 |
In kwestje fan prioriteiten.
Jabik van der
Bij
Okkerdeis hat de provinsje de nota "Verrassend
Fryslân" ferskine litten. It is de beliedsnota
foar de rekreaasje en toerisme foar de kommende tsien
jier. It stik is bêst te lêzen. Der wurdt efkes werom
sjoen nei de ôfrûne tsien jier en in fysje jûn op de
takomst as it giet om it toerisme yn Fryslân. Sa kinne
jo gewaar wurde dat der 9000 arbeidsplakken binne yn de
provinsje dy't streekrjocht te meitsjen ha mei toerisme
en rekreaasje. As jo nei de kapasiteit fan de
foarsjennings sjogge dan falle dêr it tal bêden ûnder
fan de hotels, de steanplakken op de kampings, de hûskes
fan de bungalowparken, it tal lisplakken yn de
jachthavens en de boatsjeferhierderij. It tal
oernachtings yn hotels blykt de lêste tsien jier
omheech gien te wêzen krekt sa as it tal deitoeristen,
mar de besettingsgraad fan de bungalows en de
jachthavens is krekt nei ûnderen gien. Der skine ek
minder Dútsers mei fakânsje nei Fryslân te kommen.
Dat der dochs in groei west hat fan it tal
arbeidsplakken komt mei troch it "Strategisch
groeibeleid van het provinciebestuur" stelle de
makkers fan dizze beliedsnota. Ik freegje my dan altyd
ôf hoe't hja dat neigean kinne. As hja no neat dien
hiene soe de útslach dan oars west ha. It sil wol wêze
om de 40 miljoen dy't de oerheid dizze tsien jier hjir
ynpompt hat te ferantwurdzjen. Want sa leit de saak
derhinne: it bedriuwslibben hat 400 miljoen ynvestearre
en de oerheid 40 miljoen. As jo allinne nei dat
oerheidsjild sjogge dan komt dat del op rom ƒ 43.000 it
arbeidsplak. As jo de ynfestearrings fan it
bedriuwslibben der ek yn berekkenje dan komt der nochris
in nul by. De plannen foar de kommende jierren draaie om
kwaliteitsferbettering. De kapasiteit hoecht net útwreide
te wurden, mar it moat better. Der moatte 15% mear
besikers komme en dy moatte mear jild besteegje. Om dat
te berikken hat de provinsje foar de kommende tsien jier
18 miljoen efterútlein. Tagelyk rekkenje se der by de
provinsje op dat in grut part fan de 250 miljoen dy't
der foar it toerisme yn it Noarden is, nochris nei Fryslân
giet. Hoe't der nei tsien jier krekt fêststeld wurde
moat oft de kwaliteit ferbettere is moatte wy nei riede,
want de opstellers skriuwe sels dat kwaliteit net sa
goed te mjitten is. Wat de iene kwaliteit neamt wol in
oar miskien gjin bek opsette.
Wêr't it my hjir om giet is net sa sear dat ik beswier
ha tsjin toerisme. Minsken út oare streken op'e wrâld
binne hjir tige wolkom. Wy kinne alle dagen genietsje
fan dizze provinsje, dat gunne wy oaren ek. It smyt
boppedat ek noch wat op. Jo soene jo dan noch ôffreegje
kinne wat foar minsken as jo graach hjir hinne lûke
wolle. As dat minsken binne dy't each ha foar lânskip
en kultuer fan Fryslân, dan is dat poerbêst. Oan
minsken dy't hjir allinne mar komme om te feestfieren
mei in protte drank der by, dan hawwe wy dêr minder
ferlet fan. Wol freegje ik my ôf hoe kritysk as der mei
jild omsprongen wurdt. De grutte bedragen dêr't oer
praat wurdt stiet yn gjin ferhâlding ta it jild dat der
foar oare saken needsaaklik is. De problemen yn it ûnderwiis
en de sûnenssoarch binne al lang bekind. Foar in hiele
bulte oare saken dy't foar in protte minsken minder
hurde gûnen opsmite is der amper jild beskikber. De
Fryske jongereinorkesten witte hast net hoe't se de
eintsjes oan elkoar knoopje moatte troch de skiterige
subsydzje dy't har troch de provinsje taskood wurdt. De
Ried fan de Fryske Beweging moat it dwaan mei inkele
tsientallen tûzend gûne. Yn it ferline hat der in
skoftke foar in part fan de wike in betelle krêft wurk
op it buro dwaan kinnen. Dat is fourtbesunige en it wurk
moat no dien wurde troch frijwilligers en ien dei yn de
wike in betelle krêft. It wurk lit der bot ûnder en
tagelyk krije jo dan om de earen slingere dat der sa'n
bytsje fan de Ried útgiet. Sadré't oer wegen en
kanalen en yndustryterreinen giet of yn dit gefal oer it
toerisme dan fljogge de tsientallen miljoenen jo om de
earen. Faak freegje ik my ôf oft de bestjoerders wol
benul ha fan dizze grutte getallen. Is it effekt wol
evenredich oan de ynset? As jo sa'n nota lêze dan krije
jo it gefoel dat der jild genôch is. No, as dat dan sa
is dan kin der minstens in pear ton nei de Ried fan de
Fryske Beweging. Dat sil tagelyk in stimulâns en stipe
betsjutte kinne foar it kultuertoerisme dat de provinsje
propagearje wol om mear toeristen te lûken. Sa slacht
men twa miggen yn ien klap. It is mar wêr't jo de
prioriteiten lizze, seit men dan.
Jaap van der Bij
Email: redaksje@fryskebeweging.nl
|