 |
Frysk op ynternet of internet?
Bauke
Nicolaï
De staveringshifker fan de Fryske Akademy jout
gjin útslútsel. Sawol by ynternet as internet
krij ik in read grimeltsje ûnder myn tekst. Ik brûk
beide foarmen dêrom mar wat trochinoar.
Al wer in stikje oer dat ferdealde ynternet sille
jo faaks tinke mar ik sil ek it kommende jier oanhâlde
as storein as it giet om it brûken fan it Frysk
yn in medium dat sa stadichoan alle aspekten fan
it maatskiplik libben rekket.
Tryater
Wat is der oan nijs te melden? Tryater, ien fan de
pronkjes fan ús provinsje, is on-line. Mei in
trijetalige side dy't besjen lije kin. Spitich genôch
hawwe se der foar keazen om de folseine side út
te fieren yn 'Flash', in grafyske technyk, dêr't
de lêsberens fan de teksten wat ûnder te lijen
hat. Mar fierder alle hulde foar dizze flitsende
en tige folsleine Fryske side. Www.tryater.nl is
in oanwinst.
Omrop Fryslân
De side fan Omrop Fryslân komt ek hyltyd better
út de ferve. De 'redaksje nije media' dy't
ferantwurdlik is foar sawol Omrop Fryslân
tekst-TV as www.omropfryslan.nl , docht it goed.
Op de side fan de Omrop is alle dagen mear as
oardel oere nijs fia Real Player te belústerjen.
In prachtige kâns foar Friezen (fier) om utens om
it nijs yn Fryslân in de eigen taal te folgjen.
Jo moatte wol in ridlik nije P.C. hawwe mei
audio-fasiliteiten. Koartlyn is boppedat in
diskusjefoarum oan de side taheakke dêr't
besikers har miening jaan kinne oer aktuele saken.
Gemeenten yn Fryslân
By Gemeenten yn Fryslân dringt stadichoan it
besef troch dat it meast Friezen binne dy't har
melde oan de digitale loketten. Nei Smellingerlân,
wurdt der op dit stuit wurke oan Fryske ferzjes
fan www.skarsterlan.nl, www.boarnsterhim.nl en www.wunseradiel.nl
. De Afûk, sels on-line op www.kultuerside.nl,
spilet dêryn in wichtige rol.
Fryske Skriuwers
It tal Fryske skriuwers mei in eigen ynternetside
nimt ek ta. Fia http://www.flmd.nl/auteurs.htm
hawwe jo, neist de ynformaasje dy't it FLMD jout,
ek tagong ta de privee-siden fan ûnder oaren
Albertina Soepboer, Cornelis van der Wal en Joop
Boomsma.
ANWB rûteplanner
Op ANWB-city, sa't se www.anwb.nl neame, binne se
noch net by de tiid! De rûteplanner, paadfiner
sa't jo wolle, is noch altyd net fuorre mei
offisjeel yn it Frysk fêststelde plaknammen.
Hoewol't Burgum al sûnt it midden fan de jierren
tachtich gjin Bergum mear hjit, komt de ANWB-rûteplanner
mei dizze tekst as ik it paad fan Burgum nei
Jirnsum opfreegje: "De plaats Burgum in
Nederland kan niet worden gevonden op de kaart.
Het kan zijn dat de plaatsnaam niet juist is
gespeld. Gebruik de officiële spelling van de
plaatsnaam in het betreffende land.........".
In Fries dy't him dêr earder al drok om makke hie,
stjoerde in mailtsje nei de klante-service fan de
ANWB en krige it folgjende antwurd:
"Hoewel het Fries een officieel erkende taal
is, hebben wij ervoor gekozen de namen te
gebruiken die wij in het verleden ook gebruikten,
echter begrijp ik uw vraag en wij zullen dan ook
trachten zowel de Friese als de oude namen te
gebruiken, ondanks het feit dat deze oude namen
zijn vervangen."
No, is 't net prachtich!
Bauke Nicolaï
Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|