Navigaasje
Swingel Online   Swingel 4,  2000
  Ynhald
  

Fryske Reklamepriis 2000

Thomas Dijkstra

ITENS - Damstra's fiskhannel yn Wâldsein is yn ien kear bekend wurden mei syn frysktalich radiospotsje: "Binne se klear? Jo kinne se sûgje!". De harkers fan Omrop Fryslân wiisden syn radioboadskip út de 5 nominearre foarbylden as de bêste oan. De grutske fiskboer koe dyselde jûns yn it gebou fan de Omrop út hannen fan reklamepriiskommisjefoarsitter Vis de publykspriis yn ûntfangst nimme. Hoe koe it ek oars; de man bea fuort dêrop de meiwurkers in protsje rikke iel oan. It wie wer safier: de útrikking fan de Fryske Reklamepriis 2000. 

Prizen
De kommisje lit it oanwizen fan de priiswinners oer oan in ynstelde ûnôfhinklike sjuery. Dy bestiet út in fjouwertal saakkkundigen. Sjueryfoarsitter is Jonkman , in taalman. Fierder ha in sit frou Wagenaar bekend fan it Stipepunt Frysk en de hearen Van der Zee , tillefyzjemakker en Dilling , reklamesjoernalist. Neffens harren hat foar it jier 2000 de spot fan "Mediamarkt" de radiopriis fertsjinne en "Fryslân Tapijt" dy foar de tillefyzje. De sjuery hat it der mar dreech mei hân , sa liet foarsitter Jonkman witte, want fakentiids moasten hja kieze tusken orizjinaliteit oan de iene kant en kwaliteit - ek mei it each op it Frysk- oan de oare kant. De priis is in stimulearringspriis foar mear frysktalige reklames op radio en tillefyzje , mar de te nominearjen spots moatte wol kwalitatyf goed wêze. Sa kin it komme dat boartlikens wolris de trochslach jûn hat.

Subsydzje
Waard de Fryske Reklamepriis de earste jierren om it jier útrikt - de lêste kear yn 1999- fan no ôf oan sil de útrikking alle jierren barre. Soks is mei mooglik makke troch in aardige finansjele ynstruier fan de provinsje Fryslân. De kommisje , in ynisjatyf fan de Ried en de Freonen fan Omrop Fryslân , hat ferline jier nammentlik subsydzje krige foar de priisútrikking yn it ramt fan de regeling Befoardering Frysk Taalgebrûk. Op 6 febrewaris 2001 binne de oarkondes foar it winnende frysktalige of meartalich Fryske radio- en tillefyzjeboadskip oerlange oan de opdrachtjouwers. Elk kriget der in bedrach fan f5000,- oan fergese útstjoerminuten op ta. In prachtige perspeksfiguraasje is der foar it reklameburo dat de spot makke hat. 
Troch dizze provinsjale subsydzje kin de wearde fan de priis oplutsen wurde fan f2500,- nei f5000,- . De kommisje is fan betinken dat, sil de priis effekt hawwe op it brûken fan it Frysk yn reklameboadskippen op radio- en tillefyzje, dan moat de priis ynhâldlik ek wat foarstelle . It moat de muoite wurdich wêze om de priis te krijen. 

Taalkar
Foardat it oan de útrikking fan de prizen ta wie krige earst prof. Marinel Gerritsen it wurd oer it ûnderwerp 'Taalkar as reklameboadskip'. Neffens dizze professor bedriuwskommunikaasjewittenskippen út Nijmegen is de taalkar yn de reklameliteratuer in fergetten haadstik. Eins wat frjemd fansels, want it brûken fan it Frysk hjirre lûkt de oandacht fan de harkers. It boadskip falt op. 
It ferstean is ek gjin probleem, omdat Omrop Fryslân in frysktalige stjoerder is en as men it Frysk net ferstean kin - en sa'n 94% fan de ynwenners fan dizze provinsje kin dit wol - dan binne der wol oare stjoerders. Dy 6 % sil wierskynlik nea op Omrop Fryslân ôfstimme.
It is ek net sa dat Ingelsktalige reklameboadskippen better te begripen binne. Yn har lêzing makke sij mei foarbylden dúdlik dat dit lang net altyd it gefal is. Der wie in grut ferskil tusken sizze dat jo it begrepen hienen en fertelle kinne wat de betsjutting fan de Ingelsktalige spot no eins wie. 
Gerritsen seach allinne beswieren troch de hege oersetkosten fan de (hollânsktalige) spots en it ûntbrekken fan goede Fryske wurden foar guon saken. Neffens my falt dit wol wat ta en as der ûnwissichheid bestiet oer de taal dan binne der ek noch de saakkundigen by de Fryske Akademy en de Afûk. It oersetten is lykwols net iens nedich as de spot daliks yn it Frysk makke wurdt. Ek foar goede 'stimmen' kinne jo by de Afûk oanklopje. 

Effekt
Soe frysktalige reklame de omset fan in bedriuw of winkel ferheegje? Damstra út Wâldsein joech it antwurd: "De lju komme út hast de hiele provinsje nei ús ta; sels út de Wâlden wei komme se hjir hinne.". Damstra Wâldsein is yn ien klap bekend en de ferkeap fart der wol by. It wurket dus wol , omdat de minsken de frysktalige reklame as eigen en dêrtroch mear fertroud belibje. Dat ek oaren soks witte die wol bliken út in tal tillefyzjefoarbylden dy't wy te sjen krigen fan reklamespots yn minderheidstalen sa as it Welsk, it Bretons en it Baskysk. Rein Tolsma fan Omrop Fryslân joech yn syn ynliedend praatsje by dit ûnderdiel in tal sifers fan it oanpart fan frysktalige spots yn it totaal fan wat by de omrop útstjoerd wurdt.
Radio: 1997 17%
1998 15%
1999 10%
2000 19% 
Fan de 159 tillevyzjekommersjals yn it jier 2000 wienen der sa'n 38 yn it Frysk . Sawat 25% dus. Al mei al in opstekker! Der sit in lichte groei yn en dat proses wol de kommisje fuortsterkje. De plannen foar de útrikking 2001 lizze al yn de weak. 

Th.Dykstra, koördinator kommisje Fryske Reklamepriis. 


Email: redaksje@fryskebeweging.nl