|
Dûbeldjerre, in spektakulêr
muzykteater.
Boarne:
Frysk Museum
NIJLAN - It muzykteater 'Dûbeldjerre', dat fan 20
oant en mei 22 april dit jier útfierd wurde sil
yn Nijlân, hat fan de Provinsje Fryslân in
subsydzje tasein krigen fan ƒ 20.000,--. Earder
al hie ek de gemeente Wymbritseradiel ƒ 10.000,-
subsydzje tasein foar dit bysûndere spektakel,
dat ûnder de ferantwurdlikheid fan de Stifting
AAIPOP holden wurde sil.
De begrutting fan Dûbeldjerre giet oer de ƒ
120.000,- hinne de dêrfan nimt AAIPOP sels ek in
grut part foar syn rekken. Foar it oare sil de
begrutting rûn makke wurde mei de kaartferkeap,
sponsoaren en subsydzjes fan oare fûnsen.
'Dûbeldjerre' is in spektakulêr muzykteater, dat
betocht is troch Pieter Stellingwerf, ûnder oaren
bekend fan SULT, en de Warkumer keunstner Henk de
Boer fan de De Paupers.
It Frysktalige stik, wêryn't teater en muzyk, mar
ek fideobylden ferwurke wurde sille, lit in
mooglike takomst sjen. Stroom is op 'e bon, de
enerzjyfoarsjenning yn hannen fan in de lytse
groepke mei oan it haad de ûnberikbere Megawatt.
De kofjesetter is it ienige elektryske apparaat
dat noch oer is en mar in pear oeren deis krije
minsken stroom levere. It hiele libben is bot
regulearre yn in soarte fa 'Big Brother-sfear' en
dat wurdt yn ien gesin bot op 'e kop set as in
omke 'fan bûten' op besite komt.
In stik dus mei in knypeach, mar miskien ek wol
mei in earnstige boaiem. Muzikaal wurdt dan ek
noch in stikje skiednis fan AAIPOP deryn ferwurke.
Ien fan de haadrollen yn 'Dûbeldjerre' is foar
Jan Tekstra, de sjonger en komponist fan Heech.
De repetysjes binne útein set en meikoarten sille
ek de earste fideo-opnamen plakfine.
De stifting AAIPOP hat Pieter Stellingwerf en Henk
de Boer de opdracht jûn dit muzykteater te
Jacobus Sibrandi Macadan yn it Frysk Museum
Ljouwert - It Frysk Museum presintearret oan 't 8
april in seleksje fan de lânskippen fan Jacobus
Sibrandi Mancadan (1602 - 1680). De wurken binne
foar in part topstikken út de eigen kolleksje en
foar part liend fan ferskate musea út binnen- en
bûtenlân. De yn Minnertsgea berne Mancadan wurdt
beskôge as grutste Fryske lânskipsskilder út de
Gouden Ieu. Fan syn libben is net in soad bekend.
Jacobus Mancadan is benammen ferneamd fanwege syn
berchlânskippen mei dêrop faak hoeders,
rotspartijen, fee en ruïnes dy 't tinken dogge
oan de Romeinske tiid..
Neist dizze Italianisearre lânskippen, skildere
Mancadan ek Skandinavyske en Nederlânske
lânskippen.
Hy brûkte dêrby meast brune, grize en giele
tinten, felle kleuren gie er út 'e wei. De
skilderijen fan Mancadan hawwe gjin hoarizon.
Oangeande de kleurstelling en komposysje fertoand
it wurk fan Mancadan in soad oerienkomsten mei dat
fan in groep keunstners dy 't yn it begjin fan de
17e ieu yn en om Haarlim aktyf wiene. By dizze
groep hearre ûnder oaren Jan van Goyen
(1596-1656) en Salamon van Ryusdaal (1603-1670)
It hat alle wierskyn dat Jacobus Sibrandi Mancadan
sels nea yn Itaalje west hat. Hy helle syn kennis
oer Itaalje dus earne oars wei. Nei alle gedachten
hat er in soad wurk sjoen fan tiidgenoaten lykas
Cornelis van Poelenburch en Bartholomeus Breenberg,
dy 't beide in tal jierren yn Itaalje wenne hawwe.
Fierder wiene der yn de 17e ieu in soad printen yn
omgong mei ôfbyldingen fan klassike ruïnes. Wat
Skandinavië oanbelanget wie Mancadan beynfloede
troch it wurk fan Allaert van Everdingen
(1621-1675), de ienige Hollânske keunstner dy 't
yn de 17e ieu in reis nei Sweden en Noarwegen
makke. By de útstalling yn it Frysk Museum binne
tal fan printen te sjen dy 't it wurk fan Mancadan
beynfloede hawwe.
Jacobus Sibrandi Mancadan wie in ryk man. Fan 1637
oan 't 1639 wie hy boargemaster fan Frjentsjer.
Syn ynkomsten krige hy benammen út ûnreplik guod.
Ut syn testamint blykt dat Macadan rûnom yn Fryslân
besittings hie.
Boarne: Frysk Museum
Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|