Navigaasje
Swingel Online   Swingel 4,  2000
  Ynhald
 
 

Efkes yn 'e kunde komme.

Jabik oer Jabik fan de Bij

Op trije maart 1941 bin ik yn 'e lannen tusken Bitgummole en Menaam berne. It wie doe oarloch en ús hûs stie yn de oanfleanrûte fan de fleanbasis. Us mem hat my letter wolris ferteld dat as it der yn 1944 bot om wei gong, ik wolris ûnder de tafel krûpt bin, mar neffens my ha ik der neat oan oerhâlden. Oan 'e ein fan de oarloch binne wy nei de Wâlden (Sumar) ferhuze, ús heit en mem fielden har dêr dochs better thús as op 'e Klaai, hoewol't wy letter ek noch yn Winsum en Warten wenne ha. Us heit wie by de boer, sadat wy wol gauris ferfarden. 
Myn legere skoalletiid ha ik foar it grutste part yn Bûtenpost trochbrocht. Dat wie fuort nei de oarloch. Myn earste ûnderfinings mei de skoalle (en it Hollânsk) wiene net sa botte posityf. Foar myn seisde jier hie ik eins allinne Frysk om my hinne heard (wy neamden dat doe Fries), útsein yn tsjerke, mar dêr begriep ik dochs neat fan. Op dy earste moarn yn skoalle hat juffer Goijenga sokssawat sein as: "armen over elkaar". Us mem hie my dat thús net leard. Ik begriep echt net wat dat minske woe. Hja tocht dat ik in dwersbongel wie en fûn dat se dat fuort de kop yndrukke moast. Ik krige in pear fikse tikken mei it fjouwerkante liniaaltsje op myn knokkels. As it no fan de pine kaam as fan de skrik, dat wit ik net mear, mar ik siigde der hinne. Ik tink dat de juffer wol skrokken is. Doe't ik yn de tachtiger jierren dit ferhaal fertelde op in konferinsje op Aruba dêr't se my frege hiene om in pear lêzings te hâlden oer de twataligens yn Fryslân, wie dit foar de Papiamints pratende minsken hiel werkenber. Hja kamen yn it neipetear mei gelikense ferhalen oer it tichtplakken fan 'e mûle mei plakbân as se Papiamints praten, in hiele dei mei in buordsje om 'e nekke rinne moatte, in read krúske op 'e foarholle en noch oare gekkichheden om sa gau mooglik it Papiamints út te roegjen.

No sil eltsenien tinke dat dy juffer my fuort de Fryske Beweging yn slein hat. Dat is net sa. Lyk as alle Friezen seach ik dit as in stikje dat by it libben hearde. As bern libbe ik my bûten skoaltiid út yn de "petten" fan de Bûtenpostmer Mieden of waarden wy opjage troch de boskwachter fan it Feankleaster bosk. Oer myn takomst hoegde ik net sa bot nei te tinken. Myn kammeraat woe skoalmaster wurde, dus dat boarten wy faak. Hy waard dûmny. My like automonteur wol wat. Mar doe't ik yn de seisde klasse by master Jongsma yn Driezum/Wâlterswâld siet, fûn dy dat ik net nei de ambachtskoalle moast mar nei de Mulo. Dat ha ik doe mar dien yn Dokkum. Ik ha dêr it MULO-B diploma helle en tocht dat ik dêrmei wol nei de HTS (dat hiet doe noch MTS) koe. Mar de leararen fan de MULO fûnen my tige geskikt foar de Kweekskoalle. Der wie doe krekt in aksje om mear minsken foar it ûnderwiis te lûken ûnder de kreet: "Uw toekomst voor hun toekomst". Trochleare oan 'e Kweek wie goedkeaper as oan de HTS, dat kaam harren thús ek better út want ik wie de âldste fan fiif.

De Kweekskoalle wie in hiele gesellige skoalle, as jo dat fergelykje mei de MULO. De stúdzje wie net dreech, sis mar te maklik. Ik hâlde noch trije middeis oer om by bakker Krol te suteljen, sadat ik ek noch in bûssint hie. Op de Kweekskoalle diene se ek wat oan it Frysk. By master Jongsma hiene wy ien kear yn de wike in healoerke Frysklêzen, mar omdat ik dêr middenyn fallen wie en der yn Bûtenpost neat oandien waard, hie ik der nochal muoite mei. Op 'e Kweekskoalle learden wy der net folle by. Ien kear op sneontemoarn in lesoere Frysk wie net folle. Ik ha dêr wol myn frou troffen. Se siet by my yn 'e klasse en sy hat letter MU Frysk helle.

