Navigaasje
Swingel Online     nummer 3,2000  Ynhald

Swingel, 3/2000


Foto Duende

Yn dit nûmer û.o.

Side 2

Kolofon

Swingel is útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging en ferskynt 6x jiers.

Redaksje- en administraasjeadres
Ipe Brouwerssteech 8
8911 BZ Ljouwert
Email: swingel@fryskebeweging.nl en
administraasje@fryskebeweging.nl
telefoan en faks: 058-213 89 13

Meiwurkers oan dit nûmer
Hâns J. Weijer, Arjen Versloot, Hâns Noppert, Aldert Cuperus, Aalsen Everts, Doutsen Dykstra, Thom Dijkstra, Ydwine Willemsma, Tony Feitsma, Clara de Boer, Sybren Posthumus, Bauke Nicolaï, Sybren de Boer.

Foto foarside
Dûns- en muzykgroep Duende (foto Hâns Noppert)

Einredaksje
Bauke Nicolaï

Swingel ferskynt ek op ynternet
URL: www.fryskebeweging.nl/swingel

Foarmjouwing
Studio van Stralen BNO, Grins

Printer 
Brouwer & Wielsma, It Hearrenfean

Advertinsjeprizen
op oanfraach

Lêsjild
ƒ 25,00 jiers (seis nûmers)
Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije Swingel fergees yn'e bus:
Stipersjild: ƒ 45,00 jiers
Jongerein oant 25 jier ƒ 25,00 jiers
Losse nûmers: ƒ 4,50

ISSN nûmer : 

Swingel wurdt útjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


Redaksjonele column side 2


Ympresje Stinzefeest 2000

Foto 1: Bertus Mulder, ûnderskrift: Deputearre Bertus Mulder jout yn syn ferhaal oan dat it Haachske ûnbegryp oangeande it stribjen nei mear rjochten foar ús Fryske kultuer somtiden frustrearjend is.

Foto 2: In feestlike outfit heart by it Stinzefeest

Foto 3: Ald foarsitter fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings Rommert Tjeerdsma nimt in oantinken oan it 70 jierrich bestean fan de Federaasje yn ûntfangst. 




Fernijde ynternetside

It FYK hat ek in fernijde ynternetside. De pagina kin no yn it Sealterfrysk, Noardfrysk, Dútsk, Ingelsk en Frysk lêzen wurde. Op dizze pagina stiet ynformaasje oer it FYK, de kommende aktyFYKteiten en links foar oare ynternet pagina's fan jongereinferienegings yn Europa. It adres is http://www.fykside.com In moaie manier om ris wat mear oer it FYK te lêzen. 

+ it fêste ynfo-stikje FYK, FYK logo + ien as twa foto's (sûnder ûnderskrift)

Riedswurk

Op priemmen

Komt noch!

Culture Festival 2001
Wannear : 13 - 16 september 2001
Wêr : by de Baltyske See by Flensburg
Wat : In kultureel festival mei muzyk, dûns, literatuer, keunst, teater, film en nije media.
It doel is de kultueren fan de ferskate minderheden te presintearjen. It aksint sil hjirby lizze op aktuele inisjativen, om sa de gearwurking en de kommunikaasje tusken minderheden te stimulearjen.
Opjaan/Ynformaasje : Doutsen Dijkstra, tel. 058-2163099. email: doutsen@fykside.com

Nijjierssûpke

Komt noch!

Nije Riedsleden

? Lizze de Fryske taal en kultuer jo nei oan it hert?
? Wolle jo graach praktysk wat oan it behâld en fersterkjen dêrfan bydrage
? Hawwe jo gjin sin oan ferfeelsume gearkomsten?

Dan is it faaks wat en wurdt lid fan it bestjoer fan de Fryske Beweging.

Ein fan dit jier geane neffens it karbrief wer in oantal riedsleden ôf. De stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging meie har kandidaatstelle of kinne kandidaten foardrage. De karkommisje sil dy minsken dan freegje at se yndie kandidaat wêze wolle.

Wat wurdt fan jo ferwachte?

? De Riedsleden kinne meiwurkje yn ien fan de wurkgroepen fan de Ried. Wy hawwe op it stuit û.o. wurkgroepen dy't har dwaande hâlde mei:
? Frysk yn de reklame
? Sosjaal-ekonomyske ferhâldings en de Fryske kultuer
? Topografyske nammen
? Underwiis
? Kontakten mei oare minderheidsgroepen yn Europa
? ... en fierders kin elkenien dy't in goed idee hat mei in wukrgroep úteinsette.

? In pear kear yn it jier wol it deistich bestjoer wurkwinkels hâlde om oan konkrete putsjes te wurkjen
? Fansels moatte wy ien kear yn it jier de húshâldlike saken belâns.....
? En leden kinne har ek altiten oppenearje as lid fan it deistich bestjoer.

Jo fine by dit nûmer fan Swingel in list mei nammen fan alle stipers, oardere op namme en wenplak. Wy binne benijd nei jimme reaksjes.



FUEN kongres yn Ljouwert

23 oant 27 maaie 2000 wurdt yn Ljouwert it kongres holden fan de FUEN: Federal Union of European Nations, in ferbûn fan ferskate minderheidsbewegings yn Europa. De FUEN set him yn foar de fersterking fan de posysje fan de minderheidsgroepen binnen it ramt fan de demokrayske ferhâdings yn Europa. Sa'n 200 ôffurdigen út West- en East-Europa sille dy dagen yn Ljouwert yn it FEC byinoar komme om har posysje te bepraten en mienskiplike inisjativen op priemmen te setten.

De Ried stipet de FUEN by de organisaasje fan it kongres. Wy ûndersykje op it stuit de mooglikheden op yn de oanrin nei it eigentlike kongres in byienkomst fan de OSVE (Organisaasje foar Gearwurking en Feilichheid yn Europa) mei de FUEN-ôffurdigen te organisearjen.


Fear yn 'e broek...

De Ried rikt elk jier op it nijjierssûpke de 'Fear yn 'e broek' út oan ien dy't him bot ynsetten hat foar of him ûnderskieden hat op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Priiswinners fan de ôfrûne jierren binne wethâlder Arno Brok fan Ljouwert, eardere minister fan ûnderwiis Tineke Netelenbos, lid fan ús wurkgroep Topografyske Nammen Cor Jousma, plysjekommesaris Bangma, Volkskrantesjoernalist Wio Joustra.

Hawwe jo ien op it each, dy't neffens jo wol in fear yn 'e broek fertsjinnet fan de Fryske Beweging, meld dat dan efkes oan it bestjoer. Dat kin skriftlik, mar ek fia e-mail: Wa't de priis úteinlik kriget bliuwt sa lang mooglik geheim. It deistich bestjoer sil syn bêst dwaan in goede kar te meitsjen.

(Fotootsje fan 'de Fear'.)

Staveringshifker foar Word 97/200 te besetten fia ynternet
Al wat langer wie de staveringshifker foar Word 97/2000 yn 'e boekhannel en by de Fryske Akademy te keap. Dy priis bestie foar in grut part út de kosten om it programma op diskette te krijen en te fersprieden. De Fryske Akademy hat besletten om it programma ek fia harren webside oan te bieden: http://fa.knaw.nl/ftp . Oan it downloaden binne gjin kosten ferbûn. It giet om in ynpakte ferzje dy 't bestiet út in hantlieding en it staveringsprogramma setupFrysk.exe.
Pinkant detail oer de staveringshifker : it wurd 'staveringshifker' is net yn de wurdelist opnommen. 

Efterside:
Lyk as Swingel 1&2