 |
Wat is der oan de hân mei de Bestjoersôfspraak?
Jabik van der
Bij
It hinget swier yn it krús mei de nije Bestjoersôfspraak.
Yn 1989 is de earste ôfspraak tusken it Ryk en de
provinsje Fryslân ûndertekene. It wie in earste ôfrûning
fan it rapport Fan Geunst nei Rjocht. Wat der fêstlein
waard wie noch o sa hoeden. It koste it Ryk net al te
folle jild en yn Den Haach hiene se it gefoel dat se dêrmei
ôfskiedingsgefoelens yn Fryslân de kop yndrukt hiene.
Yn 1993 kaam der in bystelling fan de ôfspraak, mar
tagelyk seach elts en ien oankommen dat yn it ramt fan
it ûndertekenjen fan it Hânfêst der in nije Bestjoersôfspraak
makke wurde moast. Doe't it Hânfêst yn 1998 yn wurking
kaam moast de âlde Bestjoersôfspraak op 'e nij oanpakt
wurde, omdat dêryn in tal bepalingen út it Hânfêst
foar Fryslân jildingskrêft krigen. Fan dat momint ôf
is der praat wurden tusken Ljouwert en Den Haach oer in
nije bestjoersôfspraak. Trije jier hat it no duorre en
út de ferhalen mei men opmeitsje dat hy no klear is
foar ûndertekening yn juny fan dit jier.
Wat my opfalt en wat ik net fan dizze tiid fyn is de
geheimsinnichheid dy't der no om dizze bestjoersôfspraak
hinget. Der is yn it ferline wolris mei organisaasjes
praat oer winsken dy't der libje en dy't eins yn de nije
bestjoersôfspraak meinommen wurde moatte soene, mar wat
der no krekt yn komt dat meie wy skynber net witte. Oan
juny ta moat it geheim bliuwe. It skynt dat de ûnderhannelings
dreech west ha en it Kolleezje fan Deputearren docht it
foarkommen dat se der hiel wat útsleept ha. Ein maaie
wurdt it resultaat yn in besletten gearkomste foarlein
oan de Steaten. Ik freegje my ôf wêrom't it noch
foarlein wurdt as der neat mear feroare wurde kin oan de
tekst omdat oars it hiele ûnderhannelings-sirkus wer op
'e nij begjint. Polityk sjoen sille de Deputearren wol
soarge ha dat in mearderheid yn de Steaten in soarte fan
mandaat oan it Kolleezje ferlient, mar wêrom is dy
poppekast nedich as de gewoane boarger der bûten litten
wurdt en net witte mei wat der bepraat wurdt? As der yn
de Steaten al minsken binne dy't wat feroare ha wolle
dan kinne se mei har opmerkings gjin kant út. It wurdt
foar kundskip oannommen. Spitich no't dit Kolleezje
krekt mikt op draachflakferbreding, sa as hja it sels
neame. Wie der dan net wat foar te sizzen west om in
soarte fan ûnderhannelingsynset mei de Fryske
organisaasjes oerien te kommen en dêrmei op stap te
gean?
Jo krije sterk it gefoel dat wy hjir yn Fryslân wer op
'e knibbels nei Den Haach ta moatte en dat de meast
normale dingen foar de helsdoarren weihelle wurde moatte.
It Kolleezje wurket der op dizze manier oan mei dat dit
soarte fan gefoelens oproppen wurde. Kinne wy hjir sels
net bepale hoe't wy mei ús taal en kultuer omspringe
wolle? Ik mei net witte wat der yn de nije bestjoersôfspraak
stiet, mar it stiet al hast fêst dat as it om it jild
giet, der wer tige knypt wurdt. Skoallen sille it Frysk
mar út de frije romte helje moatte en Omrop Fryslân
kin wol mei folle minder jild ta as lanlike stjoerders.
Soksoarte opmerkings komme al gau by jo boppe as it
gehiel mei safolle geheimsinnigens om en ta giet. Ik
krij boppedat it gefoel dat de piid der wat út is by de
Steaten. Yn de tiid fan It Tuskenrapport en Fan Geunst
nei Rjocht hiene jo it gefoel dat it de Steaten mienens
wie mei it Frysk. It is krekt as wurde se wat wurch op
it Provinsjehûs as it om it Frysk giet. Jo moatte ús
regear net te bot lêstich falle en foaral net te
drammerich wêze as it om it Frysk giet. Wy moatte it
byld oerein hâlde dat wy hjir hiel goedwollende
boargers binne en ús skikke wolle yn it lânsbestel. It
past ús net om mei de fûst op de tafel te slaan, wat
meie de minsken yn Hollân dan wol net fan ús tinke? Wy
moatte se dêr net te hurd falle want wy moatte ek noch
in sweeftrein ha en de de Langmanjilden moatte net yn
gefaar komme. Wat dat oanbelanget binne de minsken yn it
Kolleezje dochs echte Friezen, ridlike minsken dy't wol
om lyk wolle.
