|
Us folksliet.
Hans Weijer
Elkenien - Friezen en net-Friezen - kin
it sa stadichoan sjonge. Mar, leau it of leau it net,
guon Friezen wolle de tekst fan ús folksliet feroarje!
It is fansels wier: it is in liet dat emoasjes opropt,
men is oandien, it fibrearret yn jin en jout in grutsk
gefoel.
En dat, achte lêzer, mei net. It soe te nasjonalistysk
wêze. Der komme wurden yn foar as 'bloed' en 'grûn' .
en soks kin fansels net. Want set dy wurden mar ris yn
't Dútsk oer. Krekt, dan wurdt dat 'Blut und Boden'!
Mar wy sette dat sa net oer; wêrom soene wy? Wy hawwe
dy tinzen fan de tritiger en fjirtiger jierren der net
by.
Wy tinke deagewoan oan Fryslân en sjonge fan dat Fryslân
as it bêste lân fan ierde en meie wy soks tafallich ek
nochris miene of dreame? Krekt wat jo wolle. In
folksliet is no ienris in folksliet en gjin 'schlager'!
Dêrom feroarje? It moat net mâler!
Hâns J. Weijer
Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|