|
Ferskynd: Frieslands oudheid
Hans Weijer
Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang
fan Dr. He(rre) Halbertsma, besoarge fan prof. E.H.P.
Cordfunke en drs. Herbert Sarfatij.
It mānske, moai bylkjende, boekwurk is in yngeande
bewurking fan it proefskrift mei deselde namme dźr't
Halbertsma yn 1982 op promovearre is. De ynhāld is by
de tiid brocht troch tal fan feroarings oan te bringen,
wylst Halbertsma guon parten, benammen dy oer de
tsjerke-opgravings yn Grins, Bedum en Utert, op 'e nij
skreaun hat.
It wurk is foarsjoen fan in protte yllustraasjes en
kaartsjes, in wiidweidige bibliografy en twa wiidweidige
registers, ien op geografyske nammen en ien op
persoansnammen.
No gaadlik foar in gruttere groep fan lźzers mei niget
oan skiednis en dan benammen oan dy fan de earste 1000
jier fan it Fryske gebiet fan it Swin oant de Weser fan
de prehistoarje ōf oant yn de midsieuwen. Foar wa't
noch djipper dolle wol, sil yn de bibliografy en yn it
grutte tal noaten efteryn it boek, it paad grif witte te
finen.
Halbertsma, dy't yn 1920 yn Snits berne is, is yn 1949
yn Grins ōfstudearre yn midsieuske skiednis, mei as
byfakken argeology en Aldfrysk. Om't er de
loyaliteitsferklearring as studint net tekenje woe hat
er yn 'e oarloch skoften ūnderdūkt west.
Nei syn pensjonearring yn 1985 as ūnderdirekteur fan de
Rijksdienst voor Oudheidkundig Bodemonderzoek hat er de
bewurking fan syn proefskrift folśt oppakt. De
publikaasje fan dit boekwurk hat Halbertsma net mear
meimeitsje mocht. Hy ferstoar op 3 desimber 1998.
It boek is ferdield yn trije dielen, folge troch in
epilooch en in Ingelske gearfetting:
Diel I De Friezen in de vroeg-Romeinse tijd
Te begjinnen mei de Friezen en de Frisiavonen, komme wy
fia de Germanen, it Castellum Flevum (Velsen), de lānseigen
folken yn de delta, Drusus, de striid oan de rivier de
Eems, Corbulo, by Veritus en Malorix en harren reis nei
it Rome fan keizer Nero.
Diel II Friesland in de middeleeuwen: het deel aan deze
zijde van de (Oude) Rijn (Frisia citerior)
Nei in beskriuwing fan de sitewaasje yn de sśdlike
kuststreek mei Flamingen, Antwerpenaren, Friezen en
Sieuwen, folget it keningstiidrek mei de keningen
Aldgisl en Radbod, de striid mei de Franken om de macht,
it ferliezen, weromwinnen en śteinlik dochs kwyt
reitsjen fan dat gebiet oan de Franken en it
evangelisearjen. Fierder in wiidweidige beskriuwing fan
de ferhāldingen yn de oanswettende gebieten.
Diel III Aan de overzijde van de (Oude) Rijn, Fresia
ulterior: Friesland
Fan de grinzen fan it Frankyske Ryk, Westergoa en
Eastergoa, giet it fia Willibrord, kening Radboud,
Bonifacius, Dokkum, Willehad, Taventeri(Dimter) en
Liudger nei de bline Bernlef.
Epilooch
Dźr wurdt feitlik in gearfetsjend histoarysk oersjoch
fan de beskreaune perioade jūn.
Guon fan syn mienings binne tige nijsgjirrich, mei om't
se net troch alle deskundigen dield wurde. Halbertsma
giet der bygelyks fan śt:
* Dat Gerulf, de stamheit fan it Hollānske grevehūs,
fan Westergoa komt.
* Dat Fryslān yn dy perioade ien oaniensletten
keninkryk west hat, dat rūn fan it Swin op 'e grins mei
Belgiė oant de Weser.
* Dat in net ūnderbrutsen tradysje de prehistoaryske
'Friezen' yn West-Fryslān en it Frysk - Grinslānske
kustgebiet fia de Friezen fan Tacitus en dy fan Radboud
ferbynt mei de Friezen fan no, in tradysje droegen fan
ien trochgeande line fan - Fryske - slachten.
* Dat it beskreaune Fryske keninkryk eins as in begjin
fan de Nederlānske steat beskōge wurde kin.
Al mei al in boek, dat tige de muoite fan it lźzen
wurdich is, ynsjoch jout yn dy perioade fan de skiednis
fan Fryslān en foar in grut part ek fan it gebiet fan
it hjoeddeiske Nederlān.
Boppedat is it, mei troch alles wat de auteur der
omhinne ferteld, goed lźsber.
Fierder is it tige tagonklik makke en dźrom goed as
neislachwurk te brūken. It boek is ynbūn en fan in
prachtich omkaft foarsjoen. It formaat is 220 x 280. It
tal siden 406.
It boek waard makke yn gearwurking mei SCHI, de
Stichting Centrum Historische Instellingen mei stipe fan
in grut tal ynstellings en is śtjūn by Uitgeverij
Matrijs yn Utert. ISBN nūmer 90 5345 1676.
De priis is oant 1 july 2001 f. 69,90; dźrnei f. 79,90.
Hāns J. Weijer
Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|