud meitsje
mei it Ingelsk troch wat te dwaan oan ferstean en lêzen.
Gjin twatalichheid fan lykweardigens en lykberjochtiging
dus. In gefaarlike stelling omdat it bestjoer (bewust of
net) it politike stânpunt ynnimt dat Ljouwert en Wurdum(!)
net langer twatalige mienskippen binne: behearsking fan
it Frysk is net langer nedich.
It Berie foar it Frysk hat Deputearre Steaten oer dizze
kwestje advisearre. It Berie wol fêsthâlde oan de
spegele kearndoelen Frysk as útgongspunt fan belied.
Troch it jaan fan in tydlike ûntheffing kinne de
skoallen besykje it ûnderwiis better yn oerienstimming
te bringen mei de kearndoelen. Dus der net foar wei wine,
mar emansipearje!
Dat soks dreech is hoecht hjir gjin útlis. Mar neffens
my mei in grut tal net-frysktaligen (autochtoane en
allochtoane) yn de klasse gjin argumint wêze om it
Frysk mar falle te litten. Sa gau as de bern op skoalle
komme wurkje oan it ferstean kinnen fan it Frysk en oan
in positive hâlding foar it Frysk oer.
It foarum
Wethâlder H.J. de Haan fan Ljouwert en formeel
foechhawwend gesach fan it iepenbier ûnderwiis yn de
gemeente jout op dizze jûn oan dat se mei respekt
omgean wol mei de ferskillende stânpunten. Klachten fan
âlden oer it minne Frysk hawwe har net berikt. De
learkrêften wolle wol neffens har, mar wurde
frustrearre troch de taalsituaasje yn de klassen.
Neffens har keart de wâl it skip: gjin twang!
GCO-direkteur R.Boersma fynt de spegeling fan de
kearndoelen moai, mar it is neffens him net te
realisearjen. Hy bepleitet om skoallen foar it ûnderwiis
yn it Frysk finansjeel te beleanjen as se 'wat' fan de
kearndoelen yn harren skoalplan opnommen ha en ek yn
praktyk bringe:
- 1 pompeblêd foar ferstean,
- 2 pompeblêden foar ferstean en lêzen,
- 3 pompeblêden foar ferstean , lêzen en praten en
- 4 pompeblêden foar ferstean, lêzen, praten en
skriuwen.
It útstel hâldt dus yn dat foar dit fak de
ferantwurdlikheid folslein oerdroegen wurdt oan de
skoalle. Demokratyske kontrôle wurdt ferfongen troch
sponsoring fan eigen inisjatyf.
Ynspekteur basisûnderwiis S. de Jong fynt dat it
skoaloanbod foldwaan moat oan de kearndoelen. Hy wol dat
de skoallen in differinsjearre taalbelied en
taaldidaktyk ûntwikkelje: De doelen hoege net foar alle
learlingen gelyk te wêzen.
Wa is ferantwurdlik?
Yn it Nederlânske skoalsysteem binne de skoalbestjoeren
(iepenbier en bysûnder) yn it foarste plak juridysk
ferantwurdlik foar it ûnderwiis. It ryk jout wetlike
regels foar maatskiplik ferantwurde ûnderwiis. Ek de
bysûndere skoallen falle ûnder de wetlike easken fan
it ryk as se subsydzje krije. De ynspekteur moat dat
kontrolearje foar de minister en de Twadde Keamer hat it
lêste wurd.
De provinsje hat gjin ynhâldlik foech op it mêd fan it
ûnderwiis. Wat it ûnderwiis yn it Frysk oanbelanget
binne D.S. allinne ferantwurdlik foar it ûntheffingsbelied.
Moreel binne wy as ynwenners fan dizze rjochtssteat
lykwols allegear ferantwurdlik: âlden, learkrêften,
skoalbestjoeren, ûnderwiisorganisaasjes, oerheid,
tsjerken, bedriuwen............. . Allinne nimt
eltsenien syn/har ferantwurdlikheid foar it ûnderwiis
yn it Frysk of litte wy de (kulturele) diskriminaasje
stikem syn gong gean; wetlike kearndoelen of net?
De FFU sil besykje de earstferantwurdliken hjirop oan te
sprekken.
Th. Dykstra
Foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.
N.B. As jo noch gjin lid binne ? Skriuwerskip FFU,
Pasteurwei 42, 8921 VR Ljouwert, til 058-2139235
Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|