Myn earste baan wie yn Boarnwert, in twatalige skoalle. Ik krige earst de tredde en fjirde klasse mei 21 bern. In luzelibben, mar doe't myn kollega yn tsjinst moast, krige ik ien en twa der by. Doe hie ik 48 bern. De bern yn Boarnwert wiene noflik, eins wie dy klasse ien grutte húshâlding. De bern fan de earste klasse learden it lêzen en skriuwen yn it Frysk. Op de Kweek wie amper oer it twatalig ûnderwiis praat. Us leararen wiene foar it grutste part Hollânsktalich, dy bekroaden har net sa bot om it Frysk.

In jier letter binne wy troud en nei Alkmaar ferhuze. Baukje krige in baan yn Sint Pancras en ik yn de stêd. Ik hie wer 48 bern yn de klasse mar dat wie al oar folk as yn Boarnwird. Ik ha dat earste jier wol op myn teannen rinne moatten. Fiif jier ha wy dêr wenne. In moai plak en eins woene wy dêr ek net wer wei, it foldie ús dêr skoan. Mar op in flat wenje mei in lyts jonkje, dat jo as in hûntsje útlitte moasten foldie ús net bêst. Yn dy fiif jier hie ik myn MU-A Pedagogyk helle oan de Gemeentlike Universiteit fan Amsterdam en ik wie hast klear mei MU-B oan de VU. Doe't se yn Snits in learaar fregen oan de Kweekskoalle ha ik der marris in tillefoantsje oan weage. In pear dagen letter wie ik beneamd en sa binne wy yn 1969 yn Snits bedarre. 

Miskien hat Snits wol myn grutste learskoalle west. It wie dêr de gewoante dat alle moandeitemiddeis nei de lessen in leararegearkomste wie. De iene wyks gewoane saken oer de skoalle, de oare wyks in soarte fan foarmingsbyienkomst. Wy neamden dat didaktykgearkomsten. Ien fan de leararen hâlde dan in ferhaal oer in diel fan syn fak, of wy besprutsen meiïnoar in boek of artikel. Op de Snitser skoalle sieten in pear kollega's dy't tige pro-Frysk wiene. Sy ha my de eagen iepene foar de ûndergeskikte posysje dy't it Frysk hie. Mei elkoar ha wy der yn de santiger jierren doe't ik adjunkt wurden wie en letter direkteur fan de skoalle (dy hiet doe al De Him) in echte twatalige skoalle fan te makke. Dat is ús yn de tachtiger jierren ek slagge. Oeral yn de skoalle wiene de beide talen lykweardich: yn alle lessen (net allinne by it Frysk!), yn de gearkomsten, sawol mûnling as skriftlik. 

Yn it begjin fan de santiger jierren ha ik myn stúdzje oan de Grinzer universiteit ôfsletten mei it doctoraal eksamen. Yn dy jierren wie ik bestjoerslid wurden fan it Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy, de begeliedingstsjinst dy't de twatalige skoallen stipe. Yn de tachtiger jierren bin ik foarsitter wurden fan de 4e ôfdieling (ôfdieling Frysk) fan de Provinsjale Underwiisried. Yn dyselde snuorje wie ik lid fan de PKF (Permaninte Kommisje Frysk) dy't soargje moast dat it Frysk as ferplichte fak yn de skoallen goed ferrûn. Ik ha doe ek noch in tal applikaasjekursussen jûn om ûnderwizers oan it foech foar Frysk te helpen.
Yn 1982 mocht ik in lêzing hâlde op in ynternasjonale konferinsje yn Ljouwert oer "Role and function of a teacherstrainingcollege in a bilingual situation". Ik ha dêr it ferhaal fan De Him yn Snits ferteld en de mooglikheden dy't wy foar de takomst seagen. It is dêrom tige spitich dat troch de twongen skaalfergrutting dizze skoalle ferdwine moast. Lang ha ik my der tsjin ferset om op te gean yn in grutter gehiel, mar doe't it studintetal yn de minne jierren ûnder de 200 sakke (de opheffingsnoarm wie 250) moasten wy wol belies jaan. 
Ik ha my dêrnei hielendal ynsetten foar de nijfoarme Kristlike Hegeskoalle Noard Nederlân dêr't ik yn it Kolleezje fan Bestjoer bedarre. Dat wurk ha ik mei nocht tolve jier dien. Op 1 jannewaris 2000 koe ik mei de Vut en bin no dus frijman. Neist it foarsitterskip fan it korps en Doarpsbelang yn Top&Twel bin ik op dit stuit lid fan de provinsjale kommisje foar it jier fan de talen, bestjoerslid fan de Fryske Rie, lid fan it haadbestjoer fan de FNP en bestjoerslid fan de NCReisV. Foar dy lêste organisaasje ha wy ferline jier in kampearreis troch Roemenië útsetten, dy't wy dit jier as reislieders útfiere sille.
Dernjonken bin ik mei in kollega dwaande ûndersyk te dwaan nei hâldingsferoaringen foar it Frysk oer yn it fuortset ûnderwiis. Dus "frij man", it hat der oan. 

Jaap van der Bij

Email: redaksje@fryskebeweging.nl