De Bestjoersôfspraak: in earste yndruk.
Doe't ik myn stikje "Wat is der oan de hân mei de
Bestjoersôfspraak" skreaun hie, die bliken dat se
by Omrop Fryslân wiidweidich praten oer it jild by de
Bestjoersôfspraak. My tinkt dan mei ik der ek wol wat
fan sizze. Dochs stjoert it provinsjebestjoer it stik
nei de Steaten mei de opmerking dat der oant 5 juny noch
in embargo op de tekst leit. It kolleezje fynt it
lykwols fan belang dat foar de ûndertekening de
kommisje har advys jaan kin oer de tekst. Der wurdt net
sein wat der dien wurde kin mei sa'n advys. No't ik it
dochs op de ien of oare manier yn de hannen krigen ha
wol ik net neilitte om in earste yndruk te jaan. It kin
noch krekt.
Tige steurend is de gûlderige brief dy't de amtners der
as oanbiedingsbrief by dien ha. O o wat ha se it dreech
hân dêr yn Den Haach. Gjinien hie ynteresse en se
woene eins neat. En dan ek noch sykte yn de eigen
gelederen wêrtroch it allegearre noch stadiger gong. As
provinsjebestjoer soe ik my deaskamje dat der sa'n brief
bydien wurdt. As men mei sa'n ynstelling nei Den Haach
giet dan ha jo yn elts gefal de earste slach al ferlern.
Want de slach is neffens my ferlern. Ik kom der straks
op werom as it om it jild giet.
By in earste kear trochlêzen makket it stik net in
ferkearde yndruk op jo. De taal is tige amtlik mar wa 't
dat op 'e keap tanimt hat it gefoel dat de beide
partijen it wol goed miene mei it Frysk en it fernuvert
jo sels in bytsje dat se dêr sa folle jierren foar
nedich hiene. It is hjir en dêr in lyts stapke fierder
as eardere ôfspraken en it binne gjin ierdferskowings.
De "considerans" set de toan. Der sil in
romhertich belied fierd wurde om de Fryske taal en
kultuer yn stân te hâlden en te befoarderjen. It Frysk
moat yn fergeliking mei it Hollânsk in gelikense kâns
krije om him te ûntjaan. Ryk en provinsje binne harren
bewust dat dêrta de nedige betingsten skept wurde
moatte en wolle dêrta jild beskikber stelle. Dat wie yn
de foarige ôfspraak ek al it gefal. Hjir en dêr binne
der wat nije ûnderwerpen by kommen. Sa is de
foarskoalse bernetiid foar it earst opnommen en wurdt
der wat mear sein oer it beropsûnderwiis en wurdt ek de
ûnderwiisûndersteuning neamd. Nij binne de paragrafen
oer it "economisch en sociaal leven" en
"grensoverschrijdende uitwisselingen".
De toan is dus freonlik en o sa yn 'e mjitte kommend.
Mar it giet úteinliks net om de moaie folsinnen, it
papier is wol geduldich. Hoefolle jild komt der op it
kleed om it Frysk in selde kâns as it Hollânsk te jaan?
Dan falt it bot ôf. De strukturele bijdrage fan it Ryk
bliuwt op in heal miljoen hingjen en 3,5 ton is
ynsidenteel. Dat kin dan letter sa gau mooglik wer
fuortbesunige wurde. Yn ferhâlding dêrmei taast de
provinsje dan noch djip yn 'e bûse mei har krapoan 2
miljoen. Mar dêrmei kinne jo net wat feroarje yn it ûnderwiis
fan berne-opfang oant it heger ûnderwiis en fan media
oant de kulturele foarsjennings.
In oare kear wol ik in berekkening jaan foar wat der
allinne al foar it ûnderwiis nedich wêze soe. Ik kin
my yntinke dat al dy djoere ûndertekeners yn Den Haach
(sân ministers en steatssekretarissen) har de bûsen út
skuorre doe't se de Friezen ôfsâlte hiene mei dit
foaike.
Jaap van der Bij
Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|