Navigaasje
Swingel Online: FykNijs   Swingel 4,  2000
  Ynhald
 
 

FYKNijs

Krystdiner

Op 29 desimber wie it dan einliks safier: it krystdiner fan it FYK. As bestjoer woenen we ris wat oars as in nijjierssûpke. It idee fan it diner wie fan de leden út alris hearder oppere, dus wy tochten, we weagje it der op. De reaksje wie der net minder om! Sa 'n 35 minsken joegen har op, geweldich! Eva Herre wie ek mei in freondinne fanút Sealterlân.
De foarsitter hat de middeis de dei iepene mei in mearke út Itaalje. Om 16.45 ha we doe de fideo fan `"No wy" sjoen dy 't Ydwine en ik makke ha foar Omrop Fryslân fan de útwiksel mei de Sloveenske Italianen. Alles kaam wer efkes foarby: Aldfrysk sekjerinne, spierspanne en gean sa mar troch. De minsken dy 't net mei west wiene, koenen sa dochs noch efkes genietsje fan de rike skiednis fan Aldfryske tradysjes! Hjirnei is yn groepkes praat oer hoe 't it FYK no is en hoe 't se it graach yn de takomst sjen wolle. Sybren Posthumus hat hjirnei fertelt oer it Welsh hûs yn Wales. Omdat we no ûnder oaren mei it FYK dwaande binne om in Frysk hûs te krijen, koenen we sa ris hearre hoe 't sy dat oanpakt hawwe. Der is doe ek noch diskusjearre oer de needsaak fan sa 'n hûs yn Ljouwert. Yntusken hienen in oantal minsken fan it bestjoer de konklúzjes, dy 't lutsen wurde koene út wat de groepkes opskreaun hiene, op papier setten. Nei de lêzing fan Sybren is dit presintearre troch Ydwine en Tsjerk.
Nei dit alles ha we it formele gedielte ôfsluten. Om in oer of 19.00 hie doe eltsenien wol sin yn wat, dus ha we doe mei syn allen iten. It wie in rinnend buffet, iederien wie doe al gau oan 't haffeljen oan de salades en de rys, ûnder it kersljocht moat dat fansels wol lekker wêze! Nei dit alles kaam de band Ramsk yn aksje. We sieten earst al efkes te sjen, sokke grutte boksen yn sa 'n lytse romte, at dat mar goed komt! En at it goed kaam...... It wie in grut sukses. Mei it earste ferske bestoarmden de FYK´ers de lytse dûnsflier en binne der ek net wer wei west. De fokale ûndersteuning fan Ydwine hat sels noch in T-shirt foar har oplevere. Oan 't de lytse oerkes is der dus noch efkes feesten yn de lange jurken en trijedielige pakken. 
En nei middernacht de ôfwask dien te hawwen en opromme te hawwen wienen we dan dochs echt klear. (De Friezen en de Sealterfriezen blykten dit perfect dwaan te kinnen)....De dei wie slagge, oar jier mar wer!

De kommende aktiFYKteiten
We sitte as FYK seker net stil. It ôfrûne jier ha we folle aktiFYKteiten hân, mar dat hat ek wat opsmiten, ûnder oaren in soad nije leden. Wêr't we op it stuit mei dwaande binne? It Peaskekongres yn 2002 yn Grou. Dat is in grut kongres dêr't jongeren út hast alle minderheden út Europa hinne komme. De foarbereidingen binne al yn folle gang en it beloofd hiel wat moais te wurden. Wurkwinkels, útstapkes yn Fryslân, fergaderje en fansels ferskriklik folle wille mei elkoar ha. Minsken dy't earder nei sa'n kongres ta west ha, binne tekene foar it libben. Se binne hjirnei altyd sa entûsjast dat se noait wer fan dit firus ôf komme kinne. Fierder binne we dwaande om yn de hjerst in sjongkamp te organisearjen (Voices of Europe), komme de Slovenen dit jier nei Fryslân en wolle wy mei de jongeren fan it Keltysk-Frysk kamp Europa yn dizze simmer. Dit is sa in greep út de ynternasjonale projekten dy't op stapel steane. Dêrneist hawwe we fansels ek noch de aktiviteiten yn Fryslân, oftewol, it wurd wer in drok jier! 

Email: redaksje@fryskebeweging.nl